Springe nei ynhâld

Hellboy (film út 2004)

Ut Wikipedy
Hellboy
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Guillermo del Toro
produsint Lawrence Gordon
Mike Richardson
Lloyd Levin
senario Guillermo del Toro
basearre op Hellboy fan Mike Mignola
kamerarezjy Guillermo Navarro
muzyk Marco Beltrami
filmstudio Columbia Pictures
Revolution Studios
Dark Horse Entertainment
Gordon/Levin Productions
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Ron Perlman
Selma Blair
byrollen John Hurt
Rupert Evans
Karel Roden
Jeffrey Tambor
Doug Jones
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 30 maart 2004
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 122 minuten
budget en resultaten
budget $66 miljoen
opbringst $99,8 miljoen
prizen 3 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Hellboy
● folgjend diel Hellboy II: The Golden Army

Hellboy is in Amerikaanske superheldefilm en steampunkfilm út 2004 ûnder rezjy fan Guillermo del Toro, mei yn 'e haadrollen Ron Perlman en Selma Blair. De titel betsjut "Hellejonge" en ferwiist nei de haadpersoan. It ferhaal folget de superheld Hellboy, in út 'e hel ôfkomstige, mar op 'e Ierde grutbrochte demon, wylst er de wrâld beskermet tsjin 'e troch in dûnkere god besette Grigori Raspûtin. Tusken de bedriuwen troch besiket er fierders syn grutte leafde, de paranormaal bejeftige Liz Sherman, foar him te winnen. Hellboy krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. In ferfolchfilm, Hellboy II: The Golden Army, kaam yn 2008 út.

Yn 1944 bouwe de nazys mei de help fan 'e Russyske mystikus Grigori Raspûtin in poarte nei in parallel universum op in eilân foar de kust fan Skotlân. Harren doel is om 'e Ogdru Jahad, de sân goaden fan 'e gaos, te befrijen út harren ynterstellêre finzenis, sadat dy nazy-Dútslân helpe kin om 'e Twadde Wrâldoarloch te winnen. Mei de help fan syn dissipels, de Dútske ofsieren Ilse Haupstein en Karl Ruprecht Krönen, iepenet Raspûtin de poarte.

Dr. Trevor Bruttenholm, de paranormaal adviseur fan 'e Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, hat lykwols lucht krigen fan 'e operaasje en ynfiltrearret it eilân mei in peloton soldaten fan it Amerikaanske Leger. De Amerikanen falle de nazys oan en deadzje harren, en witte de poarte te sluten. Raspûtin wurdt troch de poarte skuord nei it parallel universum, wylst Haupstein en Krönen ûntkomme. Bruttenholm en de Amerikaanske soldaten ûntdekke dat der fan 'e oare kant ôf in jonge demon troch de poarte kommen is, in readhûdich wêzen mei in sturt, ien hân fan gewoane grutte en ien hân dy't oergrut en fan stien is. Bruttenholm lokket it wêzen, dat troch de soldaten "Hellboy" ("Hellejonge") neamd wurdt, nei him ta mei iten. Hy nimt it mei werom nei de Feriene Steaten, dêr't er it grutbringt as wie it syn soan.

Sechstich jier letter besykje de ivich jong bliuwende Haupstein en de al oan it begjin fan 'e tweintichste iuw ta in meunster ferwurden Krönen in mystyk plak yn Moldaavje, dêr't se Raspûtin wer ta libben wekje mei it bloed fan harren fermoarde gids.

Om dyselde tiid hinne wurdt John T. Myers, in jonge spesjaal agint fan 'e FBI, oerpleatst nei in ekstreem geheime ôfdieling fan 'e FBI, dy't it Buro foar Paranormaal Undersyk en Ferwar (BPRD) hjit. It docht bliken dat dy oerpleatsting beävensearre is op fersyk fan 'e ûnderwilens op jierren rekke Bruttenholm, dy't nei de oarloch it BPRD oprjochte hat. De âldman is siik en fielt syn dea neieroan kommen. Hy hat dêrom Myers útsocht út in lange list mei gadingmakkers om syn plak yn te nimmen. By it BPRD yn Newark komt Myers earst yn 'e kunde mei de heldersjende amfibyske humanoïde Abe Sapien en letter ek mei Hellboy. De reade demon is no in reus fan ûnbidige krêft mei hoarnen op 'e foarholle dy't er ôfseage hat en geregeld byfilet. Hy hat in noartske manear fan omgong en in leafde foar katten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op syn earste misje beselskippet Myers Hellboy en de oare leden fan it BPRD nei in museum, dêr't in demon dy't Samael hjit, útbrutsen is út in âld hilligebyld dat hol bliek te wêzen. Abe lit Bruttenholm sjen dat de demon net út himsels ûntsnapt is, mar frijlitten is troch Raspûtin, Haupstein en Krönen. Hellboy giet de konfrontaasje mei de demon oan en nei in lange striid slagget it him om it wêzen te deadzjen. Neitiid ûntkomt Hellboy oan syn begelieders om in besyk te bringen oan it psychiatrysk sikehûs dêr't syn grutte leafde Liz Sherman, in earder lid fan it BPRD, harsels opnimme litten hat. Reden dêrfoar is har ynstabile pyrokinetyske fermogen, wêrmei't se op ûnbewekke mominten ûnbewust alles om har hinne yn 'e brân stekt. Underwilens ûntdekt Abe dat Raspûtin oan Samael it fermogen tabeskikt hat ta reynkarnaasje en ta spjalting fan himsels, sadat der eltse kear as er deade wurdt, twa fan syn aaien útkomme en yn inkele sekonden útgroeie ta nije ferzjes fan 'e demon.

It BPRD spoart de aaien op yn it rioel ûnder de metrotunnels dêr't Hellboy Samael foar de earste kear deade hat. Hellboy, Abe, Myers en ferskate FBI-aginten, ûnder wa Hellboy syn freon Clay, geane derop út om 'e aaien te ferneatigjen. Wylst Hellboy him efter ien fan 'e Samaels oan lokje lit, rekket Abe yn in derûnder strûpt diel fan it rioel ferwûne by in oanfal fan 'e oare Samael. Krönen en in Samael deadzje Clay en de measte oare FBI-mannen. Neitiid beart Krönen, waans skeinde lichem troch meganyske ûnderdielen oandreaun wurdt, dat er troch Clay ferslein wie en set er himsels út. Hy wurdt nei it haadkertier fan it BPRD brocht om ûndersocht te wurden.

Tom Manning, de tsjin demoanen (lykas Hellboy) befoaroardiele direkteur fan it BPRD, is poerrazen oer de domdrystens fan Hellboy, dy't trije spesjaal aginten it libben koste hat. Raspûtin kringt by nacht de keamer fan Liz yn it psychiatrysk sikehûs binnen en beynfloedet har ûnderbewuste om yn har sliep it sikehûs plat te brânen. De oare deis biedt Myers himsels oan om te besykjen en bepraat har om werom te kommen by it BPRD. Myers nimt Liz letter mei om in kopke kofje te drinken. Hy fielt him ta har oanlutsen, mar tagelyk besiket er in goed wurdsje foar Hellboy te dwaan. Hellboy, dy't dat net foar it ferstân hat, is jaloersk en folget it twatal temûk om te witten te kommen wat der tusken harren spilet.

Sadwaande lit er it BPRD ûnbewekke efter. Krönen reänimearret himsels en Raspûtin ferskynt yn 'e keamer fan professor Bruttenholm, oan wa't er in fizioen fan 'e takomst sjen lit dêr't út blykt dat Hellboy de ferneatiging fan 'e wrâld mooglik meitsje sil. Raspûtin freget oft Bruttenholm de wiere namme fan Hellboy witte wol, mar de professor antwurdet fan net om't er him altyd "soan" neame sil. Dêrop jout Raspûtin, nei't er seit út tankberens dat Bruttenholm Hellboy grutbrocht hat, opdracht oan Krönen om 'e eksekúsje fan 'e professor sa fluch en pineleas mooglik te meitsjen. Bruttenholm ferstjert mei syn roazekrâns yn 'e hân.

It BPRD lokalisearret it mausoleum fan Raspûtin yn in âld tsjerkhôf op it plattelân bûten Moskou. In team besteande út û.o. Hellboy, Liz en Myers giet dêrhinne om regaad te meitsjen. De operaasje stiet ûnder de persoanlike lieding fan Manning. Under it mausoleum blykt in reuseftich stelsel fan tunnels en keamers beskûl te gean, dêr't de teamleden inoar al rillegau kwytreitsje. Hellboy en Manning ûntdekke de fertrekken fan Krönen, dy't se tegearre definityf út 'e wei romje. De gearwurking smeit in bân tusken de beide mannen, dy't harren fijânskip no farre litte. Underwilens fine Myers en Liz de hoale fan Samael, dêr't no tsientallen identike demoanen omspringe. Hellboy komt harren te help, mar de nûmerike oermacht is te grut. Liz freget Myers om har te slaan, wat er mei tsjinnichheid docht. Dêrtroch slagget it har om har pyrokinetyske fermogen oan 'e gong te krijen, wêrmei't se de demoanen en alle aaien tagelyk ta jiske brânt, wylst Myers efter in rotsblok beskutting siket. Foar Hellboy, dy't fjoer net deare kin, binne Liz har fermogens ûngefaarlik.

De skokweach fan Liz har flammen is lykwols sa grut dat sy, Hellboy en Myers alle trije bewusteleas reitsje. As Myers en Hellboy wer by besleur komme, binne se finzen nommen troch Raspûtin en Haupstein. Raspûtin sûcht Liz har siel út har lichem en easket dan fan Hellboy, as er har siel weromhawwe wol, dat er in poarte iepenet dêr't de Ogdru Jahad troch op 'e Ierde komme kinne. Hellboy makket syn demoanyske krêften wekker troch syn wiere namme Anung un Rama te akseptearjen, wat derfoar soarget dat syn hoarnen útgroeie ta har folle lingte en dat der in flamme op syn holle begjint te baarnen. Hy brûkt syn stiennen hân, dy't eins in kaai is, om útein te setten mei de frijlitting fan 'e Ogdru Jahad.

Mar Myers wit ien fan syn hannen los te krijen, skeakelet Haupstein tydlik út en bringt Hellboy yn 't sin dat er him fersette kin tsjin syn lotsbestimming. Hy smyt him de roazekrâns fan professor Bruttenholm ta, en as it krúske in groede yn syn hân brânt, beseft Hellboy dat er op in ferkeard spoar rekke is. Hy brekt syn eigen hoarnen ôf en fersegelet dêrmei op 'e nij it tichthûs fan 'e Ogdru Jahad. Dêrnei brûkt er ien fan 'e ôfbrutsen hoarnen om Raspûtin mei del te stekken. Raspûtin wurdt lykwols beset troch in oktopuseftige behemot, in ôfstammeling fan 'e Ogdru Jahad, dy't op dat stuit út syn lichem barst en ta reuseftige grutte útgroeit. It meunster ferpletteret Raspûtin en Haupstein, dat se it bestjerre. Mar Hellboy manipulearret de behemot om himsels troch te slokken, yn 'e mande mei in granaatgurdle dy't troch Myers rêden is. Troch dy ôfgean te litten, ferneatiget er it meunster fan binnenút.

As er weromkomt op it plak dêr't er it lichem fan Liz ûnder beskerming fan Myers efterlitten hat, flústeret Hellboy har wat yn it ear. Fuort dêrop begjint Liz wer te sykheljen en komt se by. Se seit dat se yn it tsjuster syn stim hearde, en freget wat er sei. Hy antwurdet dat er sei: "Hee, jimme dêr oan 'e oare kant! Lit har gean, want foar har kom ik oer dêrhinne, en dan sil it jim berouje!" Dêrop wikselje Liz en Hellboy in ynlike tút út.

Ron Perlman.
Selma Blair.
John Hurt.
haadrollen
personaazje            akteur/aktrise
Hellboy Ron Perlman
Liz Sherman Selma Blair


byrollen
personaazje akteur/aktrise
professor Trevor Bruttenholm John Hurt
spesjaal agint John T. Myers Rupert Evans
Grigorij Raspûtin Karel Roden
sjef BPRD Tom Manning Jeffrey Tambor
Abe Sapien Doug Jones
(stim: David Hyde Pierce)
Ilse Haupstein Bridget Hodson
Karl Ruprecht Krönen Ladislav Beran
Samael Brian Steele
spesjaal agint Clay Corey Johnson
de jonge Trevor Bruttenholm Kevin Trainor
sersjant Whitman Angus MacInnes
korporaal Matlin Jim Howick
spesjaal agint Lime Brian Caspe
spesjaal agint Moss James Babson
spesjaal agint Quarry Stephen Fisher
generaal Klaus von Krupt William Hoyland

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hellboy waard regissearre troch Guillermo del Toro nei in senario fan himsels op basis fan 'e strips oer Hellboy fan Mike Mignola. As produsinten wiene Lawrence Gordon, Mike Richardson en Lloyd Levin by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Revolution Studios, Dark Horse Entertainment en Lawrence Gordon/Lloyd Levin Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $66 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Guillermo Navarro, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marco Beltrami.

Regisseur Guillermo del Toro.

Regisseur Guillermo del Toro hie earder mei akteur Ron Perlman gearwurke, en wist dêrom út ûnderfining dat er gaadlik wie foar de titelrol. It wichtichste kritearium wie oft er in aktearprestaasje mei subtilens en nuânse delsette koe wylst er beskûlgie ûnder in tsjûke laach make-up. David Hyde Pierce (bekend út 'e komeedzjesearje Frasier) waard oanlutsen om 'e stim fan Abe Sapien yn te sprekken, hoewol't dat personaazje fierders spile waard troch Doug Jones. Reden dêrfoar wie dat Pierce in "gruttere namme" wie as Jones en in "werkenberder stimlûd" hie. Pierce wegere lykwols in fermelding op 'e ôftiteling en woe likemin dielnimme oan parsekonferinsjes en oare promoasje fan 'e film. Hy bleau sels wei by de premiêre fan 'e film, allegearre út respekt foar Jones, waans aktearjen oars neffens Pierce ûndersnije soe.

De opnamen foar Hellboy fûnen yn it neijier fan 2003 plak. It filmskema wie tige strak, mei seis dagen yn 'e wike opnamen (moandei oant en mei sneon), wylst de sneinen brûkt waarden foar filmmontaazje. It meastepart fan 'e sênes waard opnommen yn 'e Sony Pictures Studios yn Culver City (Kalifornje), mar de sênes op it Russyske tsjerkhôf waarden filme op in echt tsjerkhôf yn it Tsjechyske Praach.

De distribúsje fan Hellboy waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures. De film gie op 30 maart 2004 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 2 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. Guon bioskopen yn fûnemintalistysk kristlike dielen fan it lân wegeren de film te fertoanen omreden fan it wurd hell ("hel") yn 'e titel. Oaren pasten de titel en it promoasjemateriaal op eigen manneboet oan ta Helloboy.

De Sony Pictures Studios yn Culver City, dêr't Hellboy foar in grut part filme waard.

Hellboy waard op 27 july 2004 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd. In director's cut fan trije skiven kaam op 19 oktober fan dat jier op dvd út. De earste blu-ray-edysje fan 'e film ferskynde op 5 juny 2007

Fan 'e filmkritisy krige Hellboy oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy hie fral bewûndering foar de aktearprestaasje fan Ron Perlman yn 'e titelrol, dêr't er oer skreau: "[…] yn Ron Perlman is in akteur fûn dy't net allinnich in superheld spilet, mar dêr ek niget oan hat […]". Yn 'e Britske krante The Guardian bekommentarisearre Peter Bradshaw it ûnhistoaryske karakter fan 'e iepeningssênes, wêryn't de nazys blykber Skotlân binnenfallen binne. Mar hy konkludearre dat de film "bizar en healwiis, romantysk en dynamysk" wie.

Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly parte oan Hellboy in 8 op in skaal fan 1 oant 10 ta. Hy skreau: "Popkulturele pretinsjes kinne net in elemintêre tsjinstelling ûngedien meitsje: dat ús held metafysysk kwea bestriidt mei klearebare, fleizige spierkrêft. Hellboy is ûnderhâldend, mar der sit folle mear 'jonge' yn as 'hel'." Yn 'e krante USA Today wie Claudia Puig net botte fan 'e film ûnder de yndruk. Hja skreau: "De special effects yn Hellboy biede net folle nijs, oan 'e fiersochte plot koe noch wol wat byskaafd wurde en der sit mear as genôch yn dat planút nearne op slacht. Dyjingen dy't net op 'e hichte binne fan 'e strip, soene skoan ris ferbjustere en harsenskraabjend de bioskoop ferlitte kinne."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Hellboy in heech goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 204 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei fernimstigens, humor en de fantasyske bylden fan Guillermo del Toro oerstiget it fermaaklike Hellboy it ôflate aard fan it sjenre." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Hellboy in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 37 resinsjes.

Hellboy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $59,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $40,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $99,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $66 miljoen betsjut dat in winst fan $33,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

By de Saturn Awards waard Hellboy nominearre foar prizen yn fjouwer kategoryen. De film wûn de prizen foar bêste fantasyfilm, bêste spesjale dvd-publikaasje en bêste fisazjy.

Ferfolchfilm en reboot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In folgjende film oer Hellboy kaam yn 2008 út ûnder de titel Hellboy II: The Golden Army. Dy waard produsearre troch Universal Pictures ynstee fan Columbia Pictures. In trêde film om 'e trilogy kompleet te meitsjen waard anno 2020 noch altyd oer praat, mar it is der noch net fan kommen. Wol kaam der yn 2019 in reboot fan 'e rige út, dy't wer Hellboy hiet. Dêryn waard de titelrol spile troch David Harbour.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.