Springe nei ynhâld

Grutte Sû-Oarloch fan 1876

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grutte Sû-oarloch fan 1876)
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
(ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen)

De Slach oan de Little Bighorn.
datum: 18761877
plak: Montana, de Dakota's en Wyoming
útkomst: definitive nederlaach fan 'e Flakte-Yndianen
konfliktpartijen
Lakota
Noardlike Sjajinnen
Noardlike Arapaho
Westlike Dakota
Eastlike Dakota
Feriene Steaten
Arikara
Krieën
Pâny
Sjosjoanen
befelhawwers
Sittende Bolle
Mâl Hynder
Gal
Stomp Mês
Lytse Wolf
John Grass
Amerikaansk Hynder
Twa Moannen
Reitsje-de-Wolkens-Oan
Nelson A. Miles
George Crook
Alfred Terry
George A. Custer
John Gibbon
Wesley Merritt
Joseph J. Reynolds
Mannich Kûp
Washakie
sterkte
2.000 3.000
ferliezen
±500 deaden 250-280 deaden

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876, ek wol de Black Hills-oarloch neamd, wie in oarloch tusken de Feriene Steaten en ferskate lânseigen Yndiaanske folken dy't yn 1876 en 1877 útfochten waard op it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten, yn wat no de Amerikaanske steaten Montana, Noard- en Súd-Dakota en Wyoming binne. Dit konflikt, dat ûnderdiel útmakke fan 'e Sû-Oarloggen, briek út doe't blanke goudsikers it lân fan 'e Lakota- yn 'e Black Hills binnenkrongen nei't dêr yn 1874 goud fûn wie, en de Amerikaanske oerheid wegere om dêrtsjin fanwegen te kommen. Dêrmei brieken de Amerikanen it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, wêrby't se dat gebiet 'foar ivich' oan 'e Lakota ôfstien hiene.

Tradisjoneel hawwe Amerikaanske histoarisy en militêren de klam lein op 'e striid tsjin 'e Lakota, mar guon Yndiaanske saakkundigen binne fan betinken dat it wiere doelwyt fan 'e Amerikanen yn 'e Grutte Sû-Oarloch net de wiene, mar harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen. Fan 'e withoefolle slaggen, gefjochten en skermutselings út dizze oarloch is de Slach oan de Little Bighorn, fan ein juny 1876, it bekendst wurden, dêr't de Lakota, Sjajinnen en guon Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer foar in grut diel útrûgen. Nettsjinsteande dy grutte oerwinning foar de Yndianen, moasten se úteinlik yn 'e rin fan 1877 belies jaan doe't de Amerikanen alles op alles setten om 'e skande fan harren nederlaach oan 'e Little Bighorn út te wiskjen. Sadwaande einige de oarloch yn 'e definitive nederlaach fan 'e Flakte-Yndianen.

Under it earste Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851 hie it regear fan 'e Feriene Steaten de gebietsoanspraken fan 'e Arapaho, Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Hidatsa, Krieën (Crow), Mandan, Sjajinnen (Cheyenne) en (Sioux) op 'e noardlike Grutte Flakten erkend, mar yn 'e fyftjin jier dy't folgen, wegere it om oan syn ferplichtings ûnder dat ferdrach te foldwaan en blanke kolonisten út it lân fan 'e Yndianen wei te hâlden.

Doe't de Lakota, dy't it westlike part fan 'e Grutte Sû Naasje foarmen, foar it ferstân krigen dat de Amerikanen har net oan 'e ôfspraken hâlde soene, fielden sy har der sels ek net mear oan bûn. Under it Ferdrach fan Fort Laramie hiene hja tasein om Amerikaanske kolonisten dy't fia it Oregon Trail ûnderweis wiene nei de westkust rjocht fan reed oer de flakten te ferlienen, mar no ûntstie der in fisieuze sirkel fan Yndiaanske oerfallen op kolonisten dy't troch it Amerikaanske Leger beäntwurde waarden mei wraakaksjes, wat werwraak fan Yndiaanske kant ta gefolch hie. Uteinlik rûnen dy oanhâldende skermutselings yn 1866 út op 'e Oarloch fan Reade Wolk, wêrby't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho mei it Amerikaanske leger slaande deilis rekken oer de behearsking fan it lân fan 'e Powderrivier, yn noardeastlik Wyoming en súdlik Montana. Dêrby wie it Lakota-opperhaad Reade Wolk, in formidabel taktikus, ien fan 'e wichtichste oanfierders fan 'e Yndianen.

Sittende Bolle, de wichtichste lieder fan 'e Lakota.

Yn 1867 stelde in Amerikaanske kommisje fêst dat de Yndianen rjochtlike griven hiene, en dat der datoangeande sprake wie fan útlokking troch de kolonisaasje fan harren lân troch de blanken. Sadwaande waard der yn 1868 in fredeskonferinsje holden te Fort Laramie, yn Wyoming, dêr't folmachten fan it Amerikaanske regear ûnderhannelen mei fertsjintwurdigers fan 'e Noardlike Arapaho, de Oglala-, Minnikonzjû- en Brulee-stammen fan 'e Lakota en de Janktonai-stamme fan 'e Westlike Dakota.

Dy ûnderhannelings laten ta it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't ôfpraat waard dat de Amerikanen in rige forten by it Bozeman Trail lâns, dy't se sûnder tastimming op Lakota-lân boud hiene, ôfbrekke soene. Boppedat waard foar de Lakota- en de Westlike Dakota-stammen fan 'e Sû (Sioux) it Grutte Sû Reservaat skepen, dat de helte fan Súd-Dakota en in stikje fan Nebraska omfieme. Ta it Grutte Sû Reservaat, dat de Sû 'foar ivich' taparte krige, hearden ek de Black Hills, in gebiet fan hege heuvels of lege bergen yn it súdwestlike part fan Súd-Dakota, dat foar de Lakota hillich wie. Teffens wiisde it Ferdrach fan Fort Laramie in grut 'ûnôfstien' (unceded) gebiet oan 'e Lakota ta yn it streamgebiet fan 'e Powderrivier, yn Wyoming en Montana, dat se brûke koene as jachtterrein. Noch yn it Grutte Sû Reservaat, noch yn it 'ûnôfstiene' jachtgebiet mochten tenei noch blanken komme, of it moasten fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear wêze.

In lânkaart fan it Grutte Sû Reservaat, dêr't op te sjen is hoe't it meitiid ynkrompen is: read/rôze: it reservaat yn 1868; ljochtrôze: gebiet kwytrekke yn 1877; dûnkerrôze: gebiet kwytrekke yn 1889; ljochtread: gebiet kwytrekke yn 1910; dûnkerread: de hjoeddeistige fiif reservaten; griis: oare Yndianereservaten.

Yn 'e jierren nei 1868 bliek it twadde Ferdrach fan Fort Laramie troch it oanhâldende opkringen fan blanke kolonisten en goudsikers neat wurdich te wêzen. It is twifelich oft it Amerikaanske regear op dat stuit de kolonisaasjeweach noch tsjinkeare kinnen hie, mar wichtiger is dat it dat hielendal net woe. Krektoarsom, al yn 1872 begûnen de Amerikanen plannen te meitsjen foar it timmerhout dat Black Hills leverje koene. Yn 1874 waard der in Ekspedysje nei de Black Hills op út stjoerd ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, mei as diel om 'e wearde fan 'e Black Hills te ûndersykjen, in gong fan saken dy't de Lakota mei arguseagen folgen. Al ear't Custer weromkeard wie yn Fort Abraham Lincoln waard it nijs fan syn ûntdekking fan goud yn 'e Black Hills lanlik fia de tillegraaf ferspraat. Yn 1875 befêstige de wittenskiplike Newton-Jenney-ekspedysje de oanwêzigens fan weardefolle grûnstoffen yn 'e Black Hills.

It gefolch wie dat goudsikers, motivearre troch de ekonomyske panyk fan 1873, ûnder de saneamde Goudkoarts fan de Black Hills tsjin alle ferdraggen yn de heuvels ynkrongen, earst yn lytse groepkes, mar al rillegau yn in floechweach. Yn 't earstoan besocht it Amerikaanske Leger wier om sokke lju út it gebiet te hâlden, al is it dreech om dêr mear yn te sjen as symboalpolityk; as it Amerikaanske regear serieus west hie oer syn ferplichtings ûnder it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, dan hie it nea geologyske ekspedysjes nei de Black Hills stjoere moatten. It fanwegen kommen fan it leger tsjin 'e goudsikers late ta swiere druk fan 'e Amerikaanske publike opiny op it regear fan presidint Ulysses S. Grant om 'e Black Hills oan 'e Lakota te ûntnaderjen.

De Lakota sels wiene no tige ûngerêst, en yn maaie 1875 reizge in delegaasje mei de opperhaden Bûnte Sturt fan 'e Brulee, Reade Wolk fan 'e Oglala, en Inkele Hoarn fan 'e Minnikonzjû nei it fiere Washington, D.C. ta om presidint Grant, minister fan Binnenlânske Saken Columbus Delano en de kommissaris fan Yndiaanske Saken Edward Smith derfan te oertsjûgjen om 'e ôfspraken nei te kommen. Doe't se hearden dat it Amerikaanske Kongres de Lakota $25.000 foar harren reservaat jaan woe en har oar lân yn it Yndiaanske Territoarium (it moderne Oklahoma) tawize woe, sei Bûnte Sturt: "Jo hawwe it oer in oar lân, mar dat is net myn lân; it kin my neat skele en ik wol der neat mei te krijen ha. [...] As dat sa'n geweldich lân is, stjoer dan de blanken der mar hinne dy't no ús lân besette, en lit ús gewurde." Hoewol't de trije âlde opperhaden de kommende oarloch net tsjinkeare koene, soene se der net oan dielnimme.

Yn 'e hjerst fan 1875 stjoerde it Amerikaanske regear in kommisje nei it Grutte Sû Reservaat ta om 'e Yndiaanske lieders derfan te oertsjûgjen om in nij ferdrach te tekenjen, wêrby't se Black Hills ôfstiene. De Lakota woene dêr lykwols neat fan witte. Njonken it skeel oer de Black Hills spilen ek oare griven fan 'e Lakota in rol oangeande de oanhâldende fuortgong fan 'e kolonisaasje yn 'e Dakota's. Sa woe it Amerikaanske regear it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad oanlizze dwers troch ien 'e lêste grutte jachtgebieten fan 'e Lakota, dêr't de bizons noch by 't folop foarkamen. Boppedat hie it Amerikaanske Leger al yn 1874 en 1875 ferskate ferdylgjende oanfallen útfierd op doarpen fan 'e Sjajinnen, dat fan âlds bûnsgenoaten fan 'e Lakota wiene. De Sjajinnen hiene net behelle west yn it twadde Ferdrach fan Fort Laramie en wiene sadwaande feitlik sûnt 1866 noch altyd mei de Amerikanen yn oarloch. Yn it nije konflikt koene de Lakota dan ek sûnder mis op harren aktive stipe rekkenje.

Generaal George Armstrong Custer, dy't mei in grut fan syn mannen omkaam yn 'e Slach oan de Little Bighorn.

De Lakota of Titon bestiene út sân substammen, te witten: de Brulee, Hûnkpapa, Minnikonzjû, Oglala, Sâns Arks, Swartfuotten (net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) en Twatsjettels. Mei-inoar besloegen dy omtrint 1875 sa'n 15.000 manlju, froulju en bern, mar de measten dêrfan hiene har al nei wenjen set yn it Grutte Sû Reservaat en bleaune bûten de oarloch.

De Lakota dy't bûten it reservaat taholden, wiene foar it meastepart Oglala ûnder lieding fan Mâl Hynder, Gal, Amerikaansk Hynder de Aldere en John Grass, en Hûnkpapa ûnder lieding fan Sittende Bolle. By harren hiene har inkele hûnderten krigers fan 'e oare Lakota-substammen jûn, en teffens guon Westlike Dakota en sels Eastlike Dakota út Minnesota wei, lykas it âlde opperhaad Reade Mûtse. Ein septimber 1876, doe't de oarloch al yn folle gong wie, late Reitsje-de-Wolkens-Oan in útbraak fan Minnikonzjû en Sâns Arks út it Grutte Sû Reservaat. Allegear mei-inoar wurdt it tal fan 'e frije Lakota om-ende-by de 5.500 persoanen rûsd.

It opperhaad Gal yn 1881.

Dêr moatte noch sa'n 1.500 Noardlike Sjajinnen ûnder Stomp Mês, Lytse Wolf en Twa Moannen by opteld wurde. De totale Yndiaanske populaasje bûten de reservaten kaam sadwaande dus út op 7.000 minsken, mei dêrûnder mooglik 2.000 krigers. De Noardlike Arapaho, dat tradisjonele bûnsgenoaten wiene fan 'e Noardlike Sjajinnen en de Lakota, waarden troch de ynfloed fan harren opperhaad Swarte Koallen fierhinne bûten de oarloch holden, mar dochs fochten 50 oant 100 Arapaho-krigers yn 'e oarloch mei.

Dêrfoaroer stie it Amerikaanske Leger, dat in rige forten boud hie om it Grutte Sû Reservaat en it 'ûnôfstiene' gebiet hinne. Yn 'e simmer fan 1876 brocht it leger in troepemacht fan 2.500 man tsjin 'e Yndianen yn it fjild, dy't ûnderstipe waard troch hûnderten blanke boargers en Yndiaanske ferkenners fan 'e Krieën (Crow), Sjosjoanen (Shoshone), Arikara en Pâny (Pawnee). Yn totaal moat dat in legermacht fan sa'n 3.000 man opsmiten hawwe.

De Yndianen hiene it foardiel fan mobiliteit en bekendheid mei it terrein, dat ommers harren heitelân wie, mar krigers wiene gjin beropssoldaten, en moasten om itende te bliuwen ek in grut diel fan 'e simmer en hjerst oan 'e jacht besteegje. Yn 'e maityd wiene se boppedat foar in diel ymmobilisearre troch de swakte dy't har hynders nei de winter parten spile. Fierders wiene de Lakota en Sjajinnen ûnder de Grutte Sû-Oarloch tagelyk ek yn oarloch mei harren tradisjonele fijannen, de Sjosjoanen, Krieën en Pâny, mei as gefolch dat in protte fan harren foarrieden en enerzjy dêroan bestege waarden ynstee fan oan 'e oarloch tsjin 'e blanken.

In stânbyld fan generaal George Crook.

Likernôch de helte fan 'e krigers wie bewapene mei fjoerwapens, dy't útinoar rûnen fan repeteargewearen oant antike musketten. Munysje wie yn alle gefallen krap. De rest fan 'e krigers moast him noch altyd rêde mei pylk-en-bôge, dêr't se op koarte ôfstân deadlik mei wiene, mar net folle mei útrjochtsje koene op 'e langere ôfstân of tsjin in fijân dy't him beskûl hold yn fortifikaasjes. Oare Yndiaanske wapens, lykas spearen, tomahawks en messen, wiene inkeld fan wearde yn man-tsjin-mangefjochten. Dêrby kaam noch dat Yndiaanske krigers tradisjoneel fochten foar yndividueel prestiizje ynstee fan strategyske doelen, hoewol't Mâl Hynder de Lakota in beskaat gefoel foar mienskiplike ûndernimming bybrocht liket te hawwen. De Sjajinnen wiene fan âlds de meast sintralisearre bestjoerde en bêst organisearre fan 'e flaktestammen, by wa't mienskipssin in bekender ferskynsel wie.

In grut part fan 'e Amerikaanske soldaten dy't it yn 'e Grutte Sû-Oarloch tsjin 'e Yndianen opnamen, wiene lju dy't koartby as kolonisten nei it Westen ta kommen wiene, en dy't al ûnderfining opdien hiene yn 'e oarlochfiering oan 'e Amerikaanske frontier. De kavaleristen wiene bewapene mei de Colt .45-revolver, dy't seis kûgels ôffjurje koe foar't er werladen wurde moast, en mei de ienskots efterladende Springfield Model 1873-karabyn, dy't har in folle grutter berik joech as de gewearen dêr't de Yndianen oer beskikten.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferlechje foar oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it neijier fan 1875 begûnen presidint Ulysses S. Grant en syn regear alternativen yn omtinken te nimmen, doe't bliken die dat harren diplomatike missy om 'e Lakota harren lân te ûntpraten ta neat laat hie. Begjin novimber waarden generaal-majoar Philip Sheridan, de kommandant fan 'e Difyzje fan de Missoury, en brigadegeneraal George Crook, de kommandant fan it Departemint fan de Platte, weromroppen nei Washington, D.C., dêr't se yn oerlis mei Grant en guon leden fan dy syn regear besleaten om op te hâlden mei it tsjinkearen fan goudsikers dy't nei de Black Hills ta woene, wêrmei't de doar wiid iepen set waard foar it begjin fan 'e Goudkoarts fan de Black Hills.

In skilderij fan in Yndiaanske kriger, troch Frederic Remington.

Fierders waard besprutsen hoe't der militêre aksje tsjin 'e Lakota ûndernommen wurde koe. Om't men net hawwe woe dat it foar it each fan 'e wrâld liek as waarden de Yndianen sûnder provokaasje oanfallen, besleat men ta in list: de Yndiaanske aginten yn 'e Dakota's en Montana waard opdroegen om alle frij omdoarmjende Yndianen yn harren krite derfan op 'e hichte te stellen dat se uterlik op 31 jannewaris 1876 yn harren reservaat weromkeare moasten, en dat se oars as fijannige striders beskôge wurde soene. De Yndiaansk agint fan it Standing Rock Agintskip naam de muoite om oan te jaan dat dy tiidsgrins te krap wie, mei't de snie by 't winter it reizgjen fan grutte kloften folk suver ûnmooglik makke. Hy stelde dêrom út om 'e Yndianen ekstra tiid te bieden, mar dat foarstel waard ôfwiisd om't it it Amerikaanske regear der net om te dwaan wie dat de Yndianen weromkearden nei de reservaten, mar om in reden te skeppen foar it begjin fan 'e oarloch.

Underwilens waard it Amerikaanske ultimatum troch de frije Lakota serieus yn omtinken nommen. Hja waarden it der lykwols oer iens dat it te let yn it jier wie om no noch harren winterkampen te ferpleatsen, temear mei't se it drok hiene mei it oanlizzen fan winterfoarrieden. Sadwaande waard der besletten om 'e folgjende maityd nei it reservaat werom te kearen. Doe't 31 jannewaris foarbygie sûnder dat de Yndianen opdaagjen kamen, wiene yn Washington, D.C. de nije Yndiaansk kommissaris John Q. Smith en minister fan Binnenlânske Saken Zachariah Chandler it der lykwols oer iens dat der no gjin inkele behindering mear bestie om it leger yngripe te litten. Generaal Sheridan joech per tillegraaf syn ûnderhearrigen George Crook en Alfred Terry opdracht om útein te setten mei de oanfal: de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wie begûn.

Wylst Terry besocht en win tiid, om't er mei personele swierrichheden oanhelle siet, gie Crook daliks yn 'e oanfal. Hy joech lieding oan 'e saneamde Bighorn-ekspedysje en stjoerde seis kompanjyen kavalery ûnder kolonel Joseph J. Reynolds it fjild yn, dy't in Yndiaansk doarp fan likernôch 65 tipys ûntdieken en dat op 'e iere moarn fan 17 maart 1876 oanfoelen by wat bekend kaam te stean as de Slach oan de Powderrivier. Reynolds syn troepen feroveren it doarp en baarnden it plat, mar moasten har ûnder yntins fijanlik fjoer al rillegau weromlûke. Dêrby waarden ferskate soldaten op it slachfjild efterlitten, wat letter reden wêze soe foar de Amerikaanske kriichsried om Reynolds te ferfolgjen. De Amerikanen tochten by dit treffen de Lakota in swiere nederlaach tabrocht en Mâl Hynder deade te hawwen, mar letter die bliken dat it it doarp fan 'e Noardlik Sjajinske haadman Alde Bear west hie. De Amerikanen fongen de hynstekeppel fan it doarp, mar de oare deis wisten de Lakota dy by in oerfal grutdiels wer werom te stellen.

De Amerikaanske simmerkampanje fan 1876.

Simmerkampanje fan 1876

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e ein fan maityd setten de Amerikanen útein mei wat bekend wurden is as simmerkampanje fan 1876. Dêrby teagen se mei trije kolonnes troepen tsjin 'e Yndianen op. Ut it noarden kaam de Montana-kolonne, ûnder befel fan kolonel John Gibbon, dy't ôfset wie út Fort Ellis. Ut it suden teach Crook op 'e nij op, mei de Wyoming-kolonne út Fort Fetterman. En út it easten wei kaam generaal Terry mei de Dakota-kolonne út Fort Abraham Lincoln, besteande út 15 kompanjyen soldaten, wêrûnder de tolve kompanyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder befel stie fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. De bedoeling fan 'e Amerikanen wie om 'e Yndianen fan trije ferskillende kanten ôf tagelyk yn 'e skjirre te nimmen.

De kolonne fan Crook wie de earste dy't kontakt makke mei de Yndianen. Nei in beheind treffen op 9 juny, dat de Slach by Prairie Dog Creek kaam te hjitten, fûn op 17 juny de grutte Slach oan de Rosebud plak. Crook bewearde neitiid dat er dêr de oerwinning behelle hie, mar histoarisy binne it deroer iens dat de Yndianen eins syn opmars tsjinkeard hiene. Neitiid behold Crook syn posysje wylst er op fersterkings wachte, wat him yn 'e praktyk lange tiid út 'e oarloch hold.

It begraafplak op it slachfjild oan de Little Bighorn.

Underwilens hie Custer befel krigen om mei syn 7e Kavalery de dellingen fan 'e rivieren de Rosebud en de Bighorn te ferkennen. Oan 'e igge fan 'e Little Bighorn, in sydstream fan 'e Bighorn, ûntdiek er op 25 juny in doarp dêr't tafallich in grut part fan 'e frije Lakota mei in diel fan 'e Noardlike Sjajinnen ûnder lieding fan Sittende Bolle, Mâl Hynder, Gal en Twa Moannen gearkommen wie. Custer syn dryste beslút om sûnder fierdere ferkenning daliks de oanfal yn te setten en sa de Slach oan de Little Bighorn út te lokjen, rûn foar de Amerikanen út op in ramp: mei fiif fan syn kompanjyen waard er troch de Yndianen op in heuveltop besingele en oant de lêste man útrûge. Twa dagen letter waarden de oerlibbenen fan 'e oare kompanjyen fan it 7e Kavaleryrezjimint, ûnder majoar Marcus Reno en kaptein Frederick Benteen, ûntset troch de oankomst fan 'e troepen fan Terry en Gibbon.

Nei't er fuortsterke wie mei it 5e Kavaleryrezjimint, kaam generaal Crook wer fanwegen. Hy foege syn troepen in hoartsje gear mei dy fan Terry foar't er wer op eigen manneboet fierder gie. It slagge him lykwols net om ek mar ien grut doarp te finen. Crook sette syn syktocht te lang fuort, oant syn foarrieden suver op wiene; dêrnei wiene syn mannen twongen om harren saneamde Hynstefleismars te meitsjen (om't de soldaten har eigen hynders opite moasten) nei delsettings fan goudsikers om dêr om iten te biddeljen. Op 9 septimber state er by tafal op it doarp fan it Oglala-opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere, te Slim Buttes, yn 'e Black Hills. Crook gie dêrop de Slach by Slim Buttes oan mei de 30 oant 40 krigers fan it doarp, dy't er sûnder folle muoite fersloech. Amerikaansk Hynder, dy't sels ûnder de Amerikanen bekendstie om syn ûnbûchsume moed en eare, rekke dêrby deadlik ferwûne. Nei't Crook weromkeard wie yn Fort Robinson, waard syn troepemacht ôftanke.

In ôfbyld fan 'e oerjefte fan Amerikaansk Hynder.

Bestraffing fan loyale Yndianen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de grutdiels mislearre simmerkampanje feroaren de Amerikanen fan taktyk. Hja legeren mear troepen by de Yndiaanske agintskippen yn it Grutte Sû Reservaat, en leine dêr yn 'e hjerst fan 1876 beslach op hynders en gewearen fan 'e Lakota dy't yn it reservaat bleaun wiene en oant doe ta net oan 'e striid dielnommen hiene. Dy aksje waard ynjûn troch eangst dat sokken har dochs noch by de krigers bûten it reservaat jaan soene, en tagelyk besocht men de loyale Lakota te straffen om't dy neffens it Amerikaanske regear net genôch dien hiene om harren folksgenoaten fan 'e oarloch te wjerhâlden. Sels it âlde opperhaad Reade Wolk, dy't him út en tenei tsjin 'e oarloch en de ynfloed fan Sittende Bolle en Mâl Hynder keard hie, waard oppakt en in hoartsje fêstholden.

Dit belied hie in tsjinsteld effekt, want doe't it opperhaad Reitsje-de-Wolkens-Oan der lucht fan krige dat it Amerikaanske Leger beslach lizze woe op 'e hynders en gewearen fan syn troep, late er ein septimber in útbraak út it reservaat troch de Lakota fan 'e Minnikonzjû- en Sâns Ark-stammen, dy't sa halje-trawalje organisearre waard dat de tipy-peallen efterlitten waarden. Ek de Sjajinnen fan Stomp Mês namen de wyk út harren reservaat, wat late ta de skermutseling dy't bekend kaam te stean as de Slach by Warbonnet Creek. De oankomst fan dizze flechtlingen en harren opperhaden yntrodusearre in wat evenrediger elemint yn 'e lieding fan 'e frije Lakota. Tagelyk naam it Amerikaanske Kongres in wet oan dy't yn tsjinspraak mei it twadde Ferdrach fan Fort Laramie alle rjochten fan 'e Lakota bûten de grinzen fan it Grutte Sû Reservaat foar beëinige ferklearre.

Stomp Mês.

Yn oktober setten de Amerikanen fierders útein mei in winterkampanje. It 4e Kavaleryrezjimint, ûnder kolonel Ranald S. Mackenzie, teach it gebiet fan 'e Powderrivier yn, dêr't it op 25 novimber it winterkamp fan it Sjajinske opperhaad Stomp Mês ûntdiek. Yn it folgjende treffen, dat bekend kaam te stean as it Gefjocht fan Stomp Mês (Dull Knife Fight) waarden de winterfoarrieden fan dit diel fan 'e Noardlike Sjajinnen ferneatige en frijwol alle hynders bútmakke. It gefolch wie dat Stomp Mês twongen wie om him koarte tiid letter oer te jaan, om't syn folk gjin iten hie om 'e winter troch te kommen.

Underwilens hie kolonel Nelson A. Miles yn 'e midden fan it Powderrivierlân it Kantonnemint oan 'e Rivier de Tongue fêstige, dat letter omfoarme wurde soe ta Fort Keogh. Dêrwei bûn er yn 'e winter fan 1876 op 1877 de striid oan mei alle fijannige Yndianen dy't er fine koe. Nei't er ein oktober yn 'e Slach by Cedar Creek al in grut diel fan 'e Hûnkpapa-krigers fan Sittende Bolle útskeakele hie, focht er yn jannewaris yn 'e Slach by Wolf Mountain it lêste grutte treffen fan 'e oarloch út mei de Oglala-krigers Mâl Hynder en de Noardlike Sjajinnen fan Twa Moannen. Yn 'e moannen dêrnei wiene syn troepen belutsen by ferskate lytse skermutselings by Clear Creek, Spring Creek en Ash Creek. Ek it lêste wapene treffen fan 'e oarloch wie Miles by belutsen; dat wie de Slach by Little Muddy Creek, op 7 maaie 1877, wêrby't it opperhaad Kreupel Hart omkaam.

De lokaasje fan it Gefjocht fan Stomp Mês.

Diplomatyk offinsyf en Yndiaanske oerjefte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin 1877 waarden ferskate diplomatike missys útstjoerd om 'e oerbleaune frije Yndianen ta oerjefte te bewegen. In groep fan tritich Oglala-Lakota en Noardlike Sjajinnen ûnder lieding fan 'e kriger Lokies-foar-de-Fijân, dy't letter de Ingelske namme George Sword oannimme soe, waard útstjoerd út Fort Robinson; it âlde opperhaad Bûnte Sturt, fan 'e Brulee-Lakota, waard mei twahûndert man op 'en paad stjoerd fanút it Bûnte Sturt Agintskip, kolonel Miles stjoerde út Fort Keogh wei de ferkenner Johnny Brughier mei twa finzen nommen Sjajinske froulju út, en yn april waard ek it Oglala-opperhaad Reade Wolk derop útstjoerd.

Sword-en-dy wisten Mâl Hynder op te spoaren, mar dy woe net nei harren harkje. Guon lytsere kampen fan 'e Oglala-Lakota wisten se der lykwols àl fan te oertsjûgjen om 'e striid op te jaan. Bûnte Sturt fûn in gewillich ear by Reitsje-de-Wolkens-Oan, dy't mids april mei syn Minnikonzjû en Sâns Arks mei him weromried nei it Grutte Sû Reservaat om him oer te jaan. It krewearjen fan Brughier beweegde in grut part fan 'e oerbleaune Sjajinnen ta de oerjefte, wylst Reade Wolk de troep fan Mâl Hynder tsjinkaam en dy nei Reade Wolk Agintskip ta begelate. Mei de oerjefte fan Mâl Hynder, op 5 maaie 1877, wie de oarloch foarby. Tsjin dy tiid hie Sittende Bolle, de lêste wichtige Yndiaanske lieder dy't noch op frije fuotten wie, beskûl socht yn Kanada.

Balâns en neisleep

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De útkomst fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wie de definitive nederlaach fan 'e Flakte-Yndianen yn 'e striid tsjin 'e Feriene Steaten. Neitiid soe der nea wer op sa'n grutte skaal oarloch fierd wurde op 'e Grutte Flakten. It Grutte Sû-Reservaat waard yn 1877 noch mei in trêdepart ynkoarte. De Lakota ferlearen de foar harren hillige Black Hills, dy't frijjûn waarden foar kolonisaasje en eksploitaasje troch de blanken. Yn 1889 waard it Grutte Sû Reservaat hielendal opheft; de helte fan it lân waard frijjûn foar kolonisaasje en de rest opdield ûnder fiif lytsere reservaatsjes (Cheyenne River, Neder-Brulee, Pine Ridge, Rosebud (of Opper-Brulee) en Standing Rock).

"Mâl Hynder en syn Oglala-troep ûnderweis fan Kamp Sheridan om har oer te jaan oan generaal Crook by it Reade Wolk Agintskip", in skets út 1877.

Mâl Hynder libbe nei syn oerjefte ferskate moannen freedsum yn it reservaat, mar de Amerikaanske autoriteiten wiene bang dat er wer fuortglûpe soe, en besleaten him op te pakken. Mâl Hynder hie lykwols lucht fan dy plannen krigen, en glûpte fuort ear't er yn 'e hechten nommen wurde koe. Hy besocht en ûnderhannelje mei de militêre autoriteiten yn Fort Robinson, mar ynstee waard er dochs noch arrestearre en by in wrakseling mei guon soldaten ferriedlik deade mei in bajonetstek. Sittende Bolle kearde úteinlik ûnder oantrún fan it Kanadeeske regear yn 1881 werom nei de Feriene Steaten, wêrnei't er twa jier yn kriichsfinzenskip trochbrocht. Nei't er in hoartsje op toernee west hie mei de Wyldwestshow fan Buffalo Bill, sette er him nei wenjen yn it Standing Rock Reservaat. Doe't ein 1880-er jierren de nije religy fan 'e geastedûns in protte oanhing ûnder de Lakota krige, waard dat troch de Amerikaanske oerheid sjoen as in opstannige beweging. Ut foarsoarch waard besocht om Sittende Bolle op te pakken, mar de arrestaasje, op 15 desimber 1890, rûn út op sjitpartij wêrby't de âldman de dea fûn.

De Noardlike Sjajinnen trof in noch wreder lot as de Lakota. Wylst dy lêsten alteast in diel fan har heitelân hâlde mochten, waarden de Noardlike Sjajinnen deportearre nei it Yndiaanske Territoarium (Oklahoma), dêr't se krepearren oan malaria en omkamen fan 'e honger. Sadwaande joegen Stomp Mês en Lytse Wolf yn 1878 lieding oan 'e saneamde Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen, wêrby't se har in paad klearren troch trije steaten hinne, mei froulju en bern by har en efterfolge troch in oanwaaksende troepemacht fan it Amerikaanske Leger. Hoewol't foar ien groep fan harren de tocht einige yn it Bloedbad fan Fort Robinson, wisten oaren Montana te berikken, dêr't se úteinlik yn 1884 it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat tawiisd krigen.

Efterôf besjoen stie de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 yn skril kontrast ta de Oarloch fan Reade Wolk, tsien jier earder. Under dat lêste konflikt hie de oarlochspartij fan 'e Lakota de stipe fan frijwol it hiele folk hân, wylst yn 1876-1877 twatrêde part fan 'e Lakota yn it reservaat oan 'e sydline stean bleau. Dat ûnderskie late ta skerpe skiedslinen tusken de oarlochs- en fredespartijen fan 'e Lakota ûnderling, dy't ek nei ôfrin fan 'e oarloch noch lang oanholden. Sa wiene yn 1889-1890, ûnder de Geastedûnsoarloch, de measte oanhingers fan 'e geastedûns te finen ûnder dy Lakota dy't yn 'e Grutte Sû-Oarloch aktyf oan 'e striid dielnommen hiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.