Slach by Warbonnet Creek

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Slach by Warbonnet Creek
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)
WarbonnetCreekByPhilKonstantin.jpg
In plakkette ta oantins oan 'e Slach by Warbonnet Creek.
datum: 17 july 1876
plak: noardwestlik Nebraska
útkomst: Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG Noardlike Sjajinnen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
befelhawwers
Lytse Wolf Wesley Merritt
sterkte
200-300 ±350
ferliezen
1 deade
ûnbekend tal ferwûnen
gjin deaden
gjin ferwûnen

De Slach by Warbonnet Creek wie in wapene treffen tusken it Amerikaanske Leger en de Noardlike Sjajinnen yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch, dy't plakfûn op 17 july 1876 yn noardwestlik Nebraska. Hoewol't dit foarfal de skiednis yngien is as in 'slach', wie it eins net mear as in skermutseling, dy't benammen karakterisearre waard troch in 'duël' tusken de ferneamde showman Buffalo Bill Cody, dy't doedestiden as ferkenner foar it leger wurke, en in Sjajinske kriger dy't fan Heova'ehe ("Gielhier") hiet.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer op 25 juny 1876 in ferpletterjende nederlaach tabrocht hiene yn 'e ferneamde Slach oan 'e Little Bighorn, sette it nijs oer dy oerwinning in protte Yndianen dy't har oant dy tiid ôfsidich holden hiene derta oan en jou har by de opstannige opperhaden Mâl Hynder en Sittende Bolle. Dêrûnder wie de Sjajinske troep fan Stomp Mês, besteande út 200 oant 300 krigers dy't, dêrta oantrune troch Lytse Wolf en oaren dy't har al earder yn 'e oarloch mongen hiene, en beselskippe troch harren gesinnen, ôfsetten by de Yndiaanske agintskippen yn Nebraska wei.

Underwilens stjoerde it Amerikaanske Leger it Amerikaanske 5e Kavaleryregimint, ûnder befel fan luitenant-kolonel Eugene A. Carr út Oklahoma wei nei it noarden ta om posysjes by de rivier de Cheyenne yn Súd-Dakota lâns yn te nimmen, persiis om foar te kommen dat Yndianen út 'e reservaten har by de opstannelingen jaan koene. Carr waard op 1 july ferfongen troch kolonel Wesley Merritt, en doe't it nijs fan 'e Amerikaanske nederlaach oan 'e Little Bighorn bekend waard, krige dy befel om him by brigadegeneraal George Crook te foegjen, dy't yn noardlik Wyoming lei.

It treffen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underweis nei Wyoming berikte Merritt it berjocht oer de útbraak fan 'e troep fan Stomp Mês. Buffalo Bill Cody, dy't op dat stuit as ferkenner foar it Amerikaanske Leger wurke, late Merritt en syn troepen nei in plak yn noardwestlik Nebraska ta, yn it hjoeddeiske Sioux County, dêr't de Sjajinnen ûnderskept wurde koene. Op dat plak, oan in beek dy't de Warbonnet Creek hiet (letterlik: de "Fearretoai-beek"), organisearre Merritt in mûklaach, wêrby't er de measten fan syn likernôch 350 soldaten yn oerdutsen kapweinen pleatste, mei skerpskutters op ferskûle posysjes yn 'e neite.

Doe't de Sjajinnen lykwols Merritt syn kwetsbere en skynber ûnbewekke bagaazjetrein seagen, roeken se ûnrie. In groepke fan seis krigers ried lykwols rjocht op 'e weinen yn om 'e oandacht fan 'e Yndiaanske froulju en bern ôf te lieden. In pear fan harren rekken by dy aksje ferwûne, mar it iennichste wiere gefjocht wie in 'duël' tusken Buffalo Bill en in Sjajinske kriger dy't fan Heova'ehe hiet, wat oerset wurde kin as Gielhier (hoewol't de misse fertaling 'Giele Hân' in protte foarkomt en dreech út te rûgjen bleken is).

Buffalo Bill skeat Heova'ehe dea mei syn Winchester-gewear, en skalpearre him dêrnei mei syn Bowie-mês. Letter soed er dy skalp as attribút brûke by de foarstellings fan syn wyldwestshow. It hiele treffen oan 'e Warbonnet Creek kaam sadwaande ek wol bekend te stean as de Earste Skalp foar Custer. De oare Sjajinske krigers besochten ûnder lieding fan Lytse Wolf om 'e earste seis te help te kommen, mar doe't se foar it ferstân krigen hoefolle Amerikanen oft der wiene, loeken se har sa gau wer werom, dat der gjin inkele soldaat dea of sels mar ferwûne rekke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Other references, op dizze side.