Back to the Future Part III

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Back to the Future Part III
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Back to the Future Part III logo.png
makkers
regisseur Robert Zemeckis
produsint Bob Gale
Neil Canton
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
senario Bob Gale
kamerarezjy Dean Cundey
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Amblin Entertainment
Universal Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Michael J. Fox
Christopher Lloyd
byrollen Mary Steenburgen
Thomas F. Wilson
Lea Thompson
Elisabeth Shue
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 25 maaie 1990
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-
   westernkomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $40 miljoen
opbringst $246,1 miljoen
prizen 2 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Back to the Future
● foarich diel Back to the Future Part II

Back to the Future Part III is in Amerikaanske science fiction-westernkomeedzjefilm út 1990 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Christopher Lloyd. It is it trêde en lêste diel fan 'e Back to the Future-filmsearje, wêryn't it ferhaal út 'e foargeande film, Back to the Future Part II (1989), dat einige yn in cliffhanger, fuortset wurdt. Marty McFly reizget no werom yn 'e tiid nei 1885 om it libben fan syn freon Doc Brown te rêden. Wat in frij ienfâldige rêdingsmisje wêze kinnen hie, wurdt in stik dreger as de tiidmasine averij oprint en Marty ek yn it Wylde Westen fêst komt te sitten. Fierdere swierrichheden ûntsteane as Doc it libben fan skoaljuffer Clara Clayton rêdt, en sa de rin fan 'e skiednis feroaret. Back to the Future Part III krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Back to the Future Part III begjint op it punt dêr't Back to the Future Part II ophold; foar de foarskiednis, sjoch dêre.)

Marty McFly, in Amerikaanske teenager út 1985, befynt him noch hieltyd yn 1955, dêr't er tsjûge west hat fan 'e ferdwining fan syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown en dy syn DeLorean-tiidmasine. Fuort neitiid arrivearret der in koerier mei in 70 jier âld brief, wêryn't stiet dat Doc yn 1885 bedarre is nei't in wjerljochtynslach by fersin de tiidmasine aktivearre. De elektryske lading wie lykwols tefolle fan it goede foar de masine, dy't trochbaarnd is. Om't de ûnderdielen dêr't er foar de reparaasje ferlet fan hat yn 1885 noch net útfûn binne, hat Doc de DeLorean yn in útputte myn ferskûle, dêr't Marty him yn 1955 weromfine kin. As er de tiidmasine troch de jongere Doc Brown út 1955 reparearje lit, kin er dermei weromkeare nei 1985. Dêrnei, sa stiet yn it brief, moat er de tiidmasine ferneatigje foar't it ding noch mear skea oanrjochtsje kin as it al dien hat. Wat Marty ek docht, sa skriuwt Doc, hy moat yn gjin gefal besykje om werom yn 'e tiid te reizgjen nei 1885 om him (Doc) te rêden.

Mei help fan 'e jongere Doc fynt Marty op it oanjûne plak yndie de DeLorean werom, mar fuortby de myn leit in âld, fertutearze boot hill-begraafplak, dêr't Copernicus, de hûn fan 'e jongere Doc Brown, Marty nei it grêf fan syn baaske liedt. Neffens de tekst op 'e grêfsark is Doc seis dagen nei't er it brief oan Marty skreaun hie, fermoarde troch de bandyt Buford "Mad Dog" Tannen, de oerpake fan Marty en Doc harren aartsfijân Biff Tannen. De jongere Doc is bot oerâl fan dy ûntdekking, mar Marty stelt him gerêst: fansels kin der no gjin sprake fan wêze dat er 'gewoan' weromgiet nei 1985; ynstee sil er, nettsjinsteande de mei klam útsprutsen ûntrieding fan 'e âldere Doc, dochs fierder werom yn 'e tiid om syn freon te rêden. De jongere Doc reparearret de tiidmasine, dy't se dêrnei meinimme nei in ferlitten bûtendoarbioskoop bûten de beboude kom fan harren wenplak Hill Valley yn Kalifornje. Doc bewissiget Marty derfan dat, as er dêr weromreizget nei 1885, hy yn 'e wyldernis bedarje sil, dêr't net ien him sjen sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Marty stelt de tiidmasine yn op 2 septimber 1885, sadat er fiif dagen de tiid hawwe sil om Doc op te spoaren en fan 'e dea te rêden. Hy arrivearret, krekt sa't Doc sein hat, midden yn 'e wyldernis, mar rekket dêr fuort behelle yn in efterfolging fan in kloft Yndiaanske krigers troch in kavalery-ôfdieling fan it Amerikaanske Leger. Mei't de DeLorean sels oer ûnigaal terrein flugger kin as in hynder, wit Marty te ûntkommen. As er lykwols de auto ferstoppet yn in grot, komt er ta de ûntdekking dat ien fan 'e pylken dy't de Yndianen op him ôfsketten hawwe, in brânstôflieding trochboarre hat, sadat de benzine fan 'e DeLorean yn in stadich streamke fuortrint. Foar't er dêr wat oan dwaan kin, ferskynt fan djipper út 'e grot in Amerikaanske swarte bear, dêr't er foar útnaaie moat. Op 'e flecht knoffelet er by in heuvelskeante del, stompt de holle oan in stekspeal en rekket bewusteleas.

As er wer bykomt, wurdt Marty fersoarge troch de lju dy't it boerespultsje bewenje mei it stek dêr't er de holle oan stompte. It blike earme en resinte ymmigranten út Ierlân te wêzen: Seamus en Maggie McFly, syn eigen betoerpake en -beppe. Om't it wol hiel tafallich wêze soe as hy ek McFly hiet, moat Marty, as him nei syn namme frege wurdt, gau in oare namme betinke. Mei't er no yn it Wylde Westen ferkeart, stelt er himsels foar as 'Clint Eastwood' (dy't ommers as akteur bekend is út westernfilms). Nei't er de nacht by harren trochbrocht hat, giet er de oare deis geandefoets nei it krektlyn stifte Hill Valley. Mei troch syn healwize klean (Doc syn idee út 1955 fan hoe't lju der yn it Wylde Westen by rûnen) kriget Marty it yn 'e pleatslike saloon oan 'e stôk mei Buford en syn binde. Nei't er by fersin in kwispeldoar oer Buford hinne lege hat, besiket dyselde him te lynchen, mar dat wurdt tsjinkeard troch Doc Brown, dy't in gewear fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ferbettere hat ta in modern skerpskuttersgewear mei tilleskoopfizier. Dêrmei jaget er Buford-en-dy op 'e flecht, hoewol't Buford wraak swart.

Doc is wol bliid om Marty te sjen, mar ek lulk dat er syn goerie yn 'e wyn slein hat. Dat feroaret as Marty him in foto sjen lit fan syn eigen grêfsark. Hoewol't er fan doel west hie om syn libben fan 1885 ôf út te libjen, komt er dan ta de konklúzje dat er yndie leaver mei werom giet nei syn eigen tiid. It probleem is dat ûnderwilens alle benzine fuortlekt is út 'e DeLorean, en dat benzine noch net bestiet yn 1885. En sûnder benzine kin de DeLorean net de kritike faasje fan 142 km/h berikke dy't nedich is om 'e tiidmasine te aktivearjen. Doc betinkt lykwols in yngewikkeld plan, wêrby't er de tsjillen fan 'e DeLorean oanpast om op spoarrails te riden, sadat de auto troch in steamlokomotyf ta de faasje dêr't ferlet fan is oantreaun wurde kin. Om net sjoen te wurden, moat dat barre op in sydspoarline dy't noch net ôf is en einiget yn in ravyn.

Wylst Doc en Marty de sydspoarline oereagje, sjogge se hoe't in span hynders mei in karre op 'e rin giet. Doc set de efterfolging yn en wit de frou op 'e karre te rêden, dy't oars grif it ravyn yn riden en tepletter fallen wie. Hja blykt Clara Clayton te wêzen, de nije skoaljuffer fan Hill Valley. Pas neitiid beseft Doc dat er mei syn yngripen de oarspronklike tiidline feroare hat, mei't it ravyn yn harren eigen tiid Clayton Ravine hiet, om't juffer Clayton dêr omkommen wie. Hy kin dêr lykwols net botte rouwich om wêze, want foar him en Clara is it leafde op it earste gesicht.

Dy jûns, op it doarpsfeest fan Hill Valley, ûnderbrekt Buford de dûnsjende Doc en Clara en wol er Doc yn 'e rêch sjitte (krekt sa't op 'e grêfsark fermelden stie) mei in derringer. Marty dwerseidet dat lykwols, troch in metalen bakfoarm as in frisbee te brûken en Buford tsjin 'e hân oan te smiten sadat syn iennichste kûgel doel mist. Dêrnei rjochtet Buford syn pylken op Marty, dy't er mislediget en útdaget ta in duël oankommende moandei. Marty fielt dêr neat foar, mar as Buford him útmakket foar in leffert, rekket er in gefoelige snaar, mei't dat it iennichste is dat altyd wurket om Marty op ien ein te krijen. Yn syn lulkens nimt er de útdaging oan. Neitiid warskôget Doc him dat er him net eltse kear provosearje litte moat as immen him in leffert neamt, wêrby't him ûntglûpt dat Marty dêrtroch yn 'e takomst yn in ferkearsûngemak behelle reitsje sil. (Yn Back to the Future Part II wie Marty syn faam Jennifer Parker der al efterkommen, doe't se mei Marty en Doc nei de takomst yn 2015 reizge, dat Marty syn libben lang lêst hâlde soe fan 'e ferwûnings dy't er by dat ferkearsûngemak oprûn hie.)

No't Marty foarkommen hat dat Buford Doc delsjitte koe (wêrnei't er in pear dagen letter oan syn ferwûnings kommen hawwe soe te ferstjerren), ûntdekke hy en Doc dat Doc syn namme op 'e foto fan 'e grêfsark útwiske is. De sark sels en de datum fan ferstjerren bliuwe lykwols itselde.

Nei't Doc en Marty alle risselwaasjes makke hawwe foar harren weromreis nei de takomst, docht bliken dat Doc, omreden fan it feit dat er smoarfereale op Clara is, wer yn 'e weef stiet oft er wol mei sil of dat er dochs yn 1885 bliuwe sil. Marty praat op him yn en mient him derfan oertsjûge te hawwen om mei, mar as er sliept, giet Doc nei Clara ta om ôfskie te nimmen. As er har fertelt dat er fuort sil, wol se witte wêrhinne, mar as er har úteinlik yn fertrouwen nimt en it hiele ferhaal oer tiidreizgjen tabetrout, leaut se him net. Ynstee wurdt se lulk en wiist se him de doar. Doc giet nei de saloon om him te bedrinken, mar de saloonhâlder besiket it him te ûntrieden troch him derop te wizen wat der de oare kear bard is doe't er sterke drank ynnaam. Doc slacht de goerie lykwols yn 'e wyn en nimt dochs in gleske whiskey, mar hâldt dat de hiele fierdere nacht yn 'e hân.

De oare moarns as Marty wekker wurdt, ûntdekt er dat Doc fuort is. Hy giet halje-trawalje nei syn freon op 'e siik, want it is moandei en hy wol fuort wêze foar't Buford yn Hill Valley delkomt foar it duël. Hy fynt Doc yn 'e saloon, dêr't er him bepraat om mei te kommen. Doc stimt dêryn ta, mar slacht sûnder erch foar't se ôfsette it gleske whiskey efteroer dat er al sa lang yn 'e hân hat. Dêrop falt er der fuortendaliks bewusteleas hinne. Wylst Marty mei help fan 'e saloonhâlder Doc besiket wekker te krijen, arrivearje Buford en syn maten, en Buford ropt Marty nei bûten ta foar it duël. Marty, dy't nochris op 'e foto sjocht, merkt lykwols op dat op 'e grêfsark no de namme 'Clint Eastwood' stiet, dat hy besiket it duël ôf te sizzen. Dêrop ropt Buford dat Clint Eastwood foar ivich bekend stean sil as de grutste skytsek fan it Wylde Westen as er no net daliks nei bûten komt. Marty komme Doc syn wurden fan in pear dagen lyn wer tebinnen, en foar it earst yn syn libben wegeret er himsels útlokje te litten as ien him lef neamt.

As Doc einlings bykomt, besykje Marty en hy fia de efterdoar fan 'e saloon temûk út te piken, mar dêr wurde se opwachte troch Buford syn maten. Doc wurdt finzen nommen, wylst Marty beskûl siket yn it oanbuorjende hûs. As Buford-en-dy Doc mei de dea bedriigje, hat Marty gjin oare kar as om nei bûten ta te kommen, mar hy smyt fuortendaliks syn revolver fuort en seit dat er net oan it duël dielnimme wol. Buford kin dat neat skele en hy sjit Marty del. As er lykwols deunby komt om him it genedeskot te jaan, komt Marty ynienen wer ta libben en skopt him syn revolver út 'e hân. Buford jout him in ûnmeugende fûstslach yn 'e búk, mar dêr docht er himsels freeslik sear mei en Marty alhielendal net, want Marty swaait syn poncho fansiden en blykt in metalene kachelplaat foar syn boppelichem bûn te hawwen (krekt sa't de echte Clint Eastwood yn A Fistful of Dollars die). Buford syn kûgel is dêrop ôfketst en syn fûst hat er derop stikken slein. Dêrnei is it foar Marty in kâld keunstke om syn rivaal bewusteleas te slaan, wêrby't Buford foaroer yn in hânkarre fol dong falt. Fuort letter arrivearret James Strickland, de pleatslike marshal (en in foarâlder fan rektor Strickland ûnder waans autoritêre lieding Marty syn middelbere skoalle stiet) om Buford-en-dy op te pakken foar it berôvjen fan in postkoets.

Underwilens stapt Clara mei in brutsen hert op 'e trein nei San Francisco, mar as de trein noch mar krekt it stasjon fan Hill Valley ferlitten hat, heart se lyk efter har in pear hannelsreizgers bepraten hoe min oft Doc deroan ta wie doe't er de foargeande jûns yn 'e saloon kaam nei't Clara him ôfwiisd hie. Se beslút dat er dochs echt fan har hâlde moat, lûkt oan 'e needrem en draaft werom nei Hill Valley, dêr't Marty en Doc krekt op hynders ôfset binne om binnentroch de trein te efterheljen. Clara treft yn Doc syn wurkplak in skaalmodel fan 'e trein, de sydspoarline, it ravyn en in nuveraardich ding mei de tekst "tiidmasine" oan, en beseft dat er har mooglik dochs de wierheid ferteld hat. Om't se oan 'e hân fan it skaalmodel wit wêr't de tiidmasine stiet, nimt se in hynder en hastiget se har dêrhinne.

Doc en Marty witte de trein te efterheljen, geane oan board, drave oer it dak fan 'e wagons nei de lokomotyf en kape dy mei lutsen revolvers. Se sette de masinist derút en twinge him de wagons te ûntkeppeljen, foar't se har út 'e fuotten meitsje mei de lokomotyf. Dy ride se nei de DeLorean ta, wêrnei't Doc it fjoer ûnder de tsjettel fan 'e lokomotyf opstookt mei eigenmakke eksperimintele branje om 'e faasje fan 142 km/h te berikken. Wylst Marty al yn 'e DeLorean sit en Doc him by de lokomotyf lâns nei him ta beweecht om him by him te jaan, arrivearret Clara, dy't krekt op 'e tiid fan har hynder oer wit te stappen oan board fan 'e efterkant fan 'e lokomotyf. As se einlings de oandacht fan Doc wit te lûken, fiteret dy har oan har by him te jaan, mar hja komt te fallen en inkeld dat se mei de jurk earne oan heakjen bliuwt, komt foar dat se ûnder de tsjillen fan 'e lokomotyf kneppelet. Marty jout syn futuristyske hoverboard út 2015 (in swevende ferzje fan in skateboard) troch oan Doc, dy't dêrmei Clara wit te berikken en te rêden. Mei har yn syn earms lit er de lokomotyf los en sweeft er fansiden, wylst de lokomotyf mei de DeLorean derfoar tagelyk it ravyn en de kritike faasje berikt. Wylst de tiidmasine ferdwynt, falt de lokomotyf tepletter yn it ravyn.

Marty komt feilich oan yn 1985, wannear't de spoarbrêge oer it ravyn al lang oanlein is, dat hy kin gewoan fierder oer it spoar. Dêrby komt er in boerd foarby dat it ravyn oantsjut as Eastwood Ravine. As er yn 'e DeLorean oer it spoar yn Hill Valley arrivearret, komt der lykwols in trein út 'e oare rjochting. Marty wit noch krekt út 'e DeLorean te springen foar't dy troch de trein raamd wurdt, wêrby't de tiidmasine folslein oan gruzeleminten batst wurdt. Nei't er thús syn auto ophelle hat, bejout Marty him nei it hûs fan syn faam Jennifer Parker, dy't er by in earder 'tuskentiids' besyk oan 1985 sliepend efterlitten hat op har weranda (sjoch: Back to the Future Part II). Hy treft har dêr noch altyd sliepend oan en fertelt har wat him allegear oerkommen is.

As se letter tegearre ûnderweis binne, besiket in skoallegenoat, Douglas J. Needles, om Marty oan te setten ta dielname oan in strjitrace troch him te freegjen oft er soms in leffert is. Mei de les dy't er yn 1885 leard hat noch farsk yn 't sin lit Marty him lykwols net manipulearje. It docht bliken dat er dêrmei in ferkearsûngemak foarkomt as der ûnferwachts in auto fan rjochts de trochgeande wei op sjit. Marty komme Doc syn wurden oer in ferkearsûngemak yn 't sin, en Jennifer tinkt werom oan wat se yn 2015 heard hat oer in auto-ûngemak dat it begjin wie fan in omleechgeande spiraal yn Marty syn libben. Se hellet de faks dêr't Marty yn 2015 mei ûntslein waard, foar 't ljocht, en de tekst dêrfan ferdizenet foar har eagen oant er weiwurden is.

Marty nimt Jennifer mei om 'e wraksleine restanten fan 'e DeLorean-tiidmasine te besjen. Wylst se dêr binne, ferskynt der út it neat ynienen in steamlokomotyf, dêr't Doc, Clara en harren beide soannen Jules en Verne yn blike te sitten. Doc jout Marty in ynliste foto fan harren beiden by de grutte klok fan it stedhûs fan Hill Valley foar't dy yn 1885 op syn plak heech yn 'e gevel takele waard. Jennifer freget nei de faks mei de ferdwinende tekst, en Doc antwurdet dat dat betsjut dat de takomst noch net fêstleit. Doc en Clara, dy't al yn 'e takomst west hawwe, nimme ôfskie fan Marty en Jennifer en sette yn 'e lokomotyf, dy't fleane blykt te kinnen, ôf nei in oare tiid.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Marty McFly / Clint Eastwood Michael J. Fox
Doc Brown Christopher Lloyd


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Clara Clayton Mary Steenburgen
Buford "Mad Dog" Tannen Thomas F. Wilson
Seamus McFly Michael J. Fox
Maggie McFly Lea Thompson
Jennifer Parker Elisabeth Shue
Biff Tannen Thomas F. Wilson
Lorraine Baines McFly Lea Thompson
marshal James Strickland James Tolkan
Chester de saloonhâlder Matt Clark
Douglas J. Needles Flea
âlde stamgast yn saloon #1 Pat Buttram
âlde stamgast yn saloon #2 Harry Carey jr.
âlde stamgast yn saloon #3 Dub Taylor
muzikanten doarpsfeest Hill Valley 1885 ZZ Top

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Back to the Future Part III waard regissearre troch Robert Zemeckis nei in senario fan Bob Gale. As produsinten wiene Gale en Neil Canton by it projekt belutsen foar de filmstudio's Amblin Entertainment en Universal Pictures. Steven Spielberg fan Amblin hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri.

De opnamen foar Back to the Future Part III fûnen oanslutend op dy fan Back to the Future Part II plak, yn 'e twadde helte 1989. Se waarden besletten yn jannewaris 1990. Zemeckis makke ekstreem lange dagen doe't er tafersjoch hold op 'e filmmontaazje fan Part II wylst er tagelyk de lieding hie oer de opnamen fan Part III. De westernsênes fan Part III waarden op lokaasje opnommen yn Oak Park (Kalifornje) en yn Monument Valley, op 'e grins fan Utah en Arizona. Ynstee dat der gebrûk makke waard fan besteane westerndekôrs, waard de ferzje fan Hill Valley út 1885 út it neat wei oplutsen op it lân fan 'e Red Hills Ranch yn Sonora (Kalifornje). Guon fan 'e sênes mei de trein waarden filme yn it Steatshistoarysk Park Railtown 1897 yn Jamestown (Kalifornje).

Casting fan Mary Steenburgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It casten fan aktrise Mary Steenburgen yn 'e rol fan Clara Clayton wie wat in apart gefal. Hja hie yn 1979 yn 'e film Time After Time in frou spile dy't fereale rekke op in tiidreizger, mar him net leaude en lulk waard doe't er har de wierheid fertelde oer wêr't er wei kaam, en letter ûntdiek dat er har dochs net foarliigd hie en dêrop efter him oan gie om har mei him te fermoedsoenjen, en úteinlik mei him weromkearde nei syn eigen tiid. Yn Back to the Future Part III spile se in rol dy't mei persiis deselde wurden omskreaun wurde kinne soe. It ferskil wie dat se yn Time After Time in tweintichste-iuwske frou spile dy't mei in tiidreizger út 'e njoggentjinde iuw nei syn tiid weromkearde, wylst se yn Back to the Future Part III in njoggentjinde-iuwske frou spile dy't mei in tiidreizger út 'e tweintichste iuw nei syn tiid weromkearde. It casten fan Steenburgen yn har rol yn Back to the Future Part III liket sadwaande mei opsetsin dien te wêzen om har eardere rol te spegeljen.

Ien fan 'e DeLoreans dy't brûkt waard foar it meitsjen fan Back to the Future Part III.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Back to the Future Part III waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 25 maaie 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 29 maaie 1990 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Back to the Future Part III waard op 8 novimber 1990 útbrocht as VHS-keapfideo, op 17 desimber 2002 op dvd en op 20 oktober 2020 op blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Back to the Future Part III oer it algemien positive resinsjes, hoewol't se it net iens wiene oer hoe't dizze film him ferhold ta de rest fan 'e filmtrilogy. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte Back to the Future Part III mar 21/2 fan 4 stjerren ta, mei't er de earste beide films stikken better fûn en it westernmotyf fan Part III persiis op in komeedzjesearjeferzje fan it Wylde Westen lykjen fûn. Vincent Canby fan The New York Times wie it dêrmei iens. Hoewol't er Christopher Lloyd priizge foar syn aktearprestaasje, fûn er Part III sa "leaflik en smaakleas dat [dizze film] frijwol fuortendaliks fergetten wurdt."

Michael McWhertor fan 'e webside Polygon skreau dat, wylst Back to the Future Part III net better wie as de orizjinele film, hy "stikken better" wie as Back to the Future Part II. Kim Newman fan it Britske tydskrift Empire joech Part III 4 fan 5 stjerren en skreau dat dizze film it minne twadde diel goedmakke troch mear de toan fan 'e oarspronklike film te folgjen. Leonard Maltin, skriuwer fan Leonard Maltin's 2009 Movie Guide, joech fierwei de foarkar oan Part III boppe de eardere beide films, en skreau dat de film "in protte wille en tûzelichmeitsjende special effects biedt en fantasij te oer hat." Ek neamde er Part III in wurk fan "wiere filmmagy".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Back to the Future Part III in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 44 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: [Dizze film] slút de trilogy op befredigjende wize ôf mei in ienfâldiger, ynnimmender rige tiidreiseksploaten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Back to the Future Part III in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 19 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Back to the Future Part III brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $87,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $158,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $246,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $206,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Back to the Future Part III de op fiif nei meast opbringende film fan 1990.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Back to the Future Part III wûn yn 1990 twa Saturn Awards: ien yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur (Thomas F. Wilson) en ien foar bêste filmmuzyk (Alan Silvestri).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Back to the Future (filmsearje)
lange films
Back to the Future (1985) • Back to the Future Part II (1989) • Back to the Future Part III (1990)
koarte films
Doc Brown Saves the World (2015)