Springe nei ynhâld

Leafdesfertriet

Ut Wikipedy
It skilderij Leafdesfertriet, fan Jan Steen.

Leafdesfertriet is in ynformele term foar de negative gefoelens dy't feroarsake wurde troch ôfwizing, ûnbeäntwurde leafde of de ôfwêzichheid of ûnberikberheid fan immen fan wa't men hâldt. Soks kin him sawol troch lichaamlike as troch geastlike ferskynsels manifestearje, en is yn dy sin in oandwaning mei symptomen as fan in sykte. It is net itselde as ferealens, dat guon fan deselde symptomen opropt, mar net de konnotaasje mei ôfwizing of ûnberikberheid hat. Nau besibbe oan leafdesfertriet is wol skiedingsrou, it gefoel dat men (faak) belibbet as in houlik yn in skieding einiget. Leafdesfertriet is in tema dat gauris fan stâl helle wurdt yn 'e literatuer, films, tillefyzje en toaniel.

Leafdesfertriet uteret him yn geastlike en soms sels lichaamlike pine, dy't sterk tinken docht oan in klinyske depresje. Men fielt jin lamliddich en minderweardich, en hat lêst fan pineholle, wurgens, sliepeleazens, in ûnfermogen ta konsintraasje, gjin sin oan iten hawwe, mislikheid en it takennen fan in byleauwige wearde oan beskate foarwerpen en/of hannelingen. De doer fan leafdesfertriet rint sterk útinoar, fan in pear dagen oant lingte fan jierren. Om leafdesfertriet tsjin te gean is it goed om utering te jaan oan jins gefoel fan fertriet, mar tagelyk moat men ek in fêst deiritme oanhâlde mei wurk of oare beuzichheden. Om jin mei oare dingen dwaande te hâlden, jout ôflieding en bedimmet it fertriet wat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.