Haskerhoarne
Haskerhoarne | ||
Tsjerke fan Haskerhoarne | ||
Emblemen | ||
Ofbyld:Flagge fan Haskerhoarne.jpg Ofbyld:Wapen fan Haskerhoarne.jpg | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 540 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A7 A6 | |
Postkoade | 8506 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 50' EL | |
Komboerd | ||
Himrik fan Haskerhoarne (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Offisjele webside | ||
dehoarne.nl | ||
Kaart | ||
Haskerhoarne ( ek wol De Hoarne ) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdeast fan De Jouwer. It doarp hat 540 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Namme
De namme soe ferwize nei de hoeke, dat is 'horne'/'herne', yn it Aldfrysk, hearrende ta Aldehaske. It doarp lei yn de Midsiuwen yn de gritenij Hasker Fiifgea. De gritenij Hasker Fiifgea ûntstie yn de 15e iuw as in gearwurkingsferbân tusken de fiif tsjerkedoarpen Aldehaske, Haskerhoarne, Nijehaske, Westermar en Sniksweach.
Skiednis
Eartiids waard ek turf stutsen yn de omkriten. Troch it doarp ried eartiids de tram fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Der binne gjin winkels mear yn it doarp; minsken geane meast te boadskipjen nei it tichtby lizzende De Jouwer.
Yn 1897 waard yn it doarp in koöperative molkfabryk stifte. Dy waard yn de jierren santich sluten. Sûnt dy tiid is der net folle wurk, mar wol mear rêst yn it doarp komd, benammen ek troch it kearen fan slûpferkear troch it doarp. By de Wyldehoarnster Singel is in einekoai.
Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerhoarne by de gemeente Haskerlân, dy't doe op gie yn de gemeente Skarsterlân. Yn 2014 gie dy wer op yn de nije gemeente De Fryske Marren.
It doarp hat in begraafplak dêr't ek Hotze Brouwer beïerdige waard.
Mienskip
It doarpshûs hjit It Trefpunt. It doarp hie in basisskoalle: 'De Lytse Mienskip', dy't yn 2018 slute moast. De bern fan Haskerhoarne geane hjoed-de-dei nei De Jouwer, Aldehaske of Ousterhaule nei skoalle. Sûnt it hûndertjierrich bestean fan Doarpsbelang yn 2007 hat Haskerhoarne in eigen wapen en flagge.
De Doarpskrante ferskynt fiifris yn 't jier.
Tsjerke
Ferieningen
- Biljertklup Haskerhoarne
- Tennisferiening
- Toanielferiening "Trije Botsense Hoannen"
Befolkingsferrin
1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
139 | 416 | 373 | 395 | 415 | 400 | 490 | 555 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2012 en 2021: Alle Cijfers.)
Strjitten
- Attemaleantsje - nei de pleats fan boer Attema. Flak foar de befrijing sieten dêr wol hûndert fersetsminsken fan NBS, de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften
- Biesterboschstrjitte - nei de romrofte herberch Biesterbosch fan de famylje Biesterbosch en de Biesterboskbrêge (1840)
- Boskwei - rint lâns de Haulster Bosken
- Flueskamp - nei in stik lân dêr't de plantelaach as in flues op it wetter driuwt. Tusken Haskerhoarne en Aldehaske lei in wetterke mei de nammen Flueske. On de noardside dêrfan lei in stik lân dat Flueskamp hiet.
- Gravinnesingel - foarme de grins mei Westermar en rûn fan de Sewei nei it Tsjerkepaad. Namme soe ferbân hâlde kinne mei 'grave', de singel foarme it trasee fan de súdlike dyk fan de grutte polder fan 1716. Singel komt út it Latyn en hat mei 'beskermjen'te krijen. In singel is ek faak in gurdle fan beammen, dêr't in paad tuskentroch rint.
- Haulsterdyk - rjochting Ousterhaule.
- Hearewei - ferwiist nei in net mei namme neamde feanbaas dy't de wei oanlizze liet.
- Hotze Brouwerstrjitte - Hotze Brouwer (1910-1945) wie in feehâlder dy't belutsen wie by wapenferfier en -transporten yn de Twadde Wrâldoarloch. Brouwer waard febrewaris 1945 oppakt en op 17 maart 1945 as repressaile fusilearre by Dunegea.
- Jousterdyk - fan De Jouwer oer Haskerhoarne nei It Hearrenfean. Hjir rûn eartiids de trambaan lâns.
- Koarte Ekers - in eker is in stik boulân tusken twa greppels.
- Lange Ekers - in eker is in stik boulân tusken twa greppels.
- Polderdyk - nei de yn 1716 oanleine polderdyk dy't it westlike part fan de Haskerfeanpolder beslaat mei De Jouwer, Westermar en Haskerhoarne.
- Polderboskdyk - fan de Sewei op De Jouwer nei de lannen fan Haskerhoarne.
- Rykswei - nei Rykswei 43, It Hearrenfean-Snits, no A7
- Tsjerkepaad - âld, net ferhurde paad nei de tsjerke.
- Van Claerbergenstrjitte - famylje Vegelin van Claerbergen wie in laach fan boargemasters en lânhearen.
- Wyldehoarnstersingel - namme wurdt al sûnt 1685 neamd, wiist mooglik op wylde begroeiïng. De singel út 1903 rûn fan Haskerhoarne nei it noarden oer de Wylde Hoarne nei de Welle.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|