Ousterhaule
Ousterhaule | ||
Tsjerke fan Ousterhaule | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 350 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 | |
Postkoade | 8513 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 56' NB, 5° 48' | |
Komboerd | ||
Himrik fan Ousterhaule (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Kaart | ||
Ousterhaule is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan De Jouwer. It doarp hat 350 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De naam ferwiist nei ouwer en hichte ("haule"). It plak hiet foar de oarloch “Oosterhaule”.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut it oarspronklike âlde dorp (Alde Ouwer) is it nije stifte, Ouwster-Nijega, en is ek de haule (hichte) fan de Ouwer bewenber makke: Ousterhaule. It foarmet mei Aldeouwer en Ouster-Nijegea it Ouster Trijegea, feitlik in trijelingdoarp. It blykt bygelyks út in mienskiplike basisskoalle "Trijegeaster Honk". Yn 1741 waard hjir troch de ynset fan de aadlike laach Vegelin de Trijegeasterpolder oanlein. De nijbouwyk hjit Wolsmastate.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat mei Ouwster-Nijega en Oldeouwer ien feriening foar Pleatslik Belang en ien doarpshûs, De Hichte. Omdat de feriening yn 2010 hûndert jier bestie, en de skoalle 175 jier, waard in jubileumboek útjûn.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|
197 | 209 | 204 | 195 | 227 | ±300 | 355 |
Ferieningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pleatslik Belang Ouster-Trijegeaen
- Aktiviteiteteam Ouster-Trijegeaen
- Muzykferiening Excelsior
- Toanielferiening De Lytse Mienskip
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Basisskoalle It Trijegeaster Honk
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in oarspronklik midsiuwsk tsjerkje, dat yn de 20e iuw ommitsele waard. De grutte houten geveltoer fan de Tsjerke fan Ousterhaule is beklaaid mei lead.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sûnt 2003 sit yn Ousterhaule it Frysk Iepenbier Ferfier Museum.
-
Busmuseum
-
Iepenbier Ferfier Museum
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Haulstersingel - boskpaad tusken de Haulsterwei en De Wâldfinnen (Hollandiastrjitte).
- Hearenwei - nei in net mei namme neamde feanbaas dy't de dyk oanlizze liet.
- J Veldstrawei - Jetze Veldstra (1886-1945) wie in boer yn Ousterhaule. Hy wie in yllegale wurker yn de Twadde Wrâldoarloch dy't yn 1945 stoar yn it strafkamp Neuengamme. Ousterhaule hat sûnt 1950 in stânbyld foar him. De wei rint lâns de klokkestoel.
- Marwei - dyk nei de Tsjûkemar.
- Stinsewei - dyk nei de stins fan Wolsma State.
- Wolsmastate - Wolsma State stie hjir ± 1550 stie. It hie it ienige kanon fan de omlizzende gritenijen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |