Nasjonaal Park De Lauwersmar
Nasjonaal Park De Lauwersmar Nationaal Park Lauwersmeer | ||
Lânkaart fan it nasjonaal park. | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsjes | Fryslân Grinslân | |
gemeenten | De Marne Noardeast-Fryslân | |
koördinaten | 53°22′ NB 6°12′ EL | |
oare ynformaasje | ||
status | nasjonaal park | |
oerflak | 60 km² | |
stifting | 2003 | |
behear | Steatsboskbehear | |
webside | www.np-lauwersmeer.nl | |
kaart | ||
It Nasjonaal Park De Lauwersmar (Nederlânsk: Nationaal Park Lauwersmeer) is in nasjonaal park yn it Lauwersmargebiet dat dielen fan Fryslân en Grinslân omfiemet. It beslacht likernôch 60 km² en bestiet sûnt 2003. It Nasjonaal Park De Lauwersmar is tagonklik foar besikers.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ôfsluting fan 'e Lauwerssee, yn 1969, binne de heechleine seeboaiems (it Waad) yn it nije Lauwersmargebiet drûch kommen te stean. Yn 'e earste jierren binne grutte dielen dêrfan frijwol oan har lot oerlitten, sadat de natoer der syn gong gean koe. Dêrby gie it benammen om lân beëasten de wei fan Sâltkamp nei Lauwerseach. It Nasjonaal Park De Lauwersmar hat oer it generaal in iepen karakter, útsein de Ballastplaatbosk yn it noarden, dy't súdeast fan Lauwerseach leit, en de Simmerhûsbosk yn it suden, yn 'e neite fan 'e Dokkumer Nije Silen.
Tsjintwurdich binne grutte dielen fan 'e Ballastplaat, de Rêch, de Sennerplaat, de Blikplaat, de Iezumakeech, de Hoeke fan Bant en it nijfoarme eilân de Skoenderbult net mear tagonklik om 'e natoer dêr te beskermjen. De mar sels is foar it meastepart wol befarber, mar ferskate wetters kin men inkeld mei spesjale tastimming opfarre; dêrby giet it om Efter de Swarten, it Hoarnske Gat, de Flinterbalch, it Jaap Deensgat, de Babbeler, it Simonsgat en it Blikplaatgat.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nasjonaal Park De Lauwersmar is in ferbliuwplak foar sawol stân- as trekfûgels, lykas de sljochtfalk (Falco peregrinus), de reade skries (Limosa lapponica) en de leppelbek (Platalea leucorodia). Winterdeis strike der in protte guozzen del. Op 'e Iezumakeech stiet in fûgelsjochhutte. In bysûnder diel fan it nasjonaal park is it saneamde Lân fan Juffer Ali, súdlik fan Lauwerseach, dat ferneamd is nei in meiwurkster fan Rykswettersteat dy't dêr yn 'e 1980-er jierren ûndersyk die nei floara en fauna. Yn dat gebiet groeie in protte orchideeën.
Dark Sky Park
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2016 hat de International Dark Sky Association it Nasjonaal Park De Lauwersmar útroppen ta it twadde Dark Sky Park fan Nederlân. Parken mei dy kwalifikaasje binne gebieten yn 'e wrâld dêr't it nachtlik tsjuster optimaal ta syn rjocht komt. Minsken binne der nachts ek wolkom om fan it tsjuster te genietsjen. (It earste Dark Sky Park fan Nederlân wie de Boskplaat.)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
Natoergebieten fan de Feriening Natuermonuminten yn Fryslân | |
---|---|
Aldemardumer Klif
• Filenspolder
• Flytsterbosk
• Fochtelerfean
• It Gryn
• Haulerpolder
• Hegewiersterfjild
• Leonserpolder
• Lycklamabosk
• Nasjonaal Park De Lauwersmar
• Nasjonaal Park Skiermûntseach
• Rengersmiede
• Riisterpolder
• Skrins
• Skrok
• Slotpleats
• Suderfinnenspolder
• Westerhitsumerbosk
|