1962
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1957 | 1958 | 1959 | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 | 1966 | 1967 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1962 MCMLXII |
Ab urbe condita | 2715 |
Armeenske kalinder | 1411 ԹՎ ՌՆԺԱ |
Etiopyske kalinder | 1954 – 1955 |
Hebriuwske kalinder | 5722 – 5723 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2017 – 2018 |
- Shaka Samvat | 1884 – 1885 |
- Kali Yuga | 5063 – 5064 |
Iraanske kalinder | 1340 – 1341 |
Islamityske kalinder | 1382 – 1382 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4658 – 4659 戊丑 – 己寅 |
1962 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1962.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 jannewaris - Samoä (yn 't earstoan noch ûnder de namme West-Samoä) wurdt ûnôfhinklik fan Nij-Seelân.
- 8 jannewaris - Yn Nederlân fynt de Treinramp by Harmelen plak, yn 'e Nederlânske provinsje Utert, wêrby't 92 minsken omkomme.
- 9 febrewaris - De Feriene Steaten formalisearje de rol dy't Amerikaanske militêre adviseurs oan 'e kant fan Súd-Fjetnam spylje yn 'e Fjetnamoarloch.
- 16-17 febrewaris - By de Stoarmfloed fan 1962 oerstreame grutte dielen fan 'e Noarddútske kust.
- 20 febrewaris - Astronaut John Glenn wurdt de earste Amerikaan dy't yn in baan om 'e Ierde sirkelet.
- 18 maart - Mei de Ferdraggen fan Évian komt in ein oan 'e bloedige Algerynske Oarloch dy't de Frânsen yn harren koloanje Algerije tsjin 'e Algerynske nasjonalisten fiere.
- 1 juny - Yn Israel wurdt de nazy-oarlochsmisdiediger Adolf Eichmann ophongen.
- 3 july - Algerije wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 5 augustus - Yn Súd-Afrika wurdt de swarte minskerjochte-aktivist Nelson Mandela oppakt. Hy sil pas op 11 febrewaris 1990 wer frijkomme.
- 6 augustus - Jamaika wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 6 augustus - De Amerikaanske filmstjer Marilyn Monroe wurdt dea oantroffen yn 'e sliepkeamer fan har wente yn Los Angeles.
- 31 augustus - Trinidad en Tobago wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 30 septimber - De Amerikaanske presidint John F. Kennedy lit federale troepen yngripe as gûverneur Ross Barnett fan Mississippy in rjochterlik fûnis negearret om James Meredith as earste negroïde studint ynskriuwe te litten oan 'e Universiteit fan Mississippy.
- 9 oktober - Uganda wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 11 oktober - Begjin fan it Twadde Fatikaansk Konsily.
- 16-28 oktober - De Sovjet-Uny besiket raketten mei atoombommen nei bûnsgenoat Kuba te bringen en se dêr op te stellen. De Feriene Steaten wolle dat tsjin eltse priis foarkomme en blokkearje de oanfier fan 'e raketten. Mei dizze Kubakrisis komt de wrâld gefaarlike ticht by in oarloch tusken de beide supermachten.
- 20 oktober - De Sineesk-Yndiaaske Oarloch brekt út as troepen fan 'e Folksrepublyk Sina de Yndiaaske steaten Kasjmier en Aruchal Pradesh binnenfalle.
- 21 novimber - De Sineesk-Yndiaaske Oarloch einiget mei in klinkende oerwinning foar Sina. De Sinezen ûntromje daliks it meastepart fan it ferovere gebiet, mar hâlde Aksai Chin, in diel fan Kasjmier, foargoed beset.
- 16 desimber - De Fryske Nasjonale Partij wurdt oprjochte.
- sûnder datum - De Amerikaanske natuerkundige Nick Holonyak makket it earste dioade-lampke (led).
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 4 - Peter Steele, Amerikaansk bassist en sjonger († 2010)
- 17 - Nanne Tepper, Nederlânsk skriuwer († 2012)
- febrewaris
- 1 - Nico Rienks, Nederlânsk roeier
- 10 - Cliff Burton, Amerikaansk bassist († 1986)
- 10 - Pieter Jan Leeuwerink, Nederlânsk follyballer († 2004)
- 16 - Helena de Boer, Frysk skriuwster en tekeneresse
- 22 - Steve Irwin, Australysk natoerfilmer en dieretúndirekteur († 2006)
- 24 - Teri Weigel, Amerikaansk neakenmodel en pornoaktrise
- april
- 4 - Janneke Spoelstra, Frysk skriuwster en oersetster
- 5 - Sander Simons, Nederlânsk nijslêzer en sjoernalist († 2010)
- 6 - Annejet van der Zijl, Frysk skriuwster en historika
- 13 - Hillel Slovak, Amerikaansk gitarist († 1988)
- 17 - Sjoukje Iedema, Frysk keunstneresse
- juny
- 15 - Tineke de Jager-Van der Zee, Frysk skriuwster
- 19 - Peter Bradshaw, Ingelsk filmkritikus
- 26 - Steven de Jong, Frysk regisseur en filmprodusint
- july
- 18 - Jack Irons, Amerikaansk drummer
- 24 - Sigga, Iislânsk sjongster
- 31 - Wesley Snipes, Amerikaansk akteur
- augustus
- 6 - Michelle Yeoh, Maleizysk aktrise
- 17 - Laura Resnick, Amerikaansk skriuwster
- septimber
- 15 - Jane Lindskold, Amerikaansk skriuwster
- 24 - Nia Vardalos, Kanadeesk-Amerikaansk aktrise en senarioskriuwster
- oktober
- 15 - Alpita de Jong, Frysk letterkundige, essayiste en oersetster
- 16 - Flea, Australysk-Amerikaansk bassist
- novimber
- 1 - Anthony Kiedis, Amerikaansk sjonger
- 10 - Rosemary Church, Noardiersk-Australysk nijslêzeresse
- 12 - Jon Dough, Amerikaansk pornoakteur († 2006)
- 14 - Laura San Giacomo, Amerikaansk aktrise
- 15 - Jeroen Willems, Nederlânsk akteur en sjonger († 2012)
- 18 - Kirk Hammett, Amerikaansk gitarist
- desimber
- 1 - Gail Z. Martin, Amerikaansk skriuwster
- 1 - Richard Jewell, Amerikaansk befeiliger en wetshanthaver († 2007)
- 16 - Maruschka Detmers, Nederlânsk aktrise
- datum ûnbekend
- Ian C. Esslemont, Kanadeesk skriuwer
- Anthony Lane, Ingelsk film- en literatuerkritikus
- David Midthunder, Amerikaansk akteur
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 17 - Gerrit Achterberg, Nederlânsk dichter (* 1905)
- febrewaris
- 14 - David van Embden, Nederlânsk politikus (* 1875)
- april
- 3 - S.H. de Roos, Frysk letter- en boekbânûntwerper en keunstner (* 1877)
- 13 - P.H. Ritter jr., Nederlands letterkundige (* 1882)
- 26 - Pieter Horjus, Frysk winkelman en amateur-archeolooch (* 1887)
- maaie
- 17 - Cornelis Reisma, Frysk skilder, yllustrator en glêzenier (* 1902)
- juny
- 1 - Adolf Eichmann, Dútsk oarlochsmisdiediger (* 1906)
- 6 - Yves Klein, Frânsk keunstskilder (* 1928)
- 13 - Teatske Alzum, Frysk skriuwster (* 1899)
- 16 - Hans Kirk, Deensk skriuwer (* 1898)
- 27 - Maria Dermoût, Nederlânsk-Yndysk skriuwster (* 1888)
- july
- 6 - William Faulkner, Amerikaansk skriuwer (* 1897)
- augustus
- 5 - Marilyn Monroe (Norma Jean Baker), Amerikaansk aktrise en sekssymboal (* 1926)
- 24 - Shorty Templeman, Amerikaansk autokoereur (* 1919)
- septimber
- 5 - Joseph Rock, Eastenryksk-Amerikaansk antropolooch, botanikus, fotograaf, taalkundige, ûntdekkingsreizger en skriuwer (* 1884)
- 7 - Karen Blixen, Deensk skriuwster (* 1885)
- oktober
- 10 - Trygve Gulbranssen, Noarsk skriuwer (* 1894)
- 17 - Natalja Gontsjarova, Russysk keunstskilder (* 1881)
- novimber
- 3 - Anton van Loon, Nederlânsk toulûker (* 1888)
- 3 - Oswald Wenckebach, Nederlânsk keunstner (* 1895)
- 7 - Eleanor Roosevelt, Amerikaansk presidintsfrou (* 1884)
- 18 - Niels Bohr, Deensk natuerkundige en Nobelpriiswinner (* 1885)
- 28 - keninginne Wilhelmina fan de Nederlannen (* 1880)
- desimber
- 12 - David Bueno de Mesquita, Nederlânk keunstner (* 1889)
- 15 - Charles Laughton, Ingelsk akteur en regisseur (* 1899)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- Rink van der Velde, Jûn Healwei Tolven (debútroman)
- Elie Wiesel, La Ville de la Chance (oerset yn it Frysk as De Stêd fan it Lok)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 1957 | 1958 | 1959 | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 | 1966 | 1967 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|