Peter Steele
Peter Steele | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Peter Steele yn 2007 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Petrus Thomas Ratajczyk | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 4 jannewaris 1962 | |
berteplak | Brooklyn | |
stoarn | 14 april 2010 | |
stjerplak | Scranton | |
etnisiteit | Poalsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Basgitaar | |
jierren aktyf | 1979–2010 |
Peter Steele (pseudonym fan Petrus Thomas Ratajczyk) (Brooklyn, 4 jannewaris 1962 – Scranton Pennsylvania, 14 april 2010) wie in Amerikaansk bassist en sjonger. Hy waard benammen bekind as de twa meter lange bassist en sjonger fan de bands Type O Negative (1989 - 2010), en Carnivore (1983 - 1989). Op 14 april 2010 ferstoar Peter Steele yn 'e âldens fan 48 jier.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fallout (1979–1982)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Steele begûn as 12 jierrige mei gitaarspyljen, mar stapte al nei in pear moanne oer op basgitaar. Yn 1979 rjochte Peter Steele doe noch ûnder syn echte namme Peter Ratajczyk tegearre mei gitarist John Campos, toetsenist Josh Silver en drummer Louie Beateaux de metalband Fallout op. Mei dy band brocht Steele de single Rock Hard út en de band gie yn 1982 út inoar.
Carnivore (1984-1989)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tegeare mei earder Fallout drummer Louie Beato rjochte Steele yn 1984 de band Carnivore op, de bandleden van Carnivore giene koart nei it útbringen fan it twadde album byinoar wei, mar kamen yn 2006 wer byinoar foar in reüny. Dat soe de opmaat wêze foar in echte trochstart, mar dat gie troch it hommels ferstjerren fan Steele yn 2010 net troch. Mei dy band brocht Peter Steele twa studio-albums út.
Type O Negative (1989-2010)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1989 rjochte Peter Steele mei earder Fallout toetsenist Josh Silver de gothic metal band Type O Negative op. Mei dy band brocht Peter Steele sân studio-albums út.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Steele waard berne yn Brooklyn, New York, Amearika, as it sechsde bêrn yn in gesin fan seis. Syn âlden wiene fan Jeropeesk komôf. Steele hie twa psychyske problemen, en wie ferslaafd oan kokaïne en alkohol. Yn 2005 gie it geroft dat Steele ferstoarn wêze soe om't er in grêfstien mei syn namme toand waard op it webstee fan Type O Negative mei syn namme der op, mar dat bliek in publisiteitstunt te wêzen fan it nije platelabel dêr't de band foar tekene hie. Peter Steele ferstoar fiif jier letter yn de âldens fan 48 jier.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Carnivore | Novimber 1985 | Carnivore | Carnivore |
Retaliation | Septimber 1987 | ||
Slow, Deep and Hard | 16 juny 1991 | Type O Negative | Unsuccessfully Coping with the Natural Beauty of Infidelity |
The Origin of the Feces | 17 maaie 1992 | ||
Bloody Kisses | 17 augustus 1993 | Black No. 1 (Little Miss Scare-All), Christian Woman, Summer Breeze | |
October Rust | 20 augustus 1996 | My Girlfriend's Girlfriend, Love You To Death, In Praise of Bacchus, Cinnamon Girl (Neil Young cover) | |
World Coming Down | 21 septimber 1999 | Creepy Green Light, Everyone I Love Is Dead, Everything Dies | |
Life Is Killing Me | 17 juny 2003 | I Don't Wanna Be Me" | |
Dead Again | 13 maart 2007 | The Profit of Doom, September Sun |
As gastmuzikant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Single(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
Fight | Fight | 2002 | Doro |
Just Say No to Love | Iommi | 2000 | Iommi |