Ian C. Esslemont

Ut Wikipedy
Ian C. Esslemont
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ian Cameron Esslemont
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 1962
berteplak Winnipeg (Manitoba)
etnisiteit Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
The Malazan Empire-rige
útjouwer Bantam Books
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
gjint

Ian C. Esslemont (folút: Ian Cameron Esslemont; Winnipeg, 1962) is in Kanadeesk skriuwer fan fantasyromans. Mei syn maat Steven Erikson betocht er de Malazynske wrâld, dy't se tegearre útwurken. Allebeide hawwe se boeken skreaun en publisearre dy't yn dyselde wrâld spylje en dêr't foar in diel deselde personaazjes yn foarkomme.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Esslemont, dy't fan Skotsk komôf is, waard yn 1962 berne yn Winnipeg, de haadstêd fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba. Hy is ôfstudearre yn archeology, en hat as archeolooch wurksum west yn Súdeast- en East-Aazje, wêrby't er fjouwer jier yn Tailân en Japan trochbrocht. Letter kearde er werom nei de learbanken om in doktoraat yn literatuer te beheljen. Hy wennet yn Fairbanks, yn 'e Amerikaanske steat Alaska, mei syn frou, de romanskriuwster Gerri Brightwell, en harren trije soannen.

Yn 1982 betochten Esslemont en syn jeugdfreon Steven Erikson de Malazynske wrâld as dekôr foar in role-playing game. Yn 1991 wurke Esslemont mei oan in filmsenario fan Erikson dat yn dy wrâld sitewearre wie, en dat úteinlik de foarm fan in roman oannaam. Hoewol't Erikson foar it boek, dat de titel Gardens of the Moon krige, doedestiden gjin útjouwer fine koe, sprieken hy en Esslemont ôf dat se tenei beiden romans oer de Malazynske wrâld skriuwe soene. Doe't Gardens of the Moon yn 1999 útkaam by Bantam Books, in ymprint fan 'e Random House-difyzje Transworld, en de roman sa goed ferkocht dat de útjouwerij Erikson in kontrakt oanbea om njoggen ferfolchromans te skriuwen, kamen Erikson en Esslemont in formele ferdieling fan 'e ûnderwerpen en haadpersoanen oerien.

Ferplichtings oangeande syn wurk en ûntwikkelings yn syn priveelibben wjerholden Esslemont der lange tiid fan om útein te setten mei syn kant fan it ferhaal, mar úteinlik kaam syn earste roman, Night of Knives, yn 2004 yn in beheinde oplaach út by PS Publishing, folge troch in publikaasje foar de massamerk by Bantam Books yn 2007. Night of Knives is mei 282 siden yn ferhâlding ta de oare romans út 'e Malazynske searjes fan sawol Esslemont as Erikson mar in hiel tin boekje, suver in novelle. It is in prequel fan Erikson syn Malazan Book of the Fallen-rige, wêryn't foarfallen út it ferline opheldere wurde. Neitiid skreau en publisearre Esslemont noch fiif oare Malazynske boeken, de saneamde Malazan Empire-rige. It earste dêrfan, Return of the Crimson Guard (2008), fynt plak yn 'e midden fan Erikson syn searje, mar yn in oar diel fan 'e wrâld. De oare boeken, Stonewielder (2010), Orb, Sceptre, Throne (2012), Blood and Bone (2012) en Assail (2014) slute mear oan op 'e ein fan Erikson syn Malazan Book of the Fallen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Malazan Empire-rige
    • 2004 – Night of Knives (beheinde oplaach; massamerkpublikaasje yn 2007)
    • 2008 – Return of the Crimson Guard
    • 2010 – Stonewielder
    • 2012 – Orb, Sceptre, Throne
    • 2012 – Blood and Bone
    • 2014 – Assail
  • Malazan Empire: Path to Ascendancy
    • 2016 – Dancer's Lament
    • 2017 – Deadhouse Landing
    • 2019 – Kellanved's Reach
    • 2023 – Forge of the High Mage

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.