Springe nei ynhâld

Steven Erikson

Ut Wikipedy
Steven Erikson
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Steven Rune Lundin
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 7 oktober 1959
berteplak Toronto (Ontario)
etnisiteit Sweedsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
The Malazan Book of the
   Fallen
-rige
Bauchelain and
   Korbal Broach
-ferhalen
útjouwer Bantam Books
jierren aktyf 1991 – no
offisjele webside
gjint

Steven Erikson (pseudonym fan: Steven Rune Lundin; Toronto, 7 oktober 1959) is in Kanadeesk skriuwer fan romans, novelles en koarte ferhalen fan it fantasysjenre. Op dat mêd is er ien fan 'e meast foaroansteande auteurs fan syn heitelân. Hy hat fral namme makke mei de rige The Malazan Book of the Fallen, besteande út tsien tsjûke boeken dy't publisearre waarden tusken 1999 en 2011. Njonken syn skriuwkarriêre is Erikson ek aktyf as keunstskilder fan oaljeferveskilderijen. Hy wennet yn it Ingelske Cornwall.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Erikson, dy't fan etnysk Sweedsk komôf is, waard yn 1959 berne yn Toronto, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, mar groeide op yn Winnipeg, yn Manitoba. Hy studearre ôf yn antropology en archeology, en teffens folge er in skriuwersoplieding oan 'e bekende Iowa Writers' Workshop, yn 'e Amerikaanske steat Iowa. Erikson rûne dy lêste oplieding ôf mei it proefskrift A Ruin of Feathers, dat bestiet út in syklus fan koarte ferhalen oer in archeolooch yn Midden-Amearika.

Neitiid krige er in stúdzjebeurs taparte om A Ruin of Feathers út te wreidzjen en by te skaven, en waard it boek yn 1991 útjûn troch TSAR, in lytse Kanadeeske útjouwerij. Syn twadde publisearre wurk wie de novelle Stolen Voices, dêr't Erikson de Anvil Press International 3-Day Novel Contest mei wûn. Dêrfan ferkocht er lykwols de rjochten, in flater dy't er sels wyt oan te min ûnderfining yn 'e omgong mei útjouwers. Syn trêde boek, in ferhalebondel mei de titel Revolvo and Other Canadian Tales, brocht er wer út by TSAR. Syn earste echte roman, This River Awakens, skreau Erikson yn Winnipeg, mar publisearre er yn 1998 by Hodder & Stoughton, nei't er nei Ingelân ferfearn wie. Yn 2004 folgen noch twa oare op harsels steande romans, Fishin' with Grandma Matchie en When She's Gone. Al dat wurk publisearre Erikson ûnder syn wiere namme Steven Lundin.

Fierwei Erikson syn bekendste wurk is lykwols de tsiendielige fantasyrige The Malazan Book of the Fallen ("It Malazynske Boek fan 'e Fallenen"), dy't er útbrocht ûnder syn bekendere pseudonym. De Malazynske wrâld waard troch Erikson en syn maat Ian C. Esslemont tegearre betocht as it dekôr foar in role-playing game. It earste boek út 'e rige, Gardens of the Moon, begûn as in filmsenario dat him ta roman ûntjoech. Erikson skreau it yn 1991-1992, mar koe der doe gjin útjouwer foar fine.

Yn 'e twadde helte fan 'e jierren njoggentich toande Transworld Publishers, in difyzje fan Random House, lykwols belangstelling foar it wurk. It kocht Garden of the Moon en frege Erikson om ferskate ferfolgen te skriuwen. Hoewol't er letter yn in fraachpetear tajoech dat er yn 't earstoan net folle fidúsje yn 'e hiele saak hân hie, makke Erikson doe op basis fan 'e skiednis fan 'e Malazynske wrâld en yn oerlis mei Esslemont ambysjeuze plannen foar noch njoggen dielen yn 'e rige. Doe't Gardens of the Moon yn 1999 publisearre waard troch Bantam UK, in ymprint fan Transworld, waarden de loovjende kritiken fia it ynternet ferspraat, wat foar in run op it boek soarge. Dêrop besocht Orion Erikson by Transworld wei te lokjen, mar dat rûn op 'e non doe't Transworld £675.000 deltelde foar de restearjende njoggen boeken.

Nei Gardens of the Moon (703 siden) publisearre Erikson suver elts jier in nij diel yn 'e searje, te begjinnen mei Deadhouse Gates (2000, 935 siden) en Memories of Ice (2001, 1180 siden). Tsjin 2006 wiene der fan 'e rige al mear as 250.000 eksimplaren oer de toanbank gien. The Malazan Book of the Fallen is in wurk fan epyske proporsjes mei plakken fan hanneling dy't alle kontininten fan 'e Malazynske wrâld omfiemje, en mei in ûnbidich grut ferskaat oan personaazjes. Guon fan 'e meast opfallenden binne Kellanved, de seerôverhaadman dy't it Malazynske Ryk stifte en keizer waard, mar ferret en om hals brocht waard en no in god wurden is; Anomander Rake, de legindaryske en rjochtlinige lieder fan 'e net-minsklike Tiste Andii, de Bern fan it Tsjuster; de reus Karsa Orlong, in geweldner dy't him oan nimmen wat gelegen lizze lit; Icarium Libbensteller, in ûnstjerlike swalker mei ûnthâldsferlies dy't sûnder ein siket nei syn wiere identiteit; Bugg, dy't trochgiet foar de tsjinstfeint fan in oan legerwâl rekke wurkjouwer, mar yn wurklikheid Mael, de god fan 'e see, is; en fierders de ûndeade neändertalereftige T'lan Imass, foar ivich geande holden troch harren eed om har âlde fijannen, de Jaghut, út te rûgjen; de Swarden fan 'e Karmozinene Garde, bûn troch in oare eed, ien fan striid tsjin it Malazynske Ryk; en de Brêgebaarners, in elite-ienheid fan it Malazynske leger, oanfierd troch de feteraan Whiskeyjack.

De webside Fantasy Book Review omskreau de rige as "de bêste fantasysearje út 'e resinte skiednis". It earste diel, Gardens of the Moon, waard nominearre foar in World Fantasy Award. Erikson foltôge de searje yn 2011 mei de roman The Crippled God. Underwilens hied er doe ek al ferskate novelles skreaun oer Bauchelain en Korbal Broach, twa omreizgjende searjemoardners dy't yn The Malazan Book of the Fallen in lytse byrol ferfollen, en Emancipor Reese, harren net te benydzjen tsjinstfeint. Yn 2012 sette er útein mei de Kharkanas-trilogy, in prequel fan 'e oarspronklike searje, dy't de skiednis fan Anomander Rake beskriuwt. Yn it fraachpetear út 2008 fertelde Erikson dat er in kontrakt tekene hie foar twa trilogyen (dus de Kharkanas-trilogy en noch ien) en seis novelles. Njonken Erikson syn eigen wurk spylje ek de romans fan syn maat Ian C. Esslemont yn 'e Malazynske wrâld, dêr't se The Malazan Book of the Fallen oerlaapje en oanfolje.

(N.B.: yn 'e ûndersteande list giet it om romans, of it moat oars oanjûn wêze)

as Steven Lundin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1991 – A Ruin of Feathers (ferhalebondel)
  • 1993 – Stolen Voices (novelle)
  • 1998 – Revolvo & Other Canadian Tales (ferhalebondel)
  • 1998 – This River Awakens
  • 2004 – Fishin' with Grandma Matchie
  • 2004 – When She's Gone

ûnder it pseudonym Steven Erikson

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
spyljend yn 'e Malazynske wrâld
  • The Malazan Book of the Fallen
    • 1999 – Gardens of the Moon
      • Nederlânske oersetting: Het Malazijnse Rijk (fert. Erica Feberwee, 2000, Uitgeverij M; yn 2008 troch Luitingh Fantasy werútjûn as De Tuinen van de Maan)
    • 2000 – Deadhouse Gates
      • Nederlânske oersetting: De Poorten van het Dodenhuis (fert. Erica Feberwee, 2001, Uitgeverij M; yn 2008 troch Luitingh Fantasy werútjûn as Het Rijk van de Zeven Steden)
    • 2001 – Memories of Ice
      • Nederlânske oersetting: In de Ban van de Woestijn (fert. Renée C. Vink en Emrys Huntington, 2009, Luitingh Fantasy)
    • 2002 – House of Chains
      • Nederlânske oersetting: Het Huis der Ketenen (fert. Lia Belt en Ruud Bal, 2009, Luitingh Fantasy)
    • 2004 – Midnight Tides
    • 2006 – The Bonehunters
    • 2007 – Reaper's Gale
    • 2008 – Toll the Hounds
    • 2009 – Dust of Dreams
    • 2011 – The Crippled God
  • Bauchelain and Korbal Broach-rige
    • 2002 – Blood Follows (novelle)
    • 2004 – The Healthy Dead (novelle)
    • 2007 – The Lees of Laughter's End (novelle; gronologysk komt The Lees of Laughter's End foàr The Healthy Dead)
    • 2009 – Crack’d Pot Trail (novelle)
    • 2012 – The Wurms of Blearmouth (novelle)
    • 2021 – The Fiends of Nightmaria (novelle)
    • 2021 – Upon a Dark of Evil Overlords (novelle)
      • 2007 – Bauchelain and Korbal Broach (omnibusedysje fan Blood Follows, The Healthy Dead en The Lees of Laughter's End)
  • Kharkanas-trilogy
    • 2012 – Forge of Darkness
    • 2014 – Fall of Light
    • 20?? – Walk in Shadow (moat noch útkomme)
  • Witness-rige
    • 2021 – The God Is Not Willing
oar wurk
  • 2004 – The Devil Delivered (koart ferhaal)
  • 2008 – Revolvo (koart ferhaal; werútjefte)
  • 2012 – The Devil Delivered and Other Stories (ferhalebondel)
  • 2012 – This River Awakens
  • Willful Child-trilogy (parody op Star Trek: The Original Series)
    • 2014 – Willful Child
    • 2016 – Wrath of Betty
    • 2018 – The Search for Spark
  • 2018 – Rejoice

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1993 Anvil Press Internation 3-Day Novel Contest wûn haadpriis Stolen Voices
2000 World Fantasy Award nominearre bêste fantasyroman Gardens of the Moon

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.