Uitgeverij Luitingh-Sijthoff

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Luitingh Fantasy)
Uitgeverij Luitingh-Sijthoff
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Amsterdam (Noard-Hollân)
oprjochte 1989
eigner VBK
fuortk. út A.W. Sijthoff's Uitgeversmij
Uitgeverij Luitingh
offisjele webside
www.luitingh-sijthoff.nl

Uitgeverij Luitingh-Sijthoff is in algemiene Nederlânske útjouwerij, fêstige te Amsterdam, dy't fiksje en non-fiksje publisearret foar de Nederlânsktalige merk. De útjouwerij is yn 1989 ûntstien troch in fúzje fan A.W. Sijthoff's Uitgeversmaatschappij, dy't yn 1851 oprjochte wie troch Albertus Willem Sijthoff, en Uitgeverij Luitingh, dy't bestie sûnt 1947. Yn 'e mande mei ferskate oare Nederlânske útjouwerijen, wêrûnder Uitgeverij Contact en Kosmos Uitgevers, heart Utjouwerij Luitingh-Sijthoff ta útjouwersgroep VBK.

Ymprints[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Luitingh-Sijthoff publisearret ûnder de folgjende ymprints:

Fryske útjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2013 naam Uitgeverij Luitingh-Sijthoff it inisjatyf om Inferno, de nijste bestseller fan 'e Amerikaanske skriuwer Dan Brown, yn it Frysk út te bringen. Dêrta waard kontakt lein mei skriuwer en dichter Abe de Vries, om it boek oer te setten. De resultearjende fertaling, Ynferno, kaam begjin desimber út yn in oplaach fan 3.000 eksimplaren. Luitingh-Sijthoff wie hjirmei de earste lanlike útjouwerij dy't him op 'e Frysktalige merk bejoech.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: