Gail Z. Martin

Ut Wikipedy
Gail Z. Martin
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gail Zehner Martin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 desimber 1962
berteplak Meadville (Pennsylvania)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
The Chronicles of the
   Necromancer
útjouwer Solaris Books
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
www.ascendantkingdoms.com
www.chroniclesofthenecromancer.com
www.dreamspinnercommunications.com

Gail Z. Martin (folút: Gail Zehner Martin; Meadville (Pennsylvania), 1 desimber 1962) is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyliteratuer, publisiste en universitêr dosinte. Hja leit har by har skriuwen benammen ta op 'e subsjenres fan 'e hege fantasy en de urban fantasy. Martin is it bekendst wurden mei har fjouwerdielige searje The Chronicles of the Necromancer, dy't se tusken 2007 en 2010 publisearre.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Martin waard yn 1962 as Gail Zehner berne yn Meadville, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Hja folge in oplieding skiednis oan it Grove City Kolleezje, yn Grove City, dy't se yn 1984 ôfsleat mei it beheljen fan in bachelortitel. Dêrnei learde se fierder yn marketing en managementynformaasjesystemen oan 'e Steatsuniversiteit fan Pennsylvania yn University Park, dêr't se yn 1986 in mastergraad yn behelle. Neitiid wurke se santjin jier lang yn it bedriuwslibben, wêrby't se opklom ta fise-presidinte foar bedriuwskommunikaasje, oant se yn 2003 har eigen managementadvysbedriuw oprjochte, dat fan Dreamspinner Communications hjit. Yn 1987 troude Martin mei in Larry N. Martin, mei wa't hja trije bern hat.

Nei't se har eigen bedriuw oprjochte hie, sette Martin yn har frije tiid útein mei in karriêre as skriuwster. Dat hie al lang in dream fan har west, en har earste koarte ferhaal skreau hja doe't hja fiif jier wie. Letter rjochte se op 'e middelbere skoalle in fanzine op. Yn 2007 publisearre se har earste roman, mei as titel The Summoner. Dat wie it earste diel fan 'e searje The Chronicles of the Necromancer, en waard folge troch The Blood King (2008), Dark Haven (2009) en Dark Lady's Chosen (2010). Mei dy rige briek Martin daliks troch en de fjouwer boeken waarden bestsellers. Neitiid skreau se de Fallen Kings-duology, de fjouwerdielige Ascendant Kingdoms-rige en in grut tal op harsels steande romans, novelles en koarte ferhalen.

Njonken har bedriuw en har wurk as skriuwster hat Martin in trijetal non-fiksjewurken publisearre, en dêrnjonken skriuwt se artikels foar regionale en nasjonale tydskriften yn 'e Feriene Steaten. Teffens jout se les yn p.r.-skriuwwurk en sprekken yn it iepenbier oan 'e Universiteit fan Noard-Karolina, yn Charlotte. Martin wennet geregeldwei science fiction- en fantasykonvinsjes by.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Chronicles of the Necromancer-searje
    • 2007 – The Summoner
    • 2008 – The Blood King
    • 2009 – Dark Haven
    • 2010 – Dark Lady's Chosen
  • Fallen Kings-rige
    • 2011 – The Sworn
    • 2012 – The Dread
  • Ascendant Kingdoms-searje
    • 2013 – Ice Forged
    • 2014 – Reign of Ash
    • 2015 – War of Shadows
    • 2015 – No Reprieve
    • 2016 – Shadow and Flame
  • Deadly Curiosities-searje (novelles)
    • 2013 – Vanities
    • 2013 – Wild Hunt
    • 2013 – Dark Legacy
    • 2013 – Steer a Pale Course
    • 2013 – Among the Shoals Forever
    • 2013 – The Low Road
    • 2013 – Buttons
    • 2014 – Deadly Curiosities
    • 2014 – Coffin Box
    • 2014 – Wicked Dreams
    • 2014 – Collector
    • 2014 – Bad Memories
    • 2015 – Shadow Garden
    • 2015 – The Restless Dead (koart ferhaal)
    • 2015 – Retribution (koart ferhaal)
    • 2015 – Spook House
    • 2015 – Fatal Invitation
    • 2015 – Redcap
    • 2015 – Vendetta
    • 2016 – Bloodlines
    • 2016 – Predator
    • 2016 – Trifles and Folly (koart ferhaal)
    • 2016 – Fair Game
    • 2016 – The Final Death
    • 2017 – Unraveled
    • 2017 – Trifles and Folly 2 (koart ferhaal)
    • 2018 – Tangled Web
    • 2019 – Inheritance
    • 2021 – Legacy
    • 2022 – Trifles and Folly 3 (koart ferhaal)
  • Jonmarc Vahanian-rige (novelles)
    • 2013 – Raider's Curse
    • 2013 – Caves Of The Dead
    • 2013 – Storm Surge
    • 2013 – Bounty Hunter
    • 2013 – Blood's Cost
    • 2013 – Stormgard
    • 2014 – Monstrosities
    • 2014 – Bad Places
    • 2014 – Dead Man's Bet
    • 2014 – Dark Passage
    • 2014 – Bad Blood
    • 2014 – Haunts
    • 2014 – Cursed
    • 2014 – Death Plot
    • 2015 – Brigands
    • 2015 – Bleak Harvest
    • 2015 – Hard Choices
    • 2015 – Dead Reckoning
    • 2015 – Desperate Flight
    • 2016 – The Shadowed Path (koart ferhaal)
    • 2017 – Death Match
    • 2017 – Guardian
    • 2017 – Smuggler
    • 2018 – The Dark Road (koart ferhaal)
  • Storm and Fury-rige (novelles; mei Larry N. Martin)
    • 2015 – Resurrection Day
    • 2016 – Grave Voices
    • 2016 – Airship Down
    • 2016 – Rogue
    • 2017 – Ghost Wolf
    • 2017 – Lagniappe
    • 2017 – The Hunt
    • 2017 – Ruin Creek koart ferhaal)
    • 2017 – Storm & Fury (koart ferhaal)
  • Blain McFadden-rige (novelles)
    • 2015 – Arctic Prison
    • 2015 – Ice Bound
    • 2015 – Cold Fury
    • 2016 – King's Convicts (koart ferhaal)
    • 2019 – Convicts and Exiles (koart ferhaal)
    • 2019 – King's Exiles
  • Darkhurst-rige
    • 2017 – Scourge
    • 2018 – Vengeance
  • Spells, Salt & Steel-rige (novelles; mei Larry N. Martin)
    • 2017 – Spells, Salt & Steel
    • 2018 – Open Season
    • 2018 – Deep Trouble
    • 2018 – Close Encounters
    • 2019 – Night Moves
    • 2020 – Monster Mash
    • 2020 – Creature Feature
    • 2022 – House of Cards
  • Assassins of Landria-rige
    • 2018 – Assassin's Honor
    • 2020 – Sellsword's Oath
    • 2020 – Fugitive's Vow
    • 2022 – Exile's Quest
    • 2023 – Outlaw's Vengeance
  • Night Vigil-rige
    • 2018 – Sons of Darkness
    • 2022 – C.H.A.R.O.N.
  • Joe Mack-rige (mei Larry N. Martin)
    • 2019 – Cauldron
    • 2020 – Black Sun
    • 2021 – Chicagoland
    • 2022 – Spellbound
  • Wasteland Marshals-rige (mei Larry N. Martin)
    • 2019 – Wasteland Marshals
    • 2020 – Witch of the Woods
    • 2020 – Ghosts of the Past
    • 2021 – Shutdown Crew
  • op harsels steande titels
    • 2015 – Iron and Blood

Non-fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2010 – The Thrifty Author's Guide to Launching Your book without Losing Your Mind
  • 2010 – 30 Days To Social Media Success: The 30 Day Results Guide to Making the Most of Twitter, Blogging, Linkedin, and Facebook
  • 2012 – Thrifty Author: Social Media and Mobile Apps for Authors

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.