Solaris Books

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Solaris Books
Solaris Logo BLACK.jpg
algemien
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Oxford (Ingelân)
oprjochte 2007
mem Rebellion Developments
offisjele webside
www.solarisbooks.com

Solaris Books is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn it Ingelske Oxford, en dy't him taleit op 'e publikaasje fan science fiction- en fantasyliteratuer. It bedriuw makket tsjintwurdich ûnderdiel út fan Rebellion Developments.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Solaris Books waard yn febrewaris 2007 oprjochte as in ymprint fan BL Publishing, as in trêde ymprint fan dy útjouwerij njonken Black Library en it doetiidske Black Flame. Yn antwurd op 'e fraach nei it wêrom fan 'e nije ymprint sei George Mann, fan BL Publishing, dat der tusken de grutte útjouwerskorporaasjes en de lytse, ûnôfhinklike útjouwerijkes ornaris gjin romte oerbliuwt foar de midden, en dat Solaris in platfoarm wurde soe foar begjinnende auteurs en auteurs mei beheinde lêzerstallen.

Yn septimber 2009 waard Solaris Books oernommen troch Rebellion Developments, in útjouwerij dy't ek strips en grafyske romans publisearret ûnder de ymprint 2000 AD en sjenrefiksje ûnder de ymprint Abaddon Books. Solaris kaam doe ûnder it bewâld te stean fan Abaddon-haadredakteur Jonathan Oliver, dy't oan beide ymprints parallel lieding joech. Oan it belied fan Solaris feroare nei de oername suver neat, en de besteande relaasje mei de skriuwers bleau beholden.

Yn augustus 2010 kaam de 73ste titel fan Solaris út. Under de auteurs dy't har wurk by Solaris publisearre hawwe, binne Emily Gee, Simon R. Green, Paul Kearney, Gail Z. Martin en Juliet E. McKenna.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.