Laura San Giacomo

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Laura San Giacomo
Filmklapper.png akteur
Laura San Giacomo.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Laura San Giacoma
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 14 novimber 1962
berteplak West Orange (Nij-Jersey)
etnisiteit Flag of Italy.svg Italjaansk
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
gjint

Laura San Giacomo (West Orange (Nij-Jersey), 14 novimber 1962) is in Amerikaansk toaniel-, film-, tillefyzje- en stimaktrise fan etnysk Italjaansk komôf. Se briek yn 1989 troch mei har rol yn 'e film Sex, Lies and Videotape, en spile neitiid yn films as Quigley Down Under en Pretty Woman. Teffens wie San Giacomo jierrenlang op 'e tillefyzje te sjen as Maya Gallo yn 'e komeedzjesearje Just Shoot Me!

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

San Giacomo waard yn 1962 berne yn West Orange, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, as de dochter fan 'e papierfabrikant John San Giacomo en dy syn frou MaryJo, dy't beiden fan Italjaansk komôf wiene. Se groeide op yn Denville en ûntdiek har leafde foar aktearjen op 'e middelbere skoalle. San Giacomo folge letter in aktearoplieding oan 'e Carnegie Mellon School of Drama yn Pittsburgh, dy't se yn 1984 ôfrûne mei in bachelortitel.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid ferfear San Giacomo nei New York, dêr't se har karriêre úteinsette mei rollen yn ferskate off-Broadway toanielproduksjes. Dêrûnder wiene ferskate stikken fan Shakespeare, lykas De Stoarm, Nei Jim Beleavjen en Romeo en Julia. Yn 1987 ferskynde se foar it earst op 'e tillefyzje, yn in gastrol yn 'e searje Spenser: For Hire. Letter hie San Giacomo ek gastrollen yn searjes as Crime Story, Miami Vice en All My Children. Har earste filmrol hie se yn 1988, mei in lytse roltsje yn Miles from Home, dêr't se net iens foar op 'e ôftiteling fermelden waard.

San Giacomo har trochbraak kaam yn 1989, mei de rol fan Cynthia Bishop yn 'e film Sex, Lies and Videotape fan regisseur Steven Soderbergh, dy't op it Filmfestival fan Cannes bekroand waard mei de Gouden Palm. Foar dy rol wûn se de Independent Spirit Award yn 'e kategory bêste froulike byrol, twa Chicago Film Critics Association Awards (foar bêste froulike byrol en meast ûnthjittende aktrise) en in Los Angeles Film Critics Association Award foar bêste nijynkommelinge. Teffens waard se nominearre foar in BAFTA en in Golden Globe.

Datselde jiers spile San Giacomo de froulike haadrol yn 'e Australyske western Quigley Down Under, as tsjinspylster fan Tom Selleck, en yn 1990 wie se te sjen yn Pretty Woman, as Kit De Luca, de bêste freondinne fan it personaazje fan haadrolspylster Julia Roberts. Oare films dêr't San Giacomo yn dy snuorje yn spile, wiene Under Suspicion (1991), Once Around (1991), Where the Day Takes You (1992) en Suicide Kings (1997). Yn 1998 wie se as stimaktrise belutsen by de produksje fan 'e tekenfilm Gargoyles: Brothers Betrayed. Teffens fertolke San Giacomo yn 1994 de rol fan Nadine Cross yn 'e minysearje The Stand, op basis fan in boek fan fantasy- en horror-auteur Stephen King, wêrby't se de tsjinspylster wie fan Rob Lowe. Yn 1999 spile se yn 'e film Eat Your Heart Out, en yn 2001 hie se de haadrol yn 'e biografyske film Jenifer, oer it libben fan 'e oan ALS stoarne teäterprodusinte Jenifer Estess.

Yn 1997 hie San Giacomo krekt in poppe krigen, dat se woe net lange tiid fan hûs om op lokaasje te filmjen, en dêrom naam se in rol yn in komeedzjesearje oan. Dat wie Just Shoot Me!, dat op 'e redaksje fan in moadetiidskrift spile, dêr't alderhanne aparte kwanten omrûnen. San Giacomo fertolke yn 'e searje de rol fan 'e temperamintfolle sjoernaliste Maya Gallo, dy't geregeldwei botste mei har heit (spile troch George Segal), de haadredakteur fan it blêd. San Giacomo en de oare fjouwer haadpersonaazjes spilen yn totaal yn 148 ôfleverings, en Just Shoot Me! rûn oant 2003. Yn 1999 waard San Giacomo foar har fertolking fan 'e rol fan Maya Gallo nominearre foar in Golden Globe foar bêste aktrise, en yn 2001 waard se nominearre foar in Satellite Award yn deselde kategory.

Nei't Just Shoot Me! stopset wie, ferskynde San Giacomo sporadysk yn films, lykas yn Havoc (2005), Few Options (2011), Least Among Saints (2012) en The Meddler (2015). Foar har rol fan Flo Applebaum, yn Checking Out (2005), wûn se de priis foar bêste aktrise fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach. Op 'e tillefyzje wie San Giacomo nei 2003 te sjen yn gastrollen yn searjes as The Handler, Veronica Mars, In Plain Sight, The Defenders, Medium, Hot in Cleveland, The Mentalist en NCIS. Teffens spile se yn 'e tillefyzjefilm Talhotblond, út 2012, en fan 2007 oant 2010 hie se in fêste rol as Rhetta Rodriguez yn 'e searje Saving Grace.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

San Giacomo har earste houlik, mei akteur Cameron Dye, duorre fan 1990 oant 1998. Mei him krige hja in soan, Mason (1995), dy't oanhelle is mei harsensferlamming. Sûnt 2000 is se troud mei akteur Matt Adler. Se wenje yn 'e San Fernando-delling, yn Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. San Giacomo har hobbys binne hynsteriden, turnjen, keunstriden, ballet, tennis, golf en pianospyljen. Se docht in protte goeddiedichheidswurk, benammen foar lichaamlik of geastlik beheinde bern.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.