Jack Irons

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Jack Irons
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Jack Irons yn 1983
Jack Irons yn 1983
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jack Steven Irons
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 18 july 1962
berteplak Los Angeles
wurkpaad
sjenre Rock
ynstrumint Drums
jierren aktyf 1976 - No

Jack Steven Irons (Los Angeles, 18 july 1962) is in Amerikaansk drummer. Hy is bekend as de orizjinele drummer fan de Red Hot Chili Peppers. Irons wie letter ek drummer by de band Eleven en dernei drummer by Pearl Jam. Yn 2004 en 2010 brocht Irons in solo album út.

Jack Irons is hikke en tein yn Los Angeles. Op de middelbere skoalle rekke er befreone mei de studinten Flea, Hillel Slovak en Anthony Kiedis dêr't er letter de Red Hot Chili Peppers mei oprjochte. Nei't syn maat gitarist Hillel Slovak ferstoar oan in oerdosis, stapte Irons út de Red Hot Chili Peppers, hy woe neat mear te krijen hawwe mei de heroïne. Irons waard mei syn mei-bandleden fan de Red Hot Chili Peppers yn 2012 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
The Red Hot Chili Peppers 10 augustus 1984 Red Hot Chili Peppers Get Up and Jump
What Is This 1985 What Is This?
Freaky Styley 16 augustus 1985 Red Hot Chili Peppers Jungle Man,
Hollywood (Africa)
The Uplift Mofo Party Plan 29 septimber 1987 Fight Like a Brave
Awake in a Dream 1991 Eleven
Eleven 1993
Vitalogy 22 novimber 1994 Pearl Jam Spin the Black Circle,
Not for You,
Immortality
No Code 27 augustus 1996 Who You Are,
Hail, Hail,
Off He Goes
Yield 3 febrewaris 1998 Given to Fly,
Wishlist
Howling Book 2003 Eleven
Attention Dimension 7 septimber 2004 Jack Irons
No Heads Are Better Than One 24 augustus 2010