Sjoukje Iedema

Ut Wikipedy
Waadtûken

Sjoukje Iedema (Tsjom, 17 april 1962) is in Frysk keunstner. Se folge har oplieding oan ABK Vredeman de Vries yn Ljouwert. Hja studearre ôf yn de rjochting Monumintale foarmjouwing yn 1992. Se folge boppedat lessen portrettekenjen, tekenjen en akwarellearjen by Peter Vassilev. De wurken binne meast figuratyf.

Sjoukje Iedema wurket in soad mei oaljeferve op paniel, benammen technyk fan drûge nuddel. It wurk krijt reliëf trochdat de lyntsjes troch de ferve hinne gean. Pastel-en ierdetinten ferheegje de sfear fan it wurk. Meast wurket se yn tema's en docht gjin papieren foarstúdzje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: