Springe nei ynhâld

Laura Resnick

Ut Wikipedy
Laura Resnick
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Laura Leone
echte namme Laura Resnick
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 augustus 1962
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Joadsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, romantyske fiksje, SF,
non-fiksje, kollumns, essay's
bekendste
  wurk(en)
In Legend Born
Esther Diamond-rige
útjouwer Tor Books
DAW Books
Silhouette Books
prizen J.W. Campbell Award 1993
3x Romantic Times Award
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
www.lauraresnick.com

Laura Resnick (Chicago (Illinois), 17 augustus 1962), is in Amerikaansk skriuwster, publisiste, kollumniste en essayiste fan Joadsk komôf. Op it mêd fan fiksje leit hja har benammen ta op it skriuwen fan fantasyromans, al hat se ek ferskate koarte ferhalen op har namme stean dy't ta it science fiction-sjenre hearre. Foarhinne skreau se ek romantyske fiksje ûnder it pseudonym Laura Leone.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Laura Resnick waard yn 1962 berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, as de dochter fan 'e Amerikaanske science fiction-skriuwer Mike Resnick. Doe't se in jier as trettjin, fjirtjin wie, ferfear se mei har âlden nei Cincinnati, yn Ohio, dêr't se fierder opgroeide. In bekend sitaat fan 'e njoggentjinde-iuwske Amerikaanske skriuwer Mark Twain is dat yn Cincinnati alles tsien jier letter bard, en neffens har eigen webside leit Resnick har ûnfermogen om har oan deadlines te hâlden nei alle gedachten dêroan.

Resnick studearre cum laude ôf yn talen en taalkunde oan 'e Universiteit fan Georgetown, yn Washington, D.C., en sprekt floeiend Frânsk en Italjaansk. Nei har stúdzjetiid libbe se ferskate jierren yn 'e Britske haadstêd Londen, dêr't se in aktearoplieding folge oan 'e Webber Douglas Academy of Dramatic Art en ferskate bybaantsjes hie (wêrfan ien dêr't se in geheimhâldingsferklearring foar tekenje moast ûnder de British Secrets Act). Fierders wurke se ek yn Israel, as frijwillichster yn in kibbûts, en ferbleau se yn Itaalje, dêr't se Ingelske les joech.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't se oan har heit fan deunby sjoen hie wat in freeslik libben oft immen hat dy't in karriêre as skriuwer neistribbet, wie Resnick fan jongs ôf oan wisberet om nea yn har heite fuotleasten te trêdzjen. Mar op 'e iene of oare manear wist se dat ûnthjit oan harsels net fol te hâlden, en tsjin 'e ein fan 'e tachtiger jierren begûn se sels te skriuwen. Yn 't earstoan publisearre se fral romantyske fiksje ûnder it pseudonym Laura Leone, te begjinnen mei de roman One Sultry Summer, dy't publisearre waard yn 1989. Fanôf 1991 sette se ek útein mei it skriuwen fan koarte ferhalen dy't ta de sjenres fan fantasy en science fiction hearden. Yn 1993 wûn se foar it ferhaal No Room for the Unicorn de John W. Campbell Award for Best New Writer. Dêropta hat se ek trijeris de Romantic Times Reviewers' Choice Award fan it tydskrift de Romantic Times wûn, en hat se nominearre west foar in RITA Award.

Tusken 1998 en 2003 ferskynden Resnick har earste fantasyromans, In Legend Born, The White Dragon en The Destroyer Goddess, dy't yn it blêd Publishers Weekly omkreaun waarden as "in peareltsje op it mêd fan it fertellen fan ferhalen." Mei-inoar foarmen dizze trije boeken de Silearyske Trilogy. It wie Resnick har bedoeling om mear boeken oer deselde wrâld te skriuwen, yn in rige dy't dan The Chronicles of Sirkara komme soene te hjitten. Mar dêr kaam wat tusken, dat sadwaande binne The Chronicles of Sirkara oant no ta beheind bleaun ta de Silearyske Trilogy.

Fan 2003 oant 2010 wie Resnick grutdiels besteld mei oare dingen, al skreau se noch in grut tal koarte ferhalen, in bondel kollumns en essay's dy't se yn 2007 publisearre ûnder de titel Rejection, Romance, and Royalties: The Wacky World of a Working Writer, en de roman The Purifying Fire, dy't basearre is op it Magic: The Gathering-spul. Yn 2005 ferskynde by útjouwerij Luna Books fierders Disappearing Nightly, in roman fan it urban fantasy-subsjenre, wêryn't de lêzer foar it earst yn 'e kunde kaam mei Esther Diamond, in oertsjûgjend út 'e ferve kommende jonge Newyorkske aktrise fan Joadsk komôf, dy't likefolle mei harsels dwaande is as mei de paranormale aventoeren dêr't se by fersin yn fersyld rekket.

Disappearing Nightly waard yn 2012 werútjûn troch DAW Books, en tsjin dy tiid wie it it earste diel wurden fan in populêre searje oer Esther Diamond, wêryn't de skriuwster op humoristyske en lichtfuottige wize net allinne it fantasysjenre en it libben fan in aktrise ûnder de lûp nimt, mar teffens de draak stekt mei withoefolle aspekten fan it libben yn in metropoal as New York, wylst se yn 'e ferhalen dochs in beskate spanning wit yn te bouwen. Sa nimt de ûnwillige heldinne it yn it earste diel op tsjin in sljochtsinnige tsjoenderslearling dy't mei de ûntfiering fan aktrises besiket om in demon safier te krijen dat dy him de macht jout om 'e wrâld te oerhearskjen. Yn diel 2, Doppelgangster (2010), wurket Esther tusken har aktearwurk troch as servearster yn in restaurant yn Little Italy, dêr't foar har eagen in lid fan 'e mafia op ûnferklearbere wize út 'e ljochten holpen wurdt. Dêrnei nimt se it û.m. noch op tsjin boasaardige bedriuwers fan voodoo (yn Unsympathetic Magic) en tsjin in bloedtoarstige fampier (yn Vamparazzi). Yn novimber 2014 kaam Abracadaver út, dat it sânde diel fan 'e rige wie. Resnick is fan doel om teminsten noch trije oare Esther Diamond-boeken te skriuwen.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har karriêre as fiksjeskriuwster wie Resnick fan jannewaris 2000 oant septimber 2003 ek aktyf as kollumniste, mei eltse moanne in opiny-artikel yn it blêd Nink, it tydskrift fan 'e ynternasjonale beropsauteursferiening Novelists, Inc., dêr't se yn 2007 en 2008 foarsitter fan wie. Fierders hie se fan 2001 oant 2003 ek ien kear yn it fearnsjier in kollumn yn it SFWA Bulletin, it orgaan fan 'e Science Fiction & Fantasy Writers of America, en fan 2009 ôf hat se fannijs in kollumn yn Nink, ûnder de titel The Mad Scribbler ("De Healwize Kwattelder"). Ek is hja de auteur fan it non-fiksjeboek A Blonde in Africa, in ferslach fan har acht moannen duorjende reis troch Afrika. Boppedat wurket se noch altyd oan har masterstitel yn 'e sjoernalistyk, wêrfoar't se yn 2006 staazje rûn by in parse-agintskip yn Jeruzalim.

Romantyske fiksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(ûnder it pseudonym Laura Leone)

  • 1989 – One Sultry Summer
  • 1989 – A Wilder Name
  • 1989 – Ulterior Motives
  • 1990 – Guilty Secrets
  • 1990 – A Woman's Work
  • 1990 – Upon A Midnight Clear
  • 1991 – The Black Sheep
  • 1991 – Celestial Bodies
  • 1991 – The Bandit King
  • 1992 – Untouched By Man
  • 1993 – Under The Voodoo Moon
  • 1993 – Sleight of Hand
  • 1997 – Fever Dreams
  • 2003 – Fallen From Grace
  • 2004 – Nights of Fire
  • The Chronicles of Sirkara
    • 1998 – In Legend Born
    • 2003 – The White Dragon
    • 2003 – The Destroyer Goddess
  • Esther Diamond-searje
    • 2005 – Disappearing Nightly (werútjûn yn 2012)
    • 2010 – Doppelgangster
    • 2010 – Unsympathetic Magic
    • 2011 – Vamparazzi
    • 2012 – Polterheist
    • 2013 – The Misfortune Cookie
    • 2014 – Abracadaver
  • 2009 – The Purifying Fire (in roman basearre op it Magic: The Gathering-spul, hearrend ta de romanrige Magic: The Gathering – Planeswalker, wêrfan't de oare dielen skreaun binne troch oare auteurs)
Ferhalebondels
  • 2011 – Highway to Heaven
  • 2011 – Maybe You've Heard of Me?
Koarte ferhalen
  • 1991 – No Room for the Unicorn (yn Horse Fantastic)
  • 1991 – Avant Vanguard (yn The Fantastic Adventures of Robin Hood)
  • 1992 – We Are Not Amused (yn Alternate Presidents)
  • 1992 – The Abominable Snowman (yn A Christmas Bestiary)
  • 1992 – Yasmine (yn Aladdin Chronicles)
  • 1992 – Heaven's Only Daughter (yn Whatdunnits)
  • 1992 – Fluff the Tragic Dragon (yn Dragon Fantastic)
  • 1992 – A Fleeting Wisp of Glory (yn Alternate Kennedys)
  • 1993 – The Vatican Outfit (yn Alternate Warriors)
  • 1993 – When the Ego Alters (yn Betcha Can't Read Just One)
  • 1993 – Curren's Song (yn Dinosaur Fantastic)
  • 1993 – Upon A Midnight Dreary (yn Christmas Ghosts, werprinte yn Spec the Halls, 2011)
  • 1994 – Confessional (yn Deals With the Devil)
  • 1994 – Under a Sky More Fiercely Blue (yn By Any Other Fame)
  • 1994 – The Muse Afire (yn Weird Tales From Shakespeare)
  • 1994 – Those Rowdy Royals! (yn Alien Pregnant By Elvis!)
  • 1994 – Saint Frankie (yn Alternate Outlaws)
  • 1994 – Ever Since Eden (yn South From Midnight)
  • 1995 – Full Earth Tonight (yn VB Tech Magazine)
  • 1995 – The Adventure of the Missing Coffin (yn Sherlock Holmes in Orbit)
  • 1995 – A Wind From Heaven (yn Ancient Enchantresses)
  • 1995 – Enter the Night (yn Orphans of the Night)
  • 1996 – The Lily Maid of Astat (yn Return To Avalon)
  • 1996 – The Hound Lover (yn Phantoms of the Night; werprinte yn Obsession: Tales of Irresistible Desire, 2012)
  • 1996 – Wall Street Wizards (yn The Shimmering Door)
  • 1997 – Amandla! (yn Alternate Tyrants)
  • 1997 – In Zodiac We Trust (yn Zodaic Fantastic)
  • 1997 – Highway To Heaven (yn Highwaymen, Robbers, & Rogues)
  • 1997 – Terrible Monkey (mei Kathy Chwedyk; yn Return of the Dinosaurs)
  • 1997 – She of the Night (mei Kathy Chwedyk; yn Urban Nightmares)
  • 1998 – Qadishtu (mei Kathy Chwedyk; yn Warrior Enchantresses)
  • 1998 – The Fortunes of Temperance (yn Lamps On the Brow)
  • 1999 – The Purple Rose of Romance (yn Nerve)
  • 2001 – Homicidal Honeymoon (yn Murder Most Romantic)
  • 2001 – Grievous Wounds (yn Out of Avalon)
  • 2001 – Freddy Nearby (yn Silicon Dreams)
  • 2002 – The "Capo" of Darkness (yn Vengeance Fantastic; werprinte yn This Is My Funniest, 2006)
  • 2002 – Wallgate (yn The Shadow of the Wall)
  • 2002 – First Familiars (yn Familiars)
  • 2002 – The Spin Wizard (yn Pharaoh Fantastic)
  • 2003 – Licensed To Reclaim (yn Women Writing SF As Men)
  • 2003 – The Prodigy (yn The Sorcerer's Academy)
  • 2004 – The Magic Keyboard (yn The Magic Shop)
  • 2004 – Doppelgangster (yn Murder By Magic; werprinte yn The Dragon Done It, 2008 en yn The Best Paranormal Crime Stories Ever Told, 2010)
  • 2005 – Diary of a Galactic Emigre (yn I, Alien)
  • 2005 – Jesus H. Christ (yn Time After Time)
  • 2006 – Greek To Me (yn Hags, Sirens, & Other Bad Girls)
  • 2006 – Lady Roxanne LaBelle (yn The Magic Toy Box)
  • 2007 – Creation: The Launch! (yn Baen's Universe)
  • 2007 – Camelot's Greatest Hits (yn Fate Fantastic)
  • 2008 – By Any Other Name (yn Mystery Date)
  • 2008 – Something Virtual This Way Comes (yn Something Wicked This Way Comes)
  • 2008 – Peacekeeping Mission (yn Front Lines; werprinte yn The Mammoth Book of SF Wars, 2012)
  • 2008 – Fang Fest (yn Enchantment Place)
  • 2008 – Temporal Management (yn Witch High)
  • 2008 – The Infernal Revenant Service (yn Better Off Undead)
  • 2009 – The Spear of Destiny (yn Swordplay)
  • 2009 – Project: Creation (yn Intelligent Design)
  • 2009 – The Quin Quart (yn The Trouble With Heroes)
  • 2011 – Mortal Mix-Up (yn Human For A Day)
  • 2012 – The Story of My Unlife (yn Cast of Characters)
  • 2013 – Your Name Here (yn How To Save the World)
  • 2013 – No Place Like Home (yn When Dreams Come True)
  • 2013 – Fabian's Wake (yn I Never Thought I'd See You Again)
  • 2015 – A Girl's Home Is Her Rent-Controlled Castle (yn Chicks and Balances)
  • 2015 – Friendship (yn Blackguards)
  • 1997 – A Blonde in Africa
  • 2007 – Rejection, Romance, and Royalties: The Wacky World of a Working Writer
  • 1999 – Cape Town Townships (yn The Reader's Companion To South Africa)
  • 2001 – Book Proposal: In Legend Born (yn I Have This Nifty Idea, Now What Do I Do With It?)
  • 2003 – The Good, the Bad and the Ambivalent (yn Seven Seasons of Buffy: Science Fiction and Fantasy Writers Discuss Their Favorite Television Show)
  • 2004 – That Angel Doesn't Live Here Anymore (yn Five Seasons of Angel: Science Fiction and Fantasy Authors Discuss Their Favorite Vampire)
  • 2005 – The Charm of Charmed (yn Totally Charmed: Demons, Whitelighters and the Power of Three)
  • 2005 – Bride & Prejudice (yn Flirting with Pride & Prejudice: Fresh Perspectives on the Original Chick-Lit Masterpiece)
  • 2006 – Are Brain-Dead Chimpanzees Eating My Shelf Space? (yn Star Wars On Trial: Science Fiction and Fantasy Writers Debate the Most Popular Science Fiction Films of All Time)

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1989 Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn bêste romantyske fiksje One Sultry Summer
1993 Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn bêste romantyske fiksje Under the Voodoo Moon
John W. Campbell Award for Best New Writer wûn bêste science fiction- of fantasydebút No Room for the Unicorn
2004 RITA Award nominearre bêste kontemporêne romantyk Fallen from Grace
Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn bêste romantyske fiksje Fallen from Grace

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.