1923
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1923 MCMXXIII |
Ab urbe condita | 2676 |
Armeenske kalinder | 1372 ԹՎ ՌՅՀԲ |
Etiopyske kalinder | 1915 – 1916 |
Hebriuwske kalinder | 5683 – 5684 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1978 – 1979 |
- Shaka Samvat | 1845 – 1846 |
- Kali Yuga | 5024 – 5025 |
Iraanske kalinder | 1301 – 1302 |
Islamityske kalinder | 1342 – 1342 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4619 – 4620 己戌 – 庚亥 |
Oergongskalinder foar 1923: | |
1923 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1923.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 10 jannewaris - Litouske troepen besette it Memellân, in kuststripe oan 'e Eastsee. It Litouske regear ferklearret it gebiet dêrmei anneksearre.
- 11 jannewaris - Frankryk en Belgje geane oer ta de militêre Besetting fan it Ruhrgebiet, om't Dútslân net mear foldwaan kin oan 'e yn it Ferdrach fan Versailles fêstleine ferhelbetellings.
- 22 jannewaris - De mynwurkers yn it Ruhrgebiet geane foar ûnbeskate tiid yn staking út protest tsjin 'e Frânske en Belgyske Besetting fan it Ruhrgebiet.
- 28 jannewaris - It Frânske regear slút it Ruhrgebiet hermetysk ôf fan 'e rest fan Dútslân en fiert mynwurkers oan út Frankryk om 'e staking fan 'e pleatslike mynwurkers te brekken.
- 28-29 jannewaris - Yn München wurdt it 1e Kongres fan 'e nasjonaal-sosjalistyske NSDAP holden.
- 5 febrewaris - Yn Itaalje lit de faksistyske premier Benito Mussolini tûzenen sosjalisten en kommunisten oppakke.
- 16 febrewaris - De Alliëarden akseptearje de Litouske anneksaasje fan it Memellân.
- 31 maart - Yn 'e Dútske stêd Essen iepenje Frânske troepen it fjoer op demonstrearjende arbeiders op it fabryksterrein fan Krupp. By dit Bloedbad fan Essen komme 13 arbeiders om en reitsje mear as 30 ferwûne, fan wa guon earnstich.
- 27 april - It faksistyske rezjym fan Benito Mussolini yn Itaalje beslist dat plakken yn Súd-Tiroal gjin Dútsktalige plaknammen mear hawwe meie. Alle nammen wurde italjanisearre.
- 27 april - Yn Noard-Fryslân wurdt de Friisk Foriining oprjochte, ûnder namme Friesisch-Schleswigsche Verein.
- 24 maaie - Yn 'e Ierske Frijsteat komt in ein oan 'e bloedige Ierske Boargeroarloch troch de oerjefte fan 'e republikeinske rebellen fan Éamon de Valera.
- 5 juny - De presidint fan 'e Dútske sintrale bank, Rudolf Havenstein, makket bekend dat syn Reichsbank de fal fan 'e Reichsmark net mear keare kin.
- 9 juny - By in steatsgreep yn Bulgarije wurdt premier Aleksander Stambûliski ôfset.
- 15 juny - Yn 'e neite fan syn wenplak Slavovitsa wurdt de ôfsette Bulgaarske premier Aleksander Stambûliski troch militêren stânrjochtlik eksekutearre.
- 24 july - Grikelân en Turkije slute yn it Switserske Lausanne it Ferdrach fan Lausanne, wêrmei't in ein komt oan sawol de Gryksk-Turkske Oarloch as oan 'e Turkske Unôfhinklikheidsoarloch. Dit ferdrach, dêr't de grinzen fan 'e nije Turkske Republyk yn fêstlein binne, betsjut lykwols ek de ein foar de ûnôfhinklike steaten fan 'e Koerden en de Armenen, ta de oprjochting wêrfan't besletten wie yn it eardere Ferdrach fan Sèvres.
- 2 augustus - De Amerikaanske presidint Warren Harding beswykt oan in oerhaal. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint Calvin Coolidge.
- 31 augustus - It Folkebûn ferlient oan Belgje it mandaat oer de eardere Dútske koloanje Rûanda-Oerûndy.
- 31 augustus - De Italjaanske premier Benito Mussolini stjoert troepen om it Grykske eilân Korfû te besetten, nei't oan 'e grins fan Grikelân mei Albaanje inkele Italjaanske ofsieren fermoarde binne.
- 13 septimber - By in steatsgreep yn Spanje, dy't útfierd wurdt mei goedkarring fan kening Alfûns XIII, komt in militêre diktatuer ûnder lieding fan Miguel Primo de Rivera oan 'e macht.
- 15 septimber - It Frysk Boun om Utens wurdt oprjochte.
- 26 septimber - It Dútske regear fan kânselier Gustav Stresemann jout it ferduldich ferset tsjin 'e Frânske-Belgyske Besetting fan it Ruhrgebiet op om't it finansjeel net mear op te bringen is.
- 27 septimber - Nei ynternasjonale bemiddeling jout de Italjaanske premier Benito Mussolini de besetting fan Korfû op.
- 29 oktober - De Republyk Turkije wurdt formeel útroppen. De eardere generaal Mustafa Kemal Atatürk wurdt ta presidint keazen.
- 9 novimber - Yn München docht in espeltsje leden fan 'e marzjinale Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij ûnder lieding fan âld-generaal Erich Ludendorff en de Eastenriker Adolf Hitler in mislearre steatsgreep, de saneamde Bierkelderpûtsj, tsjin 'e regearings fan 'e Frijsteat Beieren en de Weimarrepublyk. De NSDAP wurdt neitiid ferbean.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 16 - Willem Aantjes, Nederlânsk politikus († 2015)
- 19 - Jean Stapleton, Amerikaansk aktrise († 2013)
- 23 - Alma Hogan Snell, Amerikaansk skiedkundige en krûdekundige († 2008)
- 24 - Simeon ten Holt, Nederlânsk komponist († 2012)
- febrewaris
- 7 - Willem Augustin, Nederlânsk maratonrider († 2004)
- 15 - Jelena Bonner, Sovjet dissidinte († 2011)
- 19 - Feite Faber, Frysk boargemaster († 2010)
- maart
- 12 - Hjalmar Andersen, Noarsk reedrider († 2013)
- april
- 4 - Manon Alving, Frysk aktrise († 2010)
- 6 - Marten van der Leest, Frysk keatser († 2008)
- 19 - Meindert van der Weerd, Frysk keatser († 2010)
- maaie
- 6 - Josep Seguer, Spaansk fuotballer († 2014)
- 17 - Henry Kissinger, Amerikaansk politikus († 2023)
- 31 - prins Reinier III fan Monako († 2005)
- juny
- 1 - Christiaan Moll, Nederlânsk politikus († 1998)
- 10 - Gerrit Elzinga, Frysk archeolooch en konservator († 2017)
- 14 - Judith Kerr, Ingelsk berneboekeskriuwster en yllustratrise († 2019)
- 18 - Herman Krebbers, Nederlânsk fioelist en muzykpedagooch († 2018)
- 20 - Rudi Hemmes, Nederlânsk fersetsstrider en kommandant fan de loftmacht († 2022)
- 26 - Frans Tutuhatunewa, Súd-Moluksk presidint yn ballingskip († 2016)
- july
- 2 - Wisława Szymborska, Poalsk dichteresse († 2012)
- 9 - Joke Folmer, Nederlânsk fersetsstrider († 2022)
- 13 - Jouke Klazes Bakker, Frysk konsintraasjekampoerlibbene († 2011)
- 20 - Jampie Kuneman, Nederlânsk fuotballer en fersetsman († 2018)
- 23 - Thea Beckman, Nederlânsk berneboekeskriuwster († 2004)
- 27 - Volie Schermer-de Jong, Frysk fersetstrider († 2024)
- augustus
- 2 - Shimon Peres, premier en presidint fan Israel († 2016)
- 3 - Shenouda III, paus fan de Koptysk-Otterdokse Tsjerke († 2012)
- 9 - Gerrit Kouwenaar, Nederlânsk dichter († 2014)
- 18 - André Roosenburg, Nederlânsk fuotballer († 2002)
- 20 - Jim Reeves, Amerikaansk sjonger († 1964)
- 29 - lord Richard Attenborough, Ingelsk akteur, filmregisseur en filmprodusint († 2014)
- septimber
- 1 - Jaap van der Meij, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1999)
- 16 - Appie Baantjer, Nederlânsk skriuwer († 2010)
- 18 - Jurjen Mellema, Nederlânsk politikus († 2017)
- 22 - Hans Bakker, Nederlânsk publisist en redakteur († 2016)
- 25 - Piet Engels, Nederlânsk politikus († 1994)
- oktober
- 5 - Hugo Kingmans, Nederlânsk sjoernalist († 1997)
- 5 - Glynis Johns, Welsk aktrise († 2024)
- 13 - Faas Wilkes, Nederlânsk fuotballer († 2006)
- 29 - Gerda van der Kade-Koudijs, Nederlânsk atlete († 2015)
- 30 - Jan Bruin, Nederlânsk fersetsstrider († 2004)
- novimber
- 8 - Lenze Meinsma, Frysk dokter en bestjoerder († 2008)
- 14 - jhr. Cornelis van Eysinga, Frysk ealman en bestjoerder († 2018)
- 15 - Lento Goffi, Italjaansk skriuwer en sjoernalist († 2008)
- 17 - Dirk Reitsma, Nederlânsk politikus († 1999)
- 28 - Teake Hoekema, Frysk heechlearaar († 2003)
- desimber
- 3 - Halbe Brandsma, Frysk ridder yn de Militêre Willems-Oarder († 2000)
- 6 - Giovanni Narcis Hakkenberg, Nederlânsk marinier en ridder yn de Militêre Willems-Oarder († 2013)
- 14 - Gerard Reve, Nederlânsk skriuwer († 2006)
- 16 - Tip Marugg, Antilliaansk skriuwer en dichter († 2006)
- datum ûnbekend
- Jan W. van der Hoorn, Nederlânsk reedrider en alvestêdetochtwinner
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 10 febrewaris - Wilhelm Conrad Röntgen, Dútsk natuerkundige en Nobelpriiswinner (* 1845)
- 26 maart - Sarah Bernhardt, Frânsk-Nederlânsk aktrise (* 1844)
- 28 april - Geart van der Zwaag, Frysk keapman, aktivist en politikus (* 1858)
- 18 maaie - Lourens Zandstra, Frysk fakbûnslieder en politikus (* 1848)
- 16 july - Louis Couperus, Nederlânsk skriuwer (* 1863)
- 25 augustus - Ietje Kooistra, Frysk pedagoge en feministe (* 1861)
- 20 novimber - Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten, Frysk politikus (* 1839)
- datum ûnbekend
Jierren: | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|