Jan Bruin (publisist)
Appearance
- Dizze side giet oer de publisist Jan Bruin. Foar de fuotballer Jan Bruin, sjoch: Jan Bruin (fuotballer).
Jan Gerrit Bruin (Zaandam, 30 oktober 1923 - dêre, 27 oktober 2004) wie in Nederlânsk fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch.
Yn de oarloch waard er Kleine Jantje neamd. Hy wie by de Binnenlânske Striidkrêften en yn 1944 waard er opnaam yn de Gewestelijke Sabotage Afdeling. Hy wie ûnder mear in betûft reparateur fan wapens, dy't by in dropping skansearre wiene. Nei de oarloch wie er mei-oprjochter en siktaris fan de Stichting Zaans Verzet 1940-1945.
Publisist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1985 wurke er mei oan de útjefte fan Verzet en Bezetting aan de Zaan. Begjin jannewaris 1990 sette er út ein mei syn ûndersyk nei Ingelânfarders. Dat late ta de útjefte fan syn boek Vrijheid achter de Horizon yn 1998.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|