Springe nei ynhâld

Volie Schermer-de Jong

Ut Wikipedy
Volie Schermer-de Jong
persoanlike bysûnderheden
echte namme Vogeltje Schermer-de Jong
oare namme Mary (fersetsnamme)
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 july 1923
berteplak Snits
stoarn 14 febrewaris 2024 (100 jier)
stjerplak Boalsert
wurkpaad
berop/amt ferpleechkundige
reden
  bekendheid
koerierster foar KP Snits yn WO II

Volie Schermer-de Jong (Snits, 27 july 1923 - Boalsert, 14 febrewaris 2024) [1] wie in Fryske fersetsfrou yn de Twadde Wrâldoarloch. Sy wenne yn Toppenhuzen.

Volie de Jong waard grutbrocht yn Snits as dochter fan winkelman Doede en Sierdje de Jong. Sy kaam op har 20ste by it ferset. Sy waard koerierster foar de Knokploech Snits ûnder de skûlnamme Mary. Se fytste alle dagen tsientallen kilometers, troch waar en wyn, om yllegale post ôf te leverjen, benammen yn Fryslân. De post bewarre se ûnder har trui, de adressen hie se yn de holle.

"Ik wie noait bang", sei frou Schermer-De Jong yn in fraachpetear yn mei it Sneeker Nieuwsblad yn 2013, mar nei de oarloch kamen de spanningen boppe.

Nei de befrijing gie Volie nei Amsterdam, dêr 't se ferpleechster waard. In pear jier letter kaam se werom nei Snits, dêr 't se har jeugdleafde Jaap Schermer wer moete. Sy trouden yn 1950. Hja kamen yn it Westen te wenjen, mar nei Jaap syn pensjoen setten se har wer nei wenjen yn Toppenhuzen. [2]

Frou Schermer-de Jong wie foar har ferstjerren de op ien nei âldste noch libjende frou fan it Fryske ferset. Se stoar yn de âldens fan 100 jier yn in fersoargingshûs yn Boalsert.

  • Walle, Hessel de, Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, Dokkum, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: