Alma Hogan Snell

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alma Hogan Snell
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alma Hogan Snell
oare namme Bea Azeta
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 23 jannewaris 1923
berteplak yn it Krieë Reservaat (Montana)
stoarn 5 maaie 2008
stjerplak Billings (Montana)
etnisiteit Flagge fan de Kro Stamme.png Kriesk
wurkpaad
berop/amt skiedkundige, ûnderwizeresse
aktyf as krûdekundige
jierren aktyf 19452008
bekendste
  wurk(en)
A Taste of Heritage
Grandmother's Grandchild

Alma Hogan Snell (yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 23 jannewaris 1923Billings (Montana), 5 maaie 2008) wie in Amerikaansk skiedkundige, ûnderwizeresse, krûdekundige en publisiste fan Yndiaansk etnysk komôf. Hja wie in bernsbern fan Giet-Foarút, in ferkenner yn it Amerikaanske Leger, en Moai Skyld, in medisynfrou.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Snell wie in Krie-Yndiaanse dy't yn 1923 berne waard yn Krieë Yndianereservaat yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Har pake wie Giet-Foarút, dy't ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne en meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, en har beppe wie Moai Skyld, in foaroansteand medisynfrou fan 'e Krieën. Snell har Krieske namme wie Bea Azeta, dat "Wiidferneamde Frou" betsjut.

Snell ûntjoech har ta skiedkundige fan har eigen folk en lei har dêrnjonken ta op krûdekunde. Hja joech de hiele Feriene Steaten troch lêzings oer de genêskundige wurking en oare eigenskippen fan planten, en teffens oangeande ûnderwerpen as sûnens en wolwêzen. Snell publisearre twa boeken: it itensiedersboek A Taste of Heritage (2006), wêryn't se tradysjonele Krieske resepten beskreau, en har autobiografy Grandmother's Grandchild: My Crow Indian Life. Fierders skreau Snell yn 2003 it wurd foarôf foar de werútjefte fan 'e biografy fan har beppe Moai Skyld, Pretty-Shield: Medicine Woman of the Crows.

Alma Hogan Snell wie troud mei Bill Snell, en hie twa soannen, Ted Hogan en Bill Snell jr. Se wenne yn Yellowtail en kaam op 5 maaie 2008 yn 'e stêd Billings, yn Montana, te ferstjerren. Hja waard 85 jier âld.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.