Dirk Reitsma
Dirk Reitsma (Velp, 17 novimber 1923 – 17 febrewaris 1999) wie in Nederlânske politikus út namme fan de VVD.
Hy wie in soan fan K. Reitsma (1897-1979) dy't op dat stuit direkteur fan de fleiskeuringstsjinst fan de gemeente Rheden wie en letter direkteur waard fan it Iepenbier Slachthûs yn Leien.
Dirk Reitsma gie nei it gymnasium yn De Haach en letter Leien. Neist syn rjochtestúdzje oan de Ryksuniversiteit Leien wied er klerk by dat Iepenbier Slachthûs en amtner by de ôfdieling ûnderwiis fan de gemeente Leien. Nei't er ôfstudearre wie gie er yn 1957 oan 't wurk as kommys by de ôfdieling algemiene saken fan it kabinet fan de boargemaster fan Amsterdam dêr't er it brocht ta haadkommys. Yn jannewaris 1961 waard Reitsma beneamd ta boargemaster fan Warnsveld en yn desimber 1972 folge syn beneaming yn itselde amt yn Menameradiel. Fan maaie 1979 oant syn pinsjoen yn desimber 1988 wie er boargemaster fan de gemeente Vught.
Yn febrewaris 1999 stoar Reitsma yn de âldens fan 75 jier.