Springe nei ynhâld

Trettjinde Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan 13e Alvestêdetocht)
Trettjinde Alvestêdetocht
De rûte fan 'e 13e Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e 13e Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 21 febrewaris 1985
evenemint Alvestêdetocht
edysje 13
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Evert van Benthem
winnende tiid 6:47:44 oeren
tal dielnimmers 276 wedstrydriders
16.179 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Trettjinde Alvestêdetocht wie de trettjinde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 21 febrewaris 1985. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden nei 22 Alvestêdetochtleaze jierren. De winner wie Evert van Benthem út Sint-Janskleaster, mei in rekôrtiid fan krapoan 6 oeren en 48 minuten. De Trettjinde Alvestêdetocht wie de earste edysje wêrby't froulju meidwaan koene oan 'e wedstryd. De fluchste frou wie Lenie van der Hoorn-Langelaan.

Organisaasje en omstannichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Tolfde Alvestêdetocht fan 1963 fûn der 22 jier lang gjin Alvestêdetocht plak. Inkeld fanatike leafhawwers fan reedriden hiene sadwaande op 't langelêst elts jier noch hoop dat it him diskear wol wurde soe. De winter fan 1984 op 1985 wie relatyf strang. Mids jannewaris lei der frijwat iis. It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden kaam op 20 jannewaris gear ûnder lieding fan Jan Sipkema, dy't doe noch gjin jier foarsitter wie, om 'e mooglikheden foar in Alvestêdetocht te bepraten. Om't teiwaar foarsein waard, besleat men lykwols ynearsten net oer te gean ta it útskriuwen fan in tocht.[1]

Tsjin febrewaris leaude net ien mear dat der yn 1985 noch in Alvestêdetocht ferriden wurde koe. Doe folge mids febrewaris ynienen in nije snuorje fan strange froast. Op 18 febrewaris spriek Sipkema de ferlossende wurden: "It sil heve." Dêrmei waard de Trettjinde Alvestêdetocht útskreaun foar 21 febrewaris. Neitiid wie it in gekkeboel om alles foar de tocht op 'e tiid klear te krijen, temear om't sa'n evenemint al sa lang net holden wie. De animo om mei te dwaan wie oerweldigjend. Foar de ynskriuwingsburo's foarmen har de jûns yn 't foar al lange rigen fan entûsjaste reedriders dy't tarist mei sliepsekken, bûntmantels en flessen bearenburch de kâlde nacht bûtendoar trochbrochten om der de oare moarns ier by te wêzen. Binnen in oere nei iepening fan 'e ynskriuwing wiene alle 15.000 startkaarten útferkocht.

Grutte tarin by de ynskriuwing foar de Trettjinde Alvestêdetocht yn Amsterdam.

Topreedriders Emiel Hopman en Piet Kleine slagge it net om in startbewiis te bemachtigjen, om 'e simpele reden dat se nea de muoite nommen hiene om lid te wurden fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden. Dêrmei wiene dy mannen, dy't oars perfoarst grutte gadingmakkers op 'e oerwinning fan 'e wedstryd west hiene, by foarbaat útskeakele. Foar de NOS teach in grutte kliber kameralju en ferslachjouwers ûnder lieding fan Koos Postema en Mart Smeets nei Fryslân ta, sadat de omrop de Alvestêdetocht live op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoere koe. (It live-ferslach waard op 21 febrewaris 2015 nochris yn syn gehiel troch de NOS op 'e tillefyzje werhelle.)

Oan 'e wedstryd fan 'e Terttjinde Alvestêdetocht diene 276 reedriders mei. De start fûn om 5.00 oere moarns plak yn 'e Fryslânhal yn Ljouwert, doe't wedstrydlieder Gerrit van den Ham it startskot loste. De dielnimmers moasten doe earst 1.750 m drave nei de Swettehaven om it iis te berikken. Pas dêr koene se de redens ûnderbine om oer De Swette fuort te striken yn 'e rjochting fan Snits. By trochkomst yn Sleat, om 6.55 oere, lei Rein Jonker fan Wytgaard foarop, mar by trochkomst yn Hylpen wie der noch sprake fan in (yn 'e wurden fan Heinze Bakker) "massale kopgroep" fan fyftich oant sechstich man. Jos Niesten fan Heemskerk kaam dêr by de befoarrieding oer Co Gilling hinne te fallen, mar rekke aldergeloks net sa slim blessearre dat er de striid opjaan moast.

Tariedings foar de Trettjinde Alvestêdetocht: de brânwacht fan Snits dwaande mei in iistransplantaasje.

Pas foarby Warkum foel de grutte kopgroep útinoar. Yn Boalsert, dêr't yn 'e binnenstêd in hiel ein om in wjek hinne klune wurde moast op âlde flierbedekking, leine trije man foaroan: Evert van Benthem fan Sint-Jansklooster, Wim Westerveld fan Eemnes en Albert Bakker fan Grins. Folle foarsprong op harren efterfolgers hiene dy lykwols net. Op it achtste plak lei Jan Roelof Kruithof fan Havelte, de op jierren reitsjende winner fan mar leafst tsien Alternative Alvestêdetochten. Dyselde kaam by in ein klúnjen yn Kimswert lyk foar de doar fan 'e pleatslike bakkerij sa ûngelokkich te fallen, dat syn kânsen op 'e oerwinning fersjoen wiene, hoewol't er de tocht wol útried.

De grutte kopgroep ûnderweis nei Starum.

Yn Harns kamen Westerveld en Bakker om 9.39 oere tegearre as earsten troch. Hja hiene doe wolteld 20 sekonden foarsprong op harren efterfolgers, ûnder wa Van Benthem, Niesten, Lubbert van der Molen fan Nuis en Henri Ruitenberg fan Oldebroek. By trochkomst yn Frjentsjer wie in oansjenlike kopgroep wer byinoar kommen; Niesten stimpele dêr as earste ôf. Op 'e Feinsumerfeart ter hichte fan Feinsum foel de kloft útinoar yn in tolvemans kopgroep en in groepke fan fjouwer efterfolgers. Sa passearren se de earste kear Bartlehiem. Op 'e Dokkumer Ie op de hichte fan Sibrandahûs rieden Van Benthem, Niesten, Ruitenberg en Jan Kooiman fan Ammerstol út 'e kopgroep wei. Dat fjouwertal kaam as earsten troch yn Dokkum en sette de weromweis oer de Dokkumer Ie yn.

Doe't se op 'e nij Bartlehiem passearren om oan 'e restearjende 9 km nei Ljouwert te begjinnen, hiene de fjouwer koprinners in foarsprong fan rom oardel minút opboud op 'e rest fan 'e âlde kopgroep, dy't oanfierd waard troch Bakker en Dries van Wijhe fan Oosterwolde (Gelderlân). Dat ferskil wie foar de efterfolgers net mear yn te rinnen. Van Benthem, Kooiman, Niesten en Ruitenberg rieden fjouweresom de Bonkefeart yn Ljouwert op, dêr't it Van Benthem wie dy't de oare trije mannen mei in ferskil fan inkele desimeters fersloech yn in einsprint nei de finish. Hy kaam binnen mei in rekôrtiid fan 6 oeren, 47 minuten en 44 sekonden. Dy flugge tiid wie net inkeld te tankjen oan it relatyf goede iis en de geunstige waarsomstannichheden, mar ek oan moderne training, redens en klean. Ruitenberg waard twadde, Niesten trêde en Kooiman kaam as fjirde binnen.

De Trettjinde Alvestêdetocht wie de earste edysje fan 'e Alvestêdetocht wêrby't froulju ek meidwaan koene oan 'e wedstryd (ynstee fan inkeld oan 'e toertocht). De earste frou dy't oer de einstreek kaam, wie Lenie van der Hoorn-Langelaan fan Ter Aar, mei in tiid fan 7 oeren, 33 minuten en 58 sekonden. Efter har folgen Betty Westerveld-Van Rijn en Ineke Kooiman. Der wie yn 1985 noch gjin priis foar de fluchste frou, dat Van der Hoorn krige de M.H. Geertspriis (besteande út in sulveren tabaksdoas), dy't eins bedoeld wie foar de fluchste ynwenner fan Ljouwert.

Yn totaal kamen 224 wedstrydriders neffens de regels fan 'e wedstryd binnen twa oeren nei de winner oer de einstreek.[2] De 52 dielnimmers dy't dat net slagge, waarden diskwalifisearre.

De finish fan 'e Trettjinde Alvestêdetocht op 'e op 'e Bonkefeart yn Ljouwert, mei f.l.n.rj. Henri Ruitenberg, Jan Kooiman, Evert van Benthem en Jos Niesten.
posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Evert van Benthem Sint-Jansklooster 6:47:44
2 Henri Ruitenberg Oldebroek 6:47:44
3 Jos Niesten Heemskerk 6:47:44
4 Jan Kooiman Ammerstol 6:47:44
5 Theun Busser Utert 6:49:10
6 Wim Westerveld Eemnes 6:49:12
7 Albert Bakker Grins 6:49:18
8 Anne Posthumus Lytsegast 6:49:19
9 Wim Vos Kockengen 6:49:27
10 Dries van Wijhe Oosterwolde (Gld.) 6:49:29
posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Lenie van der Hoorn-Langelaan Ter Aar 7:33:58
2 Betty Westerveld-Van Rijn Eemnes ?:??:??
3 Ineke Kooiman Ammerstol ?:??:??

Oan 'e toertocht fan 'e Trettjinde Alvestêdetocht diene 16.179 riders mei. Fan harren rieden 13.066 (oftewol 80,8%) de tocht út.[3] De âldste persoan dy't de einstreek helle, wie 75 jier. Fuotballer John Weijers fan Telstar wie de iennichste proffuotballer dy't de toertocht útried. Dêrfoar moast er wol skoaltsjeskûlje by syn klub. De oare deis waard er dêrom troch Telstar op non-aktyf set.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Geschiedenis24, De Afgelaste Elfstedentochten (Deel 2)'
  2. ——, Record-aantal Elfstedenkruisjes uitgereikt, yn: de Leidse Courant, 27 maart 1985, s. 9.
  3. ——, Record-aantal Elfstedenkruisjes uitgereikt, yn: de Leidse Courant, 27 maart 1985, s. 9.
  4. ——, Werkloos na Elfstedentocht, yn: De Pers, 8 febrewaris 2012


Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht