Nederlânske koloanjes en hannelsposten
Dizze list fan Nederlânske koloanjen befettet gebieten dy't ea yn hannen west hawwe fan Nederlânske hannelsmaatskippijen sa as de Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC) en de Westyndyske Kompanjy (WIC), en ek koloanjen fan it Keninkryk fan de Nederlannen.
Noard-Amearika (WIC)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kanada:
- Jemseq (1674)
- Nederlânsk Akaadje
- Feriene Steaten fan Amearika:
- Nij-Nederlân:
- (Nij-Sweden) (1614-1674)
- (Fort Nassau en Fort Oranje) (1615-1661 / 1673-1674)
- (Nij-Amsterdam) (1626-1664 / 1665-1667)
- Nij-Nederlân:
Nij-Nederlân (Latyn: Nova Belgica of Novum Belgium), is de namme fan it eardere Nederlânsk gebiet tusken de 38 en 45 graden fan de eastkust fan de Feriene Steaten fan no, sûnt 1614. Dêr leit no New York, eartydsk Nij-Amsterdam neamd, en stifte yn 1625. De provinsje Nij-Nederâan waard stifte yn 1624 en opeaske as it gebiet tusken de 38e en 42e breedtegraad. By de Frede fan Westminster (1674) op 10 novimber 1674 waard it gebiet lykwols foar altyd oerdroegen oan de Ingelsen dy't it New York neamden nei de Hartoch fan York.
- Amerikaanske en Britske Fammeneilannen:
- Sint Krús (Saint Croix) (1625-1650)
- Thortolleneilân (Tortola) (1648-1672)
- Anegada (16??-1680)
- Sint Tomas (1657-1672)
- Virgin Gorda (1628-1680)
- Anguilla
- Nederlânske Antillen en Arûba (Nederlânsk Westynje):
- Arûba (1636-1805/1815-)
- Curaçao (1634-1805/1815-)
- Bonêre (1633-1805/1815-)
- Sint Marten en St. Martin (Fr.) (1620-1633/ 1644-1648 (Spjaltferdrach mei de Frânsen)/1648/1816-)
- Sint Eustaasjes (1636-)
- Saba (1620s/1640-1816-)
Yn de rin fan de tiid hawwe de eilannen ferskate kearen yn hannen west fan oare Jeropeeske mogendheden en hawwe se - yn wikseljende gearstallingen - ferskillende bestjoersfoarmen kend. Oan dy koloniale status kaam in ein doe't op 15 desimber 1954 it Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen nei acht jier ûnderhanneljen ûndertekene waard troch Nederlân, Suriname en de Nederlânske Antillen.
*Hondûras:
- Trujillo (1623)
- Islas de la Bahía
Súd-Amearika (WIC)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fenezuëla:
- Caracas
- Punta de Araya
- Isla Tortuga
- Unare
- Aves (eilân)
- Kolombia:
- Santa Marta (1630)
- Nederlânsk Guyana
- Suriname (1667-1975)
De earste kolonisaasje barde sûnt 1650 troch de Britten. Yn de Twadde Ingelske Oarloch waard Suriname yn 1667 troch Abraham Crijnssen ferovere op de Ingelsen. By de Frede fan Breda seagen de Nederlanners ynearsten ôf fan it weromjaan fan de troch de Britten ynnomde Nederlânske koloanje Nij-Nederlân; op harren beurt easken de Ingelsen net fuortendaliks dat Suriname ûntromme wurde soe. Yn 1975 waard Suriname ûnôfhinklik.
Guyana is in feite ûnderdiel fan in grutter gebiet dat Guiana neamd waard - nei it pleatslik Yndiaansk foar "lân fan in protte wetters". It Guyana fan no, bestie yn de 17e iuw en 18e ie út de trije Nederlânske koloanjen Essequibo, Demerara en Berbice. Nei de napoleontyske krigen waarden dy koloanjen by it Kongres fan Wenen yn 1815 offisjeel oerdroegen oan it Feriene Keninkryk. Dy trije koloanjen waarden yn 1831 gearfoege ta Britsk Guyana. Guyana waard soms as ien koloanje mei Nederlânsk Suriname sjoen en in skoftke as Frânsk-Guyana, dat ek troch de Nederlanners ferôvere waard.
- Frânsk Guyana (1660-1664 en 1676)
- Cayenne (Nederlânsk gebiet)
- Brazylje:
- Nederlânsk-Brazylje (1624-1654)
Afrika (WIC)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mauritaanje:
- Arguin (1633-1678 / 1724-1728)
- Sierra Leöane:
- Tasso eilân (1664)
- Libearia:
- Kaap Mount
(De kust wie besiedde mei Nederlânske hannelsposten)
- Gana: Nederlânske forten
- Fort Amsterdam (Gana) (ûnder Cormantin) (1665 - 1721 / 1785 - 1867 troch ferdrach mei Ingelân)
- Fort Apollonia (16.-1768 / 1868-1872) (Kaap Apollonia (Benyin))
- Fort Batenstein (ûnder Butri)(1656 - 1665 / 166..-1872)
- Cape Coast Castle
- Cabo Corço of Oguaa (Sweedske namme: Carolusborg of Carlsborg) (16 april 1659- maaie 1659/ 22 apr. 1663 - 3 maaie 1664
- Fort Conraadsburg, Fort de Veer (1810/1811), **Fort Naglas (1828), Fort Java (1828), Fort Scomarus (1828), Fort **Batenstein (1828). (28/9 augustus 1637 - 6 april 1872)
- Fort Crêvecoeur (Ussher Town (Akkra)) (1649-1782/ 1786-1868)
- Fort Elise Carthago (1650)
- Fort Goede Hoop, (1667 of 1705/06 fort - 1782/1785 - 1867/68)
- Fort Hollandia 1725 fort - 1814/1815 oerjûn/1687* - 1698/1711 - 1712/1732 - 1804 oerjûn
- Fort by Kpone: (1697 - Apr. 1700 / 1706 - ?)
- Fort Leydsaamneyd (of Patience, ûnder Apam) (1697/1698 - 1782/ 1785-1868)
- Fort Metaal Kruis, ûnder Dixcove (1868 - 1872)
- Fort Nassau, ûnder Mouri (16240 (1598 of 1611 / 12 - 1664/1665 - 1782/1785 - 1867 troch ferdrach mei Ingelân)
- Fort Oranje, ûnder Sekondi(1640 of 1670/75 - 1872)
- Fort Ruychaver (Jul./Aug. 1654 - 1659)
- Fort Santo Antonio de Axim (feb. 1642 - 1664 / 1665 - 1872)
- Fort Elmina (haadplak)
- San Sebastian, ûnder Shama (1637 - 1664 / 1664 - 1872)
- Fort Singelenburgh, ûnder Keta (? - 1737)
- Fort Vredenburgh, ûnder Komenda (1688 fort - 1782 / 1785 - 1872)
- Fort Witsenn, ûnder Takoradi
- Sekondi (1782 - 1785)
- Fort Komenda (1868 - 1872)
- Cong (Cong-hichte): - 1659 oerjûn
- Anomabu (1640-1652)
- Egya:(1647 - ? / 1663 - 1664)
- Kumase (1837-1842 / 1848-1853 / 1859-1869)
- Petit Popo of Popo / (Anecho of Aneho) (1731 - 1760)
- Togo:
- Lyts-Popo (1731-1760)
- Benyn:
- Grut Popo (1680 - ?)
- Ouidah (1670er jierren of 1687 / 1702 - 1724 of 1726)
- Jaquim of Jakri (Godomey) Fort Zelandia (1726 - 1734)
- Offra (1675 - 1691)
- Appa of Ardra (1732 - 1736)
- Save (1660-?.)
- Allada (1660-?.)
- Ekwatoriaal-Guinee:
- Annobon, 1641 - ?. (? - 1778 Portugeesk, 1778-1968 Spaansk)
- Sint Helena (1645-1659)
- Sao Tomé en Prinsyp:
- Sao Tomé (1641-1648)
- Prinsyp (eilân) (1589)
- Ekwatoriaal-Guinea:
- Corsico
- Het Kongogebiet:
- Loango (Boary) (1648 oant en mei 1686 en fan 1721 oant en mei 1726)
- Ngoyo or G'oy
- Gabon:
- Mayumba
- Angoala:
- São Paulo de Luanda (Luanda)
- Fort Aardenburgh (26 aug. 1641- 21/24 aug. 1648) nei Portugal
- Sao Felipe de Benguela: (sept. 1641- 1648) nei Portugal
- Pinda of Mpinda (Soyo):(1648) nei Portugal
- Ensandeira eilân
- Fort Mols, Cambamba (1643-1648)
- Malemba (Malembo) (1641-1648)
- Cabinda (1641-1648)
Afrika (VOC)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Súd-Afrika, de Kaapkoloanje (1652-1802)
Op 6 april 1652 stifte Jan fan Riebeeck fanwege de VOC in ferfarskingsstasjon by Kaap de Goede Hope. VOC-skippen ûnderweis nei Nederlânsk-Ynje koene dêr farsk wetter, griente en fruit ynslaan.
It fersterke stasjon groeide rillegau út ta in Nederlânske koloanje, hoewol't de VOC it kolonisearjen fan gebieten fernean hie.
Yn Kaapstêd en omkriten dogge in protte gebouwen en plaknammen oan dy tiid tinken. Yn 1806 komt de Kaapkoloanje yn Britske hannen. (Transvaal en de Oranje Frijsteat binne letter troch de Voortrekkers, Afrikaners, Boer(s)en (neisieten fan Nederlânske kolonisten) stifte.)
- Namybje:
- Walfiskbaai en oare gebieten (1793)
- Madagaskar:
- Antongilbaai
- Fort Dauphin
- Komoaren
- Nzwani
Aazje (VOC)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oman:
- Muskate (1674)
- Iran (Perzje): (VOC hannelsposten of inkeld in fort)
- Isfahan (of Ispahan) (1623-1747) (hannelspost)
- Bandar Abbas (of Gamron) (1623-1766) (handelspost)
- Kharg. Fort Mosselstein (1750-1766)
- Band-e Kong (1665-1753)
- Boesjir
- Lar (karavaanstopplak tusken Isfahan en Bandar Abbas)
- Kismus
- Kerman (hannelspost)
- Sjiraas (hannelspost)
- Pakistan:
- Sindi (1652-1660)
Súd Aazje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Suratte 1616 oant en mei 1795
Malabar: (Súdwestkust fan Ynje)
- Cranganore of Cranganor (Kodungallor) (1662)
- Cochin de Cima (Pallipuram) (1661)
- Cochin, Cochin de Baixo of Santa Cruz (1663)
- Quilon (Coylan), no Kollam (1661)
- Cannanore (1663-1790)
- Kundapura (1667 - 1682)
- Kayankulam (± 1645)
- Ponnani (± 1663)
Kust fan Koromandel: (Easkust fan Ynje)
- Golkonda (1662-1733)
- Bimilipatnam (1687-1795/ 1818-1825)
- Jaggernaikpoeram (no Kakinada) (1734 -1795/ 1818-1825)
- Daatzeram (no Drakshawarama) (1633-1730)
- Nagelwanze (1669-1687)
- Palikol (1613-1781/ 1785-1795/ 1818-1825)
- Masulipatnam (1605-1756)
- Petapoeli (Nizampatnam) (1606-1668)
- Paliacatta (no Pulicat) (1610-1781/ 1785-1795/ 1805-1825)
- Sadras (1654-1757/ 1785-1795/ 1818-1825)
- Tierepopelier (no Thiruppapuliyur) (1608-1625)
- Tegenapatnam, Kudalur (no Cuddalore) (1647-1758)
- Porto Novo (nu Parangippettai) (1608 - 1 juny 1825)
- Negapatnam (1658-1781)
- Tuticorin of Tutucorim (1658)
- Travancore, no part fan Yndia
De Portugezen besetten it yn de 16e iuw, de Nederlanners yn 1656. 1796 waard it ferovere troch de Britten, dy't dêr yn 1802 in kroankoloanje fan makken. Neiteam fan ûnderdanen fan dy koloniale grutmachten wenje dêr noch en wurde Burgher neamd.
- Banglades (de Bengalen) :
- Pipely (1635-..)
- Hougli/Chinsura (fanôf 1635)
- Baleshwar(Bellasoor), (fanôf 1676)
- Murshidabad
- Dhaka
- Tailân (Siam):
- Ayutthaya (1613 - 1767)
- Patani (Pattani) (1602 - 1623)
- Singora (Songkhla) (1607 - 1623)
- Ligor (Ligoor- Nakhon Si Thammarat) (?-1756)
- Oedjang Salang (Phuket)
- Bangkok, Pakhûs Amsterdam
- Kambodja:
- Ponomping (Phnom Penh)
- Laauweck (Lawek)
- Maleizje:
- Malakka (Maleisysk skiereilân)
- (gebieten fan Borneo, der wie gjin sekuer bepaalde grins tusken it Maleizje en Yndoneezje fan no.)
- Singapore
- Yndoneezje (Nederlânsk Eastynje) (1602-1949*/1963*):
Nederlânsk-Ynje wie in Nederlânske koloanje dat it gebiet omfieme wat no Yndoneezje is. De Nederlânske besittingen stamme fan de VOC, dy't ûnder oaren op Java en yn de Molukken in oantal eilannen, stêden en gebieten besiet. Nei de opheffing fan de VOC yn 1798 giene dy besittingen oer op de doetiidske Bataafske Republyk. Nei 1800 waarden de gebieten offisjeel Nederlânsk-Ynje. Dy namme waard lykwols yn de dokuminten fan de VOC út de jierren 1620-1622 al tsjin as Nederlandsch-India.
- Nederlânsk Nij-Guinea (1882-1963)
Nederlânsk Nij-Guinea (no: Papoea, provinsje fan Yndoneezje) wie fan 1949 oant 1962 in oerseesk gebietsdiel fan Nederlân. Foar dy tiid wie it in diel fan Nederlânsk-Ynje; by it oerdragen fan de soevereiniteit oan Yndoneezje hold Nederlân Nij-Guinea. It Nederlânsk belied yn Nij Guinea waard bot bepaald troch de ferhâlding mei Yndoneezje. Oan de iene kant woe men Nij Guinea brûke om ynfloed yn de regio te hâlden; oan de oare kant woe men Nij-Guinea ta ûntjouwing bringe en de Papoea-befolking emansipearje en sadwaande bwize dat Nederlân as koloniale mogenheid net faald hie.
East-Azie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sina:
- Kanton
- Xiamen
- Hainan
- Macau
- Peskadoreseilannen (1620-1624)
- Austraalje (Nij-Hollân) (gjin kolonisaasje) (ûntdekt yn 1606)
- Tasmanië (fan Diemenslân) (ûntdekt yn 1642)
Yn Oseaanje wienen gjin wichtige koloanjes. Tasmaanje, Austraalje, Nij-Seelân en oare eilannen binne wol troch Nederlanners ûntdutsen en besocht.
Europa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Noarwegen
- Jan Mayen (1630-1650)
- Spitsbergen, Smeerenburch, Barentsburch, Amsterdam (1620-1660)
- Nederlânske Spitsbergen Kompanjy (Nespico): Rijpsburg (delsetting 1920-1924), Barentsburch (delsetting 1924-1932)
- Ruslân
- Nova Sembla (ûntdekt yn 1596)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dutch Empire fan Wikimedia Commons. |