Amsterdam (Spitsbergen)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It reade stipke yn it noardwesten is Amsterdam.
Kaart fan Amsterdam en de omlizzende eilannen út 1720.

Amsterdam (Noarsk: Amsterdamøya) is in lyts ûnbewenne eilân foar de noardwest kust fan Spitsbergen. Lykas de rest fan Spitsbergen stiet Amsterdam sûnt 1920, doe’t it Spitsbergen ferdrach tekene waard, ûnder tafersjoch fan it keninkryk Noarwegen, mar offisjeel is it gjin part fan Noarwegen.

It eilân is hast it heule jier troch omfieme troch pakiis.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It eilân waard nei alle gedachten foar it earste betrêde troch Willem Cornelis. Van Muyden yn 1614, dy’t mei Jan Jacobs. May yn tsjinst fan de Amsterdamske keamer fan de Noardske Kompanjy de mooglikheden fan de walfiskfeart yn dizze kontreien ûndersocht. Op it eilân waard yn 1619 troch de Amsterdamske keamer de delsetting Smeerenburch stifte, dy’t útgroeie soe ta it sintrum fan de Nederlânske walfiskfeart by Spitsbergen. Fan 1623 ôf waard it ek de oare keamer fan de Noardske Kompanjy tastien yn Smeerenburch te kommen. De delsetting wie allinnich yn de simmermoannen bewenne. Yn de winter fan 1633 oant 1634 waard der foar it earst in groep oerwinterders yn Smeerenburg efterlitten. De bedoeling wie dat de trienkôkerijen te beskermjen tsjin de plonderijen fan benammen Baskyske en Deenske konkurrinten. Dizze oerwintering slagge troch grutte ynspannings fan de oerwinterders, mar dy fan in jier letter rûn út op in ûnk: alle oerwinterders kamen om fan de honger en de kjeld. De traansiederijen fan Smeerenburch rekken nei 1640 stadichoan yn ûnbrûk en waarden earne foar 1660 ferlitten. Dêrnei is de delsetting yn ferfal rekke.

De sitewaasje fan no[bewurkje seksje | edit source]

Op't heden docht de Nederlânske oanwêzigens fan doe allinnich noch bliken út de oerbliuwsels fan blubberûnen. Der binne no noch de resten fan sân ûnen te sjen. Benoarden it eardere Smeerenburch leit in begraafplak út dy tiid.

Wichtich argeologysk ûndersyk op Amsterdamøya is de lêste desinnia troch Louwrens Hacquebord fan it Arktysk Sintrum fan de Ryksuniversiteit Grins dien.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Conway, W. M. (1906). No Man’s Land: A History of Spitsbergen from Its Discovery in 1596 to the Beginning of the Scientific Exploration of the Country. Cambridge: At the University Press.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]