Sint-Helena (eilân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Saint Helena
Flagge fan Sint Helena Wapen fan Sint Helena
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sint Helena
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Jamestown (Sint Helena)
Steatsfoarm net-soeverein, oerseesk Britsk gebiet
Gebiet
% wetter
425 km²
±0­%
Ynwenners (2005) 3.926
Munt Sint Heleenske pûn (SHP)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 30 augustus
Lânkoade SH
Ynternet .sh
Tillefoan 290

Sint Helena is in fulkanysk eilân en in oerseesk gebietsdiel fan Grut-Brittanje. It eilân leit yn de Atlantyske Oseaan tusken Súd-Amearika en Afrika, op 15°45' suderbreedte en 5°42' westerlingte.

It oerseesk gebietsdiel bestiet neist Sint Helena út it eilân Ascension en de eilannen fan Tristan da Kunja.

It eilân wurdt bestjoerd troch in Britske gûverneur en in lokaal keazen folksfertsjintwurdiging.

It eilân hat allinnich oer de see ferbining mei de rest fan de wrâld. Der is net in fleanfjild.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It eilân waard ûntdekt op 21 maaie 1502 troch de Portegeeske seeman João da Nova en neamd nei Helena fan Konstantinopel. De Portugezen bouden dêr in kapel en in pear huzen mar it eilân bleau ûnbewenne, ek lieten se dêr geiten los as iten foar de bemanning fan skippen dy't dêr yn de takomst del komme soene.

Fan 1600 ôf wie it eilân goed bekend by kapteins út Portegal, Ingelân, Frankryk en Hollân. It eilân waard benammen brûkt om iten te sammeljen en as moetingspunt op de weromreis fan Aazje nei Jeropa. Fan 1645 oant 1651 wie it eilân yn hannen fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. It eilân kaam dêrnei yn hannen fan de Britske East Yndyske Kompanjy.
Sint-Helena is ferneamd om't Napoleon Bonaparte dêr de lêste jierren fan syn libben sliten hat.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

De ynwenners nimme harren sels 'Saints'. De befolking is ûntstien út trije befolkingskloften: Afrikaanske slaven, Sineeske arbeiders en Ingelske kolonisten.

Omdat der in protte wurkleazens hearsket en de loanen leech binne hat in part fan de eilânbewenners Sint-Helena ferlitten. It lêste desennium is de befolking mei in tredde tebekrûn nei 3500 ynwenners yn 2006.


Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]