Toby Keith

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Toby Keith
TobyKeithApr10.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Toby Keith Covel
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 8 july 1961
berteplak Clinton (Oklahoma)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
sjenre countrymuzyk
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint gitaar, stim
grutste hit(s) Should've Been a Cowboy
How Do You Like Me Now?!
Beer for My Horses
As Good as I Once Was
jierren aktyf 1981 – no
prizen 3x American Music Award
7x ACM Award
2x CMA Award
offisjele webside
www.tobykeith.com

Toby Keith (wiere namme: Toby Keith Covel; Clinton (Oklahoma), 8 july 1961) is in foaroansteand Amerikaansk countrysjonger, dy't ek aktyf is as lietsjeskriuwer, muzykprodusint en akteur. Hoewol't er al sûnt 1981 song, briek er pas yn 1993 troch. Hy hie grut súkses mei de hit Should've Been a Cowboy, dy't yn 'e Feriene Steaten it meast spile countrynûmer fan 'e jierren njoggentich wie. Syn earste fjouwer studio-albums waarden sûnder útsûndering gouden of platina platen. Yn totaal hie Keith oant mids 2017 21 nûmer 1-hits hân, wêrûnder Beer for My Horses (in duët mei Willie Nelson) en As Good as I Once Was, dy't yn 2003, resp. 2006 beide seis wiken op it earste plak yn 'e countryhitlisten stiene. Keith hat wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keith waard yn 1961 berne yn Clinton, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma, as de soan fan Hubert K. Covel jr. en dy syn frou Carolyn Joan Ross, dy't beide fan etnysk Ingelsk komôf wiene. Syn wiere namme is Toby Keith Covel, wêrby't 'Keith' syn middelnamme (oftewol twadde foarnamme) is, mar syn artystenamme is Toby Keith, wêrby't 'Keith' de funksje fan efternamme ferfollet. Hy hat in suster en in broer. Doe't Keith lyts wie, wenne it gesin in skoftke yn Fort Smith, yn Arkansas, mar letter ferfear de Covels nei Moore, in foarstêd fan Oklahoma City, dêr't Keith fierder opgroeide.

Syn beppe wie de eigneresse fan 'e Billie Garner's Supper Club yn Fort Smith, dêr't Keith as lyts jonkje al yn 'e ban rekke fan 'e countrymuzikanten dy't dêr optreden. Op 'e middelbere skoalle yn Moore wied er lit fan it Amerikaansk fuotbaltiim. Nei't er slagge wie foar syn eineksamens wurke Keith in pear jier yn 'e ierdoaljeyndustry yn Oklahoma. Fan 1979 oant 1980 studearre er oan 'e Villanova Universiteit by Philadelphia, dêr't er foar mynboukundich yngenieur learde. Hoewol't er dy stúdzje net ôfmakke, soed er letter troch de universiteit bejeftige wurde mei in earedoktoraat.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er tweintich jier wie, foarme Keith in band mei syn freonen Scott Webb, Keith Cory, David 'Yogi' Vowell en Danny Smith, dy't se de Easy Money Band neamden. Se spilen yn pleatslike kroegen, en om't Keith op oprop wurke, moast er soms midden ûnder in optreden fuort. Doe't de oaljeyndustry yn 1982 yn 'e nederklits rekke, waard Keith ûntslein. Dêrop joech er him by de Oklahoma City Drillers, in semy-profesjoneel Amerikaansk fuotbaltiim, wylst er dêrnjonken trochgie mei optredens mei de band. Doe't dúdlik waard dat in karriêre as profesjoneel Amerikaansk fuotbalspiler der foar him net yn siet, besleat er om him folslein ta te lizzen op in wurkpaad yn 'e countrymuzyk. Freonen en famylje hiene der in hurde holle yn oft dat wat wurde soe, mar yn 1984 begûn de Easy Money Band yn it sirkwy fan plattelânssealtsjes (de saneamde honky tonks) fan Oklahoma en de buorsteat Teksas op te treden.

Begjin jierren njoggentich gie Keith nei Nashville (Tennessee), it mekka fan 'e countrymuzyk, dêr't er demo's fan syn band nei de ûnderskate platemaatskippijen yn 'e stêd stjoerde. Doe't dêr gjin belangstelling foar bliek te bestean, kearde Keith yn deprimearre tastân werom nei hûs. Mar koarte tiid letter joech in stewardess dy't in fan fan Keith wie, ien fan syn demo's oan Harold Shedd, in passazjier op ien fan har flechten, dy't in liedingjaande funksje beklaaide by de platemaatskippij Mercury Records. Shedd wie ûnder de yndruk fan wat er hearde, en besocht in optreden fan 'e Easy Money Band, wêrnei't er Keith in kontrakt oanbea.

As sjonger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1993 kaam Keith syn debútsingle by Mercury Records út, Should've Been a Cowboy, dy't daliks it earste plak yn 'e Amerikaanske countryhistlist helle, en yn 'e algemiene hitlisten it 93e plak berikte. Tsjin 'e ein fan 'e jierren njoggentich wie Should've Been a Cowboy mear as trije miljoen kear op 'e radio draaid, wat it ta it meast spile countryliet fan it desennium makke. It nûmer stie ek op Keith syn debútalbum Toby Keith, dêr't er in platina plaat foar útrikt krige om't der mear as ien miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. Itselde album omfieme noch trije oare countrytop 5-hits: He Ain't Worth Missing; A Little Less Talk and a Lot More Action (oarspronklike de B-kant fan Should've Been a Cowboy); en Wish I Didn't Know That. Syn grutte súkses late derta dat Keith op toernee gie mei Shania Twain en John Brannen, dy't doedestiden ûnder kontrakt stiene by itselde platelabel.

Keith by in optreden op 'e Amerikaanske legerbasis Camp Lemonnier, yn Dzjibûty, yn 2006.

Yn septimber 1994 brocht Keith by Polydor Records yn Nashville, in difyzje fan Mercury, syn twadde album út, Boomtown, dat ek platina waard. It nûmer Who's That Man? helle it earste plak yn 'e countryhitlisten, Upstairs Downtown en You Ain't Much Fun hellen de top 10 en Big Ol' Truck berikte it 15e plak. Ein 1995 kaam, ek by Polydor, in krystalbum fan Keith út, mei as titel Christmas to Christmas, dêr't inkeld eigenskreaune lieten op stiene. Yn april 1996 publisearre Keith syn trêde (algemiene) studio-album by de Nashville-ôfdieling fan A&M Records. De namme fan dat album wie Blue Moon, en it omfieme trije singles, wêrfan't Me Too Keith in trêde earste plak besoarge, Does That Blue Moon Ever Shine on You heakjen bleau op it twadde plak en A Woman's Touch it sechsde plak helle. Yn 1996 wurke Keith ek mei oan it album Stars and Stripes, Vol. 1 fan 'e popband The Beach Boys, wêrby't er meisong oan 'e nije ferzje fan it nûmer Be True to Your School, dat oarspronklik yn 1963 útbrocht wie.

Yn 1997 kearde Keith troch de fúzje fan 'e Nashville-ôfdieling fan A&M mei Mercury werom by syn oarspronklike platemaatskippij. Dat jiers brocht er dêr syn fjirde studio-album út, mei as titel Dream Walkin'. Dêrfan makken ûnderdiel út: de nûmer 2-hits We Were in Love en I'm So Happy I Can't Stop Crying (in duët mei Sting) en teffens de singles Dream Walkin', dat it fyfde plak yn 'e hitlisten behelle, en Double Wide Paradise. Mei Sting brocht Keith I'm So Happy I Can't Stop Crying live te'n gehoare op 'e útrikking fan 'e Country Music Association Awards fan 1997 yn Nashville (Tennessee).

Yn oktober 1998 brocht Keith noch it sammelalbum Greatest Hits, Volume One by Mercury út, mar dêrnei stapte er definityf oer nei in oare platemaatskippij, DreamWorks Records. Greatest Hits omfieme behalven âlde hits ek twa nije nûmers, it countryrapliet Getcha Some en If a Man Answers, dy't beide ek útbrocht waarden as singles. If a Man Answers waard Keith syn earste single dy't bûten de top 40 bleau. Neffens Keith hiene dy beide lieten oarspronklik gewoan op in studio-album stean sillen, mar beslisten de bazen by Mercury oars. Doe't dêrnei twa nije lieten fan sines troch de platemaatskippij ôfwiisd waarden, kocht Keith yn 1999 syn kontrakt ôf en ferhuze er nei in oar label.

By DreamWorks, dêr't syn âlde produsint James Stroud oan it roer stie, brocht er as earste single When Love Fades út, dat it lykwols ek min die. Dêrop liet er dat nûmer weromlûke en ferfange troch it ferske How Do You Like Me Now?!, ien fan 'e lieten dy't troch Mercury ôfwiisd wiene. Dat nûmer, dat Keith tegearre mei Chuck Cannon skreaun hie, waard in grutte hit, dy't fiif wiken efterinoar op it earste plak yn 'e countryhitlisten stie, wylst it teffens syn earste liet wie dat de pop-top 40 ynkrong, mei in 31e plak. It nûmer stie op it album dat ek How Do You Like Me Now?! hiet, en dat in platina plaat waard. Dat album omfieme ek de top 5-hit Country Comes to Town en in twadde nûmer 1, You Shouldn't Kiss Me Like This. In stikmannich lieten op it album wiene skreaun of mei-skreaun troch Scotty Emerick, dy't yn 'e folgjende pear jier oanhâldend nau mei Keith gearwurkje soe. Yn 2001 wûn Keith twa Academy of Country Music Awards, yn 'e kategory bêste manlike sjonger en yn 'e kategory album fan it jier, foar How Do You Like Me Now?!

Keith syn sechsde studio-album, Pull My Chain, ferskynde yn augustus 2001 by DreamWorks. It omfette trije singles, I'm Just Talkin' About Tonight, I Wanna Talk About Me en My List, dy't alle trije efterinoar it earste plak yn 'e countryhitlisten hellen. Op syn sânde studio-album, Unleashed, dat yn 2002 ferskynde, stiene fjouwer singles, Courtesy of the Red, White, & Blue (The Angry American); Who's Your Daddy?; Beer for My Horses; en Rock You, Baby. De earste trije dêrfan berikten allegear it earste plak, en Beer for My Horses, in duët mei Willy Nelson, wist dat plak seis wiken lang fêst te hâlden, wylst it yn 'e pophitlisten it 22e plak berikte.

Toby Keith ûnder in konsert.

Courtesy of the Red, White, & Blue (The Angry American) wie in liet dat Keith skreau nei oanlieding fan 'e dea fan syn heit by in ferkearsûngemak yn maart 2001 en de terroristyske oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon op 9/11 (11 septimber 2001). Yn 'e liettekst fan it nûmer binne oerdúdlike nasjonalistyske en militaristyske sentiminten opnommen, en it rôp dêrom by frijwol alle taharkers in sterke reäksje op: òf men fûn it geweldich, òf men hie der in grouwéligen hekel oan. Keith song it liet yn 't earstoan inkeld by live-optredens, û.m. foar Amerikaanske troepen, oant generaal James L. Jones, de kommandant fan it Amerikaanske Marinierskorps, tsjin him sei dat it syn plicht as Amerikaan wie om Courtesy of the Red, White, & Blue op te nimmen en as single út te bringen.

Natalie Mains de lead-sjongster fan 'e Amerikaanske countryband Dixie Chicks, oan 'e oare kant, makke buorkundich dat se Courtesy of the Red, White, & Blue ferspijde, en fûn dat it liet "dom" wie "en countrymuzyk dom lykje li[e]t." Dy útspraak late ta in iepentlike fete tusken Keith en Maines, mei misledigings oer en wer. Keith liet witte dat Maines sels gjin ferskes skreau en hy wol, en brûkte boppedat ûnder syn konserten in bewurke foto fan Maines as eftergrûn, dêr't Maines op te sjen wie mei de Iraakske diktator Saddam Hoessein. Op 21 maaie 2003 droech Maines by de útrikking fan 'e Academy of Country Music Awards in T-shirt mei de letters "F.U.T.K." op 'e foarkant, dy't neffens har stiene foar "Friends United in Truth and Kindness" ("Freonen Feriene yn Wierheid en Goedhertichheid"). Mar de measte oaren, presintator Vince Gill ynbegrepen, seagen der in úthaal nei Keith yn ("Fuck You Toby Keith"). Yn oktober 2004 joech Maines úteinlik ta dat se dêr gelyk oan hiene.

Underwilens hie Keith foar Unleashed yn 2003 de American Music Award yn 'e kategory favorite country-album wûn. Datselde jiers kaam yn novimber syn achtste studio-album út, mei as titel Shock'n Y'all, wat safolle sizze wol as "skokkend foar jim allegearre", in ferwizing nei de term shock and awe dy't doedestiden troch it regear fan George W. Bush brûkt waard foar strategy ta de oerweldiging fan Irak. De trije lieten fan dat album dy't útbrocht waarden as single, I Love This Bar, American Soldier en Whiskey Girl, berikten allegear it earste plak yn 'e countryhitlisten. Mei Shock'n Y'all wûn Keith yn 2004 sawol de American Music Award foar favorite country-album as de Academy of Country Music Award foar album fan it jier. Ein 2004 kaam de sammel-cd Greatest Hits 2 út, mei dêrop behalven âlde hits ek trije nije lieten: Stays in Mexico, Go with Her en in cover fan Mockingbird, oarspronklik fan Inez en Charlie Foxx, dat Keith opnommen hie yn 'e foarm fan in duët mei syn dochter Krystal Keith.

Keith syn lêste album dat útbrocht waard by DreamWorks wie Honkytonk University, dat begjin 2005 ferskynde. De trije lieten fan dy cd dy't as single útkamen, Honkytonk U, As Good as I Once Was en Big Blue Note, hellen allegear de top 10, hoewol't inkeld As Good as I Once Was it earste plak berikte (en dat seis wiken efterinoar beset hold). Nei't DreamWorks yn 2005 opdoekt wie, joech Keith him yn augustus fan dat jier by in nije platemaatskippij, Show Dog Nashville. Dêr brocht er yn 2006 syn tsiende studio-album út, White Trash with Money. Ynstee fan Stroud, dy't hast al syn foargeande wurk produsearre hie, wurke Keith dêrfoar gear mei Chuck Cannon syn frou Lari White. It nije album omfette trije singles: Get Drunk and Be Somebody, A Little Too Late en Crash Here Tonight, wêrfan't de earste beiden trochkrongen oant yn 'e top 5 en de lêste hingjen bleau op plak 15.

Keith set hantekenings foar fans.

Foar syn alfde studio-album Big Dog Daddy, út 2007, fungearre Keith sels as produsint. De single Love Me If You Can wie wer in nûmer 1-hit, wylst High Maintenance Woman it trêde plak helle en Get My Drink On it alfde. Neitiid folge letter itselde jier in nij krystalbum yn 'e foarm fan in dûbel-cd, mei as titel A Classic Christmas. Yn maaie 2008 ferskynde fierders in trêde sammelalbum, 35 Biggest Hits, mei dêrop ek in nije single, She's a Hottie, dy't lykwols net fierder kaam as in trettjinde plak. Yn oktober fan dat jier ferskynde Keith syn tolfde studio-album That Don't Make Me a Bad Guy, mei dêrop twa nûmer 1-hits: She Never Cried in Front of Me en God Love Her. Yn 2009 brocht de titelsong fan it trettjinde studio-album American Ride it ek wer ta it earste plak. Fierders omfette dy cd ek it nûmer Cryin' for Me (Wayman's Song), in oade basketballer en basgitarist Waymon Tisdale, in freon fan Keith, dy't yn maaie 2009 ferstoar.

Bullets in the Gun, dat ferskynde yn oktober 2010, wie Keith syn earste studio-album dat gjin top 10-hits produsearre. Fan 'e trije singles berikten de titelsong Bullets in the Gun en Somebody Else beide in tolfde plak, wylst Trailerhood stykjen bleau op it njoggentjinde plak. De cd befette fierders it hilaryske nûmer Get Out of My Car, wêryn't Keith de draak stiek mei op seks taleine gleie keardels op ôfspraakjes mei kreaze froulju. Yn oktober 2011 brocht er it folgjende studio-album út, Clancy's Tavern, wêrfan't it nûmer Made in America it earste plak yn 'e hitlisten berikte. In oare single fan dit album, Red Solo Cup, kaam net fierder as it njoggende plak, mar de fideoklip fan dat nûmer gie viral op it ynternet, en de single waard twa kear platina. Red Solo Cup berikte yn 'e pophitlisten it fyftjinde plak, wat Keith syn bêste resultaat ea wie. In oar súksesfol nûmer fan Clancy's Tavern wie de single Beers Ago, dy't as gouden plaat sertifisearre waard.

Ein 2012 wie Hope on the Rocks Keith syn sechstjinde studio-album. De bêste single dêrfan wie I Like Girls That Drink Beer, dy't it santjinde plak yn countryhitlisten helle. Mids 2013 folge it santjinde studio-album, Drinks After Work, wêrfan't de as single útbrochte nûmers likemin de top 10 hellen. Datselde gou foar Keith syn achttjinde studio-album, 35 MPH Town, dat yn april 2015 útkaam.

As akteur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er earder al meiwurke hie oan ferskate reklamespotsjes, aktearre Keith yn 2005 yn 'e film Broken Bridges, ûnder rezjy fan Steven Goldmann nei in senario fan Cherie Bennet en Jeff Gottesfeld. Oare rollen waarden ferfolle troch û.o. Kelly Preston, Burt Reynolds, Tess Harper en Lindsey Haun. Yn dizze film, dy't yn 2006 yn premiêre gie, spile Keith de rol fan Bo Price, in oan legerwâl rekke countrymuzikant yn in lyts plak yn Tennessee. De soundtrack fan 'e film waard troch Keith skreaun en opnommen. Yn 2008 skreau Keith fierders it senario foar de film Beer for My Horses, dêr't er sels de haadrol yn spile. Dy film wie basearre op syn duët mei Willie Nelson út 2003 mei deselde namme.

As ûndernimmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders is Keith ek aktyf as ûndernimmer. Sa iepene er yn 2005 it restaurantkeatling Toby Keith's I Love This Bar & Grill (in ferwizing nei syn hit I Love This Bar), mei trije filialen, yn Oklahoma City, Tulsa (Oklahoma) en Syracuse (New York). Letter waarden ûnder in franchisesysteem (wêrby't de oarspronklike útbaters eigner fan 'e oangeande saken bleaune) ek restaurants fan dit keatling iepene yn Thackerville (Oklahoma), Auburn Hills (Michigan) (sletten yn 2015), Kansas City (Missoery), Las Vegas (Nevada), Mesa (Arizona), Peoria (Arizona), St. Louis Park (Minnesota) (sletten yn 2015), Foxborough (Massachusetts), Cincinnati (Ohio), Newport News (Firginia), Denver (Kolorado) en Pittsburgh (Pennsylvania).

Keith by in optreden foar Amerikaanske troepen yn Afganistan, yn 2009.

Fierders is Keith eigner fan it kleanmerk TK Steelman en (sûnt 2011) fan it drankmerk Wild Shot, dat yn 'e I Love This Bar & Grills skonken wurdt. Yn 2013 waard rûsd dat Keith yn ien jier tiid $65 miljoen fertsjinne hie, en de fiif jier dêrfoar elts jier mear as $48 miljoen. Mei in fermogen dat nei skatting boppe de $500 miljoen leit, is Keith ien fan 'e rykste countrystjerren fan 'e Feriene Steaten.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keith troude op 24 maart 1984 mei Tricia Lucus, mei wa't er trije bern hat, twa dochters en in soan. De âldste fan it trio is Shelley Covel Rowland, dy't berne waard yn 1980 en yn 1984 troch Keith oannommen waard. Keith syn oare dochter is Krystal LaDawn Covel Sandubrae, berne op 30 septimber 1985, dy't yn har heite fuotleasten folge as sjongster en bekend stiet ûnder har artystenamme Krystal Keith. Soan Stelen Keith Covel is in neikommerke, en waard berne yn 1997. Keith syn dochter Shelley is de mem fan syn beide pakesizzers, dy't berne waarden yn 2008 en 2010.

Op 24 maart 2001, de deis dat Keith en de frou santjin jier troud wiene, kaam syn heit Hubert K. Covel jr. om by in ferkearsûngemak op 'e autosneldyk Interstate 35. Nei jierren fan prosedearjen kende de rjochter op 25 desimber 2007 in skeafergoeding fan $2,8 miljoen oan 'e famylje Covel ta, te beteljen troch Elias en Pedro Rodriguez, de eigners fan it bedriuw Rodriguez Transports of Tulsa, en harren fersekeringsmaatskippij Republic Western Insurance Co., foar dea troch skuld. Yn syn fûnis makke de rjochter dúdlik dat de ferklagen oanrekkenber wiene foar it minne ûnderhâld dat late ta it net wurkjen fan 'e remmen fan 'e touringcar dy't dêrtroch ynried op Covel syn auto.

Toby Keith is in baptist, dy't op polityk mêd lange tiid lid wie fan 'e Demokratyske Partij, hoewol't er himsels omskriuwt as in konservatyf. Yn oktober 2008 makke er bekend dat er syn lidmaatskip fan 'e Demokratyske Partij opsein hie om't er it gefoel hie dat dy partij syn stânpunten net mear fertsjintwurdige. Hoewol't Keith yn syn lietteksten kear op kear syn stipe foar de Amerikaanske Striidkrêften útsprutsen hat, makke er ek dúdlik dat er net efter it politike beslút stie om 'e Irakoarloch te begjinnen. Behalven om syn mannichfâlde optredens foar Amerikaanske troepen, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar ek om utens, yn oarlochsgebieten as Irak en Afganistan, stiet Keith ek bekend om goeddiedichheidswurk foar goede doelen as Ally's House, in non-profitorganisaasje yn Oklahoma dy't help biedt oan bern mei kanker, en Little Kids Rock, in nasjonale organisaasje dy't krewearret foar deugdlik muzykûnderwiis op legere skoallen.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1993 Toby Keith Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
Flag of Canada.svg Kanada: Gold record icon.svg (goud)
1994 Boomtown Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
1996 Blue Moon Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
1997 Dream Walkin' Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
1999 How Do You Like Me Now?! wûn in ACM Award foar album fan it jier Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
2001 Pull My Chain Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Double platinum record icon.svg (2× platina)
Flag of Canada.svg Kanada: Gold record icon.svg (goud)
2002 Unleashed wûn in American Music Award foar favorite country-album Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Quadruple platinum record icon.svg (4× platina)
Flag of Canada.svg Kanada: Platinum record icon.svg (platina)
2003 Shock'n Y'all wûn in American Music Award foar favorite country-album
wûn in ACM Award foar album fan it jier
Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Sextuple platinum record icon.svg (6× platina)
Flag of Canada.svg Kanada: Double platinum record icon.svg (2× platina)
2005 Honkytonk University Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
Flag of Canada.svg Kanada: Gold record icon.svg (goud)
2006 White Trash with Money Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
2007 Big Dog Daddy Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
2008 That Don't Make Me a Bad Guy Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
2009 American Ride Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
2010 Bullets in the Gun Flag of the United States.svg Feriene Steaten: 323.000 eksimplaren ferkocht
2011 Clancy's Tavern wûn in BCMA Award foar ynternasjonaal album fan it jier Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
2012 Hope on the Rocks Flag of the United States.svg Feriene Steaten: 113.000 eksimplaren ferkocht
2013 Drinks After Work Flag of the United States.svg Feriene Steaten: 140.000 eksimplaren ferkocht
2015 35 MPH Town Flag of the United States.svg Feriene Steaten: 29.200 eksimplaren ferkocht
Gelegenheidsalbums
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1995 Christmas to Christmas
2007 A Classic Christmas
Kompilaasje-albums
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1998 Greatest Hits, Volume One Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Double platinum record icon.svg (2× platina)
2004 20th Century Masters: The Millennium Collection Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
2004 Greatest Hits 2 Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Triple platinum record icon.svg (3× platina)
Flag of Canada.svg Kanada: Platinum record icon.svg (platina)
2008 35 Biggest Hits Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eigen singles
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
1993 Should've Been a Cowboy Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
He Ain't Worth Missing
A Little Less Talk and a Lot More Action
1994 Wish I Didn't Know Now
Who's That Man?
Upstairs Downtown
1995 You Ain't Much Fun
Big Ol' Truck
1996 Does That Blue Moon Ever Shine on You?
A Woman's Touch
Me, Too
1997 We Were in Love
I'm So Happy I Can't Stop Crying (mei Sting)
1998 Dream Walkin'
Double Wide Paradise
Getch Some
1999 If a Man Answers
When Love Fades
How Do You Like Me Now?! Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
2000 Country Comes to Town
You Shouldn't Kiss Me Like This
2001 I'm Just Talkin' About Tonight
I Wanna Talk About Me Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
2002 My List
Courtesy of the Red, White, & Blue (The Angry American) Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
Who's Your Daddy?
2003 Rock You, Baby
Beer for My Horses (mei Willie Nelson) wûn in ACM Award foar fideoklip fan it jier Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
I Love This Bar Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
American Soldier Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
2004 Whiskey Girl Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
Stays in Mexico
Mockingbird (mei Krystal Keith)
2005 Honkytonk U
As Good as I Once Was Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Platinum record icon.svg (platina)
Big Blue Note
Get Drunk and Be Somebody
2006 A Little Too Late
Crash Here Tonight
2007 High Maintenance Woman
Love Me If You Can
Get My Drink On
2008 She's a Hottie
She Never Cried in Front of Me Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
God Love Her Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
2009 Lost You Anyway
American Ride Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
Cryin' for Me (Wayman's Song)
2010 Every Dog Has Its Day
Trailerhood
Bullets in the Gun
2011 Somewhere Else
Made in America Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
Red Solo Cup wûn in CMA Award foar fideoklip fan it jier Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Double platinum record icon.svg (2× platina)
2012 Beers Ago Flag of the United States.svg Feriene Steaten: Gold record icon.svg (goud)
I Like Girls That Drink Beer
Hope on the Rocks
2013 Drinks After Work
Shut Up and Hold On
2014 Drunk Americans
2015 35 MPH Town
Beautiful Stranger
2016 A Few More Cowboys
2017 Wacky Tobaccy
Gastsingles
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
2001 America the Beautiful (mei ferskate artysten)
2003 I Can't Take You Anywhere (mei Scotty Emerick)
2004 Midnight Rider (mei Willie Nelson)
I Love NASCAR (mei Cledus T. Judd)
2005 Piece of Work (mei Jimmy Buffet)
2008 Things a Mama Don't Know (mei Mica Roberts)

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar it nûmer/album
2001 Academy of Country Music Award wûn album fan it jier How Do You Like Me Now?!
wûn bêste manlike sjonger n.f.t.
2002 Country Music Association Award wûn manlike sjonger fan it jier n.f.t.
2003 Academy of Country Music Award wûn entertainer fan it jier n.f.t.
American Music Award wûn favorite country-album Unleashed
2004 Academy of Country Music Award wûn fideoklip fan it jier (mei Willie Nelson) Beer for My Horses
wûn album fan it jier Shock'n Y'all
wûn bêste manlike sjonger n.f.t.
wûn entertainer fan it jier n.f.t.
American Music Award wûn favorite country-album Shock'n Y'all
wûn favorite manlike country-artyst n.f.t.
2006 American Music Award wûn favorite manlike country-artyst n.f.t.
2013 BCMA Award wûn ynternasjonaal album fan it jier Clancy's Tavern
wûn ynternasjonale act fan it jier n.f.t.
Country Music Association Award wûn fideoklip fan it jier Red Solo Cup

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.