Springe nei ynhâld

Non-profit

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Non-profitorganisaasje)

Non-profit wol sizze der der gjin winsteachmerk bestiet. Foar in non-profitorganisaasje is it meitsjen fan winst dus net de bedoeling. Dat wol lykwols net sizze dat de tsjinsten dy't levere wurde troch non-profitorganisaasjes fergees binne. De bedoeling fan non-profitorganisaasjes is it ûnderstypjen fan private of publike oangelegenheden foar net-kommersjele, faak maatskiplike doelen. Dêrby kin it gean om in breed skala fan ûnderwerpen, lykas keunst, ûnderwiis, foarljochting, polityk, ûndersyk of ûntwikkelingshelp.

Ek al hawwe sokke organisaasjes gjin winsteachmerk, dochs hawwe se jild nedich om kostedekkend te wêzen en har aktiviteiten fuortsette te kinnen. Dy ynkomsten helje se oer it algemien út subsydzjes, jeften en eigen fertsjinsten dy't fuortkomme út ynsammelaksjes en it freegjen fan in bydrage foar de makke kosten oan 'kliïnten'. Non-profitorganisaasjes dy't subsidiëarre wurde troch de oerheid, wurde ek troch de oerheid kontrolearre op kwaliteit. As de organisaasje net (mear) oan 'e easken foldocht, wurdt de subsydzje stopsetten.

In fariaasje op 'e term non-profit is not-for-profit of not only for profit. Dat is in wize fan ûndernimmen dy't ferlykber is mei maatskiplik ferantwurde ûndernimmen. Hjirby komme dus non-profit en ûndernimmerskip gear en wurdt der stribbe nei it beheljen fan in 'maatskiplike winst'. Mei oar wurden: der wurdt wol winst makke, mar men stiet der noed foar dat dêrby gjin skea tabrocht wurdt oan it miljeu of de maatskippij.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.