Taken (film út 2008)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Taken
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Taken film logo.png
makkers
regisseur Pierre Morel
produsint Luc Besson
senario Luc Besson
Robert Mark Kamen
kamerarezjy Michel Abramowicz
muzyk Nathaniel Méchaly
filmstudio EuropaCorp
M6 Films
Grive Productions
Groupe Canal+
TPS Star
distribúsje EuropaCorp (ynternasjonaal)
20th Century Fox (Feriene Steaten)
spilers
haadrollen Liam Neeson
Maggie Grace
byrollen Famke Janssen
Olivier Rabourdin
Arben Bajraktaraj
Katie Cassidy
skaaimerken
lân/lannen Flag of France.svg Frankryk
premiêre 27 febrewaris 2008
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Frânsk,
   Albaneesk, Arabysk)
spyltiid 90 minuten
budget en resultaten
budget $25 miljoen
opbringst $226,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Taken
● folgjend diel Taken 2

Taken is in Frânske, mar Ingelsktalige, aksjefilm út 2008 ûnder rezjy fan Pierre Morel, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson en Maggie Grace. De titel betsjut letterlik: "Nommen", frij fertaald: "Meinommen" of "Weinommen" of gewoan "Untfierd". It ferhaal giet oer Bryan Mills, in earder spesjaal agint fan 'e CIA, waans santjinjierrige dochter Kim op fakânsje yn Parys finzennommen wurdt troch Albaneeske frouljushannelers, dy't har ûnder twang as prostituee eksploitearje wolle. Mills reizget nei Frankryk ta om syn dochter te sykjen. Taken krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in grut kommersjeel súksen yn 'e bioskopen. De film is it earste diel fan in trijedielige filmsearje mei deselde namme; it twadde diel, Taken 2, kaam út yn 2012.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bryan Mills, in eardere spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, hat ûntslach nommen om te besykjen en reparearje syn relaasje mei syn santjinjierrige dochter Kim, nei't er syn gesin omreden fan syn wurk jierrenlang ferwaarleazge hat. Kim wennet by syn eks-frou Lenore en har rike nije man Stuart St. John yn. Hoewol't se iepen stiet foar de bedoelings fan har heit (oars as Lenore, dy't Mills oanhâldend ferwiten makket oer it ferline), is se gau ôflaat, wat it der foar Mills net makliker op makket.

In stikmannich fan Mills syn âld-kollega's hat ûnder lieding fan Sam Gilroy in partikulier befeilingsbedriuw oprjochte. As se in man tekoartkomme, freegje se Mills om har út 'e brân te helpen. Sa rekket er behelle yn 'e befeiliging fan 'e ferneamde jonge popstjer Sheerah. Mills sjocht in kâns om in wyt fuotsje by Kim te heljen, dy't sels ek sjongster wurde wol, troch Sheerah om goerie foar syn dochter te freegjen. Dyselde makket har der lykwols mei in grapke fan ôf. Nei in konsert komt in sljochtsinnige fan Sheerah mei in mês tenei, mar Mills slacht him sûnder swierrichheden del en draacht him oer oan in oare befeiliger, sadat er dêrnei de oansleine sjongster nei hûs bringe kin. As se wat bekommen is, jout Sheerah Mills it fisitekaartsje fan har sjongtrainer om troch te jaan oan Kim; as de sjongtrainer seit dat se talint hat, sil Sheerah har helpe om in karriêre te begjinnen.

Ear't Mills Kim oer it oanbod fan Sheerah fertelle kin, freget hja him lykwols om tastimming om 'e simmerfakânsje mei har freondinne Amanda by famylje fan Amanda yn Parys troch te bringen. Mills fielt dêr yn 't earstoan neat foar, mei't er him as âld-CIA-agint better as wa dan ek bewust is fan 'e risiko's dy't twa santjinjierrige famkes yn in frjemd lân rinne. Mar ûnder druk fan in lulke Lenore en in gûlende Kim jout er úteinlik ta. Pas as er Kim nei it fleanfjild bringt, ûntdekt er dat se him foarliigd hat: sy en Amanda binne net fan doel om yn Parys museä te besykjen, mar om 'e band U2 te folgjen op harren toernee troch Jeropa. Mills is dêr hielendal net bliid mei, mar it is no te let om it spul noch tsjin te kearen. Hy drukt Kim op it hert om him te beljen sadree't har fleantúch yn Parys lâne is.

Nei't Kim en Amanda op 'e Ynternasjonale Lofthaven Charles de Gaulle yn Parys arrivearre binne (en Kim har heit net belle hat), moetsje de fammen in sympatike en knappe jonge Frânsman, Peter, dy't mei Kim har mobile tillefoan in foto fan harren makket en oanbiedt om in taksy mei harren te dielen om 'e priis te drukken. Kim en Amanda litte harren ôfsette by it appartemint fan Amanda har nichten, dy't sels op fakânsje yn Spanje blike te wêzen, eat dat Amanda wol wist mar dat se Kim net ferteld hie. Nei't de famkes nei binnen gien binne, skillet Peter op 'e strjitte foar it hûs immen op en jout it adres troch.

Underwilens is Mills sa ûngerêst rekke dat er Kim sels mar opbellet. Wylst se mei har heit oan 'e tillefoan is, sjocht Kim hoe't in stikmannich keardels it appartemint binnenkringe en Amanda oermasterje en meinimme. Mills freget har oft se mei immen praat hawwe sûnt se yn Parys oankommen binne, en Kim fertelt him oer Peter. Dêrnei freget er har alles te beskriuwen dat se sjocht. As de mannen de keamer yn komme, is te hearren dat se mei-inoar prate yn in ûnbekende taal. Wylst Kim ûnder it bêd wei skuord wurdt dêr't se har ûnder ferskûle hie, ropt se in sinjalemint fan 'e man dy't har fêsthat en fan 'e tatoeaazje fan in healmoanne en in stjer op syn hân. Nei't it stil wurden is, heart Mills immen sykheljen en hy beseft dat ien fan 'e ûntfierders no Kim har tillefoan beet hat. Hy fertelt de harker dat er beskate feardichheden hat dy't him ta in wiere nachtmerje meitsje sille foar sokken as de harker. As se Kim gean litte, sil er it fierders gewurde litte. Mar as se trochsette, komt er efter harren oan en makket er harren allegear dea. De harker antwurdet inkeld: "Súkses dêrmei," en stampt dan de tillefoan stikken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst er risselwearret om nei Parys ta, set Mills Sam Gilroy oan it wurk mei de ynformaasje út it petear mei Kim, dy't er op syn eigen tillefoan opnommen hat. Gilroy identifisearret de taal fan 'e ûntfierders as Albaneesk en de tatoeaazje fan 'e healmoanne en de stjer as teken dat se ta de binde hearre fan in Marko Hoxha út Tropojë. Yn Parys hâldt de binde him dwaande mei frouljushannel en twongen prostitúsje, oarspronklik troch jonge froulju út 'e eardere Eastbloklannen nei Frankryk te lokjen, sabeare as au-pairs en modellen. Sûnt inkele jierren lizze se har der lykwols op ta om jonge froulike reizichsters, dy't al yn Parys binne, te ûntfieren, mei't dat besparret op 'e ferfierskosten. Gilroy warskôget Mills dat er mar likernôch 96 oeren hat om Kim werom te finen, mei't dêrnei it spoar net mear te folgjen wêze sil.

Mills fljocht nei Parys yn it priveefleantúch fan Stuart St. John, en set dêr mei syn speurtocht útein troch yn te brekken yn it appartemint fan Amanda har nichten. Dêr fynt er Kim har stikkenwâde tillefoan, wêrfan't de SIM-kaart ûnskansearre is. Yn it ûnthâld fynt er de foto dy't Peter by de lofthaven fan Kim en Amanda makke hat, en dy't in wjerspegeling fan Peter sels befettet yn in metalen oerflak. By de lofthaven fynt Mills Peter werom, dy't alwer in nij slachtoffer safier krigen hat dat se in taksy mei him diele sil. Hy grypt de jonge en besiket him op hurdhannige wize te ûnderfreegjen, mar de tuskenkomst fan in hantlanger fan Peter soarget foar opûnthâld. Sadwaande slagget it Peter en naai út. Mills efterfolget him, mar de jonge wurdt deariden as er in autosnelwei oer flechtet.

No't syn iennichste spoar letterlik dearûn is, siket Mills kontakt mei Jean-Claude Pitrel, in eardere Frânske geheim agint mei wa't er yn syn CIA-ferline gedoente hân hat. Pitrel hat no in burobaan en seit dat er net folle foar Mills dwaan kin as dy him syn probleem foarleit. Hy fertelt dat de Albaneeske maffia benammen aktyf is yn ien beskate rôze buert, mar warskôget him om him der net mei te bemuoien en de saak oan 'e autoriteiten oer te litten. Dy oprop is oan dôvemansearen rjochte. Yn 'e rôze buert falt Mills in prostituee lestich troch har sa lang oan 'e praat te hâlden dat har Albaneeske poaier tuskenbeiden komt, wêrnei't er de man temûk foarsjocht fan in stjoerderke. Werom yn syn auto lit er it Albaneesktalige petear tusken de poaier en in oar lid fan deselde binde oersette troch in tolk dy't er ynhierd hat. As der sprake is fan swierrichheden mei 'de nije hannelswaar' yn in stiengat, hat Mills genôch heard en set er de tolk út 'e auto.

By it stiengat docht Mills him foar as ien fan in lange rige huorrerinders en trochsiket er in provisoarysk bordeel yn in houten barak, dêr't de bêden mei gerdinen faninoar skaat binne. De huorren dêre binne troch harren eksploitanten allegear drugsferslave makke, sadat se makliker yn 'e stringen te hâlden binne. By ien jonge frou ûntdekt Mills it jek fan Kim, mar de hoer is te fier hinne yn har heroïneroes om syn fragen te beäntwurdzjen. As de poaiers foar it ferstân krije dat Mills net in gewoane klant is, folget der in gefjocht, wêrby't er ferskaten fan harren útskeakelet en mei it heroïnehuorke efter yn 'e auto útnaait. De poaiers sette yn har eigen auto's de efterfolging yn, dy't lykwols foar harren deadlik ôfrint. Mills nimt de jonge frou dy't er rêden hat mei nei in hotel, dêr't er har detoksifisearring ymprovisearret. Underwilens besiket Pitrel Mills arrestearje te litten en it lân út te setten, omreden fan it bloedbad dat er yn it stiengat oanrjochte hat, mar Mills is him te glêd ôf.

As se de oare moarns wer wat by sûpe en stút is, fertelt de rêden prostitiuee oan Mills dat Kim har it jek jûn hat om't se kâld wie, doe't se inoar metten yn in bordeel fan 'e Albaneeske maffia yn in hûs mei in reade foardoar yn 'e Rue de Paradis. Troch him foar te dwaan as Jean-Claude Pitrel (dy't him by harren moeting syn fisitekaartsje jûn hie) kringt Mills it bordeel binnen, dêr't er beart dat er op 'e nij ûnderhannelje wol oer de omkeappriis dy't de Albanezen oan 'e Frânske plysje betelje. As er Marko Hoxha identifearret troch him safier te krijen dat er de wurden "súkses dêrmei" seit, ûntaardet de moeting yn slaanderij dy't eskalearret ta in sjitpartij. Mills deadet alle oanwêzige Albanezen útsein Hoxha en treft neitiid yn it hûs ferskate jonge froulju fêstbûn op bêd oan dy't dúdlik ûnder de ynfloed fan drugs binne, mei dêropta it stoflik omskot fan Amanda, dy't in oerdoazis krigen of nommen hat.

Mills nimt Hoxha mei en martelet him neitiid mei elektryske skokken oant er fertelt wat er mei Kim dien hat. It docht bliken dat Kim noch faam wie, en froulju dy't noch nea mei in man op bêd west hawwe, binne te weardefol om as sljochtwei prostituees te fergriemen. Dat hy hat har trochferkocht oan in man dy't Patrice Saint-Clair hjit, en dy't tagong hat ta in swarte merk yn ûntfierde fammen. Mills set Hoxha ûnder stroom en lit him sa efter om te krepearjen, wylst er sels syn âlde 'freon' Pitrel opsiket. Dyselde blykt nammentlik op 'e hichte te wêzen en stilwei mei te profitearjen fan 'e omkeaping fan 'e plysje troch de Albaneeske maffia. Dat woed er graach sa hâlde, en dàt is de wiere reden dat er Mills net mear holpen hat en dat er him it lân út hawwe woe. Mills sjit Pitrel syn folslein ûnskuldige frou Isabelle yn 'e earm om him sjen te litten dat it him mienen is, wêrnei't Pitrel him einlings de ynformaasje oer Saint-Clair jout dêr't er ferlet fan hat.

Nei't er Pitrel bewusteleas efterlitten hat, hastiget Mills him nei de filla fan Patrice Saint-Clair, dêr't er in party crasht, in pear befeiligingsminsken bewusteleas slacht en de kelder binnenkringt, dêr't in klandestine feiling oan 'e gong is. Dêr wurde ferskate jonge froulju dy't noch faam binne, by opbod ferkocht oan 'e heechste bieder. Om 'e anonimiteit fan 'e bieders te garandearjen, sitte dy yn aparte lytse hokjes. Mills kringt it hokje binnen fan 'e jonge Arabier Ali, dy't er ûnder bedriging mei in fjoerwapen twingt om Kim te keapjen.

By it ferlitten fan it hokje wurdt Mills lykwols delslein. As er wer bykomt, is er de finzene fan Saint-Clair, dy't witte wol wa't er is en wat er wol. Dat wol Mills bêst útlizze, en Saint-Clair, dy't sels ek bern hat, seit dat er him folslein begrypt, mar by de feiling jildt de regel: iens ferkocht bliuwt ferkocht. Hy jout trije fan syn mannen opdracht om Mills diskreet te deadzjen, mar ynstee brekt Mills los en deadet de trije mannen. Dêrnei set er efter Saint-Clair oan, dy't ûnder bedriging mei in pistoal fertelt dat Kim oan 'e Arabyske oaljesjeik Raman ferkocht is dy't in jacht op 'e Seine hat. Hy bewissiget Mills dat it foar him allegear poer saaklik wie en neat persoanliks, mar Mills seit dat it foar hìm wol deeglik persoanlik is, en sjit de minskehanneler dea. Nei in healwizelingsrit by de Seine lâns wit Mills fan in brêge ôf op it jacht fan sjeik Raman te springen. Dêr skeakelet er Ali en de oare liifwachten út, foar't er Raman yn syn sliepkeamer oantreft, dy't Kim in grutte dagge op 'e kiel set. De sjeik besiket te ûnderhanneljen, mar as er in fraksje fan in sekonde nei Kim sjocht ynstee fan nei Mills, sjit Mills him troch de holle.

Mills en Kim keare werom nei de Feriene Steaten, dêr't Lenore alhiel yn 'e wolkens is om har dochter lichaamlik ûnskansearre werom te sjen. In skoftke letter nimt Mills Kim mei sûnder har yn 't foar te fertellen wêr't se hinne geane. As se by in filla oanbelje, wurdt iependien troch Sheerah.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Bryan Mills Liam Neeson
Kim Mills Maggie Grace


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lenore Mills St. John Famke Janssen
Jean-Claude Pitrel Olivier Rabourdin
Marko Hoxha Arben Bajraktaraj
Amanda Katie Cassidy
Peter Nicolas Giraud
Patrice Saint-Clair Gérard Watkins
Ali Jalil Naciri
Stuart St. John Xander Berkeley
Sheerah Holly Valance
Isabelle Pitrel Camille Japy
Sam Gilroy Leland Orser
rêden hoer Fani Kolarova
sjeik Raman Nabil Massad
Gregor Goran Kostić
Mark Casey John Gries
Bernie Harris David Warshofsky

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taken waard regissearre troch Pierre Morel nei in senario fan Luc Besson en Robert Mark Kamen dat basearre wie op in idee fan Besson. Morel hie earder foar Besson wurke as kameraregisseur, en de beide mannen hiene ek gearwurke oan Morel syn rezjydebút, District 13. Doe't Besson syn idee oan Morel foarlei, sei dy fuortendaliks syn meiwurking ta. Besson wie as produsint by it projekt belutsen, foar de filmstudio's EuropaCorp, M6 Films, Grive Productions, Groupe Canal+ en TPS Star. Der wie in budget fan $25 miljoen beskikber foar de film. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michel Abramowicz, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nathaniel Méchaly.

Foar de haadrol fan Bryan Mills hiene Besson en Morel oarspronklik de Amerikaanske akteur Jeff Bridges op it each, mar doe't dy nei ferrin fan tiid fan 'e rol ôfseach, waard de Ierske akteur Liam Neeson yn syn plak cast. Neeson woe wolris in mear fysyk útdaagjender rol spylje as er wend wie. Fan 'e film ferwachte er earst net folle, en hy beskôge it as net mear as in "lyts sydstrjitsje" fan syn oeuvre dat wierskynlik direkt-op-fideo útbrocht wurde soe. Ynstee waard Taken in kearpunt yn syn karriêre en it begjin fan in hiele rige films wêryn't Neeson as aksjeheld te sjen wie.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Taken waard yn 'e measte lannen fersoarge troch EuropaCorp, mar yn 'e Feriene Steaten troch 20th Century Fox. De film gie op 27 febrewaris 2008 yn 'e Frânske bioskopen yn premiêre. Dêrnei kaam er op 9 april út yn Sina, op 26 septimber yn it Feriene Keninkryk en pas op 30 jannewaris 2009 yn 'e Feriene Steaten. It soundtrackalbum fan 'e film kaam út op 27 jannewaris 2009 by platemaatskippij Razor & Tie. Op 12 maaie 2009 ferskynde Taken op dvd en op 9 desimber 2014 ek op blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Taken mingde resinsjes. Sa skreau Richard Corliss yn it tydskrift Time dat de film "nearne oars oan tinkt as tsientallen smjunten dy't yninoar slein wurde en in oarenien dy't platriden wurdt." Yn 'e krante The Washington Post omskreau Dan Kois de film as "in befredigjende lytse skriller, dy't like grimmitige profesjoneel is as syn effisjinte held". Hy fûn ek dat Taken de Bourne-filmsearje net wanlyk wie.

Derek Elley fan Variety neamde Taken in "op 'e soademiter jaande fol-gas-aksjefilm […] dy't it slim oanpakt troch de sjogger der de tiid net ta te jaan om nei te tinken oer in rige ûnwierskynlike tafallen." Dêr heakke er oan ta: "De film hat de folle-krêft-foarút-, wat-kin-'t-skele-faasje fan in James Bond-film op steroïden." Yn 'e Los Angeles Times skreau Kenneth Turan dat it útgongspunt fan 'e film "bytiden ûnbedoeld ûnnoazel" oerkomt, mar neffens him wie Taken "oerdúdlik […] net it soarte film dat der in soad tiid oan fergriemt om yn noed te sitten oer it aldendeiske senario of it fierhinne kâldlittende aktearjen, dat it is mar goed dat Neeson de haadrol spilet."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Taken in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 176 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is ûntsjinsislik aardich om nei te sjen, mei slûchslim yn byld brochte aksje, mar je moatte der net tefolle by neitinke." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Taken in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 32 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taken brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $145,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $81,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $226,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $201,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Bûten de Feriene Steaten die Taken it it bêst (yn ôfrinnende folchoarder) yn Súd-Koreä, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Austraalje en Spanje. Op 5 febrewaris 2015 wiene der fierders yn Noard-Amearika allinnich al fan 'e film krapoan 5,4 miljoen dvd's en mear as 607.000 blu-rayskiven ferkocht, wêrmei't nochris $89,9 miljoen binnenswile wie.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taken waard yn 2009 nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste ynternasjonale film. Komponist Nathaniel Méchaly wûn foar de filmmuzyk in BMI Film Music Award. By de Golden Schmoes Awards fan 'e webside JoBlo.com wûn de film twa prizen, ien foar bêste oneliner (Liam Neeson) en ien foar grutste ferrassing fan it jier.

Promoasje fan Albaanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2019 sette it regear fan Albaanje mei de help fan bûtenlânske finansiers útein mei in reklamekampanje om it toerisme yn it lân oan te fiterjen en it negative byld fan Albanezen yn 'e Westerske media tsjin te gean. It biedwurd fan 'e kampanje wie mei in oerdúdlike ferwizing nei de film Taken: "Be Taken by Albania" ("Wurdt Ynnommen troch Albaanje"). Yn 'e rige filmkes wurdt akteur Liam Neeson frege om Albaanje te besykjen en de kulturele, kulinêre en toeristyske hichtepunten fan it lân te ûntdekken.

Ferfolchfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnferwachts grutte súkses fan Taken soarge derfoar dat de film it begjin fan in wiere mediafranchise waard, dy't ek Taken hjit. Der waarden twa ferfolchfilms makke: Taken 2 (2012) en Taken 3 (2014), beide mei Liam Neeson yn 'e rol fan Bryan Mills. Yn 2017 waard ek in tillefyzjesearje op basis fan 'e film makke, dy't as prequel de eftergrûn fan it personaazje Bryan Mills fertelt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.