Taken (franchise)
Taken | ||
betinker | Luc Besson | |
eigner | EuropaCorp Groupe Canal+ M6 Films | |
lân | Frankryk | |
begjinjier | 2008 | |
einjier | 2017 | |
films | ||
langspylfilms | ● Taken ● Taken 2 ● Taken 3 | |
tillefyzje | ||
searjes | Taken | |
offisjele webside | ||
www.takenmovie.com |
Taken is in Ingelsktalige Frânske mediafranchise út 'e koker fan filmprodusint Luc Besson, dy't yn 2008 úteinsette mei de aksjefilm Taken. Neitiid waarden twa ferfolchfilms makke. Alle trije films hawwe akteur Liam Neeson yn 'e haadrol as Bryan Mills. De earste film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar de ferfolgen waarden min ûntfongen. Nettsjinsteande dat wiene alle trije film kommersjeel tige súksesfol yn 'e bioskopen. Yn 2017 waard by wize fan prequel in tillefyzjesearje makke mei Clive Standen yn 'e haadrol.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Taken (2008)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Taken (film út 2008).
Yn Taken wurdt de santjinjierrige Amerikaanse Kim Mills (Maggie Grace), wylst se mei har freondinne Amanda (Katie Cassidy) op reis is yn Frankryk, ûntfierd troch Albaneeske frouljushannelers û.l.f. fan in Marko Hoxha (Arben Bajraktaraj). Har heit Bryan Mills (Liam Neeson), in earder spesjaal agint fan 'e CIA, giet efter de ûntfierders oan om syn dochter te rêden. Taken waard regissearre troch Pierre Morel nei in senario fan Luc Besson en Robert Mark Kamen. De film gie op 27 febrewaris 2008 yn premiêre, en brocht $226,8 miljoen op tsjin in budget fan $25 miljoen.
Taken 2
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Taken 2.
Yn Taken 2 wol Murad Hoxha (Rade Šerbedžija), de heit fan 'e yn 'e earste film troch Bryan Mills (Liam Neeson) fermoarde frouljushanneler Marko Hoxha, wraak op Mills nimme. Dêrta nimt er him en syn eks-frou Lenore (Famke Janssen) yn Istanbul finzen, wylst syn dochter Kim (Maggie Grace) nauwerneed wit te ûntkommen. Mills wit te ûntsnappen en giet dan efter Hoxha oan. Taken 2 waard regissearre troch Olivier Megaton nei in senario dat op 'e nij skreaun wie troch Luc Besson en Robert Mark Kamen. De film gie op 3 oktober 2012 yn premiêre, en brocht $376,1 miljoen op tsjin in budget fan $45 miljoen.
Taken 3
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Taken 3.
Yn Taken 3 hat Lenore (Famke Janssen), de eks-frou fan Bryan Mills (Liam Neeson), houliksswierrichheden mei har twadde man. Dyselde, Stuart St. John (Dougray Scott), lit har fermoardzje en besiket it lykje te litten as is Mills de dieder. Mills ûntsnapt oan 'e plysje en giet op jacht nei de wiere moardners fan syn eks-frou. Taken 3 waard krekt as de twadde film regissearre troch Olivier Megaton nei in senario fan Luc Besson en Robert Mark Kamen. De film gie op 16 desimber 2014 yn premiêre, en brocht $325,8 miljoen op tsjin in budget fan $48 miljoen.
Tillefyzjesearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Taken (2017)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Taken (tillefyzjesearje út 2017).
De tillefyzjesearje Taken waard makke as in oarsprongsferhaal foar Bryan Mills, dy't diskear spile waard troch Clive Standen. Dêrmei wie it in prequel fan 'e filmtrilogy. De searje rûn twa seizoenen mei yn totaal 26 ôfleverings, en waard fan 27 febrewaris 2017 ôf útstjoerd op it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |