Red (film út 2010)
Red | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Robert Schwentke | |
produsint | Lorenzo di Bonaventura Mark Vahradian | |
senario | Jon Hoeber Erich Hoeber | |
basearre op | Red fan Warren Ellis en Cully Hamner | |
kamerarezjy | Florian Ballhaus | |
muzyk | Christophe Beck | |
filmstudio | di Bonaventura Pictures | |
distribúsje | Summit Entertainment | |
spilers | ||
haadrollen | Bruce Willis Mary-Louise Parker | |
byrollen | John Malkovich Helen Mirren Brian Cox Morgan Freeman Karl Urban Richard Dreyfuss | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 11 oktober 2010 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 111 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $58 miljoen | |
opbringst | $198,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Red (filmsearje) | |
● folgjend diel | Red 2 |
Red is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 2010 fan 'e Dútske regisseur Robert Schwentke. De haadrollen waarden fertolke troch Bruce Willis en Mary-Louise Parker, mei John Malkovich, Helen Mirren, Brian Cox, Morgan Freeman, Karl Urban en Richard Dreyfuss yn ûnderstypjende rollen. De titel ferwiist nei in fiktive ôfkoarting dy't yn gebrûk wêze soe by de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, mei as betsjutting "Retired, Extremely Dangerous" ("Pinsjonearre, Ekstreem Gefaarlik"). De film wie it earste diel fan 'e Red-filmsearje. It ferhaal giet oer de pinsjonearre CIA-spion Frank Moses, dy't it doelwyt wurdt fan in rjochte moardkampanje troch syn eardere wurkjouwer. Hy is lykwols sa taai as hier en nei't er de earste konfrontaasje oerlibbe hat, giet er op 'e siik nei dejinge dy't de opdracht foar syn dea jûn hat. Red krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en waard nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Musical of Komeedzje. Yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. Yn 2013 kaam de ferfolchfilm Red 2 út.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frank Moses is in pinsjonearre spion en spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't no de status red hat (Retired, Extremely Dangerous, "Pinsjonearre, Ekstreem Gefaarlik"). Hy wennet allinne yn Cleveland (Ohio), dêr't er gjin sosjale kontakten hat en him eins deaferfeelt. Ut iensumens ferskuort er kear op kear de sjeks foar syn útkearing dy't er ûntfangt fia de General Services Administration (GSA). Dan kin er beare dat er dy net krigen hat en hat er in reden om te skiljen mei Sarah Ross, de meiwurkster fan dy ynstânsje dy't oer syn dossier giet. Sarah mei graach fan him hearre, en hoewol't se wol foar it ferstân hat dat Moses liicht as er seit dat de sjeks net oankommen binne, spilet se it spultsje mei en fiere se lange petearen. De rest fan yn frije tiid follet Moses mei it lêzen fan pulpromantsjes oer spionnen om't Sarah ferslingere is oan dy boekjes.
Op in nacht falt in eliminaasjeteam de wente fan Moses binnen om him út 'e wei te romjen, mar hy weeft handich mei harren ôf en makket se allegear dea. Om't er beseft dat se perfoarst syn tillefoan ôfharke hawwe, hat er reden om oan te nimmen dat ek Sarah in doelwyt wêze sil. Dat hy reizget fuortendaliks nei Kansas City, dêr't it callcenter fan 'e GSA fêstige is, en kringt it hûs fan Sarah binnen. Dy is dêr net bot fan sjarmearre en besiket him ôf te poeierjen om't se neat fan syn ferhaal leaut. Moses hat dêrom (fynt er) gjin oare kar as om har foar har eigen goederbêst mei geweld te ûntfieren. Underwilens kriget CIA-agint William Cooper fan syn baas Cynthia Wilkes de opdracht om Frank Moses op te spoaren en út 'e ljochten te helpen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Om út te finen wa't it op him foarsjoen hat, reizget Moses mei in fêstbûne Sarah efter yn 'e auto nei New Orleans, dêr't er syn âlde mentor, de pinsjonearre CIA-man Joe Matheson opsiket. De tachtichjierrige Matheson sit no yn it âldereintehûs en is oanhelle mei in terminale foarm fan kanker. Fia syn âlde kontakten binnen de ynljochtingemienskip hellet er boppe wetter dat it team dat Moses syn hûs binnenfoel, in groep Súdafrikaanske hiermoardners wie, dat ek ferantwurdlik holden wurdt foar de moard op in sjoernaliste fan The New York Times.
Underwilens wit Sarah, dy't troch Moses fêstbûn efterlitten is yn in motelkeamer, harsels te befrijen, wêrnei't se de plysje skillet. Neitiid besiket in CIA-agint dy't himsels foardocht as in plysjeman har te ûntfieren, mar Moses keart krekt op 'e tiid werom om dat tsjin te kearen. Hy ûntsnapt mei Sarah yn in plysje-auto, mar se wurde efterfolge troch Cooper. Moses wit dyselde ôf te skodzjen troch oer de plysjeradio fan it New Orleans Police Department troch te jaan dat der op in beskate lokaasje in plysjeman delsketten is troch immen mei it sinjalemint fan Cooper. As Cooper de plysje-auto op it troch Moses trochjûne plak efterlitten ûntdekt en it fiertúch neisjocht op oanwizings, wurdt er troch de út alle rjochtings tahastige plysje mei geweld oppakt.
Moses nimt de no net mear ûnwillige Sarah mei nei New York, dêr't se de mem fan 'e fermoarde sjoernaliste besykje. De oanwizings dy't dat petear opsmyt, liede harren nei in list ta mei de nammen fan Moses en ferskate oaren, dy't op Moses en twa oaren nei allegear al deamakke binne. Ien fan 'e beide oaren is âld-CIA-agint Marvin Boggs, dy't Moses goed ken. Hy en Sarah sykje de paranoïde Boggs op yn 'e sompen fan Floarida, dêr't er nei syn pinsjonearring ûnderdûkt is. Boggs stelt fêst dat alle persoanen op 'e list belutsen wiene by in geheime misje yn Gûatemala yn 1981, wêrby't in hiel doarp útmoarde wie troch leden fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinsten. Moses, Boggs en ferskate lju dy't no dea binne, waarden der neitiid byhelle om dy oarlochsmisdie te fertsjustermoanjen.
Trijeresom sykje Moses, Sarah en Boggs de lêste libbene persoan op 'e list op, de piloat Gabriel Singer. Dy fertelt dat er yn 1981 in man út dat Gûatemalteekske doarp oppikt hat, mar ear't er mear sizze kin, wurdt er deasketten troch in skerpskutter yn in oerfleanende helikopter. Moses, Sarah en Boggs witte, nei't der ytlike deaden fallen en gâns skea oanrjochte is, te ûntsnappen. Boggs en Moses begripe no dat de opdracht foar harren eliminaasje út 'e boppeste regioanen fan 'e Amerikaanske oerheid komme moat, en dat se inkeld fierder komme kinne mei harren ûndersyk as se yn it CIA-haadkertier yn Langley (Firginia) yn it argyf it dossier oer de operaasje fan 1981 ynsjen kinne. Yn ruil foar in geunst fan Moses helpt de Russyske âld-KGB-spion op jierren Ivan Simanov him en Sarah om by de CIA yn te brekken. Ienris yn it argyf langet Henry, de stokâlde argivaris dy't in protte respekt foar Moses hat, him it betreffende dossier gewoan oer.
Nei't er fan Henry heard hat dat Cooper de deis tefoaren yn it argyf west hat om Moses syn persoanlike dossier yn te sjen, siket Moses Cooper yn dy syn eigen kantoar op om ferhaal te heljen. Se krije slaanderij, wêrby't Cooper in wan bruien kriget, mar Moses in skotwûne yn it skouder oprint. Mei Sarah wit er it gebou te ûntflechtsjen, en bûtendoar treffe se Boggs yn it selskip fan Matheson oan, dy't it âldereintehûs ûntflechte is nei't dêr in CIA-man delkaam om him te eliminearjen. Om't it blieden fan Moses syn wûne net ophâlde wol, sykje se neitiid beskûl yn 'e wente fan Victoria Winslow, oan 'e Chesapeakebaai. Hja is in âlde bekende fan Moses, Matheson en Boggs, en in skerpskutter en âld-aginte foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6. Sy behannelet Moses syn wûne en ferwideret de kûgel.
De ynformaasje út it dossier liedt Moses-en-dy nei de wapenhanneler Alexander Dunning. Mei Matheson ferklaait as in Dzjibûtiaanske generaal en mooglike klant en Moses en Boggs as syn liifwachten kringe de trije mannen de filla fan Dunning binnen, wylst Victoria en Sarah bûtendoar de sitewaasje yn 'e rekken hâlde. As de trije âld-CIA-mannen dermei driigje om Dunning oan martelpraktiken te ûnderwerpen, bynt dyselde gau yn. Hy fertelt dan dat it bloedbad yn it Gûatemalteekske doarp oanrjochte wie troch luitenant Robert Stanton, waans heit, dy't senator wie, syn soan fia de tsjinsten fan Dunning út 'e sitewaasje weihelje liet om dêrnei de oarlochsmisdie út te wiskjen en de hiele saak yn 'e dôfpôt te stopjen. Dyselde Robert Stanton is no fise-presidint fan 'e Feriene Steaten, en hat opdracht jûn ta it út 'e wei romjen fan eltsenien mei weet oer it barren yn 1981, útsein himsels en Dunning.
De FBI, dy't Dunning al yn 'e rekken hold fanwegen in rinnend ûndersyk nei syn praktiken op it mêd fan 'e wapenhannel, ûntfangt in anonym tillefoantsje oer de oanwêzigens fan Moses-en-dy dêre. Cooper hastiget him nei de wente fan Dunning ta en besiket troch ûnderhanneljen de oerjefte fan Moses-en-dy te berikken, wêrby't er ûnthjit dat harren neat oerkomme sil. Moses fertelt him oer it ferrie fan 'e fise-presidint, mar dêr wol Cooper net nei harkje. Matheson, dy't opsjocht tsjin syn oankommende ferstjerren oan kanker, beslút himsels op te offerjen sadat Moses en Boggs ûntkomme kinne. Hy giet mei de hannen omheech troch de foardoar nei bûten ta, mar wurdt likwidearre troch in ûnbekende skutter, ta sichtbere konsternaasje fan Cooper.
Underwilens glûpe Moses en Boggs fuort troch de efterdoar en wurde dêrby dutsen troch Victoria mei har skerpskuttersgewear oant se de boskrâne berikke. Dêrnei pike Victoria en Sarah ek út, mar Sarah rûgelet yn 'e winterske bosk yn 'e snie by in lichte del en wurdt finzennommen troch de FBI. Moses, Boggs en Victoria wurde oppikt troch Simanov en ûntkomme. Nei't Sarah oerdroegen is oan 'e CIA, wurdt se troch in meiwurker fan Cooper ûnderfrege, mar se lit neat los. Cooper sels ûntfangt in tillefoantsje fan Moses. As de CIA neilûkt wêr't dat tillefoantsje weikomt, blykt Moses him yn it hûs fan Cooper te befinen, dêr't er tasjocht hoe't syn frou en beide lytse bern efterhûs op in beferzen poel oan it reedriden binne. Hy drukt Cooper op it hert om der goed foar te soargjen dat Sarah neat oerkomt, want nimmen wol de minsken ferlieze dêr't er fan hâldt. As Cooper en de tahastige plysje en CIA syn hûs berikke, is de fûgel al lang en breed flein, mar op syn salontafel treft Cooper it dossier oer de operaasje yn Gûatemala oan.
Neitiid giet Moses efter fise-presidint Stanton oan, wêrby't er mei help fan Boggs, Victoria en Simanov op yngenieuze wize sawol Cooper as de Secret Service te fluch ôf is. Nei't er Stanton ûntfierd hat, besiket er de man te ruiljen tsjin Sarah. Cooper ferskynt as earste op it ôfsprutsen plak, en hy is like ferheard as Moses wannear't Sarah yn in wite limûsine brocht wurdt troch Dunning en Cooper syn eigen baas Cynthia Wilkes. Stanton blykt dan mar in marionet fan Dunning te wêzen, dy't it wiere brein is efter de moarden. Wilkes hat har troch de smoarrike wapenhanneler omkeapje litten en Dunning besiket op deselde wize ek Cooper op syn hân te krijen. Dyselde beart dat er Moses arrestearret en hânboeiens omdocht foar't er him oerdraacht oan Dunning, mar bûten it sicht fan Dunning en Wilkes triuwt er Moses it kaaike fan 'e boeiens yn 'e hannen.
Wylst Moses op Dunning-en-dy tarint, lûkt Cooper syn pistoal en sjit de korrupte Wilkes dea, wêrnei't Victoria út in ferskûle posysje wei de oare trewanten fan Dunning delmeant. Moses docht de hânboeiens ôf en deadet Dunning troch him hurd op 'e strôte te slaan, sadat er stikt. Cooper lit Moses, Sarah en de oaren gean, mar de paranoïde Boggs jaget Dunning earst foar de wissichheid noch in kûgel troch de holle. Neitiid bringt Simanov Moses tebinnen dat dy him noch in geunst skuldich is. Hy hat in putsje yn Moldaavje dat eins gjin útstel lije kin. Sarah, dy't it echte bestean fan in spion noch opwinender fynt as de romantsjes dy't se der altyd oer lies, is entûsjast om mei dêrhinne.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
âld-CIA-agint Frank Moses | Bruce Willis |
Sarah Ross | Mary-Louise Parker |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
âld-CIA-agint Marvin Boggs | John Malkovich |
âld-MI6-aginte Victoria Winslow | dame Helen Mirren |
âld-KGB-agint Ivan Simanov | Brian Cox |
âld-CIA-agint Joe Matheson | Morgan Freeman |
CIA-agint William Cooper | Karl Urban |
Alexander Dunning | Richard Dreyfuss |
CIA-aginte Cynthia Wilkes | Rebecca Pidgeon |
fise-presidint Robert Stanton | Julian McMahon |
CIA-argivaris Henry | Ernest Borgnine |
Gabriel Singer | James Remar |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Red waard regissearre troch Robert Schwentke nei in senario fan Jon Hoeber en Erich Hoeber op basis fan 'e trijedielige stripsearje Red fan Warren Ellis en Cully Hamner út 2003-2004. As produsinten wiene Lorenzo di Bonaventura en Mark Vahradian by it projekt belutsen foar de filmstudio di Bonaventura Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $58 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Florian Ballhaus, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck. De opnamen setten op 18 jannewaris 2010 útein yn Toronto. Yn maart fan dat jier waard der filme yn it French Quarter fan New Orleans.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Red waard fersoarge troch Summit Entertainment. De film waard op 29 septimber 2010 foar it earst fertoand op it Fantastic Fest yn Austin (Teksas), en gie op 11 oktober fan dat jier yn premiêre yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood. Op 15 oktober iepene er yn 'e Amerikaanske bioskopen. Red waard op 25 jannewaris 2011 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Red oer it algemien positive resinsjes. Yn it tydskrift Variety omskreau Justin Chang de film as "in fermaaklik, lichtfuottich aventoer oer in team fan CIA-feteranen op jierren dy't op wrede wize twongen wurde harren pinsjoen oan kant te skowen om wer oan it wurk." Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, parte de film lykwols mar 2 fan 4 stjerren ta, en konkludearre dat it "noch in goede film, noch in minnenien" wie. Dêr heakke er oan ta: "Der sitte akteurs yn dy't we lije meie, dy't dingen dogge wêrfan't we wol woene dat se ynteressanter wiene." A.O. Scott fan The New York Times oardiele: "It is mooglik om fan Red te genietsjen, mar it is net in bjuster goede film. En dat besiket er eins ek net echt te wêzen […]." Yn 'e Los Angeles Times omskreau Kenneth Turan de film as sa "selsfoldien" dat it "yrritant" wie.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Red in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 208 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It is miskien net de supersensaasje dy't jo ferwachtsje soene fan in aksjefilm mei in cast fan dit kaliber, mar [de film] stelt mei syn humor en styl noch altyd de measten fan syn bigbudget-wjergaders djip yn it skaad." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Red in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 38 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Red brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $90 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $108,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $198,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $58 miljoen betsjut dat in winst fan $140,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2011 waard Red nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. De film sleepte ek nominaasjes yn 'e wacht foar trije Satellite Awards, trije Saturn Awards, in Critics' Choice Award, in NAACP Image Award en fjouwer Scream Awards, mar wûn gjin wichtige prizen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaanske aksjekomeedzje
- Ingelsktalige film
- Film fan di Bonaventura Pictures
- Film fan Summit Entertainment
- Film fan Robert Schwentke
- Film út 2010
- Film oer de CIA
- Film oer MI6
- Film oer de KGB
- Film oer de FBI
- Film oer de Secret Service
- Film oer ûntfiering
- Film oer moard
- Film oer in hiermoardner
- Film oer korrupsje
- Film oer in efterfolging
- Film basearre op in strip