Legemar
Legemar | ||
Klokkestoel oan de Legemarsterwei | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 90 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8527 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 56' N 5° 44' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Legemar yn 'e eardere gemeente Skarsterlân. |
Legemar is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, noardwest fan Sint Nyk. It is net folle mear as in boerestreek yn de lijte fan de bosken by Sint Nyk.
It doarp hat 90 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
Legemar leit eins heger as it gebiet der omhinne. Yn 1543 hiet it doarp ek Nijemar, al wurdt it ek wolris 'Maris' neamd. Súdeastlik fan it doarp wie yn de 19e iuw noch in heidefjild. Fan de tsjerke waard yn 1788 noch fan sprutsen, mar is neat mear oer, der stiet noch wol ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
Nei alle gedachten binne de ynwenners letter fan it legere part, lykas by de Teroelster Sipen, nei in heger gebiet ferhuze mar is de namme bestean bleaun. Earder foel Hústerheide ek ûnder Legemar. Oant 1951 waarden de tsjerkefouden troch de 'floreenplichtige' keazen troch de grûnbesitters.
Oant de gemeentlike weryndieling van 1 jannewaris 1984 wie Legemar part fan de eardere gemeente Doanjewerstâl. Dêrnei waard it part fan Skarsterlân.
Mienskip
By Legemar leit in golfbaan fan de Sint Nykster golfferiening BurgGolf.
Befolkingsferrin
1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2014 | 2023 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
58 | 50 | 58 | 61 | 66 | 51 | 50 | 46 | 90 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)
Galery
-
Legemar
-
Legemar
Strjitten
- Legemarsterwei - rûn troch leech lizzend lân dat eartiids faak ûnder wetter stie troch De Kûfurd.