Springe nei ynhâld

Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 feb 2024 om 03.03 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Talen dy't beskerme wurde ûnder it Hânfêst: oanfolle/by de tiid brocht fanôf en:)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lidsteaten dy't ûndertekene en bekrêftige hawwe yn dûnkergrien, dyjingen dy't ûndertekene hawwe, dochs noch net bekrêftige yn ljochtgrien, dyjingen dy't net ûndertekene en bekrêftige hawwe yn wyt, net-leden fan de Rie fan Jeropa yn griis. Boarne: de list fan ûndertekeners op de webside fan de Rie fan Jeropa.

It Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen is in ferdrach fan de Rie fan Jeropa dat taalminderheden 48 mooglikheden jout om harren taal te beskermjen.
Yn 1996 hat de Nederlânske oerheid it Frysk opjûn ûnder Diel III fan dit Jeropeeske Hânfêst. As útfiering dêrfan waard yn 2001 it Konvenant Fryske Taal en Kultuer sletten tusken de Nederlânske oerheid en de provinsje Fryslân.

It Hânfêst bestiet út trije dielen.

Omskriuwings fan it begryp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hânfêst omskriuwt as

  • "regionale talen of talen fan minderheden dy't:
    • fanâlds yn in beskaat gebiet fan in steat troch ûnderdienen fan dy steat brûkt wurde dy't yn oantal in minderheid foarmje oangeande fan de oare befolking fan dy steat;
    • ferskillen fan de offisjele taal/talen fan dy steat;
    • gjin dialekten fan d eoffisjele taal/talen fan de steat of talen fan migranten binne.
  • "gebiet dêr't de regionale taatl of de taal fan in minderheid yn brûkt wurde": it geografysk gebiet dêr't dy taal de wize fan útdrukken fan in ged tal minsken foarmet om it oannimmen te rjochtfeardigjen fan de feskate beskermjende en befoarderjende maatregels dêr't it Hânfêst yn foarsjocht.
  • "net-territoriale talen": talen dy't troch ûnderdienen fan de steat brûkt wurde dy't ferskille fan de taal/talen brûkt wurde troch de oare befolking fan dy steat mar dy't, hoewol't er fanâlds yn it gebiet fan dy steat brûkt wurde, net mei in beskaat gebiet dêrfan lykslein wurde.

It Hânfêst bestiet út trije dielen.

Diel I omfettet algemiene bepalings, dêr't de boppeneamde omskriuwings fan it begryp ûnder falle.

Diel II bestiet út algemiene doelstellings en begjinsels dy't fan tapassing binne op alle regionale talen en talen fan minderheden dy't ûnder it Hânfêst beskerme wurde. De steaten moatte op dy foar it behâlden fan de talen needsaaklike begjinsles harren belied en wetjouwing op basearje. De grûnbegjinsels en -doelstellings binne:

  • it erkennen fan de regionale taal/talen fan minderheden as uterjen fan kultureel rykdom;
  • it achtsjen fan it geografysk gebiet fan eltse regionale taal of taal fan in minderheid;
  • de needsaak fan beret optreden foar it befoarderjen en beskermjen fan regionale talen of talen fan minderheden;
  • it makliker meitsjen en oansetten ta it brûken fan regionale talen of talen fan minderheden, yn sprutsene en skreaune foarm, yn it iepenbiere en partikuliere libben;
  • it yn stân hâlden en ûntjaan fan bannen en kulturele relaasjes tusken groepen dy't in regionale taal of taal fan in minderheid brûke ûnderinoar en mei de oare taalgroepen fan dy steat;
  • it foarsjen yn passende foarmen en middels foar it ûnderrjocht yn en it bestudearjen fan regionale talen of talen fan minderheden op alle ûnderwiisnivo's dy't dêrfoar yn oanmerking komme;
  • it jaan fan foarsjennings om it foar dyjingen dy't in regionale taal of taal fan in minderheid net prate en dy't yn in gebiet dêr't dy brûkt wurdt, it mooglik meitsje dy taal te learen as se dat wolle;
  • it befoarderjen fan stúdzje en ûndersyk fan regionale talen of talen fan minderheden oan universiteiten of soartgelikense ynstellings;
  • it befoarderjen fan passende soarten ynternasjonale útwikselings;
  • it fuortheljen fan alle net-rjochtfeardige foarmen fan ûnderskied, útsluting, beheining of foarkar oangeande it brûken fan in regionale taal of taal fan in minderheid dêr't mei ornearre wurdt it yn stân hâlden of it ûntjaan fan in beskate taal te ûntmoedigjen of yn gefaar te bringen.
  • it oansetten ta begryp oer en wer tusken alle taalgroepen fan in lân, it opnimmen yn it ûnderrjochtsprogramma fan it achtsjen fan, begryp foar en tolerânsje oangeande regionale talen of talen fan minderheden en it oansetten fan de massamedia om itselde te dwaan.

Fierder ferplichtsje de steaten dy't it Hânfêst ûndertekenje harsels en hâld rekkening mei it ferlet en winskenn dy't nei foarren brocht wurde troch groepen dy't de talen brûke en it oprjochtsjen fan ferienings dy't dy groepen fertsjintwurdigje oan te moedigjen. Fierder moatte de boppenemade grûnbegjinsels en -doelstellings ek tapast wurde op net-territoriale talen, al is it op linige wize rekkening hâldend mei de bysûndere skaaimerken fan dy talen.

Diel III fan it Hânfêst befettet 68 útwurke maatregels dy't opsteld binne foar it beskermjen en befoarderjen fan regionale talen of talen fan minderheden. Foar elts fan de talen dêr't dat diel fan tapassing op ferklearre wurdt, moatte op syn minst 35 maatregels útkeazen wurde dy't it beskermjen en befoarderjen fan dy taal yn beleid en wetjouwing omset wurde moat. De maatregels ferskille yn grutte en binne bûn oan de folgjende sân mêden:

  • ûnderrjocht;
  • rjochterlike autoriteiten;
  • bestjoerlike autoriteiten en iepenbiere tsjinsten;
  • media;
  • kulturele aktiviteiten en foarsjennings;
  • ekonomysk en sosjaal libben;
  • grinsoergeande útwikselings.

It Hânfêst tsjinnet as grûnwurk foar de nasjonalen wetjouwing oangeande it beskermjen en befoarderjen fan de talen yn de lidsteaten fan de Rie fan Jeropa. Om't demografyske, sosjale, politike en ekonomyske sitewaasje fan de talen dy't ûnder de definysje fan it ferdrach falle in wiid ferskaat omfiemet, makket it Hânfêst it mooglik foar eltse taal in eigen pakket maatregels ta it beskermjen en befoarderjen fêst te lizzen dy't wichtich en nedich binne foar de oanbelangjende taal. De ferplichtings dy't neffens it Hânfêst oangien wurde, kinne dus tige ferkille tusken de steaten en ek tusken de erkende talen yn in steat.

Alle yn it Hânfêst erkende talen hawwe dus noch net deselde status. Talen dy't ûnder Diel III fan it Hânfêst falle, lykas it Frysk, hawwe de grutste erkenning. Dat betsjut dat der bygelyks yn ûnderrjochte wurde moat en dat juridyske transaksjes dy't dy taal as fiertaal hawwe, erkend wurde. Talen dy't ûnder Diel II falle (yn Nederlân binne da it Nedersaksysk en it Limboarchsk) wurde al erkend en it brûken dêrfan wurdt oanmoedige, dochs dat giet net sa fier as Diel III: rjochten kinne dêr yn 'e praktyk net oan jûn wurde.

Utsein regionale talen of talen fan minderheden en net-territoriale talen kinne ek minder fersprate talen ûnder it Hânfêst beskerme wurde. It is lykwols net de bedoeling dat talen dy't ferbûn binne oan resinte migraasjeweagen of dialekten fan de offisjele taal ûnder it Hânfêst erkend wurde.

It moat mei it erkennen en it befoarderjen fan de regionale talen of talen fan minderheden perfoarst net sa wêze dat der konkurrinsje of fijannigens tusken dy talen en de offisjele taal of talen fan de steat ûntstiet. Der moat wurke wurde oan in ynterkultureel en meartalich belied dat rekkening hâldt mei de kulturele en sosjale werklikheid, sa't eltse taal syn plak krijt.

It útfierde belied troch de steaten oangeande de talen dy't se ûnder it Hânfêst erkend hawwe, wurdt neisjoen troch de Kommisje fan deskundigen. Dy kommisje bestiet út ien lid de dielnimmende lidsteat en wurdt troch it Komitee fan Ministers fan de Rie fan Jeropa beneamd. Eltse steat tsjinnet by dy kommisje periodyk in ferslach yn oer it útfierde belied. De kommisje leveret dêrop kommentaar en docht oanrekommandaasjes oan it Komitee fan Ministers, dat him dêroer útsprekt en ek yngripe kin.

Talen dy't beskerme wurde ûnder it Hânfêst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stân fan saken yn novimber 2022. Talen dy't skean steane binne erkend ûnder Diel II.[1] Wêr't tusken heakjes in gebiet oantsjut is, wurdt de erkenning geografysk beheind ta dat gebiet.

Lân Undertekening Bekrêftige Yngongsdatum Erkende talen
Albaanje        
Andorra        
Armeenje 11-05-2001 25-01-2002 01-05-2002 Assyrysk, Dútsk, Gryksk, Jezidysk, Koerdysk, Oekraynsk, Russysk
Azerbeidzjan 21-12-2001      
Belgje        
Bosnje en Herzegovina 07-09-2005 21-09-2010 01-01-2011 Albaneesk, Dútsk, Hongaarsk, Italjaansk, Jiddysk, Oekraynsk, Poalsk, Roemeensk, Roeteensk, Romany, Sefardysk, Sloveensk, Slowaaksk, Tsjechysk, Turksk
Bulgarije        
  Denemark 05-11-1992 08-09-2000 01-01-2001 Dútsk (yn Súd-Jutlân), Fêreusk (op 'e Fêreu-eilannen), Grienlânsk (yn Grienlân), Romany
Dútslân 05-11-1992 16-09-1998 01-01-1999 Deensk (yn Sleeswyk-Holstein), Nederdútsk (Part III yn Bremen, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren, Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein; Part II yn Brandenburch, Noardryn-Westfalen en Saksen-Anhalt), Leechsorbysk (yn Brandenburch), Noardfrysk (yn Sleeswyk-Holstein), Heechsorbysk (yn Saksen), Romany, Sealterfrysk (yn Nedersaksen)
Eastenryk 05-11-1992 28-06-2001 01-10-2001 Burgenlandkroätysk (yn Burgenland), Hongaarsk (yn Burgenland en Wenen), Romany (yn Burgenland), Sloveensk (yn Karinsje en Stiermarken), Slowaaksk (yn Wenen), Tsjechysk (yn Wenen)
Estlân        
Finlân 05-11-1992 09-11-1994 01-03-1998 Inari-Samysk, Jiddysk, Karelysk, Noardsamysk, Romany, Skolt-Samysk, Sweedsk, Tataarsk
Frankryk 07-05-1999      
Geörgje        
Grikelân        
Grut-Brittanje 02-03-2000 27-03-2001 01-07-2001 Iersk, Kornysk, Manksk (op Man), Skotsk, Skotsk-Gaelysk, Ulsterskotsk, Welsk
Hongarije 05-11-1992 26-04-1995 01-03-1998 Armeensk, Bojasjysk, Bulgaarsk, Dútsk, Kroätysk, Gryksk, Oekraynsk, Poalsk, Roemeensk, Roeteensk, Romany, Servysk, Sloveensk, Slowaaksk
Ierlân        
  Yslân 07-05-1999      
Itaalje 27-06-2000      
Kroaasje 05-11-1997 05-11-1997 01-03-1998 Bojasjysk, Dútsk, Hongaarsk, Italjaansk, Istro-Roemeensk, Oekraynsk, Roeteensk, Romany, Servysk, Sloveensk, Slowaaksk, Tsjechysk
Letlân        
Lychtenstein 05-11-1992 18-11-1997 01-03-1998 gjint
Litouwen        
Lúksemboarch 05-11-1992 22-06-2005 01-10-2005 gjint
Malta 05-11-1992      
Moldaavje 11-07-2002      
  Monako        
Montenegro 22-03-2005 15-02-2006 06-06-2006 Albaneesk, Bosnysk, Kroätysk, Romany
Nederlân 05-11-1992 02-05-1996 01-03-1998 Frysk (yn Fryslân), Jiddysk, Limboarchsk (yn Limboarch), Nedersaksysk, Papiamintsk (op Bonêre), Romany
Noard-Masedoanje 25-07-1996      
  Noarwegen 05-11-1992 10-11-1993 01-03-1998 Kwensk, Lûle-Samysk, Noardsamysk, Romany, Skandoromany, Súdsamysk
Oekraïne 02-05-1996 19-09-2005 01-01-2006 Armeensk, Bulgaarsk, Dútsk, Gagaûzysk, Gryksk, Hongaarsk, Jiddysk, Karaïtysk, Krimtataarsk, Krimtsjaksk, Moldavysk, Poalsk, Roemeensk, Roeteensk, Romany, Russysk, Slowaaksk, Wytrussysk
Poalen 12-05-2003 12-02-2009 01-06-2009 Armeensk, Dútsk, Hebriuwsk, Jiddysk, Karaïtysk, Kasjûbysk, Litousk, Oekraynsk, Roeteensk (Lemko), Romany, Russysk, Slowaaksk, Tataarsk, Tsjechysk, Wytrussysk
Portegal        
Roemeenje 17-07-1995 29-01-2008 01-05-2008 Albaneesk, Armeensk, Bulgaarsk, Dútsk, Gryksk, Hongaarsk, Italjaansk, Jiddysk, Kroätysk, Masedoanysk, Oekraynsk, Poalsk, Roeteensk, Romany, Russysk, Servysk, Slowaaksk, Tataarsk, Tsjechysk, Turksk
Ruslân 10-05-2001      
  San Marino        
Servje 22-03-2005 15-02-2006 01-06-2006 Albaneesk, Aroemeensk, Bosnysk, Bulgaarsk, Bûnjevatsjysk, Dútsk, Hongaarsk, Kroätysk, Masedoanysk, Oekraynsk, Roemeensk, Roeteensk, Romany, Slowaaksk, Tsjechysk
Syprus 12-11-1992 26-08-2002 01-12-2002 Armeensk, Syprioatysk Maronitysk-Arabysk
Sloveenje 03-07-1997 04-10-2000 01-01-2001 Dútsk, Hongaarsk, Italjaansk, Kroätysk, Romany, Servysk
Slowakije 20-02-2001 05-09-2001 01-01-2002 Bulgaarsk, Dútsk, Hongaarsk, Jiddysk, Kroätysk, Oekraynsk, Poalsk, Roeteensk, Romany, Russysk, Servysk, Tsjechysk
Spanje 05-11-1992 09-04-2001 01-08-2001 Aragoneesk (yn Aragon), Araneesk (in dialekt fan it Oksitaansk), Astuerysk (yn Astuerje en Kastylje en Leön), Baskysk, Berbersk (yn Melilla), Falinsiaansk (yn Falinsia), Galisysk, Katalaansk, Leöneesk (yn Kastylje en Leön)
Sweden 09-02-2000 09-02-2000 01-06-2000 Finsk, Jiddysk, Lûle-Samysk, Noardsamysk, Romany, Súdsamysk, Tornedelstersk
  Switserlân 08-10-1993 23-12-1997 01-04-1998 Dútsk, Franko-Provansaalsk, Frânsk, Italjaansk, Jenysk, Retoromaansk
Tsjechje 09-11-2000 15-11-2006 01-03-2007 Dútsk, Moravysk-Kroätysk, Poalsk (mar Part III yn Frydek-Místek en Karviná), Romany, Slowaaksk
Turkije        

Nederlân hat it Hânfêst yn 1992 ûndertekene. Yn 1996 waard it troch de Twadde en Earste Keamer goedkard en dêrnei bekrêftige. Dêrby waarden it Frysk en it Nedersaksysk erkend, dêr't allinnich by it Frysk spesifike maatregels en ferplichtings út Diel III fan tapasiing ferklearre waarden. Tagelyk waarden it Jiddysk en it Romany as net-territoriale talen erkend. Yn 1997 waard it Limboarchsk, dy't ynearsten net neamd waard, as regionale taal erkend. It Hânfêst waard mei yngong fan 1 maart 1998 yn Nederlân yn wurking steld.

In besykjen fan it provinsjebestjoer fan Seelân en ha it Siuwsk erkend as regionale taal waard yn 2005 ôfwiisd. De Nedersaksyske streektaalorganisaasje SONT hat út namme fan alle provinsjes dêr't it Nedersaksysk sprutsen wurdt, op 26 septimber 2006 in petysje oan de Fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oanbean, en ferklearje de bepalings út Diel III foar it Nedersaksysk sa fluch mooglik fan tapassing.

De wetjouwing en it útfieren fan wetten oangeande de tasizzings yn it Hânfêst benei te kommen, wurde op regelmjittige basis evaluearre. Yn 2001 en 2004 hat in konsultyf orgaan ûnder lieding fan Gijs de Vries yn opdracht fan de Rie fan Jeropa in evaluaasje dien. It Ministearje fan Ynlânske Saken hat de Fryske Akademy twa evaluaasjes dwaan litten. Neffens dy evaluaasjes kaam te boppe dat de Nederlânske oerheid op in soad mêden syn ferplichtings beneikomt, dochs op m♪d fan ûnderrjocht, media en grinsoergeande kontakten te min fasiliteiten foar de Frysker taal biedt.

De Nederlânske ryksoerheid hat yn ferskate bestjoersôfspraken in part fan syn foech foar de wetjouwing oangeande de regionale talen en talen fan minderheden oan legere oerheden oerdroegen. No leit dus de ferantwurdlikens foar it Fryske taalbelied foar in grut part by de provinsje Fryslân. Dy hat benammen it oanpakken fan de ûnderrjochtproblemen ta in wichtich punt makke.

Op 29 jannewaris 2024 krige it Papiamintsk op Bonêre (dat de status fan in Nederlânske gemeente hat) offisjele erkenning fan 'e Nederlânske steat ûnder Diel III fan it Hânfêst.[2]

It Hânfêst waard yn 1998 troch it Bûnsregear bekrêftige en waard mei yngong fan 1 jannewaris 1999 yn wurking steld. Troch it te deponearjen by de Rie fan Jeropa ferplichtet Dútslân him en beskermje fiif minderheidstalen en ien regionale taal, dêr't de maatregels ta de dielsteaten dêr't dy talen sprutsen wurde beheind by binne:

De minderheidstalen

De regionale taal Nederdútsk yn Bremen, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren, Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein ûnder Diel III, yn Brandenburch, Noardryn-Westfalen en Saksen-Anhalt ûnder Diel II.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Oerset fan nl:Europees_Handvest_voor_regionale_talen_of_talen_van_minderheden en de:Europäische_Charta_der_Regional-_oder_Minderheitensprachen