Springe nei ynhâld

Memoirs of a Geisha (film)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 jun 2023 om 20.41 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Rolferdieling: red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Memoirs of a Geisha
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rob Marshall
produsint Lucy Fisher
Steven Spielberg
Douglas Wick
senario Robin Swicord
basearre op de roman fan Arthur Golden
kamerarezjy Dion Beebe
muzyk John Williams
filmstudio Columbia Pictures
DreamWorks Pictures
Spyglass Entertainment
Amblin Entertainment
Red Wagon Entertainment
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Zhang Ziyi
Suzuka Ohgo
voice-over Shizuko Hoshi
byrollen Gong Li
Michelle Yeoh
Ken Watanabe
Kōji Yakusho
Youki Kudoh
Zoe Weizenbaum
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 novimber 2005
foarm langspylfilm
sjenre hist. romantyske dramafilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Japansk)
spyltiid 145 minuten
budget en resultaten
budget $85 miljoen
opbringst $162,2 miljoen
prizen Oscar
Golden Globe
BAFTA Award
Satellite Award

Memoirs of a Geisha is in Amerikaanske histoaryske romantyske dramafilm út 2005 ûnder rezjy fan Rob Marshall, mei yn 'e haadrollen Zhang Ziyi, Suzuka Ohgo, Gong Li, Michelle Yeoh en Ken Watanabe. De titel betsjut: "Memoires fan in Geisha". De film wie basearre op 'e roman mei deselde namme fan Arthur Golden út 1997. It ferhaal folget it libben fan it Japanske famke Chiyo, dat yn 'e 1920-er jierren as bern troch har ferearmoede âldelju ferkocht wurdt om geisha te wurden. Memoirs of a Geisha konsintrearret him benammen op 'e selsopoffering dy't fan geisha's yn it Japan fan foar de Twadde Wrâldoarloch ferwachte waard en op 'e swierrichheden fan geisha's om in plak yn 'e nei-oarlochske maatskippij te finen. De film krige mingde resinsjes fan 'e Westerske filmkritisy en waard yn 'e Folksrepublyk Sina ferbean. Yn 'e bioskopen ûntjoech er him ta in beskieden kommersjeel súkses. Memoirs of a Geisha wûn ferskate prizen, wêrûnder trije Oscars, in Golden Globe, trije BAFTA Awards en in Satellite Award.

Chiyo Sakamoto, in jong famke út in ferearmoede húshâlding yn in ôfhandich fiskersdoarp, wurdt troch har heit yn 'e mande mei har suster Satsu ferkocht oan in okiya, in geishahûs, sadat er fan it jild de fersoarging fan harren slim sike mem betelje kin. Chiyo bedarret yn 'e okiya fan "mem" Kayoko Nitta, yn Kyoto, mar Satsu wurdt ôfwiisd om't se net moai genôch wêze soe om geisha te wurden; sy wurdt ynstee oan in bordeel ferkocht. Yn 'e okiya fan mem Nitta komt Chiyo yn 'e kunde mei "beppe", dy't it geishahûs earder bestjoerd hat, en "muoike", de assistinte fan mem. Fierders wenje der Hatsumomo, in geisha dy't tige tsjep, mar ek wreed is, en in oar jong famke dat "Pompoentsje" neamd wurdt en mei wa't Chiyo daliks befreone rekket.

Chiyo is wanhopich om Satsu werom te finen, en nei ferrin fan tiid heart se fan Hatsumomo dat Satsu by de okiya oan 'e doar west hat. Hatsumomo twingt Chiyo om te dwaan wat se seit yn ruil foar de ynformaasje oer hokker bordeel Satsu yn wurket. As se it har einlings fertelt, glûpt Chiyo fuort en siket se Satsu op. De beide susters meitsje plannen om 'e oare deis tegearre út te naaien. As Chiyo dy jûns weromkeart yn 'e okiya, ûntdekt se dat Hatsumomo yn in skuorke op it binnenplak seksuële omgong hat mei har frijer Koichi. Se wurde allegearre trappearre troch mem Nitta en muoike. Mem ferbiedt Hatsumomo om Koichi ea noch te sjen, en se lit de okiya op 't slot dwaan, sadat nimmen der noch út- of ynglûpe kin.

Chiyo besiket dêrom oer it dak te ûntsnappen om har ôfspraak mei Satsu net mis te rinnen, mar se sakket troch it dak hinne en rekket earnstich ferwûne. Sadwaande giet se foarearst nearne mear hinne, en fan Satsu, dy't nei útnaaid te wêzen net werom kin nei it bordeel, sjocht noch heart se ea wat werom. Mem Nitta lit Chiyo fersoargje troch in dokter, dêr't de skuldelêst fan Chiyo oan 'e okiya noch fierder troch oprint. Om har te straffen leit mem har oplieding ta geisha stil, sadat se fan no ôf oan in ienfâldige tsjinstfaam wêze sil. Ek jout se har in brief dat in skoft lyn út har doarp arrivearre is, wêryn't tynge dien wurdt fan it ferstjerren fan har mem, en, koarte tiid letter, fan har heit.

Op in dei, as Chiyo gûlend oan 'e igge fan 'e rivier sit, alhiel telider slein oer har útsichtleaze sitewaasje, wurdt se oansprutsen troch in rike jongeman, beselskippe troch in pear foarname geisha's dy't him oansprekke as "foarsitter". Om har op te fleurjen, keapet er wetteriis mei in smaakje foar har en jout har in bûsdoek mei in muntstik deryn dêr't se mear as in moanne fan ite kin. Ynstee giet se nei de pleatslike sjinto-timpel, dêr't se de munt as jefte weijout en yn in gebed har winsk útsprekt dat se de foarsitter weromsjen sil en ûnderdiel fan syn libben wurde mei. Syn bûsdoek, lykwols, bewarret se as har grutste skat. Ynspirearre troch it foarfal, nimt se har fan dy dei ôf foar om alle obstakels te oerwinnen om dochs geisha te wurden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ferskate jierren letter makket Pompoentsje har debút as maiko (learling-geisha) ûnder Hatsumomo har wrede ûnderrjocht. Chiyo hâldt goede moed dat sy dy status ek ris berikke sil, hoewol't ûndúdlik is hoe, mei't se noch altyd inkeld in tsjinstfaam yn 'e okiya is. Dy winter komt de foaroansteande geisha Mameha, de wichtichste rivale fan Hatsumomo, lykwols del yn 'e okiya. Se docht mem Nitta in oanbod dat dy net ôfwize kin, oangeande de oplieding fan Chiyo ta geisha. Dêrfoar moat Chiyo alle tiid ynhelje dy't ferlern gien is trochdat se as tsjinstfaam wurke, mar dat slagget har. Chiyo wurdt in maiko en kriget fan Mameha de geishanamme Sayuri taparte. Har súkses makket Hatsumomo, dy't har dochs al net lije mocht, oergeunstich.

Mameha bringt Sayuri by in sûmowrakselwedstryd yn 'e kunde mei twa fan har klanten, de ûndernimmer Ken Iwamura, dy't deselde as de foarsitter blykt te wêzen, en dy syn sakepartner Nobu. De mannen hawwe tegearre yn 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch yn Mantsjoerije fochten, en dêrby hat Nobu it libben fan 'e foarsitter rêden. Nobu is dêrby slim ferwûne rekke en draacht dêr noch altyd de groeden fan. Hy is in rjochtlinich man dy't net folle op hat mei geisha's. As Hatsumomo by de wedstryd ferskynt, is Mameha bang dat se besykje sil Sayuri te sabotearjen. Dêrom jout se har opdracht om te bearen as mei se Nobu graach lije, mei't Mameha wit dat Hatsumomo Nobu net útstean kin. Tsjin alle ferwachtings yn rekket Nobu ûnder de yndruk fan Sayuri, dy't dêr sels hielendal net wiis mei is om't se inkeld eagen hat foar de foarsitter.

Om har populariteit te fergrutsjen, organisearret Mameha letter in feiling foar de mizuage (ûntfamming) fan Sayuri. Dêrnei sil se in folleard geisha wêze. It is de bedoeling dat de ûntfamming safolle mooglik opbringt, want de oerienkomst fan Mameha mei mem Nitta wie dat Sayuri binnen in healjier nei har geisha-wurden alle skulden oan 'e okiya ôfbetelle hawwe soe. Hatsumomo besiket it proses te dwerseidzjen troch falske geroften oer Sayuri te fersprieden, dy't geregeldwei seksuële omgong mei sljochtwei fiskers en seelju hawwe soe. Om dat tsjin te gean beävensearret Mameha foar Sayuri in optreden as dûnseresse foar in selekt selskip fan pommeranten, ûnder wa de grizelige dokter "Krab" en har eigen danna (patroan), de baron. Neitiid stiet de baron derop dat Sayuri foar it kersebluossemfeest op syn lângoed oanwêzich wêze sil, op in datum dat Mameha der net by wêze kin.

As Sayuri dêr is, lokket de baron har mei nei in fertrek dêr't se allinnich binne, dêr't er har tsjin har wil útklaait en har fernederet troch har neaken te besjen. Werom yn Kyoto is Mameha lulk op har om't se derfan útgiet dat Sayuri seksuële omgong mei de baron hân hat. Sayuri besiket har fan it tsjindiel te bewissigjen, mar Mameha bliuwt erchtinkend. De ûntfamming fan Sayuri wurdt wûn troch dokter "Krab", foar it rekôrbedrach fan 15.000 yen, wêrmei't al har skulden yn ien klap mear as ôflost binne. Mameha bychtet letter op dat de baron eins de heechste bieder wie, mar dat se beard hat dat doker "Krab" syn bod heger wie. (De ymplikaasje is dat Mameha fereale is op 'e baron.) Se leaut no dat Sayuri net mei de baron sliept hat, want hokker man soe safolle betelje wolle foar wat dat er fergees al hân hat?

Mem Nitta, dy't alhiel yn 'e wolkens is mei de gong fan saken, makket bekend dat Sayuri har erfgenamte is as berêdster fan 'e okiya. Dêrmei slacht se sawol de hoop fan Pompoentsje op it berikken fan dy posysje, as dy fan Hatsumomo om fia de swakke Pompoentsje sizzenskip oer de okiya te krijen, de grûn yn. It betsjut de ein fan 'e freonskip tusken Sayuri en Pompoentsje. Nei't Sayuri weromkeart yn 'e okiya fan har muzuage-seremoanje, treft se in dronken Hatsumomo oan yn har keamer. Hatsumomo hat tusken har besittings de bûsdoek fan 'e foarsitter fûn en de beide geisha's reitsje behelle yn in gefjocht om it ding. Dêrby wurdt in petroaljelamp omreage, mei as gefolch dat der in brân ûntstiet dy't de okiya slimme skea tabringt. De ferbittere Hatsumomo wurdt neitiid troch mem Nitta út 'e okiya ferballe.

Underwilens is de Twadde Wrâldoarloch oan 'e gong, en de súksesfolle karriêre fan Sayuri as geisha wurdt ôfsnien as de earste Amerikaanske bombardeminten fan Japanske stêden plakfine. Op befel fan 'e oerheid wurde de ynwenners fan 'e hanamachi, de buerten fan 'e stêden dy't bedoeld binne foar fermaak en dêr't ek alle okiya steane, evakuëarre. De foarsitter soarget dat Mameha oan it wurk kin as ferpleechkundige, wylst Sayuri beskûl fynt op it plattelân, by goekunde fan Nobu.

Nei't ferskate jierren foarbygien binne en Japan ûnderwilens troch de Amerikanen beset is, wurdt Sayuri dêr opsocht troch Nobu. Hy freget har om wer geisha te wurden, sadat se de Amerikaanske kolonel Derricks foar him beynfloedzje kin, fan wa't er tastimming nedich is om syn fabryk wer opstarte te meien. Sayuri siket Mameha op, dy't mei tsjinnichheid har help taseit, en Pompoentsje, dy't no as prostituee wurket en folle lokkiger liket te wêzen as yn har âlde libben. Mei Nobu, de foarsitter, kolonel Derricks en inkele oare Amerikaanske ofsieren fleane de trije geisha's nei de Amami-eilannen. Dêr docht de kolonel oan Sayuri in ûnearber foarstel, mar hja wiist him ôf en leit him út dat geisha's gjin hoeren binne.

Neitiid komt Nobu by har en fertelt har dat er smoarfereale op har is. Sayuri, dy't sels smoar is op 'e foarsitter, is dêr hielendal net wiis mei. Nobu freget har oft se mei Derricks sliept hat, want mocht dat sa wêze, dan wol er neat mear fan har witte. Sayuri beswart him dat dat net sa is, mar neitiid betinkt se dat soks de iennichste manear is om fan him ôf te kommen. Dêrom ferliedt se Derricks en freget se Pompoentsje om derfoar te soargjen dat Nobu har mei Derricks op bêd sjocht. It docht lykwols bliken dat Pompoentsje hielendal net sa lokkich mei har nije libben is as se beart, en dat se eins noch altyd wrokket oer it feit dat Sayuri har de okiya ôfnommen hat. Dêrom nimt se net Nobu mei om Sayuri mei Derricks op bêd te ûnderbrekken, mar de foarsitter. Sayuri beseft dat it no nea mear wat wurde kin tusken har en de foarsitter. Se klimt nei it heechste part fan it eilân en lit dêr de bûsdoek, dy't se al dy jierren bewarre hie, fuortwaaie op 'e wyn.

Werom yn Kyoto kriget Sayuri net folle letter fia mem Nitta in útnûging om yn in teehûs te kommen, dêr't in rike klant har moetsje wol. Se ferwachtet Nobu te sjen, mar it blykt ynstee de foarsitter te wêzen. Hy fertelt har dat Nobu heard hat fan har en Derricks, en dat er har nea mear sjen wol. Hy bychtet no ek op dat hy it wie, dy't Mameha oantrune hat om Sayuri ta geisha op te lieden. Krekt as Sayuri hat ek hy nea dy moeting oan 'e igge fan 'e rivier ferjitte kinnen. Mar doe't Nobu belangstelling foar har krige, hold er him yn, want de man hie ommers syn libben rêden. Sayuri bekent har leafde foar de foarsitter en se tútsje inoar.

Zhang Ziyi.
Gong Li.
Michelle Yeoh.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                  
Chiyo Sakamoto / Sayuri Nitta Zhang Ziyi
de jonge Chiyo Suzuka Ohgo
Chiyo / Sayuri op jierren (voice-over) Shizuko Hoshi


byrollen
personaazje                        akteur/aktrise
Hatsumomo Gong Li
Mameha Michelle Yeoh
foarsitter Ken Iwamura Ken Watanabe
Nobu Kōji Yakusho
Pompoentsje (Pumpkin) Youki Kudoh
de jonge Pompoentsje Zoe Weizenbaum
"mem" Kayoko Nitta Kaori Momoi
"muoike" Tsai Chin
kolonel Derricks Ted Levine
Koichi Karl Yune
de baron Cary-Hiroyuki Tagawa
dokter "Krab" Randall Duk Kim
Satsu Sakamoto Samantha Futerman
Korin Eugenia Yuan
heit Sakamoto Mako Iwamatsu
mem Sakamoto Elizabeth Sung
"beppe" Nitta Kotoko Kawamura
de generaal Kenneth Tsang
luitenant Hutchins Paul Adelstein

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart nei't yn 1997 de roman Memoirs of a Geisha, fan skriuwer Arthur Golden, publisearre wie, kochten filmprodusinten Douglas Wick en Lucy Fisher dêr foar $1 miljoen de filmrjochten op foar Red Wagon Entertainment, mei finansjele stipe fan it gruttere Columbia Pictures. It jiers dêrop wie regisseur en produsint Steven Spielberg fan doel om it boek te ferfilmjen nei't er klear wie mei Saving Private Ryan. Spielberg woe der in Ingelsktalige film fan meitsje, wylst it foartiid de bedoeling west hie dat it in Japansktalige film wurde soe. David Geffen, ien fan 'e oare oprjochters fan Spielberg syn DreamWorks Pictures, besocht him lykwols ôf te bringen fan syn foarnimmen om Memoirs of a Geisha te meitsjen, om't er it ferhaal net goed genôch fûn. Ien en oar soarge foar fertraging, en yn 2002, doe't Spielberg ûnderwilens û.m. Minority Report en Catch Me If You Can makke hie, besleat er Memoirs of a Geisha oan in oare regisseur oer te dragen en sels inkeld as produsint by it projekt belutsen te bliuwen.

Dêrop fregen Wick en Fisher Rob Marshall foar de rezjy, dy't wol belangstelling hie om in 'gewoane' film te meitsjen nei't er twa musicals (Annie en Chicago) regissearre hie. Marshall wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Robin Swicord. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dion Beebe, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch John Williams. Memoirs of a Geisha waard in ko-produksje fan 'e filmstudio's Columbia Pictures, DreamWorks Pictures, Spyglass Entertainment, Amblin Entertainment en Red Wagon Entertainment, dêr't in budget fan $85 miljoen foar beskikber wie.

Fan 'e trije wichtichste aktrises yn 'e film, Zhang Ziyi, Gong Li en Michelle Yeoh, hie net ien in etnysk Japanske eftergrûn. Hja giene seis wiken lang op training om te learen wat it is om in geisha te wêzen. Dêrby waarden harren tradisjonele geisha-praktiken lykas Japanske muzyk, Japanske dûns en de teeseremoanje bybrocht.

Antropologe Liza Dalby waard oanlutsen om by de produksje fan 'e film as adviseur te fungearjen oangeande kulturele saken. Hja soe letter yn in fraachpetear sizze dat hoewol't Marshall en de produsinten har geregeldwei nei har miening fregen, se dêrnei oer it algemien trochsetten wat se dochs al fan doel west hiene. Dalby omskreau Memoirs of a Geisha as "in fergriemde kâns" om 'e foaroarlochske Japanske maatskippij, wat geisha's oanbelange, akkuraat wer te jaan.

De opnamen fan Memoirs of a Geisha fûnen plak op lokaasje yn it Japanske Kyoto en op in spesjaal boude filmset op in ranch yn Thousand Oaks, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. De measte binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Sony Pictures Studios yn Culver City (Kalifornje). De opnamen begûnen op 29 septimber 2004 en duorren oant 31 jannewaris 2005.

Under de postproduksje fan Memoirs of a Geisha hiene de lûdseditors der in hiele put oan om it Ingelsk fan 'e cast fersteanber te meitsjen. It meastepart fan 'e akteurs bestie nammentlik út Sinezen en Japanners, wêrfan't guon gjin Ingelsk sprieken en by de opnamen gebrûk makke hiene fan út 'e holle learde fonetyske tekstregels. De lûdseditors moasten de dialooch ferbetterje troch missende of ûnfersteanbere klanken en wurdlidden út oare opnamen te knippen en yn te plakken. Dy prestaasje soe letter beleanne wurde mei in nominaasje foar de Oscar foar bêste lûdsmontaazje.

De distribúsje fan Memoirs of a Geisha waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing. De film gie op 29 novimber 2005 yn premiêre yn 'e Japanske haadstêd Tokio. Yn Japan hie de film de titel Sayuri, nei de geishanamme fan 'e haadpersoan. Op 9 desimber iepene Memoirs of a Geisha yn 'e Amerikaanske bioskopen. It soundtrackalbum kaam al op 22 novimber 2005 út.

Westerske wrâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Westerske wrâld krige Memoirs of a Geisha fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Yn The Washington Times waard de film omskreaun as "in wielderich trouwe […] adaptaasje". De Londenske Evening Standard ferliek Memoirs of a Geisha mei it bekende mearke Jiskepûster en hie in protte lof foar Gong Li yn 'e rol fan Hatsumomo, de wichtichtste antagonist yn 'e film. De resinsint fan 'e Daily Record, in krante út Glasgow, skreau: "de wrâld fan 'e geisha's wurdt skildere mei sa'n mjitte fan yntym detail dat er tiidleas liket, oant de oarloch, en dêrmei de moderne wrâld, in ein oan it mearke makket."

De New Statesman hie lykwols krityk op 'e plot en stelde dat Memoirs of a Geisha "it lytse bytsje faasje dat de film hie, ferliest" nei't Hatsumomo har ôfjûn hat, "en útinoarfalt yn it iene prachtige plaatsje nei it oare." Ek stelde deselde resinsint dat de film "de wittenskiplike toan fan it orizjineel falle lit om 'e soapsearje bleat te lizzen dy't ûnder dat oerflak boarrelet."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Memoirs of a Geisha in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 164 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is minder nuansearre as syn boarnemateriaal; it mei in wielderich útfierde produksje wêze, mar it azemet likegoed de simplistyske sfear fan in soapsearje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Memoirs of a Geisha in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 38 resinsjes.

Yn Japan en Sina wiene de resinsjes foar Memoirs of a Geisha mingd oant negatyf. Yn it foarste plak ûntstie der opskuor oer de casting fan 'e film, mei't fan alle trije wichtichste aktrises dy't geisha's spylje net ien út Japan komt of in etnysk Japanske eftergrûn hat. Zhang Ziyi (Chiyo/Sayuri) komt út Sina en foar Gong Li (Hatsumomo) jildt itselde, al naam sy yn 2008 de Singapoereeske nasjonaliteit oan, wylst Michelle Yeoh (Mameha) in Maleizyske aktrise fan etnysk Sineesk komôf is. De produsinten fan 'e film ferdigenen de kar foar dy aktrises troch derop te wizen dat it har om "aktearkwaliteit en nammebekendheid" gie en net om 'e fraach oft se wol de juste etnisiteit hiene. Nettsjinsteande dy útlis (of miskien wol dêrtroch) naam in diel fan it Japanske publyk oanstjit oan 'e castingkar. Oaren hiene krityk op 'e ôfskildering fan 'e geisha's yn 'e film, dy't se net akkuraat en tefolle ferwesterske fûnen. Japanolooch Peter MacIntosh stelde dat de film dúdlik net makke wie mei in Japansk bioskooppublyk op it each, en dat eltsenien dy't wat kennis hie fan 'e Japanske kultuer him oer de film besauwe soe.

De fijannichste reäksje op Memoirs of a Geisha kaam lykwols út 'e Folksrepublyk Sina, dêr't de fertoaning fan 'e film troch de steatssensuer ferbean waard. Dat hie te krijen mei de eftergrûn fan 'e film, dy't rint fan 'e 1920-er jierren oant en mei de 1940-er jierren, en dêrtroch sawol de perioade fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch as de Twadde Wrâldoarloch omfiemet. Dat wie in snuorje wêryn't de Japanners rûnom oarlochsmisdieden yn Sina begiene en tsientûzenen Sineeske (en oare) froulju twongen om as "treastfamkes" (in eufemisme foar prostituee) yn bordelen fan it Keizerlike Japanske Leger te wurkjen. De casting fan Sineeske aktrises as geisha's (ek al binne dat gjin prostituees) foel dêrtroch yn Sina hielendal ferkeard. Dêrby kaam noch dat yn 'e film it personaazje Nobu, dat yn Mantsjoerije tsjin 'e Sinezen fochten hat, omskreaun wurdt as in oarlochsheld. Om't de film inkeld fan it Japanske eachpunt út makke is, en sa'nent yn Japan doedestiden perfoarst as oarlochsheld beskôge waard, doocht dy útspraak eins histoarysk sjoen wol. It is lykwols in gefoelige kwestje dy't yn Sina begryplikerwize kwea bloed sette, ek al wurdt de oarloch yn 'e film mar sydlings neamt.

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Memoirs of a Geisha yn 'e bioskopen $57 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $105,2 miljoen. Yn Japan hie de film mar in hiel tuskenbeiden resultaat, nettsjinsteande it feit dat it in bigbudgetfilm mei in Japansk tema wie. Dat hie der nei alle gedachten mei te krijen dat de geisha's en harren kultuer yn 'e film net akkuraat werjûn wurde. Yn 'e Feriene Steaten ûnderfûn Memoirs of a Geisha benammen konkurrinsje fan King Kong, The Chronicles of Narnia en Fun with Dick and Jane. Wrâldwiid kaam de opbringst út op $162,2 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $85 miljoen betsjutte dat in winst fan $77,2 miljoen minus marketingkosten. Dêrmei wie Memoirs of a Geisha in beskieden kommersjeel súkses.

Memoirs of a Geisha krige ferskate prizen en nominaasjes. By de Golden Globes waard de film yn jannewaris 2006 nominearre yn twa kategoryen, wêrûnder dy foar bêste aktrise yn in dramafilm (Zhang Ziyi). Hy wûn de Golden Globe foar bêste orizjinele filmmuzyk (John Williams). By de Oscars, letter datselde jiers, waard de film nominearre foar seis prizen, wêrûnder bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûdsmontaazje en bêste lûdsmixing. Hy wûn de Oscars foar bêste kamerarezjy (Dion Beebe), bêste artdirection (John Myhre en Gretchen Rau) en bêste kostúmûntwerp (Colleen Atwood).

By de Britske BAFTA Awards waard Memoirs of a Geisha ek nominearre foar seis kategoryen, wêrûnder bêste aktrise (Zhang Ziyi), bêste produksje-ûntwerp en bêste fisazjy. Hy wûn de BAFTA's foar bêste kamerarezjy, bêste kostúmûntwerp en de spesjale Anthony Asquith Award for Achievement in Film Music. Fierders waard de film ek nominearre foar njoggen Satellite Awards, wêrfan't ien wûn, foar bêste adaptearre senario (Robin Swicord). Zhang Ziyi waard foar har rol ek noch nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise en de NAACP Image Award foar bêste aktrise.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.