Skiednis fan Jeropa
Dit artikel jout in oersjoch fan de skiednis fan Jeropa, dat wol sizze: fan de skiednis fan de minsk op it Jeropeeske kontinint. Dizze side omskriuwt it tiidrek fan de earste mins fan 35.000 f.Kr. oant de Jeropeeske Uny mei 27 lidsteaten.
Prehistoarysk Jeropa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it trijeperioadesysteem, makke om de prehistoarje yn tiidrekken op te dielen, is de ferdieling fan de prehistoaryske tiidrekken sa:
Palaeolityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Homo erectus en de Neandertalers setten har rom foar’t de Homo sapiens der wie yn Jeropa ta wenjen. De bonken fan de earste Jeropeaan binne yn Dmanisy, Georgje fûn en binne sa 2.000.000 âld. De ierste fynsten fan anotoamysk moderne minsken yn Jeropa binne fan 35.000 f.Kr. Bewiis fan permaninte bewenning datearret fan de 7e iuw f.Kr. yn hjoeddeisk Bulgarije, Roemeenje en Grikelân.
Neolityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Neolitysk tiidrek is yn de 6e iuw f.Kr. yn Sintraal-Jeropa en yn de 5e en 6e iuw yn Noard-Jeropa. Der hat gjin Jeropawide prehistoaryske kultuer west.
De earst skriuwende beskavings yn Jeropa wienen de Minoanen op it Grykske eilân Kreta en letter de Miseanen yn oare parten fan it hjoeddeiske Grikelân fan de 2e iuw f.Kr. ôf.
Om 400 f.Kr. hinne, fersprate de La Tene-kultuer him oer in grut gebiet oan de Middellânske See oan it Ibearysk Skiereilân ta, mingt mei oare folksgroepen foarmen hja de Keltiberyske kultuer. Letter wreiden hja har ek út nei Anatoalje. Trochdat de Kelten gjin skrift hiene, is der net folle bekend oer dizze groep. De Romeinen kamen mei har yn ‘e kunde en it hat doe bliken dien dat de Kelten in sterke groep meiinoar foarmen, wylst har organisaasje tige min wie.
Oan ‘e ein fan it Brûns tiidrek gongen de âlde Grykske keninkrykjes ûnder, folge troch de Grykske Tsjustere Iuwen en it Klassike Grikelân. De Balkan hat yn it Izer tiidrek bewenne west troch it Palaeo-Balkan folk, lykas Trasiëns en de Yllirianen
Yn klassike Itaalje hawwe ferskate etnyske groepen wenne foar de Romeinske dominânsje. Net alle groepen wienen alike folle besibbe meiinoar. Guon hawwe Italyske talen praat, oaren wienen Hellentyske kolonisten dy't Gryksk praten, wylst oaren wer oare Yndo-Jeropeesk talen praten of somtiden sels hielendal oare talen.
Noard-Jeropa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noard-Jeropa wie it wengebiet fan de Germanen; hjir kamen nei alle gedachten de Friezen ek wei. Tacitus wie ien fan de Romeinen dy’t in soad oer de Noard-Jeropeanen oan it begjin fan de Kristlike jiertelling skreaun hawwe.
Helleenske en Romeinske Ryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Romeinske Ryk.
De Helleenske beskaving begûn mei it foarmjen fan stêd-steaten; de wichtichsten dêrfan wienen: Atene, Korint, Sirakuse en Sparta. Dy stêdsteaten hienen ferskate oerheden en kulturen, en hjir ûntwikkelen har ek oare saken lykas sosjale wittenskip, sport, teäter en muzyk. De Helleenske stêdsteaten stiften koloanjes oan de kust fan de Swarte See en de Middellânske See. Yn de 4e iuw f.Kr. fersloech de Masedoanyske kening Filippus II de Grykske stêdsteaten, en hja moasten ûnder Masedoanysk bewâld gearwurkje. Aleksander de Grutte ûndernaam in fjildtocht en brocht de Masedoanyske kultuer nei Perzje, Egypte en Yndia.
In protte saken by de Romeinen wienen oernaam út de Helleenske kultuer. It waaksen fan Rome bûten it hjoeddeiske Itaalje hat it begjin west fan it Romeinske Ryk.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Midsiuwen.
De Midsiuwen krigen harren namme (mids-iuwen: tuskentiid) trochdat men dizze perioade yn de Renêssânse as in tuskenperioade seach. Us part fan’e wrâld wie ommers nei de fal fan de Romeinen ôfsnien fan de klassike kultuer en it kaam der letter pas wer mei yn oanrekking troch de krústochten; de Arabieren hienen in soad wurk fan de klassike skriuwers bewarre. Petrarca (± 1300) neamde dizze perioade de tiden fan tenebrae (tsjusterens) en sûnt 1469 waard benammen de term media tempestas (tuskentiid) brûkt. Pas yn de 17e iuw (Christoph Keller en Georg Horn) waard de term medium aevum (Midsiuwen) húsriem.
De term 'midsiuwen' is gildt fansels allinnich foar West-Jeropa nei de fal fan it Romeinske Ryk fan it Westen. Yn East-Jeropa foel Konstantinopel earst yn de 15e iuw. Dêrmei is der gjin tuskentiid tusken de ein fan de Aldheid en it begjin fan de Renêssânse. Foar oare parten fan de wrâld leit dy oergong tusken aldheid en nije tiid faak hielendal oars.
Renessânse en Reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen de efterútgong fan de Byzantynske beskaving, en de bedriging dêrfan troch de Turken, gongen in soad Byzantynske gelearden nei it feiligere Itaalje en namen ek in soad kennis út de Aldheid mei dy’t yn Konstantinopel bewarre wie. Ek de plondering fan Konstantinopel troch de krúsfarders yn 1204 brocht neist in soad materiële bút ek in soad yn it westen ferlern giene kennis werom nei West-Jeropa. Dit op 'e nij yn 'e kunde kommen mei dizze antike literatuer, filosofy en kultuer yn it algemien wie in wichtige, geastlike, faktor ta it opkommen fan it Humanisme en de Renêssânse.
Petrarch skreau om it jier 1330 hinne: 'Ik libje no, ik soe leaver berne wêze wollen yn in oare tiid.' Hy wie entûsjast oer de Grykske en Romeinske âldheid mei ferneamde manlju fan doe. Yn 1421 sleat Sina alle hannel mei it bûtenlân ôf. De Arabieren fûnen in nije merk yn it westen en de stêden oan de Middellânske See bloeiden op. Matteo Palmieri skreau om it jier 1430 hinne: 'Yndied mei no eltse tinkende geast god tanksizze dat hy de permisje krigen hat om yn in nij tiidrek berne te wurden.' It hat de berte fan de renêssânse west; in nij tiidrek dêr't wiisheid tige wichtich yn wie.
De renêssânse krige syn gerak troch it woeksene omtinken oan de Latynske en Grykske âldheid. Dat sette keunstners en skriuwers dêrta, gebrûk te meitsjen fan Grykske en Romeinske foarbylden foar har wurk. Der wie ek fierdere ûntwikkeling troch minsken lykas Leonardo da Vinci. In protte Grykske teksten kamen fan Islamityske boarnen dy't har allyksa ferbettere hienen. Wichtige politike oerweagings komme ek út dizze perioade. Machiavelli's politike skriuwen yn De Prins waard letter de basis foar absolutisme en real-polityk, krekt sa wichtich wie winliken it gebrûk fan de keunsten troch it regear om har macht te uterjen.
De korrupsje yn 'e katolike tsjerke befoardere de protestânske reformaasje. Dy krige ek folgers út oare kriten, benammen by prinsen en keningen dy't harren macht fersterkje woenen troch harren steatlike sibskip mei de katolike tsjerke te ferbrekken. Njonken Maarten Luter kamen ek oare ideën fan 'e grûn lykas Jehannes Kalvyn waans kalvinisme hieltyd mear ynfloed krige yn in protte lannen en Kening Hindrik VIII fan Ingelân dy't briek mei de katolike tsjerke yn Ingelân en útein sette mei de Anglikaanske Tsjerke. Fersterke troch de dy religieuze ferskillen brutsen oeral oarloggen út, en njonkelytsen krigen ferskate monargyen mear macht.
De protestântske reformaasje hat lykwols ek laat ta in sterke beweging yn 'e katolike tsjerke, bekend as de Tsjin-reformaasje, dy't al rjochte wie op it tsjingean fan de korrupsje mar dan troch it fuortsjerkjen fan it katolike dogma. In wichtige groep yn 'e katolike tsjerke dy't fuortkaam is út dy beweging binne de Jezuïten, dy't holpen hawwe by it behâld fan it katolykisme yn East-Jeropa. Dochs hat de katolike tsjerke troch de reformaasje syn foarnaamste plak ferlern; grutte parten fan Jeropa stienen net mear ûnder it katolike ynfloed en keningen yn oare katolike lannen namen yn har eigen keningriken de behearsking fan de tsjerklike ynstânsjes oer .
Oars as yn West-Jeropa, wienen de lannen yn Sintraal Jeropa, de Poalsk-Letske Uny en Hongarije, mear tolerân. Wylst hja de dominânsje fan de katolike tsjerke besochten te behâlden, joegen hja ek romte foar oar leauwen. Sintraal Jeropa rekke skieden tusken Katoliken, Protestanten, Ortodoksen en Joaden.
In oare wichtige ûntwikling yn dizze rite wie it waaksen fan Grut-Jeropeeske ideeën. Eméric Crucé (1623) kaam mei it idee fan in Jeropeeske ried, mei de yntinsje it einigjen fan oarloggen yn Jeropa; alhoewol't de Jeropeeske lannen, útsein it Russyske en it Ottomaanske Ryk, yn it Ferdrach fan London de frede oerien kamen, hat it besykjen fan in lange-termyn-frede net in súkses west. De measte oarloggen brutsen nei in pear jier op 'e nij út. Ek de reformaasje makke foar frijwat iuwen de Jeropeeske frede ûnmooglik.
Yn de 15e iuw, oan 'e ein fan de midsiuwen, woeks de macht fan guon monargyen lykas Frankryk, Ingelân en Spanje. Oan de oare kant woeks ek de macht fan it parlemint yn it Poalsk-Letske Ryk, dat rjochten oernaam fan de Poalske kening. Yn guon oare lannen waard de nije macht fan de steat oanfochten troch it parlemint. Nije lannen kamen op dy't gearwurking wienen fan territoriale hearskers, stêden, ridders en republiken.
Revolúsje en kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koloniale ekspânsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al dy oarloggen koenen de nije steaten der net tsjinhâlde om de wrâld te ûntdekken en te feroverjen, benammen yn Aazje (Sibearje) en yn it krekt ûntdutsen Amearika. Yn de 15e iuw liede Portegal mei it geografyske ferkenne fan de wrâld, folgjend troch Spanje yn de iere 16e iuw. Hja wienen de earste steaten dy't út ein sette mei koloanjes yn Amearika en hannel stasjons oan de kust fan Afrika en Aazje, mar hja wienen gau folge troch Frankryk, Ingelân en Nederlân. Yn 1552 feroveret de Russyske tsaar Ivan IV de Ferskriklike Kazan en de Yermak's reis fan 1580 hat ta it anneksearjen fan Sibearje ta Ruslân laat.
Koloniale ekspânsje bejoech him yn de folgjende iuwen (mei soms in tebeksetter, lykas de Amearikaanske Revoluusje en de ûnôfhinklikens oarloggen yn in stikmannich Amearikaanske koloanjes). Spanje hie yn parten fan Noard-Amearika de macht, en foar in grutter diel fan Sintraal-Amearika en Súd-Amearika, it Karibysk gebiet en de Filipinen; Grut-Brittanje krige gâns Austraalje en Nij-Seelân, in grut diel fan Yndia, en in grut diel fan Afrika en Noard-Amearika; Frankryk hie dielen fan Kanada en Yndia (benei alles gien ferlern oan Grut-Brittanje yn 1763), Yndosina en in grut part fan Afrika; Nederlân behelle East-Yndje (no Yndoneezje) en in pear eilannen yn it Karibysk gebiet; Portegal behelle Brazylje en ûnderskate gebietsdielen yn Afrika en Aazje; letter hawwe lannen as Belgje, Dútslân, Itaalje en Ruslân koloanjes behelle.
De ekspânsje hat de ekonomy fan lannen dy't koloanjes hienen fertuten dien. De oarloggen yn Jeropa wienen doe foar in grut part betelle fan ynkomsten út de koloanjes wei.
Ier moderne tiidrek: 16e, 17e en 18e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reformaasje hat tige wichtich west wat de ienheid fan Jeropa oanbelanget. Guon naasjes wienen alhiel of foar in part útinoar skuord troch it nije leauwen, yntern en fan frjemde legers. Frankryk bygelyks hat in tal oarloggen om it leauwen hân, ferneamd as de Frânske religy oarloggen, dêr't it Hûs fan Bourbon it yn wûn. Yn Ingelân hienen hja ûnder Elizabeth mear ienheid troch it Anglikaanske leauwen. In grut diel fan it hjoeddeistige Dútslân wie partsjen yn in grut tal lytse steaten en keningrykjes, meiinoar it Hillige Roomske Ryk. Oant de Tritichjierrige kriich wie religy it haadmotyf foar kriich, tenei soe nasjonalisme de basis foar konflikten yn Jeropa wurde. Allinich de Poalsk-Letske Uny wie tolerânsje fan religy akseptearre.
Oan it begjin fan dizze rite kaam kapitalisme yn it plak foar feuedalisme, lykwols allinnich yn it westlike part fan Jeropa. It útwreidzjen fan de koloniale grinzen resultearre yn in ekonomyske revoluusje. Yn de perioade woeks de moderne wittenskip en it tapassen fan fynsten op it technolysk mêd. Yberyske ferkennings yn 'e nije wrâld, dêr't Christopher Columbus mei út ein sette yn 1492, hienen al gau omtinken fan de Ingelsen en Frânsen. Dizze nije hannelsfoarmen efter de kimen frege om ynternasjonale ferdraggen.
Nie it Ferdrach fan Westfalen dy't einige yn de Tritichjierrige kriich, waard Absolutisme de nije standerd op it kontinent. Jeropeeske militêre konflikten bleaunen en dat hie ynfloed op 'e Jeropeeske boargers. Yn it mear ûntwikkele noard-westen, joech de Tiid fan Ferljochting nije filosofyske mooglikheden, en wiidwiedich omtinken oan literatuer, mei mooglik wurden troch de drukparse, skoep nije sekulêre krêften yn beweging. Op 'en nij wie de Poalsk-Letske Uny in útsûndering, mei in unyk kwasy-demokratyske Gouden Frijheid
East-Jeropa wie in arena fan konflikten foar lânferoerings tusken Sweden, de Poalsk-Letske Uny en it Ottomaanske Ryk. Yn dizze rite gong stadichoan de krêft fan dizze trije naasjes ferlern, en folge troch de monargyen Ruslân, Prusen en Eastenryk. Om 1800 hinne binne dizze trije naasjes de trije machten wurden, mei dêrtusken it ferdielde Poalen, mei Sweden en Turkije dy't in grut gebiet ferlern hawwe oan Ruslân en Eastenryk. In protte Joaden flechte nei West-Jeropa, en stifte Joadske mienskippen wêr't hja yn de midsiuwen ferdreaun wienen.
Frânske revoluusje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Frânske Revolúsje.
Yn de lette 18e iuw wie Frankryk's sinteraasje striemin. Troch oerdiedich foarstlike útjeften en djoere oarloggen, lykas de Frânske yntervinsje yn de Amearikaanske kriich foar Unôfhinklikens, wie de steat bankerot. Efter it iderkear op 'en nij besykjen fan finansjele fernijings, waard Louis XVI ferfolge om it gearroppen fan de Steaten-Generaal, in ôffurdiging fan it lân mei trije skiften: de geastlikheid, de adel, en de mienskip. De leden fan de Steaten-Generaal kamen yn maaie 1789 gear yn it Paleis fan Versailles, mar de diskusje wat kiessysteem hja skielk brûken moasten kaam net fan de grûn. Yn juny, de tredde Steaten gearkomste, bywenne troch leden fan de earste twa, ferklearden harsels ta de Nasjonale fertsjinwurdiging fan Frankryk en hja swarden in eed ôf om de steaten net te ûntbine oant Frankryk in wet makke hie. Doe wie der in opskuor yn Parys, ferneamd om it bestoarmjen fan de Bastille finzenes (14 july).
Dêrnei woe de folksfertsjinwurdiging in konstitúsjonele monargy, en yn de neikommende twa jierren wienen ferskate wetten goedkard. Oan it begjin gong de Kening akkoart mei de feroarings en wie noch hieltyd populêr ûnder it folk, mar doe't de anty-royalisme woeks mei de driging fan in útlânske ynvaazje, flechte de kening mei syn famylje. Hy waard werkenne troch it folk en werombrocht nei Parys. Op 12 jannewaris 1793 hawwe hja de Kening beskuldige fan lânferried, en waard er ekskutearre. Op 20 septimber 1972 skafte de Nasjonale Konfinsje de monargy ôf en ferkearden Frankryk in republyk.
Napoleonityske oarloggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Napoleon Bonaparte wie de meast ferneamde generaal fan Frankryk yn 'e revolusjonêre oarloggen, mei it feroverjen fan grutte dielen fan Itaalje en betwong de Eastenrikers mei frede. Yn 1799 kaam er werom fan Egypte en ûnderwurp er it regear, yn it plak dêrfan kaam der in konsulaat, mei himsels as Earste Konsul. Op 2 desimber 1804, efter in mislearre eksekúsje op him kroande hy himsels ta keizer.
Yn 1805 woe Napoleon Grut-Brittanje binnenfalle, mar in nije Britske alliânsje mei Ruslân en Eastenryk twong him himsels mear ta te lizzen op it kontinent, wylst op 21 oktober 1805 de Frânske seemacht ferslein waard troch de Britten yn 'e Slach by Trafalgar. Op 2 desimber wint Napoleon fan in Eastenryksk-Russysk leger yn de Slach by Austerlitz, en twong Eastenryk dêrmei har werom te lûken út it Hillige Roomske Ryk.
Yn 1806 sette fjirde koalysje út ein, op 14 oktober ferslaat Napoleon de Prusen by de Slach by Jena-Auerstedt, marsjeerde troch Dútslân en fersloech de Russen op 14 juny 1807 by de Slach by Friedland, it Ferdrach fan Tilsit parte Jeropa tusken Frankryk en Ruslân en lei de basis foar it Hartochdom Warsjau. Op 12 juny 1812 foel Napoleon Ruslân binnen mei in Grande Armée fan likernôch 700,000 soldaten. Efter de mjitbere oerwinnings by Smolensk en Borodino feroverde Napoleon Moskou, dat baarnend ferlitten wie troch it Russyske leger, hy waard twongen om him werom te lûken, en op it paad werom is suver eltsenien fan syn leger stoarn, mar 93,000 ha it oerlibbe.
Yn 1813 kearde it tij foar Napoleon, en waard ferslein yn 'e Slach by Leipzig yn oktober 1813. Nei de ynvaazje fan Parys waard er ferbanne nei it eilân Elba. Op 1 maart 1815 kaam er werom besocht noch ien kear in leger gear te roppen mar waard yn 'e Slach by Waterloo ferslein.
Kongres fan Wenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kongres fan Wenen wie in konferinsje tusken fertsjinwurdigers fan de wichtichste Jeropeeske machten Prusen, Eastenryk, Ruslân en Ingelân. Doel wie it op 'e nij ferpartsjen fan it grûngebiet fan de Jeropeeske steaten. It waard holden yn Wenen fan 1 oktober 1814 oant 9 juny 1815. Wylst Napoleon werom kaam, gongen de diskusjes gewoan fierder, en it akkoard waard úteinlik njoggen dagen foar de Slach by Waterloo tekene. Neffens it Ferdrach fan Parys fan maaie 1814 hearde frede mei Frankryk al net mear ta de mooglikheden.
De eardere Frânske gebieten, ferovere yn it tiidrek 1795 - 1810 troch Ruslân en Prusen, soenen al neffens it Ferdrach fan Parys net weromjûn wurde oan Frankryk. Dêrnêst anneksearre Ruslân de eastlike helte fan Poalen, Prusen anneksearre de westlike helte en rûchwei it hjoeddeiske Noardryn-Westfalen. It súdlike part fan Poalen waard anneksearre troch Eastenryk. Tusken de grutte steaten yn bleau allinnich Republyk fan Krakow selsstânnich.
It Hillich Roomske Ryk omfieme 300 steaten mar nei it oprjochtsjen fan it Dútske Bûn bleauwen der lykwols 37 steaten oer. Dizze steaten krigen harren gerak ûnder tafersjoch fan Prusen en Eastenryk.
Nei it kongres fan Wenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Russysk-Ottomaanske kriich yn 1877 en 1878 soenen Roemeenje, Servje, Montenegro en Grut-Bulgarije ûnôfhinklik wurde. Der wie hast in kriich tusken Ruslân en Ingelân, meidat Ruslân tefolle macht krige hie yn East-Jeropa. Bismarck stelde út Kongres fan Berlyn út, dêr't lytsere lannen partsjen wurde soenen troch de grutte steaten fan Jeropa. Bismarck spile sa mei de grutte Jeropeeske steaten dat se gjin anty-koalysje tsjin Dútslân foarmje koenen. Sa koe Bismarck Dútslân tarêde op 'e Earste Wrâldkriich.
Wrâldkriich en frede
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wrâldoarloggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Earste Wrâldkriich.
Yn 1914 kaam it ta in kriich tusken ferskate Jeropeeske lannen. Oan de iene kant Dútslân, Eastenryk-Hongarije, it Ottomaanske Ryk en Bulgarije (de Sintrale Machten), tsjin Servje, Grut-Brittanje, Ruslân en Frankryk. Itaalje die fan 1915 ôf mei en de Feriene Steaten fan 1917 ôf. Nettsjinsteande it ferlies fan Ruslân yn 1917 (de kriich wie ien fan de grutste redenen foar de Russyske Revolúsje, dat ta it begjin fan de Sowjetuny laat hie), ferlearen de Sintrale Machten de kriich yn de hjerst fan 1918. It Ferdrach fan Versailles (1919) kamen de winners drege betingsten foar Dútslân oerien en nije steaten krigen erkening (lykas Poalen, Tsjechoslowakije, Hongarije, Eastenryk, Joegoslaavje, Finlân, Estlân, Letlân, Litouwen).
- De Wikipedy hat ek in side Twadde Wrâldkriich.
Dútslân sette op 1 septimber 1939 útein mei de Twadde Wrâldkriich. Dútslân hie rige fan grutte militêre boppeslaggen oant 1943. Yn 1943 kaam de militêre delgong foar it Dútske Ryk. De Alliearde machten wûnen yn Noard-Afrika, en feroverden Itaalje yn 1943. Nei D-Day waard Frankryk yn 1944 ferovere. De Sowjetuny ferovere Berlyn yn de Slach om Berlyn yn maaie 1945, en mei it ferstjerren fan Adolf Hitler kaam de kriich yn 'e maitiid fan 1945 ta in ein. Meiïnoar stoaren sa'n 55 miljoen minsken yn de Twadde Wrâldkriich.
Kâlde kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Kâlde Kriich.
Troch de beide wrâldoarloggen rekke Jeropa har dominante posysje yn de wrâld kwyt. Troch de Konferinsje fan Jalta wienen de Jeropeeske op 'en nij lutsen, en partsje Jeropa yn twa machtsblokken, de westlike lannen en it eastblok. De Feriene Steaten and west-Jeropa (Grut-Brittanje, Frankryk, Itaalje, West-Dútslân ensfh.) kamen gear yn de NAFO alliânsje om har te hoedjzen foar in mooglike Sowjetuny oanfal. Letter stiften de Sowjetuny en east-Jeropa (Poalen, Tsjechoslowakije, Hongarije, Roemeenje, Bulgarije, East-Dútslân) it Warsjaupakt om har te hoedzjen foar in mooglike F.S. oanfal.
Stadich begûn west-Jeropa mei in proses fan útwreiden politike en ekonomyske yntegraasje, langst nei in feriene Jeropa om in oare kriich foar te wêzen. Dat proses hat de bases lein foar organisaasjes as de Jeropeeske Uny en de Ried fan Jeropa.
De Solidarność beweging yn de 80er jierren ferswakke it kommunistyske regear yn Poalen. De Sowjetlieder Mikhail Gorbatsjov wie de ynisjator fan de glasnost en perestroika, dêr't de Sowjetynfloed yn Jeropa minder fan wurden is. Yn 1991 klappe de hiele Sowjetuny yninoar, dêr't 15 nije lannen út ûntstien binne, mei Ruslân dat de sitten fan de Sowjetuny yn de Feiligensried fan de Feriene Naasjes oernommen hat.
Etnyske spanningen op de Balkan nei it ferstjerren fan Tito laten ta it útinoar fallen fan Joegoslaavje. Fjouwer naasjes (Sloveenje, Kroaasje, Bosnje en Masedoanje) fan de seis Joegoslavyske republiken ferklearden harsels ûnôfhinklik, mei kriich as gefolch, yn guon parten oant 1995. De oare twa republiken foarmen de nije Joegoslavyske Republyk (Servje en Montenegro), mei Slobodan Milošević as haad fan de steat. Presidint Milošević fan Servje en Montenegro late de kriich yn Kosovo, yn 1999 waard er troch it ynternasjonaal gerjocht yn De haach oanklage foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin it minskdom.
Nei it kâlde-kriich tiidrek, besochten de NATO en de Jeropeeske Uny de bannen mei lannen út it âlde Warsjaupakt te fersterkjen.
Jeropeeske Uny
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Jeropeeske Uny.
Op 23 july 1952 waard de Jeropeeske Mienskiep foar Koalen en Stiel oprjochte. Dat wie de foarrinner fan de Jeropeeske Uny. De mienskiplike Jeropeeske munt, de euro, wie yn 1999 klear. De nije munt kaam yn 2002 yn omrin en de âlde muntienheden wienen net langer mear jildich. De grutste útwreiding fan de Jeropeesk Uny wie yn 2004, doe't der 10 nije lidsteaten by kamen, yn 2007 kamen Bulgarije en Roemeenje derby, meiïnoar hat de Jeropeeske Uny 27 lidsteaten.