Russyske Revolúsje

Ut Wikipedy
Gearkomste fan it Petrogradsowjet

De Russyske Revolúsje wie in politike, ekonomyske en sosjale omkear dy't it tsaristyske rezjym yn Ruslân ten fal brocht en in steat fêstige dêr't de kommunistyske partij de hearskippij yn fierde. Trochstrings wurde ta de Russyske Revolúsje de foarfallen rekkene fan febrewaris oant oktober 1917, it tiidrek dêr't de febrewarisrevolúsje en de oktoberrevolúsje yn falle.

Febrewarisrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 17 febrewaris 1917 bruts yn Petrogard rebûlje út dêr't in gebrek oan bôle de oanlieding fan wie. It ûnderdrukken hjirfan mislearre troch oproer fan de soldaten. De doema stelde in foarlopich útfierend komitee yn, wylst de arbeiders en soldaten sels eigen rieden (sowjets) foarmen. De legerlieding keas de side fan de doema, wêrtroch de tsaar twongen waard ôfstân te dwaan fan de troan. Yn de foarearste regearing ûnder lieding fan foarst Lvov siet mar ien sosjalist: Aleksander Kerenski. De sosjalisten dy't yn twa kampen ferdield wienen hiene lykwols in folle gruttere ynfloed op de massa as de Liberalen. Oeral yn it lân rjochten sy sowjets op, dy't wer provinsjale en lanlike kongressen keazen.

Lenin

It earste al-Russyske riedenkongres keas yn juny in sintraal útfierend komitee, dat tsjinoer de (swakke) foarlopige regearing optrede as fertsjintwurdiger fan alle sowjets. It progamma fan de foarriedige regearing hâlde yn: in Liberale steatsfoarm, foartsetten fan de Kriich, gjin opheffing fan it grutgrûnbesit en wie foar de grutte massa net oantreklik. Yn april waard dúdlik dat dizze earste regearing him net hanthavenje kinne soe sûnder de stipe fan de sosjalisten. Op 5 maaie waard in koalysjeregearing foarme, dêr't de sosjalisten Kerenski en Tsereti yn de ynfloedrykste ministers wienen en dy't beiden de kriich trochsette woenen. Harren evenredige polityk waard fel bestride troch de bolsjewiken ûnder Lenin. Dy propagearre: alle macht oan de sowjets, frede sûnder anneksaasje, brea en lân.

Doe't it troch Kerenski tarieden offinsyf yn Galysje mislearre, late it neis hjiroer yn Petrogard ta rebûlje, mar it sintrale útfierend komitee wegere omgean te lizzen foar de druk fan de bolsjewiken, dy't de lieding fan de spontane oproer hienen. De beweging einige, de bolsjewistyske partij waard ferbean en Lenin flechte nei it bûtenlân. Yn july waard in nij koalysjereagering foarme ûnder lieding fan Karinksi dy't fêsthâlde oan it eardere programma. Liberalen en konservativen fêstigen har hoop op generaal Kornilov dy't op 27 augustus in mislearre steatsgreep útfierde. De bolsjewisten profitearren fan de nederlaach en Kerenski ferlear syn grip oer it lân doe't boeren de grutte boerepleatsen besetten wylst fabryksarbeiders harren yn grutte tallen oansletten by de bolsjewisten dy't yn de sowjets fan Petrogard en Moskou de mearderheid krigen.

Oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Oktoberrevolúsje.

Ein septimber achte Lenin de tiid ree om yn opstân te kommen tsjin it sintraal útfierend komitee. De foarsitter fan de sowjet fan Petrogard, Trotski waard belêste mei de tarieding fan de opstân. In militêr revolúsjonêr komitee waard oprjochte en as streefdatum waard de twadde byienkomste fan de al-Russyske riedskongres nommem. Op 25 oktober besetten troepen fan it komitee strategyske punten yn de stêd. De regearing waard ôfset en de ministers arrestearre. Kerenski besocht sûnder resultaat Pegrograd te weroverjen (30 oktober). De bolsjewiken stuiten ynearsten nearne op grutte tsjinstân, útsein yn Moskou en yn Súd-Ruslân. Op 26 oktober begûn it twadde al-Russyske kongres fan de Sowjets dêr't de bolsjewiken de mearderheid hienen en in Bolsjewistyske regearing keazen, de earste ried fan folkskommisarissen, him neamend "foarlopige arbeiders- en boereregearing".