Mysene
Mysene (Gryksk Mykènai, Latyn Mycenae, Nijgryksk Mýkines) wie yn de âldheid in wichtige stêd dy't yn it Grykske lânskip Argolis sintraal lei op 25 km súdwestlik fan Korinte, en foarme ea it wichtige politike en kulturele sintrum fan de nei har neamde Myseenske kultuer.
[bewurkje seksje] Skiednis
Mysene spile yn ferskate Grykske myten in rol fan betsjutting, û.o. yn de Trojaanske syklus. By Homerus is it Goudrike Mysene de stêd fan kening Agamemnon, oerbefelhawwer fan it Grykske koalysjeleger dat tsjin Troje útfear.
De skiednis fan Mysene en de Myseenske kultuer begûn mei Yndo-Jeropeeske stammen dy't likernôch 2100 f.Kr. it gebiet fan it tsjintwurdige Grikelân ynfoelen. Ien fan dy stammen, de Agajers, krong troch oant yn de Peloponnesus, dêr't troch harren ferskate steden stifte waarden, wêrûnder Mysene, Tiryns en Pylos, mei mânske burchten en muorren.
De bloeitiid fan Mysene wie yn it tiidrek tusken ± 1600 en 1400 f.Kr. Yn dy tiid waard it regeard troch in machtich keningshûs, waans macht wjerspegele waard troch rike argeologyske fynsten, dy't har yn distiid gruttendiels yn it Nasjonaal Argeologyske Museum te Atene befine. De machtsposysje fan Mysene sette him fuort oant yn it tiidrek tusken ± 1400 en 1150 f.Kr., wêrnei troch plonderjende Doarjers lykwols de Myseenske kultuer ferwoaste waard en ta in ein kaam. Sûnt dy tiid wie Mysene noch mar in lytse stêd, dy't net langer wichtich wie.
In lêste heldhaftige died fan de stêd wie it stjoeren fan in lyts kontingint hoplieten nei Plataee yn 479 f.Kr. Yn 468 f.Kr. waard de iens sa machtige keningsburcht ferovere troch it tichtby lizzende Argos en foar altyd ferlitten.