Trojaanske Kriich

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Trojaanske kriich")
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan Troaje (Troas) en omkriten

De Trojaanske Kriich is in wichtich foarfal út de Grykske mytology. In grut tal fan de mytologyske ferhalen hawwe op ien of oare wize mei dy kriich út te stean. It boek fan Homerus de Ilias (Ἴλιον = Troaje) is in epos, dat in episoade út it lêste jier fan de tsien jier duorjende kriich tsjin Troaje beskriuwt. In gearwurking fan Griken, troch Homerus Agajers neamd, soe ûnder lieding fan kening Agamemnon Troaje beleger hawwe en ynnommen. De Trojanen neamt er Dardanoi (Δάρδανοι).

Neffens de myte ûntstie de kriich as gefolch fan in twist tusken de goadinnen Hera, Atene en Afrodite, neidat de goadin fan de twist, Eris, harren in gouden appel foarhâlde wa't de skjinste kreaste wie. De oergod Seus stjoerde de froulju nei de Trojaanske keningssoan Paris, dy't oerdielde dat Afrodite de kreaste wie. Yn ruil dêrfoar lit Afrodite de kreaze Helena, de frou fan de Spartaanske kening Menelaos, fereale wurde op Paris. Neidat Paris Helena meinommen hie nei Troaje, loeken alle Griken mei-ïnoar ten stride tsjin Troaje. Nei in striid dy't tsien jierren oanhâlde wurdt de oarloch troch de Trojanen ferlern fan de Griken troch de list mei it hynder fan Troaje. Skattingen oer it tal manlju en skippen dy't oan de kriich meidien hawwe rinne bot útien. Op grûn fan wat Homerus skriuwt komt de histoarikus Barry Strauss bygelyks ta de oertsjûging dat op syn minst 100.000 manlju oan eltse side meistriden hawwe, en dat der 1186 Grykske skippen by de striid belutsen wiene.[1]

Hoewol't it meastepart fan de âlde Griken de (mytyske) ûntfiering fan Helena as oanlieding beskôge fan de Trojaanske Kriich (dy't yn de 13e of 12e ieu foar Kristus west hawwe soe), wurdt troch hjoeddeiske histoarisy oannomd dat dy fanwegen ekonomyske belangen hâlden waard.[2] It jier 1184 f. Kr. wurdt op it heden beskôge as meast wierskynlike datum foar de Trojaanske kriich, omdat argeologyske fynsten útwiisd hawwe dat om dy tiid hinne de kultueren fan Kreta,de Myceenske beskaving op it Grykske fêstelân en Anatoalje einigen. [3]

De Trojaanske Kriich yn de literatuer[bewurkje seksje | edit source]

De Trojaanske Kriich hat ûnderwurp west fan inkele wurken út de literatuer, dêr't it epos Ilias fan de skriuwer Homerus fierwei hinne de ferneamdste fan is. Ien fan de haadpersoanen út de Ilias Odysseus (of Ulysses) komt ek foar yn in oar epos fan Homerus, de Odyssee.

De kriich hat ek ûnderwurp west fan oare klassike wurken, dy't allegear fan jongere datum binne as it wurk fan Homerus. In foarbyld dêrfan is Aeneis fan de Romeinse dichter Fergilius.

Bekende masterwurken út de Ingelske literatuer dêr't de Trojaanske kriich in rol yn spilet binne Troilus and Criseyde fan Geoffrey Chaucer en Troilus and Cressida fan William Shakespeare.

Sûnt de Renêssânse oant yn de 19e ieu hat de Trojaanske kriich in boarne foar ynspiraasje west: yn it Dútsk klassisisme en lang-om-let it klassisisme en it neoklassisisme.

Op film en tillevyzje[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Homerus (1976):Homerus, De Wil van Zeus [Ilias], ynlaat en oerset fan dr. Jan van Gelder, 5e druk; Utjouwerij Bert Bakker, Amsterdam. ISBN 90-6019-154-4
  • Finley, M.I. (1991): The world of Odysseus, twadde edysje, Penguin Books, Londen ensf..
  • Homerus (2004): Ilias. De wrok van Achilles, fjirde printinge, ynlaat en oerset yn Nederlânse heksameters dfan H.J. de Roy van Zuydewijn, Utjouwerij De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • Hughes, B. (2005): Helen of Troy. Goddess, princess, whore, first American edition, Alfred A. Knopf, New York.

Noaten[bewurkje seksje | edit source]

  1. Strauss,Barry: The Trojan War: A New History, Simon & Schuster , 2007, Introduction side 3.
  2. Thucydides is analytysker en hellet lokale kennis fan de Peloponnesjers oan om syn teory bewize te kinnen dat ekonomyske ambysje en ringje fan Agamemnon, de reden wie dat Grykske skippen nei Troaje fearren - en net de leafde foar Helena, mar "neffens my earder frees, dy't dêrby in grutter rol spile as loyaliteit" seit er (I.9-11): Bettany Hughes, Helen of Troy - Godess, Princess, Whore, Jonathan Cape, Londen, 2005, ISBN 0-2240-7177-7 side 277
  3. De datearring fan de Trojaanske kriich is in delikate kwestje. Neffens de tradysje fan de antike wrâld leit de datum earne tusken 1334 en 1135 f. Kr., de meast gongbere datum is 'sirka' 1184 f. Kr.. Neffens de argeology einiget om dy datum de Minoyske kultuer, lykas dy fan op it Grykske fêstelân en fan Anatoalje. Hjoeddeisk ûndersyk wiist op in tal ferwoastingen yn Troaje: fjildslaggen en yntriges oan it hof yn de earste helte fan de 13 ieu f. Kr., fjoer yn 1200 f. Kr. en mooglik ierdskoddingen om 1180 f. Kr., tebekrin fan de stêd as ekonomysk sintrum de folgjende 100 jier, totale ferlitting tsjin 950 f. Kr. Bettany Hughes, Helen of Troy - Godess, Princess, Whore, Jonathan Cape, Londen, 2005, ISBN 0-2240-7177-7 side 240