Neandertaler

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Opsetten Neandertaler, Musée De La Préhistoire yn Quinson
Fynplakken út de begjinperioade
Fynplakken út lettere perioaden

De Neandertaler wie in minskesoart dy't libbe tusken 150.000 en 30.000 jier lyn ferspraat oer Jeropa, it Heine Easten en Sintraal-Aazje. Sy wurde net sjoen as de dejingen dêr't de moderne minsk fuort fan ôfstammet. Lykwols hawwe sy lange tiid njonken de Kro-Magnonminsk libbe, dy't as earste moderne minsk jilde en oantsjutten wurde as Homo sapiens sapiens. It is net bekend oft de Neanderhaler him mei de moderne minsk fermongen hat. As minsketype is de Neandertaler útstoarn.

De Neandertalers stamme nei alle gedachten ôf fan de Homo erectus, in minskesoarte dy't ynearsten yn Afrika wenne en har fan dêrút yn oare wrâlddielen fêstige. As gefolch fan oare geologyske- en klimatologyske tastannen kamen sy terjochte yn hiele oare biotopen dan at sy wend wiene. Lykwols pasten sy har dêrop oan troch feroarjende lichemsskaaimerken. Yn Jeropa liede dat sa'n 500.000 jier lyn ta de Homo heidelbergensis en letter de Neandertaler. De 'Heidelbergminsk' koe behoarlik lang wurde, de Neandertaler lykwols hie in koart en dûbeld postuer.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De Neandertaler yn Fryslân

De Neandertaler hat ek yn Fryslân west. Argeologen hawwe bewizen foar fûn fan harren oanwêzigens, al hâldt it oantal fynsten net oer. Der is prehistoarysk ark opgroeven fan minsken dy't om-ende-by 100.000 jierren lyn yn Fryslân libben hawwe. Yn Wynjewâld, Ealahuzen en Aldeholtpea binne fûstbilen fûn dy't fan Neandertalers wienen.

[bewurkje seksje] Earste fynst yn Nederlân

15 juny 2009 - Foar it earst wurdt in yn Nederlân ûntdekt fossyl fan in Neandertaler útstald. It giet om in mear as 40.000 jier âld plassefragmint mei de tekenjende wynbraubôge. It fossyl is inkelde jieren lyn foar de Sieuske kust yn de Noardsee fûn. It is te besjen yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • (nl) Arsuaga, Juan Luis, 2004. Het halssieraad van de Neanderthaler; op zoek naar de eerste denkers. Amsterdam, Wereldbibliotheek. ISBN 90 284 2025 8
  • (in) Hall, Stephen S., 2008. Last of the Neanderthals - Eurasia was theirs alone for 200,000 years. Then the newcomers arrived. National Geographic, Oktober 2008.
  • (nl) Moerman, Piet, 1977. Op het spoor van de Neanderthalmens, Utjouwerij De Boekerij, Baarn ISBN 90 225 0576 6

oratietekst

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings