Pornografy

Ut Wikipedy
De beneaming XXX (útspr.: triple X) wurdt wrâldwiid brûkt as oantsjutting foar pornografy.

Pornografy (gauris ferkoarte ta porno) is it eksplisite portrettearjen fan seksuële ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, animaasje, byldhoukeunst, fotografy, lûdsopnamen, film, fideo en fideospultsjes. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei erotyk, wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan keunst bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.[1] Sljochtwei neakenfotografy kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.

Pornografy komt foar yn in grut tal ûnderskate foarmen. It wurd "pornografy" is ôfkomstich út it Gryksk, mar krong pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e measte Westjeropeeske talen troch. It ferskynsel sels bestiet al sûnt minskewitten, sij it dat it pas yn 'e Fiktoriaanske Tiid syn hjoeddeiske foarm krige, foar in grut part ek om't it doe foar it earst as sadanich by de wet ferbean waard. Sûnt de ein fan 'e sechstiger jierren is pornografy yn frijwol alle Westerske lannen legalisearre, al ferskilt de persize byldfoarming en maatskiplike reäksje per lân. Hjoed de dei giet der foar miljarden om yn 'e pornoyndustry, wat dy bedriuwstûke op guon plakken bot ynfloedryk makket. De fersprieding fan pornografy is fan 'e 1990-er jierren ôf revolúsjonearre yn 'e foarm fan ynternetpornografy.

Noch altiten is pornografy in kontroversjeel ûnderwerp, dat ferheftige emoasjes losmakket by sawol foar- as tsjinstanners. Wylst de foarstanners harren beroppe op 'e frije mieningsutering, fine de tsjinstanners dat sy net tsjin harren wil mei obseniteit konfrontearre wurde moatte soene, dat it op grûn fan harren religieuze leauwe "ferkeard" is, en/of dat froulju dertroch objektifisearre en misbrûkt wurde.

Foarmen fan pornografy

Yn it foarste plak moat der in ûnderskie makke wurde tusken saneamde "hurde pornografy" (hard porno) en "sêfte pornografy" (soft porno). By sêfte pornografy giet it om simulaasjes fan geslachtsmienskip en wurde de froulike geslachtsdelen wol, mar de manlik net of hast net sjen litten, wylst hurde pornografy ekplisyt penetratyf geslachtsferkear werjout.

Fierders kinne pornografyske sjenres ûnderferdield wurde

  • op grûn fan seksuële oriïntaasje:
  • op grûn fan seksuële aktiviteit:
  • op grûn fan etnisiteit:
    • Arabyske pornografy (Arab)
    • Aziatyske pornografy (Asian)
    • negroïde pornografy (Ebony)
    • Yndiaaske pornografy (Indian)
    • Latynsk-Amerikaanske pornografy (Latino/Latina)
    • ynterrasiale pornografy (interracial)
  • op grûn fan âldens of ferskil fan âldens:
  • op grûn fan hierkleur:
    • pornografy mei blûne aktrises (blondes)
    • pornografy mei brúnhierrige aktrises (brunettes)
    • pornografy mei readhierrige aktrises (readheads)
  • op grûn fan it oantal akteurs/aktrises:
  • op grûn fan 'e hoedanichheid fan 'e akteurs/aktrises:
  • op grûn fan produksjeformat:
    • pornografyske films (mei in, sij it gauris flintertinne, ferhaalline)
    • losse samlings pornografyske sênes (sûnder ferhaalline)
    • gonzopornografy (gonzo; wêrby't de kameraman by de aksje belutsen is)
    • point of view-pornografy (POV; wêrby't de manlike akteur de kameraman is)
    • realitypornografy (reality; wêryn't ornaris in manlike akteur folge wurdt yn syn sabeare deistich libben, dat fansels yn sêne set is)
  • op grûn fan seksueel fetisjisme:
    • bondaazje
    • bdsm
    • foyeuristyske pornografy
    • grutte-boarstesjenre
    • pornografy mei aktrises klaaid yn lateks, lear of rubber
    • pornografy mei aktrises yn unifoarm (dokters, ferpleechsters, leararessen, stewardessen, froulike plysjes, soldates, postrinsters, servearsters, ensfh.)
    • pornografy mei akteurs/aktrises dy't ferklaaid en smynkt binne (bgl. as clowns)
    • pornografy mei kealskearde aktrises (shaved; dit tsjutte oant likernôch 2000 op aktrises dy't harren skamhier ôfskeard hiene, mar dat is sûnt sa'n algemien ferskynsel wurden, dat it tsjintwurdich mear slacht op aktrises dy't harren hollehier ôfskeard hawwe)
    • pornografy mei hierrige akteurs (hirsute) of aktrises (hairy)
    • pornografy rjochte op in fetisj foar in beskaat diel fan it (froulik) lichem (bgl. fuotten, skonken, boarsten, tepels, stuten, ensfh.)
    • pornografy mei gebrûk fan iten (bgl. slachrjemme, sûkelarje, ensfh.)
    • skatologyske pornografy (scat; mei urine en/of ûntlêsting)

De foarmen yn 'e boppesteande opsomming wurde yn prinsipe allegearre mei libbene akteurs/aktrises makke, mar trochdat de technyk almar fierder giet, hoecht dat tsjintwurdich net mear. Animaasje giet hieltyd makliker en it sil nei alle gedachten net lang mear duorje ear't de earste folslein kompjûter-generearre pornofilm produsearre wurdt. Sels no al binne tekene en foar in part animearre pornografyske plaatsjes en bylden, benammentlik fan Japanske makkelei, oeral op it ynternet te finen. Dizze saneamde hentai is der yn alderhanne soarten, wêrûnder ek guon dy't yn wurklikheid net mooglik binne, lykas (de typysk Japanske) tentakelpornografy.

Ta ein beslút binne der dan noch guon yllegale foarmen fan pornografy, as se sa al neamd wurde kinne. Dat binne bernepornografy (wat net sasear pornografy is as wol filme of fotografearre ferkrêftings) en bistepornografy. In pear nau hjirmei besibbe saken binne snuff (opnames fan neispile of echte ferkrêftings folge troch de moard op it slachtoffer), en crush (wêryn't kreaze froulju lytse bistkes lykas mûzen, hamsters of ynsekten deatraapje). Dat alles sil hjir fierders lykwols bûten beskôging litten wurde. Yn dit artikel wurdt mei "pornografy" bedoeld: pornografysk materiaal útslutend makke troch en mei tastimmende folwoeksenen of fia media (tekst, animaasje) dêr't alhiel gjin akteurs oan te pas komme.

Etymology

It wurd "pornografy" komt fan it Grykske πορνογραφία (pornografia), dat gearstald is út πόρνη (pornē - "prostituee") of πορνεία (pornea - "prostitúsje") en γράφειν (grafein - "skriuwe" of "fêstlizze". It is net dúdlik wannear't it wurd ûntstien is; it wie yn 'e Frânske foarm, pornographie, al yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw yn gebrûk en kaam yn it Ingelsk yn elts gefal net foàr 1857 foar.

Skiednis

Pornografyske byldhoukeunst yn 'e tsiende-iuwske hindoetimpel te Khajuraho.

Ofbyldings fan pornografyske aard binne like âld as de minskheid sels. Der binne rotstekenings fan dat soarte út 'e Stientiid weromfûn op 'e wannen fan grotten.[2] De Alde Griken beskilderen harren ierdewurk mei bgl. ôfbyldings fan prostituees dy't dwaande wiene mei twa klanten tagelyk, of fan soldaten dy't homoseksuële geslachtsmienskip mei-inoar bedreaune[3], wylst de Ynjers yn 'e tsiende en alfde iuw by Khajuraho in timpelkompleks bouden dêr't it optilt fan 'e pornografyske byldhouwurken.[4]

It konsept fan pornografy sa't dat hjoed de dei bestiet, is lykwols in produkt fan 'e oerkekene Fiktoriaanske tiid, doe't sokke saken foar it earst by de wet ferbean waarden, wat fansels in ûndergrûnsk sirkwy opsmiet dêr't pornografyske lektuer yn rûngie. De earste wet dy't pornografy as sadanich kriminalisearre, wie de Britske Obscene Publications Act 1857, dy't trouwens fan krêft wie yn Ingelân, Wales en Ierlân, mar net yn Skotlân.[5] Mar de ferfolging fan pornografy wie yn Ingelân al in iuw earder begûn. De roman Fanny Hill, út 1748, wurdt beskôge as de earste Ingelsktalige pornografy[6] en is ien fan 'e meast juridysk ferfolge en faakst ferbeane boeken fan 'e hiele skiednis. De skriuwer, John Cleland, waard oanklage foar it "korrumpearjen fan 's kenings ûnderdienen".[7]

De Fiktoriaanske moraal wie trouwens in dûbelenien, want foar manlju fan kwizekwânsje en/of heech komôf wie it net ferbean en besjoch pornografy; sokken koene dermei fertroud wurde. By de grutskalige opgravings yn it Italjaanske Pompeii, yn 'e 1860-er jierren, waarden withoefolle dingen fan pornografyske aard opdold — in hiele skok foar de Fiktorianen, dy't harsels as de yntellektuële erfgenamten fan it Romeinske Ryk beskôgen. It losse guod waard fuortstoppe yn it Geheim Museum, te Napels, dêr't inkeld in selekte groep manlju it besichtigje koe. Wat net dêrhinne oerbrocht wurde koe, waard ôfset en bedutsen, sadat froulju, bern en fral de legerein it mar net sjen kinne soene.[8]

De produksje fan pornografyske films begûn frijwol daliks nei de útfining it medium film yn 1895, ek al wie de produksje, distribúsje en besichtiging derfan al mei gauwens strang ferbean. Pas yn 1969 kaam dêr feroaring yn, doe't Denemark as earste lân pornografy legalisearre. Dat hie fan gefolgen dat der in wiere eksploazje fan Deenske en letter ek Sweedske porno produsearre waard, dy't de ûndergrûnske sirkwys yn 'e rest fan 'e wrâld oerspielde, en wat de Skandinavyske lannen de namme jûn hat in losse seksuële moraal te hawwen. Yn Nederlân waard pornografy pas dekriminalisearre troch de wijziging van artikel 240 van het Wetboek van Strafrecht en van enige andere bepalingen, út 1985 en yngeand yn 1986, al waarden in protte seksshops doe al inkele jierren gedoogd. Sûnt de ein fan 'e jierren njoggentich is de produksje en distribúsje fan pornografy revolúsjonearre troch de opkomst en noch altiten groeiende rol fan it ynternet. Ynternetpornografy is tsjintwurdich sadwaande in rûnombywêzich ferskynsel.

Wetlike status

Pornografy hat yn 'e skiednis withoefaak oan sinsuer en wetlike beheinings ûnderwurpen west op grûn fan syn ynherinte obseniteit. Yn 'e Westerske wrâld alteast is dêr sûnt de jierren sechstich feroaring yn kommen fanwegen de ferskowing nei frijere noarmen en wearden dy't it gefolch wiene fan 'e Seksuële Revolúsje. Likegoed ferskilt sawol de wetlike status as it maatskiplike oansjen fan pornografy mar frijwat per lân.

Yn 'e measte lannen fan 'e wrâld is teminsten ienige foarm fan pornografy legaal. Yn guon lannen, mei dêrûnder Nederlân en it grutste part fan 'e rest fan Jeropa, wurdt sêfte pornografy beskôge as ûnskealikernôch om op tillefyzje útstjoerd te wurden, sij it jûns nei in beskaat tiidstip. Hurde pornografy is almeast dreger te besetten en beheind ta ferkeap yn spesjale seksshops (Nederlân is dêrop in útsûndering, yn 'e mande mei guon oare Jeropeeske lannen). Berneporno is fansels oeral útsein yn 'e minst ûntwikkele lannen ferbean, mar ek bistepornografy, wêryn't seksuële omgong tusken minsken en bisten portrettearre wurdt, is yn hieltyd mear lannen ferbean; net om't it obseen wêze soe, mar fan it eachpunt fan bistewolwêzen út. Nederlân ken bgl. sûnt 2010 in wet tsjin bistepornografy. Dêrnjonken binne der soms beheinings oangeande gewelddiedige porno, wêryn't ferkrêftings yn sêne set wurde.

De measte lannen besykje fierders teffens om oan 'e jongerein ûnder in beskate âldens de tagong ta porno te ûntsizzen, û.m. troch identifikaasjeplicht yn seksshops en foar online-winkelbestellings, en troch it foar âldelju mooglik te meitsjen om tillefyzjesjen en ynternetgebrûk eigenhandich te sinsurearjen.

In beheinde ynventarisaasje:

  • Austraalje: Films wêryn't eksplisite seks foarkomt, binne yllegaal yn it normale bioskoopsirkwy. Bistepornografy en gewelddiedige seks binne hielendal ferbean. Pornografyske tydskriften kinne lykwols gewoan yn kiosken ferkocht wurde dy't foar in elk tagonklik binne, en op it ynternet is der likemin sprake fan ienige sinsuer.
  • Belgje: Pornografy is legaal, ynkl. bisteporno. Yn 2007 is in ûntwerpwet tsjin bistepornografy, fan Ludwig Vandenhove fan 'e sosjaal-demokratyske SP.a, blokkearre troch de Senaatskommisje Sosjale Oangelegenheden.
  • Denemark: Frijwol alle soarten fan pornografy (útsein fansels berneporno) binne al legaal sûnt 1969.
  • de Feriene Steaten: Hurde pornografy is allinnich tastien as it in spesjale saneamde obseniteitstest trochstean kin, mar dat is suver altiten sa. It is lykwols strang ferbean om pornografy fan lykfol hokker soarte ta beskikking te stellen fan minderjierrigen ûnder de 18 (en yn guon steaten ûnder de 21). Tydskriften mei dêryn neakenfotografy, lykas Playboy, wurde ynpakt yn een ûntrochsichtige plestikken foalje om foar te kommen dat minderjierrigen der wat fan sjen kinne soene.
  • Grut-Brittanje: Hurde pornografy is pas in jiermannich lyn legalisearre, mar gewelddiedige seks is koarte tiid letter wer ferbean ûnder de Criminal Justice and Immigration Act 2008, nei de moard op Jane Longhurst.
  • Iislân: Alle pornografy is ferbean om't it as frou-ûnfreonlik beskôge wurdt.
  • Yndoneezje: Sûnt 2008 is der ûnder druk fan islamisten in tige strange wet fan krêft, dy't pornografy alhiel ferbiedt. Op grûn dêrfan waard bgl. yn 2011 de yn hiele Súdeast-Aazje populêre sjonger Nazril Irham ta 3½ jier selstraf feroardiele om't op it ynternet in fideo rûngie wêryn't er seks hie mei twa froulju.
  • Japan: Oant de ein fan 'e njoggentiger jierren mochten der út noch yn gjin geslachtsdielen toand wurde. Der hat lykwols nea in taboe rêst op itsij de kombinaasje seks en geweld, itsij pornografy mei teenagers.
  • Nederlân: Pornografy is sûnt 1986 legaal foar elkenien boppe de 16. Bisteporno is sûnt 2010 ferbean.
  • Noarwegen: Hurde pornografy is noch altiten by de wet ferbean, mar it wurdt gedoogd.
  • Saûdi-Araabje: Alle pornografy is strang ferbean.
  • Sweden: Pornografy is frij beskikber. Bisteporno is net as sadanich ferbean, mar falt ûnder de wetten op it mêd fan bistebeskerming. Pornografyske films meie besjoen wurde troch elkenien boppe de 15, en der besteane gjin beheinings foar de ferkeap fan pornografyske tydskriften.

Kommersje

De pornoyndustry

It is dreech om fêst te stellen hoefolle jild oft der wrâldwiid krekt omgiet yn 'e pornoyndustry. Wat inkeld de Feriene Steaten oangiet, waard der yn in regearingsstúdzje út 1970 foar allinne hurde pornografy in totale detailhannelswearde fan likernôch $10 miljoen neamd.[9] Yn 1998 waard der in ferslach publisearre wêryn't rûze waard dat de Amerikaanske pornoyndustry jiers allinne fia it ynternet al $750 miljoen oant $1 miljard oan winst makke.[10] In oare stúdzje, út 2001, skatte de totale winst fan 'e Amerikaanske pornoyndustry (ynkl. ynternet, fideo, tydskriften en betelkanalen op 'e tillefyzje) tusken de $2,6 miljard en $3,9 miljard.[11]

Bedragen lykas dy't hjirboppe neamd wurde, meitsje de pornografyske yndustry ta in bedriuwstûke fan belang. Yn 'e Feriene Steaten is de produksje fan kommersjele pornografy al sûnt it begjin fan 'e jierren santich fierhinne konsintrearre yn 'e San Fernandodelling, dy't ûnderdiel útmakket fan Los Angeles. Akteurs en aktrises wenje der, pornoprodusinten binne dêr fêstige, en ek oare bedriuwen dy't mei de produksje en/of distribúsje fan pornografy te krijen hawwe, sitte dêre. Al mei al skept dat in wichtige ekonomyske basis foar de hiele krite. De ynfloed dy't soks yn politike fermiddens opsmiten hat, is ûnderwerp fan kontroverse.

Wat Jeropa oanbelanget, wurdt de Hongaarske haadstêd Boedapest op 't heden beskôge as sintrum fan 'e pornoyndustry.[12]

Pornografyske websiden per lân

Op it ynternet besteane wrâldwiid hûnderten miljoenen pornografyske websiden. Wat de ferdieling dêrfan nei lannen oanbelanget, folget hjir de top tsien (op grûn fan gegevens út 2006):

Op it alfde plak folget frjemdernôch:

In oar lân dat men boppe-oan ferwachte hawwe soe, komt in hiel ein efterop:

Inkele statistiken oangeande pornografygebrûk

  • Mear as 70% fan 'e manlike ynternetbrûkers tusken de 18 en 34 jier besiket yn in normale moanne teminsten ien pornografyske webside.[13]
  • In stúdzje út 2009 stelde fêst dat yn 'e Feriene Steaten de (strang mormoansk-kristlike steat Utah de grutste konsumint de ynwenner is fan betelle ynternetpornografy.[14]

Effekten fan pornografy op seksuële misdie

Oer de negative ynfloed dy't pornografy hawwe soe op it mêd fan seksuële misdieden bestiet gjin oerienstimming. Tsjinstanners fan pornografy beweare gauris dat it liedt ta mear ferkrêftings en soartgelikense misdieden, wylst foarstanners úthâlde dat it as in útlitklep fungearret en sa just seksuële misdie foarkomt. Ek de wittenskip biedt ditoangeande gjin útkomst. Ut guon ûndersiken blykt dat it besjen fan pornografyske materiaal liedt ta mear seksuële misdie, wylst oaren krekt in ôfname oantoane en wer oaren gjin inkeld effekt konstatearje.

Foar- en tsjinstanners fan pornografy

Tsjinstanners

De anty-pornografybeweging komt fierhinne, sij it net útslutend, fuort út trije boarnen: de wet, godstsjinst en it feminisme.

Wat de wet oanbelanget, draait it derom dat pornografy gauris as moreel oanstjitjaand ûnderfûn wurdt. Hoewol't soks fansels stuolket op it persoanlike oardiel fan in elk en dêrnjonken te krijen hat mei hoe't en wêr't it oangeande materiaal presintearre wurdt, sille de measte minsken it deroer iens wêze dat alteast beskate foarmen fan pornografy yn beskate fermiddens as obseen bestimpele wurde kinne. De fraach is dan: hoe giet men dêrmei om? Yn it ferline waard in algehiel ferbod faak as de oplossing sjoen, mar noarmen en wearden binne sûnt ferskood, sadat soks hjoed de dei yn Jeropa oer it algemien net mear as in opsje beskôge wurdt. De wetjouwer kiest almeast foar in tuskenoplossing, troch pornografy minder maklik berikber te meitsjen, benammen foar bern en jongerein ûnder in beskate âldens. Yn 'e islamityske wrâld en in protte Afrikaanske lannen leaut men lykwols noch wol yn in ferbod, en ek guon segminten fan 'e maatskippij yn 'e Feriene Steaten soene pornografy graach noch folslein ferbiede.

Dat bringt ús dan mei-iens op it mêd fan 'e godstsjinst, want de neamde Amerikaanske maatskiplike groepen binne foar it meastepart religieuze. Benammen de trije grutte monoteïstyske godstsjinsten fan it joadendom, it kristendom en de islaam steane, as de lear derfan letterlik opfet wurdt, frij ûnfersoenlik foar seksuële promiskuïteit oer; yn easterske religyen as it boedisme spilet dat folle minder. Op grûn fan harren godstsjinst leaut bgl. in grut part fan 'e kristenen dat pornografy ferkeard is en dus dat it ferbean wurde moatte soe. Mar termen as "goed" en "ferkeard" hawwe yn 'e wetlike sin gjin betsjutting: in ding is foar de wet inkeld tastien of ferbean. En troch de sekularisaasje fan 'e maatskippij foarmje sokke kristlike groepen hjoed de dei gjin mearderheid mear, sadat se de wet net nei eigen goedtinken oanpasse kinne. (Sels yn 'e Feriene Steaten net, dêr't dit folle mear spilet as yn Jeropa, en dêr't ditoangeande in oanhâldende striid geande is tusken kristlike lobbygroepen en in koälysje foar frijheid fan mieningsutering.)

Ta ein beslút binne der in protte feministen dy't pornografy ynherint fernederjend foar froulju fine. Sy hâlde út dat de pornoyndustry bydraacht oan geweld tsjin froulju, yn it foarste plak troch de produksje fan pornografy, dy't neffens harren fysike, psychologyske en ekonomyske twang opleit oan 'e froulju dy't deroan meidogge, en fierders troch de konsumpsje derfan, dy't neffens harren it dominearjen, fernederjen en twingen fan froulju ferhearliket en erotisearret en seksuële en kulturele hâldings befêstiget dy't liede ta ferkrêfting en ûnwinske yntimiteiten.[15][16] Se sizze fierders dat pornografy in slim ferfoarme byld fan seksuële relaasjes sketst en myten oangeande seks en froulju stimulearret: dat it froulju sjen lit dy't altiten ree binne om seksuële omgong mei ien of sels mear as ien man te hawwen, en har deljouwe ûnder de betingsten dy't steld wurde troch de man.[17]

Foarstanners

De foarstanners fan pornografy beroppe har almeast op it rjocht fan frijheid fan mieningsutering, en yn it ferlingde dêrfan op demokrasy. Lju as de Amerikaanske pornografyprodusint Larry Flynt en de Britske skriuwer Salman Rushdie beweare dat pornografy in krúsjaal ûnderdiel fan frijheid is, en sels dat it nivo fan frijheid en beskaving fan in maatskippij beoardiele wurde kin oan 'e hân fan 'e willigens derfan om pornografy te akseptearjen.[18]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gehrke, William J., Erotica is Not Pornography (tech.mit.edu).
  2. Rudgley, Richard, The lost civilizations of the Stone Age.
  3. Kroniek van de Mensheid, s. 62-63.
  4. Thomas, Bryn, et al., India, s. 746-749.
  5. Hyde, H. Montgomery, A History of Pornography, s.14.
  6. Foxon, Libertine Literature in England, 1660–1745, s. 45.
  7. Sutherland, Offensive Literature: Decensorship in Britain, 1960–1982, s. 32.
  8. Beck, Marianna, The Roots of Western Pornography: Victorian Obsessions and Fin-de-Siècle Predilections (www.libidomag.com).
  9. Presidinsjele Kommisje oangeande Obseniteit en Pornografy, Report of The Commission on Obscenity and Pornography.
  10. Richard, Emmanuelle, The Naked Untruth (www.alternet.org).
  11. Ackman, Dan, How Big Is Porn? (www.forbes.com).
  12. Sex trade moguls thrive by the Blue Danube (www.independent.co.uk).
  13. Statistics on Pornography, Sexual Addiction and Online Perpetrators and their Effects on Children, Pastors and Churches (www.safefamilies.org).
  14. Edelman, Benjamin, Red Light States: Who Buys Online Adult Entertainment? (people.hbs.edu).
  15. Shrage, Laurie, Feminist Perspectives on Sex Markets: Pornography, (plato.stanford.edu).
  16. Mackinnon, Catherine A., Not a moral issue.
  17. Jeffries, Stuart, Stuart Jeffries talks to leading feminist Catharine MacKinnon (www.guardian.co.uk).
  18. Baxter, Sarah, en Brooks, Richard, Porn is vital to freedom, says Rushdie (www.timesonline.co.uk).