Boedapest

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boedapest
BudapestDSCN3933.JPG
Sifers
Ynwennertal 1,721,556 (2010)
Oerflak 525,16 km²
Befolkingstichtens 3.241,5 / km²
Stêdekloft 3.271.110
Hichte m
Polityk
Lân Hongarije
Provinsje Haadstêd Boedapest
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid (UTC+2)
Koördinaten
Webside (in) (de) Webstee Boedapest


Boedapest is de haadstêd fan Hongarije. Yn de stêd wennet likernôch in fiifde part fan alle ynwenners fan it lân. De stêd leit op beide iggen fan de Donau, en is in gearfoeging, út 1873, fan Boeda en Ald Boeda op de rjochter igge, en Pest op de lofterigge.

De stêd spilet in dominante rol yn it lân op ûngefear alle mêden (bestjoer, hannel, yndustry, ferkear, kultuer). Bûtendat is de stêd it wichtichste ferkearsknooppunt en (hieltiten mear) it kulturele hert fan Sintraal-Jeropa.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De iggen van de Donau waarden al troch de Kelten bewenne. De Romeinen bouden op it plak fan it hjoeddeiske stêdsdiel Óbuda in legerkamp Aquincum dêr't letter in boargerlike delsetting ûntstie. Op it hichtepunt fan de Romeinske tiid herberge de stêd 30.000 ynwenners en wie haadplak fan de Romeinske provinsje Pannoonje. Tidens de Grutte Folkeferfarren yn de 5e ieu rekke de stêd yn ferfal en lutsen de oarspronklike bewenners fuort. Neikommers kamen, Slavyske stammen en út dizze tiid stammet nei alle gedachten de namme Boeda ('lyts hûs','hut') foar it diel oan de rjochter igge en Pest ('hol') foar de oare igge, miskien troch de protte hollen, dy't har dêr doe yn de heuvels befûn. Ieuwen letter yn de 10e ieu ferskynden de Hongaren dy't by Boeda op in strategyske heuvel yn 1247 in kastiel bouden dat yn 1361 haadstêd fan it keninkryk Hongarije waard.

Yn 1526 makkke de Turken in ein oan it Hongaarske ryk en ferovere de stêd. Fan 1686 ôf wie Boedapest yn Eastenrykske hannen en kaam ûnder Habsburgsk bewâld, dat oant 1918 oan de macht bleau. Yn dizze tiid makket benammen Pest in mânske groei troch. Op de ein fan de 19e ieu bedroech de befolking om-ende-by 730.000 ynwenners.

Yn de 20e ieu waard de stêd fierder útwreide mei de nije stêdsdielen (Újpest, Kispest, Angyalföld). De Twadde Wrâldkriich wie dramatysk mei de deportaasje en ferneatiging fan de grutte joadske mienskip troch de nazis dy't de stêd yn 1944 besetten. De befrijing troch de Sowjet-Uny wie feitlik in nije besetting mei as djiptepunt it delslaan fan de Hongaarske Opstân yn 1956 troch deselde Sowjet-Uny. Dizze foarfallen hawwe alle har spoaren neilitten yn it stêdsbyld. Begjin 80-jierren berikte de befolking fan de stêd har omfang.

Sûnt yn 1989 de nije Republiek Hongarije útroppen waard is de stêd it toaniel fan grutte herfoarmingen. De weromkomst fan de frije merkekonomy hat it stêdsbyld tige ferlibjend. De befolkinggrutte is lykwols fierder ôfnommen.

[bewurkje seksje] Demografyske ûntjouwing

Jier 1800 1830 1850 1880 1890 1900 1925 1980 1990 2005
Befolkingsoantal 54.200 102.700 178.000 370.800 491.900 733.400 957.800 2.059.300 2.016.700 1.750.000

[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden

Boeda leit op de heuveleftige rjochterigge fan de Donau (links op de kaart). Twa fan dy heuvels dominearre: de Burchtheuvel (Várhegy) en de Gellértberch.

Byld fan de Turul op de Burchtheuvel

Op de Burchtheuvel stean de wichtichste monuminten fan Boeda:

De heuvel is mei in muorre omwâle: de 18de-ieuwske Burchtwyk yn de omwâling is goed bewarre bleaun (allinne it súdlike part hat swiere kriichskea late). It útsjocht oer de Donau mei har brêgen en Pest is yn in protte lieten besjongen. Lykwols binne de measte attraksjes en grutte toeristelûkers fan Boedapest minder âld as se derút sjogge: sawol de Mattiastsjerke yn syn hjoeddeiske foarm as it Fisserskbastion binne boud yn de 19e ieu.

Millenniummonumint yn Boedapest

Oare wichtige nijsgjirrichheden yn Boeda:

Grutte Boulevard

Nijsgjirrichheden yn Pest:

De Kettingbrêge

[bewurkje seksje] Brêgen

Der binne njoggen brêgen oer de Donau yn Boedapest:

[bewurkje seksje] Fotogalerij gebouwen

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen