Masturbaasje

Ut Wikipedy
Gustav Klimt: Sittende frou (1916).

Masturbaasje (fan it Latynske masturbari, fan ûndúdlike etymology) is it stimulearjen fan 'e geslachtsdielen en/of de anus troch it brûken fan in hân of hannen, in finger of fingers, seksboartersguod, aldendeiske foarwerpen, of in kombinaasje dêrfan. It doel is om seksueel geniet op te wekjen, faak (mar net altyd) oant der in orgasme folget. Masturbaasje wurdt faak lykslein mei selsbefrediging, it masturbearjen fan jinssels, mar men kin ek in oar masturbearje. Masturbaasje wurdt oan dien troch beide geslachten en lju fan alle leeftiden. Der binne fan masturbaasje gjin sûnensrisiko's bekend. As it oan in orgasme ta folholden wurdt, folget der in natuerlike ûntspanning fan it minsklik lichem, dy't in skoftke ta in gefoel fan slûgens liede kin.

Oansjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne waarden rûnom leagens ferspraat oer de skealike gefolgen fan masturbaasje, om't it benammen fanút in religieuze eftergrûn beskôge waard as wat ferkeards en ymmoreels: in sûnde dy't útrûge wurde moast út goederbêst foar de minsken sels. It maatskiplik taboe op masturbaasje belune lykwols geandewei de tweintichste iuw, en tsjintwurdich wurdt it, alteast yn 'e Westerske wrâld, oer it algemien sjoen as wat normaals en in wichtich part fan in sûn sekslibben. It wurdt ek beskôge as befoarderlik foar it lichaamlik en psychologysk wolwêzen. Neffens de Merck Manuel of Diagnosis and Therapy, in gesachhawwend standertwurk, wurdt (sels)masturbaasje tsjintwurdich inkeld noch beskôge as abnormaal yn trije gefallen:

  • as it masturbearjen fan jinsels sa oerhearskjend wurdt dat it it hawwen fan in romantyske relaasje mei in oare persoan behinderet;
  • as men in ûnbedimbere oanstriid fielt om jinsels yn it iepenbier te masturbearjen;
  • as masturbaasje by jinsels sa twangmjittich is dat it ferwûnings oan 'e geslachtsdielen opsmyt troch klearebare slitaazje.

Selsbefrediging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Selsbefrediging yn it algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar masturbaasje yn 'e sin fan selsbefrediging brûkt men seksuele fantasij om lust op te wekjen. Dat kin al of net begelaat wurde troch it besjen fan in eroatyske film of pornofilm, it lêzen fan in neakenblêd of pornoblêd of it brûken fan in oare eksterne boarne foar seksuele opwining. Selsbefrediging wurdt oan dien troch minsken fan beide geslachten en fan alle leeftiden. Neffens in ûndersyk fan 'e Rutgersstichting út 2017 masturbearret fan 'e Nederlânske befolking 40% fan 'e manlju en 14% fan 'e froulju teminsten ien kear yn 'e wike. By itselde ûndersyk joech 16% fan 'e manlju en 33% fan 'e froulju oan nea te masturbearjen.[1] Manlju masturbearje oer it algemien mear as froulju. Net allinne folwoeksenen masturbearje trouwens; prepuberale bern stimulearje harrensels ek as se útfine dat soks in oangenaam gefoel jout. Pas as se yn 'e puberteit komme, wurdt it foar harren lykwols mooglik om op dy wize in orgasme te berikken.

Froulike masturbaasje op in tekening fan Gerda Wegener út 1925.

Froulike selsbefrediging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Famkes en froulju kinne masturbearje troch oer en om 'e klitoris hinne te wriuwen, de skamlippen te massearjen en de fingers yn en út 'e fagina te bewegen. Dy aktiviteiten wurdt oantsjut as fingerjen. Faak brûke froulju ek seksboartersguod by it masturbearjen, lykas in dildo of in fibrator, of (minder faak) in seksmasine of aldendeiske foarwerpen lykas in banaan of in komkommer. Sokke fallusfoarmige foarwerpen kinne ynbrocht wurde yn 'e fagina (of de anus), mar fibrators wurde ek fral in protte brûkt om tsjin 'e klitoris oan te hâlden, sadat de trillings fan it apparaat op dat punt ta seksueel geniet en úteinlik ta in orgasme liede. De hurde striel wetter út in dûskop wurdt soms foar itselde doel brûkt. Om 'e stimulaasje op te fieren, kinne froulju ûnder it masturbearjen ek oare erogene sônes fan harren lichem oanreitsje, lykas de boarsten, de spiennen of de anus.

De stimulaasje fan 'e geslachtsdielen kin by froulju ek plakfine sûnder dat de hannen derby belutsen binne, bgl. troch earne tsjinoan te riden (mei in Ingelsk lienwurd tsjintwurdich wol oantsjut as 'humpen'). Meastentiids folget oan 'e ein fan it stimulearjen in orgasme. Dat is by froulju in yntinse sensaasje dat in stik langer oanhâlde kin as by manlju. Ek is alteast in diel fan 'e froulju by steat om in mearfâldich orgasme of in froulike ejakulaasje te krijen. Oan 'e oare kant is it foar guon froulju tige dreech of sels suver ûnmooglik om in orgasme te berikken. Ek komt it foar dat froulju troch ûnkunde of ûnwil fan harren sekspartner(s) allinne troch sels te masturbearjen in orgasme berikke kinne.

Manlike selsbefrediging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Selsbefrediging by jonges en manlju, dat ek wol onanisme neamd wurdt nei it bibelske ferhaal oer Onan (Genesis 38:8-9), wurdt ornaris dien troch ôflûken. Dêrby nimt men de penis yn 'e hân en makket op-en-delgeande bewegings wêrby't de nút (de útein fan 'e penis) stimulearre wurdt oant men in ereksje en úteinlik in orgasme kriget. De oare hân wurdt wilens faak brûkt om 'e balsek strak nei ûnderen te lûken en/of om 'e testikels sêftkes te massearjen. Guon (mar lang net alle) manlju fine it oangenaam om ûnder it masturbearjen ek de spiennen of de anus oan te reitsjen.

In man dy't himsels ôflûkt.

Oars as by froulju hâlde manlju mar komselden op mei masturbearjen foar't se in orgasme berikt hawwe, of it moast wêze dat se ûnderbrutsen wurde. By it manlik orgasme wurdt sperma troch de urinebuis út 'e penis ejakulearre. Dêrnei folget in saneamde refraktêre perioade, wêrby't de penis in skoft net wer stiif wurde wol. It is dêrom foar manlju dreech om mear as ien orgasme efterinoar te krijen.

Krekt as froulju kinne manlju ek sûnder hannen masturbearje, troch earne by op te riden ('humpen'). Ek brûke manlju wolris (mar minder faak as froulju) seksboartersguod of aldendeiske foarwerpen by it masturbearjen. Sa kin in fibrator tsjin 'e nút oan holden wurde, om dy mei trillings te stimulearjen. Ek kinne manlju harren penis yn in keunstfagina (lykas de Fleshlight) of in teledildoanyske masturbator (lykas de RealTouch) stopje. Yn 'e bekende Amerikaanske film American Pie masturbearret ien fan 'e haadpersoanen troch syn ereksje yn in farskbakte, waarme apeltaart te stekken, wat neitiid yn it wiere libben perfoarst ek neifolging krigen hat.

Anale selsbefrediging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven de geslachtsdielen kin (ek) de anus masturbearre wurde, troch it yn- en útbewegen fan fingers (fingerjen) of fan seksboartersguod, lykas in dildo, in fibrator, Sineeske baltsjes of geisha-ballen. Soks wurdt dien troch (guon) froulju, mar ek troch (guon) sawol homoseksuele as heteroseksuele manlju. Manlju kinne behalven troch stimulaasje fan 'e nút (de útein fan 'e penis) ek in orgasme berikke troch (anale) stimulaasje fan 'e prostaat.

Mienskiplike masturbaasje op in akwarel fan Johann Nepomuk Geiger, út 1840.

Net-seksuele redens foar selsbefrediging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ek net-seksuele redens foar selsbefrediging, benammen foar manlju. Soks komt bgl. foar as men in spermadonaasje dwaan wol oan in spermabank, of as jins sperma ûndersocht wurde moat foar in fruchtberensûndersyk.

Mienskiplike masturbaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mienskiplike masturbaasje is it masturbearjen fan of it masturbearre wurden troch jins sekspartner. Krekt as by selsbefrediging binne dêrfoar de meast brûkte techniken it wriuwen oer de klitoris en skamlippen, it fingerjen fan 'e fagina en/of anus en it ôflûken fan 'e penis. Soks heart ornaris ta it foarspul fan eigentlike seksuele mienskip, al kin it ek in foarm fan net-penetrative seks op himsels wêze. Yn dat lêste gefal is it faak bedoeld om seksueel geniet te jaan en te ûntfangen mar net de fammesteat te ferliezen (by froulju) of om net it risiko te rinnen op swierens of seksueel oerdraachbere sykten.

Der besteane yn haadsaak twa foarmen fan mienskiplike masturbaasje. Mienskiplike masturbaasje sûnder kontakt is as twa minsken oan selsbefrediging dogge yn inoars oanwêzigens, sadat inoars selsbefrediging inoars lust ferheget. By mienskiplike masturbaasje mei kontakt masturbearret ien persoan in oare persoan, of twa persoanen masturbearje inoar. Soks kin tagelyk of om bar dien wurde. Beide neamde foarmen kinne fansels ek yn groepsferbân bedreaun wurde.

De Spaanske pornoaktrise Anastasia Mayo fingeret harsels op in erotykbeurs yn Galysje.

Sûnens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is gjin inkeld oarsaaklik ferbân bekend fan masturbaasje mei lykfol hokker foarm fan in lichaamlike of geastlike oandwaning. Wol is it fansels sa, lykas mei alles, dat oerdied ta slitaazje liedt. By in man dy't tweintich jier lang eltse dei fjouwer of fiif kear masturbearret, sille úteinlik de swellichems yn 'e penis it bejaan. En as immen it foar de moade hat om foarwerpen yn 'e fagina of anus te triuwen, kin it foarkomme dat dy fêstreitsje as se te djip ynbrocht wurde, mei as gefolch dat men jin ûnder behanneling fan in dokter stelle moat om se der wer ta'n út te krijen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Seksuele Gezondheid in Nederland 2017, De Haach (Rutgersstichting), 2017.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.