Bernepornografy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bernepornografy, gauris ferkoarte ta berneporno, is pornografy wêryn't seksueel eksplisite aktiviteiten plakfine dêr't bern oan meidogge. It kin op in ferskaat oan media bestean, en wurdt ornaris ferdield yn simulearre bernepornografy en echte bernepornografy (oftewol fêstlein bernemisbrûk). Echte bernepornografy makket almeast gebrûk fan foto's of film, al komme lûdsopnames ek foar. Simulearre bernepornografy, by de produksje wêrfan't gjin echt bern belutsen is, en dat dus net foar misbrûk oanmurken wurde kin, beslacht bernepornografyske tekstbeskriuwings, tekenings, stripferhalen, skilderijen, byldhouwurken, animaasjes en fideo- en kompjûterspultsjes.

Bestriding[bewurkje seksje | edit source]

Wat de bestriding fan bernepornografy oangiet, hiene yn 2008 94 fan 'e 187 lannen dy't oansletten binne by Ynterpol wetten dy't spesifyk tsjin 'e produksje en fersprieding fan bernepornografy rjochte binne, al is dêrby it grutte tal lannen dat alle pornografy ferbiedt, net meirekkene. Yn 58 fan dy 94 lannen wie ek it besit fan bernepornografy in misdie, mei't foar it besit almeast betelle is, en sokke betellings de produsinten fan berneporno beleanje en oanfiterje om troch te gean mei it misbrûken fan bern. Sadwaande is besit fan bernepornografysk materiaal sa njonkelytsen yn frijwol allle Westerske lannen ferbean. Der is fierders in brede beweging dy't wurket om bernepornografy oer de hiele wrâld ferbean te krijen, wêrby't sokke foaroansteande ynternasjonale organisaasjes as de Jeropeeske Uny en de Feriene Naasjes in wichtige rol spylje.

Wetlike omskriuwings fan bernepornografy omfiemje yn 'e regel sawol seksueel tinte byldmateriaal fan prepuberale en puberale minderjierrigen as fan postpuberale minderjierrigen. De measte lju dy't ferfolge wurde foar it besit fan bernepornografy binne lykwols trappearre op it besit fan ôfbylden fan prepuberale minderjierrigen (lytse bern) of puberale minderjierrigen (pubers), mei't bernepornografy fan postpuberale minderjierrigen (fan tusken de 15 à 16 oant 18 jier) yn it foarste plak faak sa slim net fûn wurdt as fan lytse bern, en dêrnjonken gauris dreech te ûnderskieden is fan pornografy mei mearderjierrigen (hoe stelt men fêst oft in tiner op in pornografyske ôfbylding 16 of 18 jier is?). Fierwei de measte besitters fan bernepornografy binne manlju, dy't ornaris nijsgjirrigens as ekskús oanfiere as se troch de plysje pakt wurde.

Produsinten fan bernepornografy besykje gauris berjochting te ûntrinnen troch harren materiaal inkeld yn it bûtenlân te distribuëarjen, al wurdt dy oanpak almar sinleazer troch de tanimmende ynternasjonale gearwurking op it mêd fan 'e bestriding fan bernepornografy. Dejingen dy't pornografysk byldmateriaal fan prepuberale minderjierrigen sammelje, binne ornaris pedofilen, dy't it hawwe wolle foar eigen seksueel gebrûk (d.w.s. om derby te masturbearjen), of om it te ruiljen mei oare sammelders foar noch mear bernepornografy. Ek kin it brûkt wurde om oan oare bern sjen te litten om dy geastlik ree te meitsjen foar seksueel misbrûk yn in proses dat fan child grooming neamd wurdt, of foar útlokking fan folwoeksenen, dy't der dan mei sjantearre wurde kinne, bgl. om mei te wurkjen oan 'e produksje fan nije bernepornografy of oan berneprostitúsje.

Wetjouwing yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Nederlân is bernepornografy ferbean en hat dat altyd sa west, mei't by de opheffing fan it wetlike ferbod op alle pornografy, yn 1986, in útsûndering makke waard foar bernepornografy. Dat wie net yn alle lannen sa. Yn Denemark, bgl., waarden yn 1969 alle foarmen fan pornografy, bernepornografy ynbegrepen, legalisearre, wêrnei't it dêr tsien jier lang, oant de ein fan 'e jierren santich, tastien bleau.

Yn Nederlân stiet op 'e produksje en (profesjonele) distribúsje fan bernepornografysk materiaal (neffens Wetboek fan Strafrjocht kêst 240b, lid 2) oant 8 jier finzenisstraf; op it besit en de net-profesjonele distribúsje fan berneporno stiet (neffens Wetboek fan Strafrjocht kêst 240b, lid 1) oant 4 jier finzenisstraf. Hjirby giet it yn it foarste plak om echte bernepornografy, wêrta oft ek neakenfotografy mei bern rekkene wurdt sûnder feitlike seksuële aktiviteit mar wêrby't de oandacht op 'e geslachtsdielen fêstige wurdt. Fierders falt yn Nederlân ek simulearre bernepornografy ûnder it wetlik ferbod, sels al is dat in slachtofferleas misdriuw en eat dat yn in protte oare lannen, lykas de Feriene Steaten, net strafber is. De reden foar de brede strafberstelling yn Nederlân is twafâld: om swierrichheden by de bewiisfiering út 'e wei te gean, en om't de Nederlânske steat fan miening is dat simulearre bernepornografy diel útmakket fan in subkultuer dy't bernemisbrûk oanfiteret.

Oer it ferbod op simulearre bernepornografy bestiet yn Nederlân in djipgeand ferskil fan miening. Foarstanners fan sa'n brede strafberstelling miene dat ek bernepornografysk materiaal wêrfoar't gjin bern misbrûkt binne, it risiko opsmyt dat it minsken oansette sil ta belangstelling foar en úteinlik de eigen produksje fan echte berneporno. Dit is basearre op 'e wiid ferwreide misfetting dat pedoseksuële gefoelens wat binne dêr't men út frije wil foar kiest. Wittenskiplik ûndersyk hat lykwols oantoand dat pedofily krekt as heteroseksualiteit en homoseksualiteit oanberne is (wat uteraard net itselde is as te sizzen dat men ek oan dy gefoelens tajaan moat). In grut diel fan 'e psychiatryske medyske stân (wêrûnder de lanlik ferneamde harsensûndersiker en neurobiolooch Dick Swaab) is fan tinken dat it sadwaande tige ûnferstannich is om pedofilen de útlitklep te ûntsizzen dy't simulearre bernepornografy biede kin. Fanwegen de algemiene ôfkarring fan net inkeld pedoseksueel hâlden en dragen, mar teffens fan it háwwen fan pedoseksuële gefoelens allinnich al, falt oer dit ûnderwerp op it stuit yn Nederlân gjin maatskiplike diskusje te fieren.

Per 1 jannewaris 2010 is it Nederlânsk ferbod fan bernepornografy útwreide mei it strafber stellen fan jin tagong te ferskaffen ta berneporno (bgl. troch op it ynternet op in hyperlink te klikken wêrfan't men wit of witte kin dat dy liedt nei in webside mei bernepornografy). De reden hjirfoar is om ek it inkeld besjen fan bernepornografy sûnder it op 'e eigen kompjûter op te slaan strafber te meitsjen. Teffens is fan deselde datum ôf ek child grooming strafber makke.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.