Milfpornografy

Ut Wikipedy
India Summer, in bekende namme yn 'e milfpornografy.

Milfpornografy is in foarm of sjenre fan pornografy wêrby't de aktrises (milfs) oer it algemien tusken de 35 en 50 jier âld binne en seksuële omgong hawwe mei jongere (of alteast jonger útsjende) manlike tsjinspilers. De dynamyk dy't it ferskil yn âldens opsmyt, is wêr't pornografysk materiaal fan dit soarte om draait.[1]

Milfpornografy is in groeiend ûnderdiel fan 'e pornoyndustry en hat de karriêres fan pornografyske aktrises ferlinge oant fier boppe wat oant de ein fan 'e jierren njoggentich gebrûklik wie. Der besteane yn 'e Feriene Steaten ferskate prizen foar milfpornografyske aktrises, lykas de XRCO MILF of the Year Award, de AVN MILF/Cougar Performer of the Year Award, de CAVR MILF of the Year Award en de Urban X Award for Best MILF Performer.

Foarbylden fan aktrises dy't bekend binne fan milfpornografy, binne: Veronica Avluv, J.R. Carrington, Alana Evans, Ariella Ferrera, Tara Holiday, Ava Lauren, Lisa Ann, Brandi Love, Kendra Lust, Tiffany Mynx, India Summer en Teri Weigel. It tsjinstelde fan milfpornografy is lolitapornografy, wêrby't jonge aktrises seksuële omgong hawwe mei âldere (of âlder útsjende) manlike akteurs.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Taormino, Tristan, The Rise of MILFs and Mommies in Sexual-Fantasy Material (www.villagevoice.com).