Seksuele oriïntaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Seksuële oriïntaasje)

Seksuele oriïntaasje is in oanberne en yn prinsipe net te feroarjen ûnderdiel fan 'e minsklike persoanlikheid. It is dy persoanlike kwaliteit dy't minsken in seksuele oantrekking foar oare persoanen oer fiele lit, faak yn kombinaasje mei in gefoel fan romantyk. Oer it algemien kin steld wurde dat der trije seksuele oriïntaasjes besteane: heteroseksualiteit, homoseksualiteit en biseksualiteit, wêrby't men jin oanlutsen fielt troch resp. lju fan it tsjinstelde geslacht, lju fan itselde geslacht of lju fan beide geslachten. As fjirde kategory wurdt soms noch aseksualiteit tafoege, dat it brekme fan it fielen fan seksuele oantrekking ynhâldt. By eltse minske sil ien fan dizze fjouwer kategoryen in wichtich diel fan syn of har seksuele identiteit útmeitsje. Oare oantsjuttings op dit mêd, lykas panseksualiteit of polyseksualiteit, binne eins nije yndielings foar âlde begripen.

Der bestiet in grutte oerlaping fan seksuele oriïntaasje mei it begryp seksuele foarkar, mar yn psychologysk ûndersyk wurdt ornaris ûnderskie tusken dy beide termen makke: immen dy't him- of harsels sjocht as biseksueel, kin dêrby noch wol in foarkar hawwe foar persoanen fan it iene geslacht boppe dy fan it oare geslacht. Seksuele foarkar ymplisearret fierders in beskate mjitte fan frijwillige kar, wylst de wittenskip it deroer iens is dat der oan seksuele oriïntaasje neat frijwillichs is. It is lykwols noch ûndúdlik wêrom't of hoe't minsken oan 'e iene of de oare seksuele oriïntaasje komme; saakkundigen binne fan miening dat de antwurden op sokke fragen socht wurde moatte yn biologyske faktoaren of de iere ûntwikkeling fan 'e foetus yn 'e limoer, of mooglik in kombinaasje fan beide. Oars as dat wol tocht wurdt, bestiet der gjin inkeld bewiis dat suggerearret dat seksuele oriïntaasje beynfloede wurdt of wurde kin troch jonkheidsûnderfinings of de manear wêrop't immen grutbrocht is. Wol hat wittenskiplik ûndersyk oantoand dat de minsklike seksualiteit net bestiet út isolearre hetero-, homo- en biseksuele hokjes, mar út in trochgeande bôge mei folsleine heteroseksualiteit oan 'e iene útein, folsleine homoseksualiteit oan 'e oare útein, en lykwichtige biseksualiteit yn 'e midden. Dy tinkbyldige bôge wurdt it heteroseksueel-homoseksuele kontinuum neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.