Larry Flynt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Larry Flynt yn 2009.

Larry Flynt, eins Larry Claxton Flynt, Jr. (1 novimber 1942) is in Amerikaanske produsint en útjouwer fan pornografy en miljonêr. Hy groeide op yn earmoede, mar fertsjinne in kaptaal mei de útjefte fan it blêd Hustler. Sûnt in moardoanslach yn 1978 is er fan 'e mul ôf ferlamme. Hy stiet bekend om syn striid foar de frijheid fan mieningsutering en tsjin skynhilligens yn 'e Amerikaanske polityk. Oan diskant fan 'e Atlantyske Oseaan is er benammentlik bekend rekke troch de spylfilm The People vs. Larry Flynt, dy't syn libben portrettearret.

Jonkheid[bewurkje seksje | edit source]

Flynt waard berne yn Lakeville, yn 'e steat Kentucky, as de âldste fan trije bern yn it gesin fan Larry Claxton Flynt, Sr. (1919-2005), in gernier[1], en Edith Arnett Flynt (1925-1985), in húsfrou.[2] Hy hat in jongere broer, Jimmy Ray Flynt (1948) en hie teffens in jonger suske, Judy (1947-1951), dat op 'e âldens fan fjouwer jier stoar oan leukemy.[3] Flynt groeide op yn earmoede en seach syn heit, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn it Amerikaanske leger yn Jeropa tsjinne, pas foar it earst doe't er trije jier wie. It ferstjerren fan syn suske feroarsake de skieding, yn 1952, fan syn âldelju. Neitiid libbe Flynt earst twa jier by syn mem yn Hamlet, yn Indiana, foar't er wer by syn heit yn Lakeville ynloek fanwegen it feit dat er net mei syn memme nije freon troch ien doar koe.[4]

Flynt makke de middelbere skoalle net ôf, mar naaide op syn fyftjinde út en naam tsjinst yn it Amerikaanske leger troch gebrûk te meitsjen fan in ferfalske bertesertifikaat. Nei't er earfol ûntslein wie, loek er wer by syn mem yn. Hy wurke in blaumoandei yn in autofabryk, mar waard ûntslein nei in fakbûnsaksje. Dêrop joech er him wer by syn heit yn Kentucky en begûn drank te smokkeljen, mar hold dêrmei op doe't er hearde dat de plysje efter him oan siet. Nei twa moanne lang op syn broek sitten te hawwen, naam er yn july 1960 tsjinst by de Amerikaanske marine, dêr't er radarbetsjinner oan board fan 'e USS Enterprise waard. Yn july 1964 swaaide er ôf út 'e marine.[5]

Karriêre as sakeman[bewurkje seksje | edit source]

Begjin 1965 kocht Flynt syn memme kafee yn Dayton, yn Ohio, dat er hielendal fernijde en dêrnei al rillegau omturne ta in winstjaande saak, al wurke er dêr wol tweintich oeren deis foar (hy naam amfetaminepillen om it út te hâlden). Yn 1968 iepene er de earste fan wat in rige stripklubs wurde soe, en neamde dy de Hustler Club. Al gaueftich besiet er Hustler Clubs yn Akron, Cleveland, Cincinnati, Kolumbus en Toledo, dy't elts mear as $250.000 winst jiers makken.[6]

Yn maart 1972 begûn Flynt de Hustler Newsletter, in fjouwersidige swart-wytútjefte, wêrmei't er syn stripklubs oanpriizgje woe. Dy bliek lykwols sa populêr te wêzen ûnder syn klanten, dat er him yn maaie 1972 útwreide ta sechstjin siden en yn augustus 1973 ta twaentritich siden. Doe't it fanwegen de ekonomyske delgong, feroarsake troch de Oaljekrisis fan 1973, yn it neigean rekke mei syn stripklubs, besleat er om 'e Hustler Newsletter om te foarmjen ta in neakenblêd. Yn july 1974 kaam it earste nûmer fan Hustler út en binnen it jier hied er dêr safolle mei fertsjinne dat er al syn skulden ôfbetelje koe. Fan novimber 1974 ôf waarden yn Hustler saneamde pink-shots (foto's wêrop't de fagina's fan 'e modellen te sjen binne) printe, wat ta grutte kontroverse late. De útjefte fan elts nûmer fan it blêd gie mank mei strideraasjes en deilisskip, mei't withoefolle lju it as obseen beskôgen en fûnen dat it ferbean wurde moast. Koarte tiid letter waard Flynt hifke troch een paparazzo, dy't neakenfoto's nommen hie fan 'e eardere first lady Jackie Kennedy, wylst se yn 1971 op fakânsje oan it sinnebaaien wie. Flynt kocht de foto's foar $18.000 en publisearre se yn augustus 1975 yn Hustler. Fan dat nûmer waarden yn in pear dagen tiid mear as in miljoen eksimplaren ferkocht. Flynt waard der miljonêr troch.[7]

Yn 1976 rjochte Flynt syn bedriuw Larry Flynt Publications (LFP) op, dêr't er al syn aktiviteiten yn feriene, lykas de publikaasje fan Hustler en oanbesibbe blêden as Barely Legal, en de distribúsje dêrfan. Yn 1986 bejoech Flynt him ek op it mêd fan 'e útjefte fan mainstream-tydskriften, mar syn belangen dêryn ferkocht er wer yn 1996, krekt as de distribúsje fan syn pornografyske blêden. Yn 1998 begûn LFP ek pornografyske films te produsearjen, fia de dochterûndernimming Hustler Video. Yn 2000 iepene Flynt fierders it Hustler Casino, yn Gardena, in foarstêd fan Los Angeles.

Oanslach[bewurkje seksje | edit source]

Op 6 maart 1978 waarden Flynt en syn abbekaat Gene Reeves, Jr. fanút in mûklaach delsketten doe't se har nei de rjochtbank bejoegen yn Lawrenceville, yn 'e steat Georgia. Reeves rekke lichtferwûne; Flynt rûn permanint letsel oan syn rêchbonke op, wêrtroch't er fan dy tiid ôf fan syn mul ôf ferlamme is en yn in rolstoel sit. De ferwûnings besoargen him yn it begjin oanhâldende slimme pine, wat ta in ferslaving oan pinestillers late, oant by ferskillende operaasjes de skansearre senuwen trochsnien waarden. As gefolch fan ferskate oerdoses pinestillers krige Flynt ek noch in oerhaal, dy't foar him bliuwende útspraakswierrichheden opsmiten hat.[8]

Larry Flynt yn syn mei goud ynleine rolstoel.

De dieder fan 'e oanslach op Flynt is nea pakt, mar jierren letter hat de rasistyske searjemoardner Joseph Paul Franklin bekent dat hy derefter siet, mei as motyf dat yn Hustler in ynterrasiale fotosearje publisearre wie. Franklin, dy't op 20 novimber 2013 de deastraf krige foar moard, is nea berjochte foar de oanslach, hoewol't Flynt útspraken dien hat dy't derop wize dat er Franklin syn ferhaal leaut, en guon plysjefunksjonarissen it ek oannimlik lykje te finen.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

Larry Flynt hat fiifris troud west. Mei syn earste frou Mary wied er troud fan 1961 oant 1965, mei syn twadde frou Peggy fan 1966 oant 1969 en mei syn trêde frou Kathy fan 1970 oant 1975. Dizze houliken einigen alletrije yn skiedings. Syn fjirde frou, Althea Leasure, mei wa't er yn 1976 troude, stoar yn 1987 oan 'e gefolgen fan in oerdosis drugs. Yn 1998 troude Flynt mei syn hjoeddeiske frou, Elizabeth Berrios. Flynt hat fjouwer dochters en in soan.

Yn 1977 liet Flynt him bekeare ta evangelyske kristen troch Ruth Carter Stapleton, de suster fan âld-presidint Jimmy Carter. Dat betsjutte lykwols net dat er him út 'e pornografybrânzje weromloek. Syn bekearing duorre mar in goed jier. Sûnt hat er oanjûn dat er ateïst is.[9]

Flynt ûnturf syn âldste dochter, Tonya Flynt Vega, nei't hja een kristlike anty-pornografyaktiviste wurden wie. Yn har boek Hustled, dat útkaam yn 1998, beweart sy dat se as bern troch har heit seksueel misbrûkt is[10], mar Flynt ûntkent dat en seit dat er datoangeande in leagendetektortest trochstien hat en boppedat yn it besit is fan in lûdsopname wêrop't syn dochter tajout dat se de beskuldigings optocht hat út winsucht.[11]

Rjochtsaken[bewurkje seksje | edit source]

Larry Flynt hat fan 'e santiger jierren ôf behelle west yn withoefolle rjochtsaken oangeande de regulaasje fan pornografy en de frijheid fan mieningsutering yn 'e Feriene Steaten, wêrby't er yn it bysûnder de útspraak yn Miller vs. California, út 1973, oanfallen hat, dy't obseniteit útslút fan it Earste Amendemint op de Amerikaanske grûnwet, dêr't de frijheid fan mieningsutering yn fêstlein is. (Dêr moat trouwens by oantekene wurde dat pornografy frijwol altiten troch de saneamde Miller-test komt, dy't it sûnt dy rjochterlike útspraak trochstean moat.) De earste kears dat Flynt ferfolge waard foar it publisearjen fan obseniteit wie yn 1976; hy waard doe feroardiele ta 25 jier tichthússtraf, mar siet mar seis dagen fêst en gie frij-út fanwegen in proseduereflater.[12]

Itselde jiers waard Flynt oanklage foar laster troch Kathy Keeton, de doetiidske freondinne fan Bob Guccione, de útjouwer fan it neakenblêd Penthouse, nei't er in kwetsende spotprint oer har yn Hustler ôfdrukke litten hie. Yn Ohio waard haar saak ôfwiisd om't er dêr al ferjierre wie doe't se him oanbrocht, dat doe klage se Flynt oan yn har thússteat New Hampshire. De saak sleepte him fuort en belâne úteinlik yn 1983 foar it Amerikaanske Heechgerjochtshôf, dat Keeton yn it gelyk stelde en dêr't Flynt op in stuit, nei't it skynt, de berucht rekke wurden "Fuck this court!" (frij oerset: "Nei de ferdommenis mei dit hof!") troch de seal raasde. Hy waard dêrop arrestearre foar mislediging fan 'e rjochtbank, mar de oanklacht waard neitiid seponearre.[13]

Yn 1983 waard Flynt ek ferfolge om't er surveillânse-opnamen fan harren misdragende FBI-aginten yn 'e hannen krigen en útlekke litten hie. By dat proses hied er om te provosearjen in Amerikaanske flagge as ruft om. As gefolch dêrfan moast er seis moanne selstraf útsitte foar ûntwijing fan 'e flagge.[14]

Yn 1988 wûn Flynt de wichtige saak Hustler Magazine vs. Falwell, op 'e nij foar it Heechgerjochtshôf, nei't er yn 1983 oanklage wie troch de tillevyzjedûmny Jerry Falwell om't der yn in spotprint yn Hustler suggerearre wie dat dyselde syn earste seksuële ûnderfining opdien hie mei syn eigen mem yn in bûtendoarhúske. Falwell bewearde dêr psychyske skea troch oprûn te hawwen, mar it fûnis makke dúdlik dat publike figueren soksoarte skansearrings net ferhelje kinne op 'e ferantwurdlike, sels net as it mei sin feroarsake is. Nei Falwell syn dea hat Flynt trouwens oppenearre dat sy beiden, nettsjinsteande harren ferskillen fan miening, troch de jierren hinne freonen wurden wiene. Hy die dêroan ta: "Ik wurdearre altiten syn oprjochtens, ek al wist ik wat er slite woe en wist hy wat ik slite woe."[15]

Yn 1998 en 2003 rekke Flynt fannijs behelle yn rjochtsaken dy't troch it iepenbier ministearje tsjin him fierd waarden fanwegen it fersprieden fan obseniteit. Beide kearen rûn it mei in skamper ôf. Yn jannewaris 2009 klage Flynt sels syn beide omkesizzers, Jimmy Flynt II en Dustin Flynt, oan foar it brûken fan 'e famyljenamme foar it produsearjen fan pornografy dy't neffens him fan in ynferieur soarte wie.[16] De rjochter joech him gelyk dat de Flynt-namme in hannelsmerk is en dat syn famyljeleden dy net samar brûke meie om saken te dwaan yn deselde brânzje as hy, mar wiisde syn bewearing dat syn privacy skeind wie fan 'e hân.[17]

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Flynt is lid fan 'e Demokratyske Partij, al hat er ienris besocht om presidintskandidaat te wurden foar de Republikeinen. Hy stiet bekend om syn krityk op 'e Kommisje Warren (dy't ferantwurdlik wie foar it iennichste offisjele ûndersyk nei de moard op John F. Kennedy, en hat $1 miljoen útloofd foar de tip dy't liede sil ta de arrestaasje en berjochting fan 'e echte moardner fan Kennedy. Yn 2003 stelde er himsels kandidaat foar it gûverneurskip fan Kalifornje en einige as sânde fan 135 kandidaten.[18]

Fierders hat Flynt him mear as ienris fan 'e sydline ôf bemuoid mei de Amerikaanske polityk, troch te besykjen om 'e skynhilligens fan konservative of Republikeinske politisy op seksueel mêd oan 'e kaak te stellen. Dat died er bgl. doe't de Republikeinen yn 1998 in ôfsettingsproseduere tsjin 'e doetiidske Demokratyske presidint Bill Clinton besochten te begjinnen, troch $1 mijoen út te loven foar bewizen fan Republikeinske skeanskermerij, dy't er letter publisearre yn The Flynt Report. Dat hie û.m. fan gefolgen dat de oankommende foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen Bob Livingston opstappe moast. Under de presidinsjele ferkiezingskampanje fan 2007 werhelle Flynt dy wurkwize nochris troch op 'e nij $1 miljoen út te loven[19], wylst er ûnder de presidinsjele ferkiezingskampanje fan 2012 $1 miljoen útloofde foar ynformaasje oer de belestingoanjeftes fan 'e Republikeinske kandidaat Mitt Romney.[20]

Ek stipe Flynt yn 2004 en 2005 anty-oarlochsaktivisten dy't tsjin 'e oarloch yn Irak protestearren en hat er him allegeduerigen ynset foar homorjochten en ynfiering fan it homohoulik.

Biografyen[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1996 ferskynde Flynt syn autobiografy, dy't er tegearre mei auteur Kenneth Ross skreau: An Unseemly Man: My Life as a Pornographer, Pundit, and Social Outcast, wat oerset wurde kinne soe as "In Unfoege Man: Myn Libben as Pornograaf, Sabeare Wize Man en Maatskiplike Ferstjitling".

Yn Jeropa is Flynt fral bekend rekke troch de biografyske spylfilm The People vs. Larry Flynt, út 1996, regisearre troch Miloš Forman en ko-produsearre troch Oliver Stone. De titelrol fan dy film waard spile troch Hollywood-akteur Woody Harrelson, en Flynt sels hie der in kameoroltsje yn as de rjochter dy't him yn 1976 ta fiifentweintich jier selstraf feroardiele.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Larry Claxton Flynt, Sr. obituary (www.rootsweb.ancestry.com).
  2. Ancestry of Larry Claxton Flynt (www.wargs.com).
  3. Biography.com (1942-11-01) (www.biography.com).
  4. Flynt, Larry, en Ross, Kenneth, An Unseemly Man: My Life as a Pornographer, Pundit and Social Outcast.
  5. Flynt, Larry, en Ross, Kenneth, An Unseemly Man: My Life as a Pornographer, Pundit and Social Outcast.
  6. Flynt, Larry, en Ross, Kenneth, An Unseemly Man: My Life as a Pornographer, Pundit and Social Outcast.
  7. Flynt, Larry, en Ross, Kenneth, An Unseemly Man: My Life as a Pornographer, Pundit and Social Outcast.
  8. Flynt, Larry, en Ross, Kenneth, An Unseemly Man: My Life as a Pornographer, Pundit and Social Outcast.
  9. Flynt, Larry, en Ross, Kenneth, An Unseemly Man: My Life as a Pornographer, Pundit and Social Outcast.
  10. Flynt Vega, Tonya, Hustled.
  11. Larry Flynt, USA Today (www.usatoday.com).
  12. Larry Flynt v. Ohio, 451 U.S. 619 (caselaw.lp.findlaw.com).
  13. Keeton v. Hustler, 465 U.S. 770 (caselaw.lp.findlaw.com).
  14. Around The Nation; Flynt Indicted On Charge Of Desecrating The Flag (www.nytimes.com).
  15. Flynt, Larry, The Porn King and the Preacher (articles.latimes.com).
  16. Kim, Victoria, en Blankstein, Andrew, Porn mogul Larry Flynt sues nephews over use of family name (www.latimes.com).
  17. Rogers, John, Larry Flynt wins Partial Victory against Nephews in Court Battle over New Porn Company (www.huffingtonpost.com).
  18. Candidates, 6 augustus 2003 (http://www.cnn.com/2003/ALLPOLITICS/08/06/candidates.announce/index.html).
  19. Amann, Joseph Minton, en Breuer, Tom, The Brotherhood of Disappearing Pants: A Field Guide to Conservative Sex Scandals.
  20. Bazilian, Emma, Larry Flynt Offers $1M Reward for Mitt Romney Tax Returns (www.adweek.com).

Boarnen