Springe nei ynhâld

The Remains of the Day (film)

Ut Wikipedy
The Remains of the Day
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James Ivory
produsint Ismail Merchant
Mike Nichols
John Calley
senario Ruth Prawer Jhabvala
basearre op de roman fan Kazuo Ishiguro
kamerarezjy Tony Pierce-Roberts
muzyk Richard Robbins
filmstudio Merchant Ivory Productions
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Anthony Hopkins
Emma Thompson
byrollen James Fox
Christopher Reeve
Hugh Grant
Peter Vaughan
Tim Pigott-Smith
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 5 novimber 1993
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske dramafilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Dútsk en Frânsk)
spyltiid 134 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $63,9 miljoen
prizen 1 × BAFTA

The Remains of the Day is in Britsk-Amerikaanske histoaryske dramafilm út 1993 ûnder rezjy fan James Ivory, mei yn 'e haadrollen Anthony Hopkins en Emma Thompson. De film waard basearre op 'e bekroande roman mei deselde namme fan Kazuo Ishiguro. De titel betsjut "Wat Noch Oerbliuwt fan 'e Dei". It ferhaal giet oer James Stevens, in Ingelske butler dy't fan syn berop syn identiteit makke hat. As der in nije, oantreklike húshâldster yn it lânhûs komt te wurkjen, reitsje sy beiden fereale opinoar, mar Stevens is sa wend om syn persoanlike gefoelens te ûnderdrukken, dat it him net slagget om syn hert te folgjen oant it te let is. The Remains of the Day krige fan 'e filmkritisy rûnom loovjende resinsjes en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 8 Oscars, 5 Golden Globes en 6 BAFTA's, mar wûn by einsluten mar ien BAFTA, yn 'e kategory bêste akteur (Hopkins).

Yn 1958 is James Stevens in op jierren reitsjende butler en it haad fan it tsjinstfolk yn Darlington Hall, in statich lânhûs op it plattelân fan it Ingelske greefskip Oxfordshire. Op in dei ûntfangt er in brief fan Sarah Kenton, dy't fan begjin 1930-er jierren oant 1938 de húshâldster wie yn Darlington Hall, oant se troude en nei it Ingelske Westlân ferfear. Yn it brief hellet hja oantinkens op oan 'e tiid dat se yn it lânhûs wurke en fernimt se nei âlde bekenden en nije ûntjouwings. Frou Kenton hat heard dat har âlde wurkjouwer, de greve fan Darlington, noch net sa lang ferlyn ferstoarn is en dat Darlington Hall doe troch syn erven foar de sloop ferkocht is, wylst de ynboel ferbuolguodde waard. Hja hat ek heard dat it lânhûs en it meastepart fan 'e ynboel opkocht binne troch Jack Lewis, in Amerikaanske miljonêr en âld-politikus dy't Darlington Hall mids 1930-er jierren ris besocht hie. Frou Stanton skriuwt fierders dat it tsjintwurdich wol dreech wêze sil om oan gaadlik tsjinstfolk te kommen. Sels is se ûnderwilens wer, en sa't it diskear liket foargoed, by de man wei rekke en sadwaande siket se emploai.

Stevens fertelt syn nije wurkjouwer Lewis dat er in útsûnderlik gaadlike kandidate op it each hat foar de fakatuere fan húshâldster en dat er mei koarten graach in pear dagen frij nimme wol om nei it Westlân ta. Lewis antwurdet dat er fan 'e wike dochs in pear dagen nei Londen moat en stelt foar dat Stevens syn reis dan meitsje sil, dan kin er de auto, dy't by it lânhûs heart, mei krije. Dat, letter dy wyks set Stevens yn 'e Daimler fan syn wurkjouwer ôf nei it Westlân foar in moeting mei frou Kenton, om har weromkear nei Darlington Hall te bepraten. Yn flashbacks wurde de jierren sjen litten dat Stevens en frou Kenton beide yn Darlington Hall foar de âlde greve wurken.

Begjin tritiger jierren arrivearret Sarah Kenton op it lângoed, dêr't se, nettsjinsteande har jonge jierren foar sa'n post, de húshâldster wurdt en dêrmei dejinge dy't alle froulike tsjinstfolk oanstjoert. Stevens is dan al de butler en stiet dêrmei oan it haad fan alle tsjinstfolk. Hy docht syn wurk goed, en skept der grutskens yn dat de hiele húshâlding sa effisjint mooglik rint. Stevens is sasear mei syn funksje fergroeid, dat er syn hiele identiteit ûntlient oan syn berop. Juffer Kenton toant har like effisjint yn har taken, mar fynt dat der mear oan it libben is as inkeld jins wurk. Wylst Stevens syn persoanlike gefoelens alhiel weistoppe hat en nea emoasje toant, is juffer Kenton waarmer fan persoanlikheid. Beiden binne it lju mei in sterke wilskrêft, en ferskate kearen komme se sadwaande beropsmjittich yn bedutsen termen mei-inoar yn oanfarring.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

In iere striidkwestje tusken Stevens en juffer Kenton is Stevens syn heit, in butler dy't op jierren rekke is en no, op foarspraak fan Stevens, tagelyk mei juffer Kenton op Darlington Hall kommen is om dêr syn libbensjûn as ûnderbutler út te tsjinjen. It docht al rillegau bliken dat de âldman fysyk en geastlik oan it ôftakeljen is en dat de taken dy't him taparte binne, him eins tefolle wurde. Juffer Kenton is har dêrfan bewust en besiket it Stevens oan it ferstân te bringen, mar dy wegeret it yn te sjen. Op in stuit knoffelet Stevens sr. mei in sulveren tsjinblêd foar de ruten fan 'e serre langút op 'e stiennen. Hoewol't er der inkeld wat blauwe plakken oan oer hâldt, grypt de greve, dy't mei syn gasten tsjûge wie fan it foarfal, dan yn en hjit Stevens om syn heit oare en lichtere taken te jaan.

Dat docht de greve net inkeld om't er begien is mei de âldman, mar ek om't er op Darlington Hall in ynternasjonale konferinsje belein hat dy't bedoeld is om 'e spande relaasjes tusken de Jeropeeske grutmachten del te bêdzjen en de frede te bewarjen. De greve hat nammentlik sels yn 'e Earste Wrâldoarloch fochten en de ferskrikkings út dy oarloch wol er nea wer sjen. By de konferinsje moat alles sa glêd mooglik ferrinne, en kin er gjin nuvere kluchten brûke, lykas delknoffeljende ûnderbutlers. Foar de konferinsje komme gasten del út it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje, nazy-Dútslân en de Feriene Steaten. Stevens soarget derfoar dat alles rint as it spoar, nettsjinsteande it feit dat syn heit krekt dan slim yn 'e minnichte rekket troch in oerhaal. Op 'e slotjûn, it wichtichste momint fan 'e konferinsje, kriget er it berjocht dat syn heit ferstoarn is, mar hy lit in folslein profesjonalisme sjen troch gewoan fierder te gean mei syn taken. Op 'e konferinsje litte de greve fan Darlington en syn gasten har ûnderwilens ynpalmje troch de nazys, allegear útsein de Amerikaanske ôffurdige Lewis, dy't de oare dielnimmers yn syn slottaspraak weiset as "amateur-politisy" dy't har bemuoie mei dingen dy't se net begripe. Hy warskôget dat yn Jeropa no heare-akkoarten fan ear ferline tiid binne en dat inkeld Realpolitik noch jildt.

De ferhâlding tusken Stevens en juffer Kenton ûntteit neitiid, en sy lit dúdlik merke dat se fereale rekke is op Stevens. De butler beäntwurdet har gefoelens yn stilte, mar nettsjinsteande harren oanhâldende nauwe wurkrelaasje behâldt er in uterlike ôfhâldigens foar har oer. Hy is inkeld tawijd oan syn rol as butler en kin dêrom beropsmjittich gjin foarstanner wêze fan romantyske relaasjes mank it tsjinstfolk, dy't ornaris gjin positive útwurking hawwe op 'e effisjinte berêding fan 'e húshâlding. As juffer Kenton op in stuit tefolle oankringt en him derop trappearret dat er in romantysk romantsje oan it lêzen is, leit er út dat er sokke boeken inkeld lêst om syn wurdskat fan 'e Ingelske taal te fergrutsjen en set er har, nei alle gedachen om't er yn ferlegenheid brocht is, teplak troch har tige beleefd te freegjen tenei syn privacy te respektearjen.

Underwilens wurdt Darlington Hall almar faker besocht troch politisy en aristokraten út Ingelân en Jeropa dy't der foar it meastepart faksistyske sympatyen op nei hâlde. Stevens hâldt út dat er net nei harren praat harkje kin om't er him op syn wurk konsintrearje moat. Ien fan 'e gasten, in Spencer, sprekt de butler op in stuit oan om't er him as in fertsjintwurdiger fan 'e arbeidersklasse sjocht. Spencer is tsjin op 'e demokrasy, om't er fynt dat de arbeiders gjin ferstân hawwe fan polityk en ekonomy. Om syn gelyk te heljen, ûnderstiet er Stevens oer dy ûnderwerpen, en as dyselde út fatsoen hieltyd antwurdet dat er him op dit mêd net fan tsjinst wêze kin, beskôget Spencer dat as it bewiis fan 'e ûnwittendheid fan 'e legere maatskiplike klassen, dy't dêrom nea oan ferkiezings dielnimme meie moatte soene. Stevens komt, ûngemurken troch Spencer, hiel ticht by it ferliezen fan syn selsbehearsking om 'e ferfelende klier it mannewaar op te sizzen, mar op it lêste stuit slokt er syn wurden yn.

Op Darlington Hall wurde op ynstigaasje fan 'e greve fan Darlington twa jonge froulike Joadske flechtlingen út nazy-Dútslân, Elsa en Irma, oansteld as tsjinstfaam. De beynfloedbere ealman wurdt lykwols troch syn gasten almar mear bleatsteld oan 'e Rassewetten fan Neurenberch, dy't de nazys yn Dútslân ynsteld hawwe. Sa rekket er derfan oertsjûge dat de Joaden yndie in ras binne dat neat mei de kristlike Jeropeänen gemien hat en dêr't sels in ferdjerlike ynfloed fan útgiet. Dat, hy jout Stevens opdracht de beide Joadske tsjinstfamkes te ûntslaan, ek al binne it hurde wurkers en is der neat op harren hâlden en dragen oan te merken. Dat is de iennichste kear dat Stevens de greve tsjinsprekt en besiket syn wurkjouwer op oare gedachten te bringen, mar de greve wol fan gjin wiken witte.

As Stevens neitiid oan juffer Kenton ferteld wat him hjitten is, driget hja ûntslach te nimmen as er it docht. Stevens fynt lykwols dat er net oars kin. Hy besiket in betrekking op in oar lânhûs foar de beide famkes te finen, mar it slagget him net om earne twa banen te bemachtigjen, en Elsa en Irma wolle beslist byinoar bliuwe. De beide famkes sette ôf mei ûnbekende bestimming. In ûnbeskate tiid letter kriget de greve spyt fan syn dwaan op dit stik, en freget er Stevens om Elsa en Irma harren âlde baan werom te jaan. Tsjin dy tiid kinne lykwols noch Stevens, noch juffer Kenton de fammen weromfine. Stevens seit yn in petear mei juffer Kenton dat de kwestje fan it ûntslach him raar yn 'e wei west hat. Om't er dêr earder alhiel gjin blyk fan jûn hat, is dat nijs foar har; hja hie it idee dat it him neat skele koe.

Tsjin 1938 is de relaasje fan Stevens mei juffer Kenton yn in ympasse belâne. Sy hat ferskate kearen oanjûn dat se fereale op him is en mear wol, mar hy giet dêr net op yn. Heal út argewaasje oer syn wegering om ta te jaan oan syn gefoelens foar har kriget juffer Kenton gedoente mei Tom Benn, de eardere butler fan ien fan 'e geregeld op Darlington Hall delkommende gasten. Meitiid groeit harren freonskiplike relaasje op inisjatyf fan Benn út ta in romantysken-ien.

Op in jûn hat de greve yn it lânhûs in geheime gearkomste belein, wêrby't Neville Chamberlain en boarchgreve Halifax, de premier en minister fan Bûtenlânske Saken fan it Feriene Keninkryk, oerlizze mei de ambassadeur fan nazy-Dútslân, Joachim von Ribbentrop. De peetsoan fan 'e greve, Reginald Cardinal, dy't sjoernalist is, komt del om't er lucht fan 'e gearkomste krigen hat, mar de gasten wurde troch de greve soarchfâldich fan him ôfskut. Dêrop besiket Reginald om Stevens oer de gearkomste oan 'e praat te krijen, mar Stevens wegeret út 'e skoalle te klappen. Reginald hâldt Stevens foar dat syn goederleauske peetheit troch de nazys brûkt wurdt, mar nettsjinsteande syn ferûntweardiging wegeret Stevens om syn wurkjouwer te bekritisearjen, mei't er fynt dat it syn plak net is om oer de greve te oardieljen.

Dyseldichste jûns giet juffer Kenton wer út mei Tom Benn. Ear't se ôfset, ynformearret se Stevens by wize fan in ferkapt ultimatum dat Benn har earder in houliksoansiik dien hat en dat se der sterk ta oerhinget om ja te sizzen. Stevens nimt dat foar kennisjouwing oan, mar docht sels gjin set, sa't dochs dúdlik har bedoeling is. As se jûns let wer op Darlington Hall arrivearret, fertelt juffer Kenton oan Stevens dat se Benn tawurd jûn hat. Sadwaande sil se mei koarten ûntslach nimme om mei Benn nei it Westlân te ferfarren, dêr't hy wei komt, om dêr in bêd-en-brochje te begjinnen. Stevens wurdt uterlik oars noch oars fan dat nijs en lokwinsket har mei har oankommend houlik. Letter lit er yn 'e wynkelder in flesse wyn kneppelje, wat him oars nea oerkomt: in yndikaasje fan hoe oerâl oft er fan binnen is. Noch wer letter heart er juffer Kenton yn har keamer lizzen te gûlen. Hy giet deryn om wat te sizzen, mar skrillet dêr blykber op it lêste momint foar tebek en freget har inkeld om in hoekje yn in keamer better te beächtsjen, dat de nije tsjinstfaam by it ôfstofjen hieltyd oerslacht. Nei't er him ôfjûn hat, moat juffer Kenton fannijs gûle. Twa wiken letter ferlit se Darlington Hall foargoed om der nea wer werom te kearen.

Underweis nei syn moeting mei juffer Kenton, no eins frou Benn, yn 1958, komt Stevens jûns sûnder benzine oan 'e kant fan 'e dyk te stean. Hy wit in lift te krijen nei it tichtstbye plak, dêr't er yn 'e pleatslike pub fanwegen de djoere Daimler oansjoen wurdt foar in aristokraat. Dat komt him oer it mad en om't de lju sa fereare binne om ien út 'e hegere klassen yn har fermidden te hawwen, beslút er yn in fraksje fan in sekonde om it misferstân mar fuortbestean te litten. Letter hat er dêr spyt fan, mar kin er it net mear ferhelpe sûnder in bedrager te lykjen. De oare deis riidt de pleatslike húsdokter, Carlisle, him mei in jerrycan bezine wer nei syn auto. Carlisle, dy't mear ûnderfining mei de hegere klassen hat as it pubfolk, hat àl foar it ferstân dat er mei in tsjinstfeint fan dwaan hat, mar seit ta dat er it stilhâlde sil. As Stevens him fertelt dat er de butler fan Darlington Hall is, freget de nijsgjirrige dokter him nei de greve fan Darlington, dy't no bekend stiet as in ferrieder en in nazysympatisant. Earst ûntstriidt Stevens dat er de greve ea kennen hat, mar letter jout er ta dat er him jierrenlang tsjinne hat. Op 'e nij stelt er dat it syn plak as butler net wie om 'e dieden en tinkbylden fan syn wurkjouwer goed of ôf te karren. Wol fertelt er dat de greve foar syn dea sels foar him oer tajûn hat dat er mis en te goederleausk west hie. Hy beslút mei derop te wizen dat hoewol't de greve syn flaters net mear goedmeitsje koe, hysels no ûnderweis is om in eigen flater goed te meitsjen.

Yn har wenplak Clevedon, in baaiplak oan see, risselwearret juffer Kenton, no frou Benn, foar de moeting mei Stevens, dêr't se bot nei útsjocht. Se hopet op in weromkear nei Darlington Hall, dêr't se guon fan 'e moaiste jierren fan har libben trochbrocht hat. As se hast klear is om fuort, komt har fan har ferfrjemde man Tom Benn del mei it nijs dat harren ûnderwilens folwoeksen en troude dochter yn ferwachting is en dat se pake en beppe wurde.

Stevens moetet frou Benn yn 'e restauraasje fan in pleatslik hotel. In skoft lang helje se oantinkens op. Stevens fertelt dat de greve fan Darlington nei de Twadde Wrâldoarloch in geroftmeitsjende rjochtsaak foar kwealaster oanspand hat tsjin in krante dy't him fan ferrie beskuldige hie. Doe't er dy saak ferlear, wie syn reputaasje alhiel ferrinnewearre. Net ien dy't noch mei him assosjearre wurde woe en der kamen sadwaande gjin gasten mear del op Darlington Hall. De greve rekke swier yn depresjes wei en libbe as in soarte fan klúzner oant er úteinlik as in brutsen man stoar. As frou Benn freget werom't de greve syn peetsoan, Reginald Cardinal, dan net mear delkaam by syn peetheit, antwurdet Stevens dat dy yn 'e oarloch op it slachfjild sneuvele wie.

As Stevens risselwearret om frou Benn te freegjen en kom werom nei Darlington Hall om húshâldster te wurden, mei de ymplikaasje dat er diskear wurk fan har meitsje sil, hâldt hja him tsjin. Se leit út dat har sitewaasje feroare is sûnt se him har brief stjoerde. Se hat nammentlik hiel koartby te hearren krigen dat har dochter swier is, en no kin se net mear út it Westlân wei, mei't se deunby har beppesizzer bliuwe wol. Se spekulearret fierder dat se mooglik weromgean sil nei har man, want nettsjinsteande it feit dat harren houlik foar har jierrenlang ûngelokkich west hat, hâldt hy fan har en is er dejinge yn 'e wrâld dy't it measte ferlet fan har hat. Stevens en frou Benn geane útinoar by in bushalte, dêr't er har op 'e bus nei hûs bringt. By it ôfskie binne se allebeide yn stilte emosjoneel oerémis. As de bus fuortriidt yn 'e rein, neisjoen troch Stevens, liket it as rinne frou Benn de triennen oer de wangen. Wannear't de bus út it sicht ferdwûn is, keart Stevens him om nei de Daimler en begjint er oan 'e lange reis nei hûs.

Werom op Darlington Hall freget syn nije wurkjouwer Lewis oan Stevens oft er noch in protte wit fan 'e âlde dagen yn 'e tritiger jierren ûnder de greve fan Darlington. De butler antwurdet dat er it te drok hie mei syn wurk om ta te harkjen wat der allegearre sein waard troch de greve en syn gasten. Harren petear wurdt ûnderbrutsen troch in do, dy't fia de skoarstien de âlde dinearkeamer binnenkringt. Stevens en Lewis witte it bist te fangen, wêrnei't Lewis de do út it finster goait. Wylst de do fuortwjukkelet en Darlington Hall fier efter him lit, docht Stevens it finster ticht en bliuwt efter yn syn selsmakke koai .

Anthony Hopkins.
Emma Thompson.
haadrollen
personaazje                                     akteur/aktrise
James Stevens Anthony Hopkins
Sarah Kenton (letter Sally Benn) Emma Thompson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
greve fan Darlington James Fox
Jack Lewis Christopher Reeve
Reginald Cardinal Hugh Grant
William Stevens (sr.) Peter Vaughan
Tom Benn Tim Pigott-Smith
Dupont d'Ivry Michael Lonsdale
Charlie Ben Chaplin
Lizzie Lena Headley
dokter Meredith John Savident
Dútske baronesse Brigitte Kahn
boarchgreve Bigge Jeffry Wickham
sir Geoffrey Wren* Rupert Vansittart
Spencer Patrick Godfrey
kanunnik Tufnell Peter Halliday
sir Leonard Bax Peter Cellier
premier Neville Chamberlain Frank Shelley
Edward Wood, 3e boarchgreve Halifax Peter Eyre
ambassadeur Joachim von Ribbentrop Wolf Kahler
Elsa Emma Lewis
Irma Joanna Joseph
dokter Carlisle Pip Torrens
frou Mortimer Paula Jacobs
George Steve Dibben
Harry Smith Paul Copley
weard yn pub Ian Redford
weardske Jo Kendall
Craddock Miles Richardson
tsjinstfaam Abigail Harrison
postmaster Hugh Sweetman

*) basearre op 'e histoaryske Britske faksist sir Oswald Mosley.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Remains of the Day waard regissearre troch James Ivory nei in senario op basis fan 'e bekroande roman mei deselde namme út 1989 fan 'e yn Japan berne Britske skriuwer Kazuo Ishiguro. It skript wie yn earste ynstânsje skreaun troch Harold Pinter, mar hoewol't guon fan 'e eleminten út syn ferzje de film hellen, wie it senario dat foar de ferfilming brûkt waard, eins fan 'e hân fan Ruth Prawer Jhabvala. As produsinten wiene Ismail Merchant, Mike Nichols en John Calley by it projekt belutsen foar de filmstudio Merchant Ivory Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tony Pierce-Roberts, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Richard Robbins.

It lânhûs Dyrham Park yn Gloucester-shire, wêrfan't de foargevel en opreed brûkt waarden foar it fiktive Darlington Hall.

De opnamen foar The Remains of the Day fûnen gehiel op lokaasje plak, foar it meastepart yn ferskate lânhuzen yn Ingelân. Dat wie fierhinne te tankjen oan 'e oertsjûgingskrêft fan filmprodusint Ismail Merchant, dy't it slagge om tagong te krijen ta in protte fan sokke gebouwen dy't normaal net tagonklik wiene foar publyk. Dêrûnder wiene Dyrham Park yn Gloucestershire (foargevel, opreed), it Kastiel fan Powderham yn Devon (treppen, seal, muzykkeamer en sliepkeamer), Corsham Court yn Wiltshire (bibleteek en dinearkeamer) en Badminton House yn Gloucestershire (fertrekken fan it tsjinstfolk, serre en hal). Fierders waard der filme yn Weston-super-Mare yn Somerset, dat trochgie foar frou Benn har wenplak Clevedon. De pub dêr't Stevens oansjoen wurdt foar in aristokraat is de Hop Pole yn Limpley Stoke yn Wiltshire. Ek de grientewinkel út 'e film stiet yn Limpley Stoke. De pub dêr't juffer Kenton en Tom Benn útgeane, is The George Inn yn Norton St Philip yn Somerset.

De muzykkeamer fan it Kastiel fan Powderham, fotografearre yn 1983.

De distribúsje fan The Remains of the Day waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 5 novimber 1993 yn 'e Britske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige The Remains of the Day oer it algemien loovjende resinsjes. Sa neamde Roger Ebert de film yn syn artikel yn 'e Chicago Sun-Times "in subtile en betochtsume film." Yn The Washington Post skreau Desson Howe: "As men Anthony Hopkins, Emma Thompson en James Fox mei-inoar yn ien film stoppet, kin men treflike aktearprestaasjes ferwachtsje." En Vincent Canby woe yn The New York Times hawwe: "Hjir hawwe jo in film foar folwoeksenen. It wurdt tiid dat it erkenning kriget dat Ivory ien fan ús bêste regisseurs is, in feit dat filmkritisy yn 'e regel oer de holle sjogge om't de measten fan syn films literêre adaptaasjes binne."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Remains of the Day in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 42 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De film is fernimstich en elegant en omfiemet aktearprestaasjes fan Anthony Hopkins en Emma Thompson dy't sûnder lek of brek binne; dêrmei is The Remains of the Day in […] klassiker." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Remains of the Day in goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 12 resinsjes.

De Hop Pole yn Limpley Stoke gie yn 'e film troch foar de pub dêr't Stevens foar in aristokraat oansjoen wurdt.

The Remains of the Day brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $22,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $41,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $63,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen betsjut dat in winst fan $48,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 1994 waard The Remains of the Day by de Oscars nominearre foar prizen yn 8 kategoryen: bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Anthony Hopkins), bêste aktrise (Emma Thompson), bêste adaptearre senario, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste kostúmûntwerp en bêste artdirection. By de Golden Globes waard de film nominearre yn 5 kategoryen: bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste akteur yn in dramafilm (Anthony Hopkins), bêste aktrise yn in dramafilm (Emma Thompson) en bêste senario.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The Remains of the Day nominearre yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste aktrise (Emma Thompson), bêste adaptearre senario en bêste kamerarezjy. De film wûn lykwols mar ien grutte priis: de BAFTA foar bêste akteur, dy't nei Anthony Hopkins gie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.