Húshâlding (aktiviteit)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Húshâlding (wurk))
In húshâlding fan Jan Steen, sprekwurd- lik wurden foar in rommelige húshâlding.
Dizze side giet oer de húshâlding as deistige aktiviteit. Foar oare betsjuttings, sjoch: húshâlding (betsjuttingsside).

Under húshâlding yn 'e sin fan 'de húshâlding dwaan' ferstiet men it útoefenjen fan aktiviteiten dy't de húshâlding geande hâlde, lykas ôfstofjen, stofsûgen, ôfwaskjen, himmeljen, waskophingjen, striken, boadskipjen, itensieden, ensfh. It ritme fan in húshâlding wurdt diktearre troch sok deistich weromkearend wurk, de al of net tagelyk mei-inoar nuttige mielen, de fersoarging fan 'e eventuële bern en de needsaaklike rêstperioaden foar sliep, dy't ornaris nachts falle, of it moat wêze dat men ûngeregeld wurk of nachtwurk docht.

Foarhinne wie it yn 'e Westerske maatskippij wenst dat yn in húshâlding, foarsafier't dy bestie út in troud pear, de man it betelle wurk útoefene, wylst de frou as in húsfrou thúsbleau om foar de bern te soargjen en it húshâldlik wurk te dwaan. Dat is sûnt de 1960-er jierren feroare, en no binne de rollen soms omdraaid, wêrby't de frou betelle wurk hat en de man as húsman thúsbliuwt. Faker noch hawwe beide partners betelle wurk en diele se yn harren frije tiid it húshâldlik wurk. It berêden fan 'e húshâlding, of in diel dêrfan (yn sa'n gefal meastal it skjinmakwurk), kin ek útbestege wurde oan in húshâldster of in help yn de húshâlding. De tapaste wittenskip dy't ûndersyk docht nei it húshâlden wurdt húshâldkunde neamd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Other sources en References, op dizze side.